Yndyk (Súdwest-Fryslân)
Yndyk (Nederlânsk: Indijk) is in doarp en fan oarsprong in boerestreek oan de Hegemer Mar by Wâldsein yn de gemeente Súdwest-Fryslân en hat likernôch 136 ynwenners (2006). Oant 2011 lei Yndyk yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. Yndyk wie krektas Koufurderrige, Smelbrêge en Ypekolsgea in buorskip by Wâldsein yn it suden fan de gemeente Wymbritseradiel.
De delsetting ûntstie yn de Midsiuwen oan de noardeastkant by it wetter de Ie. It krige fan de 11e iuw ôf in selsstannige posysje: Wâldsein, dat it memmedoarp al gau oerfleugele. Ypekolsgea bleau in agraryske streek. Op de gritenijkaart fan Wymbritseradiel yn de atlas fan Schotanus bestiet it doarp yn de uterste súdwesthoeke út in lange streek fan ûngefear trije kilometer mei buorkerijen. Se steane meast oan de súdkant fan de Weisleat, dy‘t flankearre wurdt troch in dyk.
Yndyk hat sawat 130 ynwenners. Op it tsjerkhou stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân. De klok hjirfan is mooglik út de 13e iuw
Befolking
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Yndyk (Súdwest-Fryslân) fan Wikimedia Commons. |