Vegelinsoard

(Trochferwiisd fan Stobbegat (Vegelinsoard))

Vegelinsoard is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren noardeast fan De Jouwer oan it Hearrenfeanster Kanaal. It doarp hat 385 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).

Vegelinsoard
Súdkant fan Vegelinsoard mei komboerd
Súdkant fan Vegelinsoard mei komboerd
Bestjoer
Provinsje Fryslân
Gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 385 (1 jannewaris 2023) [1]
Oar
Postkoade 8467
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 0' NB, 5° 52' EL
Grevensmole
Grevensmole
Himrik fan Vegelinsoard (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân
Himrik fan Vegelinsoard (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân
Kaart
Vegelinsoard (Fryslân)
Vegelinsoard

De namme Vegelinsoord is te werlieden nei de famylje Vegelin van Claerbergen, dy't yn dizze omkriten it grutte rol spile hat. Johan Vegelin fan Claerbergen (1690-1773) wie in bekende kaartemakker dy't de omkriten fan Vegelinsoard yn kaart brocht hat.

It doarp hjit pas sûnt 1955 sa, dêrfoar hiet it Stobbegat, en koart foar de nammeferoaring in skoftke Stobbegea. De namme is ûntliend oan in wetter mei dy namme.

Yn 1884 waard hjir in âld houten doopfont opgroeven. Yn 1955 binne der bewenningsspoaren út de Karolingyske tiid fûn. It besjen wurdich is de Grevensmole.

Yn 1924 waard in halte iepene yn Stobbegat (Vegelinsoard) oan it spoar Ljouwert-Swol.

Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 foel it ûnder de gemeente Haskerlân.

It Pleatslik Belang Vegelinsoard organisearret ferskate eveneminten yn it doarp lykas it doarpsfeest. It doarpshûs hjit De Sethage. Elts jier yn novimber is Stobbepop en oant 2020 wie der yn jannwaris it festival Sniepoppe.

  • Fuotbal Feriening Stobbegat
  • Froulju FFS Vegelinsoard
  • Biljertklup Vegelinsoard
  • Tennisferiening Vegelinsoard
  • Iisklup De Goede Hoop
  • Sjongferiening Helicon
  • Tonielferiening Freonskip
  • Fûgelwacht De Jouwer/Vegelinsoard
  • Jongereinklup Vegelinsoard

Tsjerklik is Vegelinsoard tegearre mei de doarpen Aldehaske en Haskerhoarne oansletten by de Protestantske gemeente Haskeroard.

It doarp hie oant en mei it skoaljier 2015/2016 ein eigen basisskoalle, De Stobbestjelp. Neitiids geane de meastebern fan it doarp nei De Jouwer of Aldehaske nei skoalle. De skoalle sels fusearre mei dy yn Haskerhoarne.

Berne yn Vegelinsoard

bewurkje seksje
  • De Traan - âlde lânnamme tusken Haskerdiken en Sniksweach yn de Hasker Feanpolder by de eardere 'Tsjernemar'. De namme 'in dae Tranen'is al tige âld. Winterdeis strûpte it ûnder wetter. In 'tra' of 'trade' is in paad of fuotspoar. Ek dy paden stienen faak ûnder wetter.
  • Deelswâl - nei de wâl fan de Hearresleat tusken it eardere tolhûs en Twahûs (Twee Huys).
  • Fjildwei - wei troch de lannen.
  • Geauwei - nei de Alde Geau, as ferbining tusken de Grutte Hoarnstermar en de Hearresleat. In 'geau' is in namme foar in breed farwetter.
  • Grevenwei - nei de eardere weterferbining Grutte Hoarnstermar-Deelswâl. It lei tusken de binnen'- en bûtengreven. Greven komt fan it wurd 'grave'.
  • Hoarnstermarwei - fan De Jouwer rûn eartiids in paad nei de Grutte Hoarnstermar.
  • It Nije Paad -
  • It Rak - rjocht stik wetter by it Akkrumer Rak.
  • Litsdyk - dyk yn de Hasker Feanpolder fan de Grutte Hoarnstermar en Twahûs oan It Deel. It wie in stik fan de dyk om it Hasker Konvint (1480). It rivierke de Lits wie in sydearm fan De Boarn en is sûnt de turfgraverij ferdwûn.
  • Mienskarwei - mienskiplik leech lizzend stik greide, it eardere Jouster MIen Skar oan de noardwestkant fan de Skipsleat.
  • Middenwei - bylâns de Hoarnstermarwei en de Swarte Wei, dêr't eartiids de Flueskamp wie.
  • Muontserak - it Muontserak is in diel fan de Hearrensleat noardwest fan Vegelinsoard dat eartiids groeven wêze kin troch de muontsen fan it Hasker Konvint.
  • Nije Kampen - stikken lân yn it noardlike diel fan de Hasker Feanpolder by de Wide Geau.
  • Rusken - bûtendyks lân dêr't in soad rusken groeiden.
  • Snilen - bûtendyks lân dêr't in soad reiden groeiden.
  • Swarte Wei - diel fan de wei Vegelinsoard-Aldehaske dat fan swarte slakken make wie. De slakken kamen fan it eardere stoomgemaal yn Stobbegat.
  • Twahûs - By it Deel stienen twa wenhuzen foar Sythuzen oer.
  • Untginning - nei de feangraverij by de Hasker Maaden.
  • Vegelinswei - âlde wetterkearing út 1723 dy't oanlein waard yn opdracht fan Philip Frederik fan Claerbergen. De wei fan De Jouwer oer Nijskou nei Akkrum waard fernijd en begrinte yn 1846.
  • Wellewei - It rivierke de Welle rûn fan de Grutte Hoarstermar nei de Hearresleat. In welle is in boarne dêr't wetter omheech komt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karel F. Gildemacher en Jacob H.P. van der Vaart - Een Rijk Bezit. Skarsterlân op de achttiende-eeuwse kaarten van Johan Vegelin van Claerbergen , 22 x 28 sm., 240 siden, naaid bûn, ISBN 978-90-5345-325-4
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vegelinsoard fan Wikimedia Commons.
  De Fryske Marren  
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
  ·   ·