Montana

(Trochferwiisd fan Montana (steat))

Montana (Ingelsk: Montana; útspr.: [mɒn'tænə], likernôch "m'ntêne"), offisjeel de Steat Montana (Ingelsk: State of Montana), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Montana, byneamd de Treasure State, leit yn it noardwestlike part fan it lân, tsjin 'e Kanadeeske grins oan. De haadstêd is Helena, mar de grutste stêd is Billings. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe rom 1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 44e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Montana mei krapoan 381.000 km² de 4e steat, nei Alaska, Teksas en Kalifornje. Montana stiet bekend om syn natoerskientme en syn histoaryske lokaasjes.

Steat Montana
State of Montana
flagge wapen
Oro y Plata
(Spaansk, "Goud en Sulver")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting MT
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1889)
haadstêd Helena
grutste stêd Billings
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 1.023.579 (2014)
befolkingstichtens 2,7 / km²
oerflak 380.800 km² (1% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Treasure State
tiidsône UTC –7
simmertiid UTC –6
webside www.mt.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Montana. Foar oare betsjuttings, sjoch: Montana (betsjuttingsside).

De namme fan Montana komt út it Spaansk, fan montaña, dat "berch" of "berchlân" betsjut. De Spaanske kolonisators fan Meksiko neamden de hiele krite fan 'e Rocky Mountains dy't noardlik fan harren ynfloedssfear lei nammentlik Montaña del Norte ("Noardlik Berchlân"). De bynamme fan Montana is de Treasure State (de "Skattesteat"), fanwegen it goud en sulver dat der wûn waard (en noch wûn wurdt). In oare bekende bynamme is Big Sky Country ("Lân fan 'e Grutte Loften"), mei't op 'e flakke prêrje fan eastlik en sintraal Montana de loft hiel grut liket (foar lju dy't mear bercheftige kriten wend binne). Slogans dêr't Montana himsels mei oanpriizget, binne fierders Land of the Shining Mountains ("Lân fan 'e Blierkjende Bergen") en "the Last Best Place" ("it Lêste Bêste Plak").

 
It Nasjonaal Park Glacier, yn noardlik Montana.

Montana hat in oerflak fan 380.800 km², wêrfan't 1% út wetter bestiet. Dêrmei is de steat justjes grutter as Japan. Teffens is it de op trije nei grutste Amerikaanske steat, nei Alaska, Teksas en Kalifornje, en de grutste dy't gjin kustline hat. Montana leit yn 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6). It grinzget yn it easten oan 'e steat Noard-Dakota, yn it súdeasten oan Súd-Dakota, yn it suden oan Wyoming, en yn it súdwesten en westen oan Idaho. Yn it noarden hat Montana in 877 km lange grins mei de Kanadeeske provinsjes Britsk-Kolumbia (yn it noardwesten), Alberta (yn it noarden) en Saskatchewan (yn it noardeasten).

It easten en de midden fan Montana (sa'n 60% fan it oerflak) binne relatyf flak en hearre ta de Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dy't fan natuere begroeid binne mei prêrje. It westlike part fan 'e steat, en yn 't bysûnder it súdwesten, wurdt dominearre troch de bergen fan 'e Rocky Mountains, dy't útinoarfalle yn mear as hûndert lytsere berchtmen. Dêrûnder binne de Absaroka- en Beartooth-bergen yn it súdwesten en de Bitterroot-, Coeur d'Alene-, Cabinet-, Anaconda-, Mission-, Garnet-, Flint Creek- en Sapphire-bergen yn it westen en noardwesten. Eastlik fan 'e eigentlike Rocky Mountains rinne noch ferskate lytsere útrinners lykstrekich mei it haadberchtme op, wêrûnder de Madison- en Gallatin-bergen. It heechste punt yn 'e steat is de berch Granite Peak, op 3.904 m boppe seenivo, en it leechste punt is de rivier de Kootenai, oan 'e grins mei Idaho, mei in hichte fan 557 m boppe seenivo.

 
In reliëfkaart fan Montana.

