Bosksniehin
De bosksniehin (wittenskiplike namme: Canachites canadensis) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it monotypyske (út mar ien soarte besteande) skaai fan 'e bosksniehinnen (Canachites). Dizze middelgrutte fûgel komt foar yn it meastepart fan Kanada en Alaska. De taksonomyske skiednis fan 'e bosksniehin is frijwat betize, en de fûgel is sadwaande yn âldere ornitologyske teksten ek wol bekend as Tetrao canadensis, Dendragapus canadensis of Falcipennis canadensis. De bosksniehin is in stânfûgel dy't foarkomt yn 'e taiga fan Noard-Amearika. It is ien fan 'e meast beambewenjende rûchpoathinnen. De seksuele dimorfy is grut by de bosksniehin. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as net bedrige.
bosksniehin | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
hoanne hin | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Canachites canadensis | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
- Net te betiizjen mei de boskhin (Tetrastes bonasia), in oare soarte rûchpoathin.
Taksonomy
bewurkje seksjeDe bosksniehin waard foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske natoerûndersiker George Edwards yn syn A Natural History of Uncommon Birds, op basis fan in preparearre froulik eksimplaar dat út 'e kontreien fan 'e Hudsonbaai yn wat letter Kanada wurde soe, nei Londen stjoerd wie troch in beämte fan 'e Hudsonbaaikompanjy. Yn 1750 foege er ek de hoanne ta yn 'e trêde edysje fan syn boek. Yn 1758 waard de bosksniehin op 'e nij wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus, dy't it bist de wittenskiplike namme Tetrao canadensis joech. Dêrmei pleatste er de fûgel by de oare rûchpoathinnen yn Tetrao, dat no it skaai fan 'e auerhinnen is.
Yn 1885 skoep Leonhard Stejneger foar de bosksniehin it monotypyske skaai fan 'e bosksniehinnen (Canachites). Yn 'e tweintichste iuw waard de fûgel ferpleatst nei it skaai fan 'e beamsniehinnen (Dendragapus) ûnder de namme Dendragapus canadensis. Dêrmei waard er in sustersoarte fan 'e blauwe sniehin (Dendragapus obscurus), dy't yn Noard-Amearika foar in diel deselde nullewâldhabitats bewennet. Lykwols, mei't der lichaamlike ferskillen besteane tusken de bosksniehin en de blauwe sniehin dy't ûntbrekke tusken de bosksniehin en de skerpwjukhin (Falcipennis falcipennis) út Sibearje, waard de boskniehin wer letter oerhevele nei it skaai fan 'e sichtewjukhinnen (Falcipennis) as Falcipennis canadensis. Mar nij taksonomysk ûndersyk op basis fan mitogondriaal DNA hat yn 'e ienentweintichste iuw útwiisd dat de yndieling fan 'e bosksniehin en de skerpwjukhin yn ien skaai parafyletysk is om't de skerpwjukhin neat nauwer oan 'e bosksniehin besibbe is as oan 'e auerhinnen (Tetrao) en de kuorhinnen (Lyrurus). Sadwaande is de bosksniehin yn 2021 wer werompleatst yn syn eigen skaai Canachites.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe bosksniehin komt foar yn it grutste part fan Alaska, útsein it noarden fan 'e Aleksanderarsjipel yn Súdeast-Alaska, de Kodiakarsjipel yn it suden fan 'e steat, op it Alaskaskiereilân en de Aleoeten yn it súdwesten, it Sewardskiereilân en de eilannen yn 'e Beringsee yn it westen en de Noarderbedelte yn it noarden.
Yn Kanada komt dizze fûgel ek foar yn it meastepart fan it lân, útsein de kust fan Britsk-Kolumbia en de eilannen yn 'e Stille Oseaan, lykas de Keninginne Sjarlotte-eilannen en Vancouvereilân; de Grutte Flakten fan súdlik Alberta, Saskatchewan en Manitoba; de súdpunt fan Ontario; en it Arktyske noarden, wêrûnder it noarden fan 'e Noardwestlike Territoaria, de Arktyske Arsjipel, Nûnavût, Nûnavik en de noardpunt fan Labrador.
Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten is de bosksniehin lânseigen yn 'e nullewâlden fan 'e bercheftige dielen fan it Amerikaanske Noardwesten yn Washington, Oregon, Idaho en westlik Montana, en fierders it uterste noarden fan Minnesota en Wisconsin, hiel Opper-Michigan, it uterste noarden fan Neder-Michigan, it Adirondackberchtme yn New York en it noarden fan Nij-Ingelân mei dielen fan Vermont, Nij-Hampshire en Maine.
As eksoat is de bosksniehin oanwêzich op twa Kanadeeske eilannen yn 'e Atlantyske Oseaan. Dêrby giet it om Nijfûnlân, dêr't de fûgels yn 1964 troch de minske yntrodusearre waarden, en it ta de provinsje Kebek hearrende Anticosti, dêr't se yn 1985 en 1986 útset waarden.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe bosksniehin is in middelgrutte fûgel mei trochinoar in kop-sturtlingte fan 38–43 sm en in wjukspanne fan 541/2–571/2 sm. De hoannen hawwe in gewicht fan 550–650 g, wylst de hinnen 450–550 g weagje. It gewicht is net de iennichste foarm fan seksuele dimorfy by de bosksniehin, mei't de geslachten ek gâns fan uterlik ferskille.
