Boer (plak)

(Trochferwiisd fan Boer (doarp))

Boer is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke. Boer leit noardeastlik fan Frjentsjer en Doanjum, westlik fan Rie en besuden Tsjummearum. De doarpskearn fan Boer leit om de Marijetsjerke oan de Doanjumerwei, Alde Wei en Miedwei. Troch it doarpsgebiet rint De Rie, dy't eastlik op de Berltsumer Feart en westlik op de Tsjummearumer Feart oanslút.

Boer
Marijetsjerke
Marijetsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 50 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 2,11 km², wêrfan:
- lân: 2,06
- wetter: 0,05 km²
Befolkingsticht. 22 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 12' N 5° 33' E
Offisjele webside
FB-side Doanjum en Boer
Kaart
Boer (Waadhoeke)
Boer

Mei Doanjum foarmet Boer in twillingdoarp en mei Sweins, Peins, Ried en Skalsum it Frjentsjerter Fiifgea.

Op 1 jannewaris 2023 hie Boer 50 ynwenners.

Boer ûntstie op in terp dy't by it kerspel fan Skalsum hearde. Ek mei de bou fan in tsjerke tsjin 'e ein fan de 12e iuw foel it plak noch ûnder Skalsum en it wie mear in buorskip as in echt doarp.

Pas doe't Boer ûnder it parochygebiet fan Doanjum foel waard it as selsstannich plak oantsjut. Yn 1402 waard Boer as Burstera Rede, yn 1419 as thoe dae buere, yn 1433 as Buur en yn 1505 as Buer neamd. De plaknamme soe der op tsjutte dat it plak as in hûsterp ûntstie.

Oars as de oanbuorjende terpdoarpen hat Boer yn de 18e oant 20e iuw hast gjin groei kend. De terp bestiet noch jimmeroan út in pear hûzen, in grutte pleats en de oarspronklik oan Marije wijde tsjerke. Bûten de terp lizze ferspraat noch in pear pleatsen.

Sûnt 2018 leit Boer yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (Noardertrimdiel).

 
Pastorij
  De Wikipedy hat ek in side Marijetsjerke (Boer).

It romaanske tsjerkje datearret út de 12e iuw en is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Sûnt 1988 wurdt it net mear troch de tsjerklike gemeente brûkt en tsjintwurdich docht it tsjinst as keunstnersatelier. It dekorative portaal stamt fan de net mear besteande Elgersmastate yn 1664.

De pastorij fan Boer is it âldste stiennen wenhûs fan Fryslân.

Elgersmastate

bewurkje seksje

Sûnt 1400 hat eastlik fan it doarp op it stee fan de Doanjumerwei 11 de Elgersmastate stien, in eardere stins. Yn 1830 wiene de grêften en singels fan de state noch oanwêzich, mar de state sels wie doe al fuort.[1]

Boer hat mei it tichtby lizzende Doanjum sûnt april 1969 de feriening Doarpsbelang Doanjum/Boer.

Feriening(s)

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  De Waadhoeke  
Stêd:
Frjentsjer
Doarpen en útbuorrens:
AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp
Buorskippen:
AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part)DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGetswertersylGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypHouten BaaiumDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumStêd-NiksSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein
  ·   ·