De grutste rivier fan 'e steat is de Missoery, dy't eastoan streamt en fia de Mississippy úteinlik yn 'e Golf fan Meksiko útmûnet. Oare wichtige rivieren yn Montana dy't ta it rivierestelsel fan 'e Mississippy hearre, binne de Yellowstone, de Bighorn, de Smith, de Milk, de Marias, de Judith, de Musselshell, de Powder en de Tongue. Oan 'e westkant fan 'e Rocky Mountains hearre rivieren as de Clark Fork (net te betiizjen mei de Clarks Fork, in sydstream fan 'e Yellowstone), de Blackfoot, de Bitterroot, de Flathead en de Kootenai ta it rivieresysteem fan 'e Kolumbia, dy't útmûnet yn 'e Stille Oseaan. It uterste noarden fan Montana wetteret fia de Waterton, de Belly en de Saint Mary ôf yn 'e rivier de Saskatchewan, dy't útmûnet yn 'e Hudsonbaai.

De steat Montana omfiemet teminsten 3.223 marren en opslachmarren, wêrûnder de Flathead-mar, de grutste natuerlike swietwettermar yn 'e westlike Feriene Steaten. In oare grutte mar is de Whitefish-mar. De grutste opslachmar is it Fort Peck-reservoir, yn 'e rivier de Missoery. Yn Montana leit fierders it Nasjonaal Park Glacier, dat wol 'de Kroan fan it Kontinint' neamd wurdt, en teffens in lyts stikje fan it ferneamde Nasjonaal Park Yellowstone, wêrûnder trije fan 'e fiif yngongen fan dat nasjonaal park. Ek de yn 1806 ûnder de Ekspedysje fan Lewis en Clark ûntdutsen monolyt Pompey's Pillar is sitewearre yn Montana. In oar bekend gebiet mei in beskerme status is it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn, dat fan histoarysk belang is. Fierders binne der 12 ûnderskate wyldernisgebieten yn 'e steat en noch ferskillende oare beskerme gebieten. Yn totaal hat 127.000 km² (oftewol 35%) fan Montana de iene of oare foarm fan beskerme status. Teffens omfettet de steat 7 Yndianereservaten, dy't oer it algemien in oansjenlik oerflak hawwe:

 
Yndianereservaten yn Montana.

● it Fort Belknap Yndianereservaat
● it Fort Peck Yndianereservaat
● it Krieë Yndianereservaat
● it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat
● it Platholle Yndianereservaat
● it Rocky Boy's Yndianereservaat
● it Swartfuot Yndianereservaat

 
De monolyt Pompey's Pillar, yn súdeastlik Montana.

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken waard Montana bewenne troch ferskate Yndiaanske folken, wêrûnder de Krieën (Crow) en Sjajinnen (Cheyenne) yn it súdeasten, de Lakota, Odjibwe (Odjibwe), Kry (Cree), Assiniboin (Assiniboine) en Gro Wânt (Gros Ventre) yn it noardeasten, de Swartfuotten yn it noarden en noardwesten, en de Kûtenai, Plathollen (of Bitterroot-Salisj) en Kalispel yn it westen.

It diel fan Montana beëasten de wetterskieding fan 'e Rocky Mountains makke diel út fan 'e Frânske koloanje Louisiana, dy't by de saneamde Louisiana-oankeap fan 1803 troch Napoleon oan 'e Feriene Steaten ferkocht waard. It diel fan 'e steat dat westlik fan 'e wetterskieding leit, makke diel út fan it Oregon-territoarium, dat in gebiet wie dêr't sawol troch de Feriene Steaten as troch Grut-Brittanje (fia Kanada) oanspraak op makke waard. By it Oregonferdrach fan 1846 waard dy regio opspjalten yn in noardlik Britsk diel, dêr't Britsk-Kolumbia út ûntstie, en in súdlik Amerikaansk diel, dat neitiid opdield waard yn 'e steaten Washington, Oregon en Idaho, wylst ek Montana en Wyoming der stikken fan taparte krigen.

 
In Assiniboin-gesin yn Montana, omtrint 1890.

De earste permaninte blanke delsetting yn Montana wie de misjepost St. Mary's, dy't yn 1841 stifte waard yn 'e neite fan 'e it tsjintwurdige Stevensville. Fan 'e 1850-er jierren ôf sette de kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken útein dy't oer it ferneamde Oregon Trail út it Easten kamen. Dêrby foarmen de dellingen fan 'e rivieren de Beaverhead en de Big Hole it ierste fêstigingsgebiet. Yn 1852 waard goud ûntdutsen by it hjoeddeistige Garrison. Dat wie de earste yn in rige grutte fynsten fan dylchstoffen, wêrûnder ek sulver, koper, lead, stienkoal en letter ierdoalje. Under de 1860-er jierren reizgen tûzenen goudsikers en oare blanken oer it Bozeman Trail, in sydpaad fan it Oregon Trail, fan Wyoming nei de goudfjilden fan westlik Montana.

Bestjoerlik hearden ferskate dielen fan Montana ta it Oregon-territoarium (1848-1864), it Washington-territoarium (1853-1863), it Idaho-territoarium (1863-1864) en it Dakota-territoarium (1861-1864). Op 26 maaie 1864 waard Montana bestjoerlik in apart territoarium, it Montana-territoarium. De earste haadstêd wie Bannack (1864-1865), mar it regear fan it gebiet waard al rillegau ferhuze nei Virginia City (1865-1875), om úteinlik foargoed te Helena fêstige te wurden. De blanke befolking fan it territoarium bestie yn 1870 noch mar út 20.595 persoanen.

De kolonisaasje fan Montana gie net sûnder slach of stjit. Yn 1855 sleat gûverneur Isaac Stevens it Ferdrach fan Hellgate mei de Plathollen, Kalispel en Kûtenai fan westlik Montana, mar troch misferstannen en minne fertaling by de ûnderhannelings duorre strideraasje oer lân yn dy krite noch oant 1891 fuort. Fan 'e 1850-er jierren ôf fûnen yn noardlik Montana wapene konfrontaasjes tusken blanke kolonisten en de Swartfuotten plak, dy't yn 1870 ta in hichtepunt kamen by it Bloedbad fan de Marias, wêrby't troch de Amerikaanske kavalery sa'n twahûndert Swartfuot-froulju, -bern en -âlderein ôfslachte waarden.

 
It Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn, mei it byhearrende begraafplak.

Yn it súdeasten fan Montana fierden de Amerikanen yn 1865 de Ekspedysje nei de Powderrivier út, dat in strafekspedysje tsjin 'e Lakota en Sjajinnen wie, dy't lykwols net folle úthelle. Yn 1866 briek yn dyselde kontreien mei de Lakota en Sjajinnen de saneamde Oarloch fan Reade Wolk út nei't it Amerikaanske Leger tsjin 'e ferdraggen yn op Yndiaansk lân in rige forten oan it Bozeman Trail boud hie. De wichtichste slach út dy oarloch, it Fetterman-bloedbad, wie in grutte oerwinning foar de Yndianen. Yn 1868 waard it konflikt beëinige mei it sluten fan it Ferdrach fan Fort Laramie, wêrby't de Amerikanen dermei ynstimden om 'e forten te ûntromjen en ôf te brekken.

Yn 1873 ûntstie der in beheind konflikt doe't lânmjitters in rûte foar it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad sochten ûnder de Yellowstone-ekspedysje. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 fûn yn súdeastlik Montana de ferneamde Slach oan de Little Bighorn plak, wêrby't fiif kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer oan 'e lêste man ta útrûge waarden troch de Lakota en de Sjajinnen. In jier letter die him yn westlik Montana de Nez Persé-Oarloch foar, wêrby't de Nez Persé út har heitelân yn Idaho fia Wyoming en Montana nei Kanada besochten te flechtsjen. Sels mei de Krieën, dêr't de Amerikanen oars goede relaasjes mei ûnderholden, fûn yn 1887 in wapene konfrontaasje plak yn 'e foarm fan 'e Krieë-Oarloch.

 
In keppel Amerikaanske bizons yn Montana.

Om 'e Yndianen derûnder te krijen rûgen de Amerikanen mei opsetsin de ûnbidige keppels Amerikaanske bizons út, dy't it wichtichste iten fan 'e Yndianen foarmen. Neffens guon skattings wiene der yn 1870 noch 13 miljoen fan dy grutte kobisten yn Montana; yn 1884 wiene der noch 325 eksimplaren oer yn 'e hiele Feriene Steaten. It plak fan 'e bizons waard ynnommen troch kij. De feeboer Nelson Story brocht yn 1866 de earste keppel Texas longhorns nei Montana ta, en neitiid ûntjoech de steat him ta ien fan 'e wichtichste feeweiderijgebieten fan 'e Feriene Steaten. Dat waard mooglik makke troch de oanlis fan 'e Northern Pacific Railroad (1883) en de Great Northern Railroad (1887), dêr't it slachtfee yn treinwagons oer ôffierd wurde koe nei de slachthuzen fan Chicago en oare stêden yn it Easten.

Op 8 novimber 1889 waard Montana as de 41e steat ta de Amerikaanske Uny talitten. Begjin tweintichste iuw waarden de prêrjegebieten fan 'e steat kolonisearre en foar in diel yn kultuer brocht mei yrrigaasjeprojekten. Under de Earste Wrâldoarloch tsjinnen likernôch 40.000 Montaansters yn 'e Amerikaanske Striidkrêften, wat delkomt op sa'n 10% fan 'e befolking, nei ferhâlding mear as út hokker oare steat ek. Dêrfan kamen sa'n 1.500 man te sneuveljen, wylst nochris 2.437 oaren ferwûne rekken. Fierders levere Montana 10.000 kavaleryhynders foar de oarlochsynset. Yn febrewaris 1918 feardige it Steatskongres fan Montana de Oprokkeningswet fan Montana út, wêrmei't krityk op it Amerikaanske regear en leger kriminalisearre waard. Under dy wet waarden mear as 200 minsken oppakt, wêrfan't 78 feroardiele waarden. Dat wiene yn 'e regel pasifisten, dy't yn 40% fan 'e gefallen finzenisstraffen oplein krigen. Yn maaie 2006 feardige gûverneur Brian Schweitzer postúm in folsleine amnesty út foar alle lju dy't feroardiele wiene ûnder de Oprokkeningswet.

 
In minnistegesin yn Montana (1937).

Yn 1918 koste de Spaanske gryp oan mear as 5.000 ynwenners fan Montana it libben. De Grutte Depresje wie in tige drege tiid foar boeren en mynwurkers, dy't yn Montana in bûtenproporsjoneel grut oandiel fan 'e beropsbefolking útmakken, mei as gefolch dat de steat folle hurder troffen waard as in protte oare dielen fan 'e Feriene Steaten. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinnen 57.000 Montaansters yn 'e Amerikaanske Striidkrêften, wêrfan't in grut part al foar de oanfal op Pearl Harbor tsjinst nommen hie om oan 'e strieminne ekonomyske sitewaasje yn 'e thússteat te ûntkommen. Op 'e nij droech Montana sadwaande ien fan 'e heechste persintaazjes soldaten by fan alle Amerikaanske steaten. Dêrûnder wiene ek saneamde koadepraters fan 'e Krieë Stamme, dy't yn harren eigen taal (it Kriesk) fia radiokommunikaasje berjochten trochjoegen sadat de Dútsers en Japanners net wisten wat der sein waard. Sa'n 1.500 soldaten út Montana fûnen yn 'e oarloch de dea. In protte lju dy't as gewissebeswierde wegeren om yn it leger te tsjinjen, waarden ûnder de Twadde Wrâldoarloch nei Montana ta stjoerd om as brânwachten te fungearjen by it blussen fan boskbrannen.

Montana bestiet bestjoerlik út 56 countys. De steatshaadstêd, Helena, leit yn Lewis and Clark County, yn it westen fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Montana bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Montana, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 50 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 100 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Montana, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Montana no fanwegen syn relatyf lytse befolking noch mar 1 sit (de twadde sit gie ferlern by de werferdieling fan 'e sitten op grûn fan 'e útkomsten fan 'e folkstelling fan 1990).

 
It Steatskapitoal fan Montana, yn Helena.

It politike lânskip fan Montana wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje yn 'e steat mar in marzjinale rol. Histoarysk wie Montana in swingsteat, dy't by ferkiezings beide kanten útgean koe, mar sûnt de 1980-er jierren is de steat stevich yn 'e hannen kommen fan 'e Republikeinen.

It frouljusstimrjocht waard yn Montana yn 1914 ynfierd, en yn 1916 wie Montana de earste Amerikaanske steat dy't in frou yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen keas, nammentlik Jeannette Rankin. Dat wie in prinsipieel pasifiste, dy't sawol yn 1916 as yn 1941 tsjin 'e dielname fan 'e Feriene Steaten oan 'e Earste, resp. Twadde Wrâldoarloch stimde. Yn Montana is de ferkeap fan alkohol in monopoalje fan 'e steat. By it oanfreegjen fan in skieding komt der (oars as yn it meastepart fan 'e Amerikaanske steaten) gjin skuldfraach foar it mislearjen fan it houlik oan 'e oarder. Montana is ek ien fan mar fiif steaten dy't gjin BTW heffe.

 
De Grinnell-gletsjer yn it Nasjonaal Park Glacier, dy't ferneamd is nei George Bird Grinnell.

Neffens in offisjele skatting út 2014 bedroech it bruto steatsprodukt fan Montana dat jiers $44,3 miljard, wat omrekkene per lid fan 'e befolking delkomt op in trochsneed ynkommen fan $40.601. De agraryske sektor is noch altyd tige wichtich, mei't Montana fierhinne in plattelânsgebiet is. Feehâlderij, yn 't bysûnder fan kij, nimt dêrby it wichtichste plak yn. Fierders is de boskbou fan belang, en de dêrmei ferbûne houtferwurkjende en papieryndustry. Op it mêd fan 'e mynbou wurde yn Montana noch altyd goud, stienkoal, sulver, ierdoalje en oare dylchstoffen út 'e grûn helle.

Fierders is it toerisme tige wichtich, mei't de steat elts jier troch mear as 10 miljoen fakânsjegongers oandien wurdt. De grutste attraksjes binne it Nasjonaal Park Glacier, it Nasjonaal Park Yellowstone (wêrfan't trije fan 'e fiif yngongen op it grûngebiet fan Montana lizze), it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn, de Flathead-mar, de boarnen fan 'e rivier de Missoery en de monolyt Pompey's Pillar, noardeastlik fan Billings. Ek de Rocky Moutains fan Montana lûke in protte toeristen, simmerdeis om te kuierjen en te berchbeklimmen, en by 't winter om te skyen.

 
De befolkingstichtens fan Montana.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Montana yn 2014 1.023.579 ynwenners, wat in groei fan 3,5% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens bedroech yn 2014 2,7 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Billings, mei 110.000 ynwenners yn 2015. Oare gruttere stêden binne: Missoula (70.000), Great Falls (59.000), Bozeman (42.000), Butte (34.000), de steatshaadstêd Helena (30.000), Kalispell (21.000) en Miles City (9.000). It grutste plak yn noardlik Montana is Havre (10.000).

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Montana befolking doe sa: 87,8% blanken; 6,3% Yndianen; 2,9% Latino's; 0,6% Aziaten; 0,4% swarten; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Wat dêrby benammen opfalt, is dat Montana in tige blanke steat is, dêr't de Yndianen in folle grutter oandiel fan 'e befolking útmeitsje as yn 'e measte oare Amerikaanske steaten.

 
Utsjoch oer it sintrum fan Billings, de grutste stêd fan Montana.

Blanke Montaansters binne fierhinne fan Midden-, Noard-en Noardwestjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (27,0% fan 'e totale steatsbefolking), Ieren (14,8%), Ingelsen (12,6%), Noaren (10,9%), Frânsen (4,7%) en Italjanen (3,4%). Yn 47 fan 'e 56 countys fan Montana foarmje lju fan Dútsk komôf de grutste befolkingsgroep; yn 6 countys (dy't min ofte mear gearfalle mei de grutste Yndianereservaten) binne dat Yndianen; yn 2 countys (yn it uterste noardeasten fan 'e steat) binne dat lju fan Noarsk komôf; en yn ien county (yn it súdwesten) binne dat lju fan Iersk komôf.

Montana omfiemet 7 federaal erkende Yndianestammen:

Dizze stammen hawwe allegear har eigen reservaat. Fierders is der yn Montana ek noch 1 stamme dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hat. Dat is:

Dizze stamme hat gjin eigen reservaat.

 
De grizzlybear is it offisjele bist fan 'e steat Montana.

De offisjele taal fan Montana is it Ingelsk, dat neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 doe foar 94,8% fan 'e befolking de memmetaal wie. Op it twadde plak kaam it Spaansk, mei 1,4% fan 'e steatsbefolking, folge troch it Dútsk mei 1,1%, hoewol't mear as de helte dêrfan eins sprekkers fan it Hutteristedútsk binne, dat troch taalkundigen yn 'e regel as in selsstannige taal beskôge wurdt. Fan 'e steatsbefolking sprekt 0,4% it Frânsk as memmetaal, en inselde persintaazje hat it Kriesk (Crow) as earste taal. Mei sa'n 3.000 sprekkers is it Kriesk fierwei de grutste Yndiaanske taal fan Montana, folge troch it Sjajinsk, mei sa'n 1.700 sprekkers (yn Montana). Fan it Lakota, dat yn 'e hiele Feriene Steaten troch 6.000 minsken sprutsen wurdt, binne gjin aparte sifers oangeande Montana bekend. Alle oare Yndiaanske talen yn 'e steat hawwe likernôch 100 sprekkers of minder. It Gro Wânt (Gros Ventre) is yn 1981 útstoarn.

Op it mêd fan godstsjinst bestiet 77% fan 'e befolking fan Montana út kristenen, wêrûnder 54% protestanten en 23% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn 2010 de (mormoanske) Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, mei krapoan 47.000 leden en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika mei 37.000 leden. Fierders wenje der yn Montana goed 20.000 Jehova's tsjûgen. Ateïsten en agnosten foarmje 20% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten binne it boedisme (1%), it joadendom (0,5%), de islaam (0,5%) en it hindoeïsme (0,5%).

 
De rivier de Clark Fork, by Missoula, yn 'e hjerst.

It flakke, eastlike diel fan Montana hat in drûch lânklimaat, wylst in grut diel fan it bercheftige westen in heechberchtmeklimaat hat. Nettsjinsteande dat is it klimaat yn it grutste part fan westlik Montana mylder as yn it easten, mei't it westen te krijen hat mei de matigjende ynfloed fan it seeklimaat yn it Amerikaanske Noardwesten. Eastlik fan 'e Rocky Mountains binne de winters kâlder en langer en de simmers hjitter en koarter. Rekôrtemperatueren wiene 47 °C, op 20 july 1893 yn Glendive, en –57 °C op 20 jannewaris 1954 yn in goudsikerskamp by de Rogerspas yn 'e Rocky Mountains. Yn trochsneed falt der jiers yn Montana 380 mm delslach, mar westlik fan 'e bergen kin dat oprinne oant 880 mm, wylst oan 'e eastkant, dy't yn it reinskaad fan 'e Rocky Mountains leit, op plakken mar 167 mm falt. Snie kin yn Montana yn alle moannen fan it jier falle, al is it yn july en augustus seldsum. De measte stêden yn 'e steat krije elts jier 75-130 sm sniefal, wylst yn 'e bergen oer in jier nommen samar 7,5 m snie falle kin.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
  ·   ·