Der bestiet wat ûnderskie op it mêd fan kleuring tusken de ferskate ûndersoarten, yn 't bysûnder wat it kleurpatroan fan 'e sturtfearren oangiet en hoefolle wyt der op 'e ûnderste lichemsdielen sit. Mar oer it algemien kin sein wurde dat de hoannen foar it meastepart griis binne op kop, nekke, rêch en sturt, en swart op bealch, boarst, hals, wjukken en poaten. Oan 'e sydkanten fan 'e bealch en op 'e skieding tusken hals en boarst sitte wite plakken. De sturt hat in kastanjebrune râne trochdat de úteinen fan 'e sturtfearren dy kleur hawwe. Krekt as in protte oare manlike rûchpoathinnen hawwe de hoannen fan 'e bosksniehin in healrûne kaam boppe elts each (as wie it in wynbrau), dy't fel read is.
It fearrekleed fan 'e hinnen is spikkelbûnt brún of spikkelbûnt griis, beide kearen mei dûnkerbrune oant swarte en wite streken oer de bealch. Healwoeksen eksimplaren lykje op hinnen. De hin fan 'e bosksniehin kin betize wurde mei de hin fan 'e kraachhin (Bonasa umbellus), dy't fierhinne itselde ferspriedingsgebiet hat. De wyfkes fan beide soarten kinne útinoar holden wurde trochdat hinnen fan 'e boskniehin in dûnkere sturt mei in ljochte râne hawwe, wylst hinnen fan 'e kraachhin in ljochte sturt mei in dûnkere râne hawwe.
Biotoop
bewurkje seksjeBosksniehinnen libje yn 'e taiga fan Noard-Amearika, dêr't se de foarkar jouwe oan nullebeammen boppe leafbeammen. Se lykje gjin foarkoar te hawwe foar dinnen, spjirren of sulverspjirren, mar wol foar jongere wâlden.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeBosksniehinnen binne stilder as hast alle oare rûchpoathinnen, mar se hawwe dochs inkele roppen om te warskôgjen foar rôfdieren, om soartgenoaten fan itselde geslacht út har territoarium te ferdriuwen, en om in groepke piken byinoar te hâlden. De bosksniehin is in stânfûgel yn syn hiele ferspriedingsgebiet, mar yn Alberta reizgje 35% fan 'e hinnen en 7% fan 'e hoannen jierliks op en del fan harren briedgebiet nei in oerwinteringsoarde, dy't maksimaal 11 km útinoar lizze kinne. Itselde soarte seizoenale hinne-en-werjen is dokumintearre yn Alaska en Nij-Breunswyk.
De bosksniehin is ien fan 'e meast beambewenjende rûchpoathinnen. Winterdeis komt er suver net oer de grûn, mar by 't simmer moat er wol foar it foerazjearjen en de fuortplanting. Bosksniehinnen hawwe ek in dúdlike foarkar foar rinnen boppe fleanen, oft se har no op 'e boskflier befine of yn 'e tûken fan 'e beammen. Se fleane eins allinne mar koarte stikjes, en dan suver inkeld mar om fan 'e grûn yn 'e beammen te kommen en werom. Dat wol net sizze dat se net goed fleane kinne, want om oan predaasje te ûntkommen fleane se wól langere stikken. Harren earste strategy is lykwols om te fertrouwen op har skutkleur, dy't fral de hinnen tsjin 'e eftergrûn fan it nullewâld suver ûnsichtber makket. As in rôfdier deunby komt, bliuwe se dêrom yn earste ynstânsje ûnferweechlik stil sitten. Dat hâlde se lang fol, want minsken kinne in bosksniehin benei komme oant op in ôfstân fan minder as in meter foar't de fûgel úteinlings fan ruten spilet.
De fuortplanting is by de bosksniehin yn 'e regel polygyn: de hoannen pearje mei ferskate hinnen, mar de hinnen mar mei ien hoanne. De hoannen fêstigje by 't maityd in territoarium dêr't se yn 'e peartiid, dy't fan april oant begjin juny falt, pronkje by de balts en sa de oandacht fan hinnen lûke. Nei de pearing hat de hoanne ornaris neat mear mei de fuortplanting út te stean, mar soms helpt er letter de hin om op 'e piken te passen en om 'e piken byinoar te hâlden. De hin, dy't hast altyd mar ien kear yn 't jier aaien leit, makket in nêst troch op in sideplak ûnder in strûk of in oare foarm fan beskûl in lytse holte út te skraabjen, dy't beklaaid wurdt mei gerzen, blêden en in pear fearren. Dêryn leit se oer in perioade fan sa'n 10 dagen oant 10, mar ornaris 4–7 aaien, dy't krêmkleurich oant bêzje binne, mei brune spikkels.
De briedtiid, dy't by de bosksniehin rint fan begjin maaie oant begjin july, set útein sadree't it lêste aai fan it bruod lein is en duorret fan dat stuit ôf trochinoar 24 dagen. As se út it aai komme, weagje de piken 15 g. Mei't se nêstflechters binne, kinne se it nêst rinnende ferlitte as se opdrûge binne, wat likernôch 8 oeren nei it útkommen is. Sadree't it lêste út it aai kommen jong safier is, ferlitte se de lokaasje fan it nêst yn groepsferbân ûnder begelieding fan 'e hin. De earste wike frette de piken allinne mar ynsekten en oare lidpoatigen. Dêrnei, as harren spiisfertarring it oankin, stappe se oer op beien en skimmels.
Mei 1 wike kinne de piken al omheech fladderje nei in tûke yn in beam. Se bliuwe by de hin, dy't harren eltse nacht waarm hâldt en deis út en troch ek oant se 3–5 wiken âld binne. Dat waarmhâlden wurdt dien troch op 'e piken sitten te gean, sadat de piken de lichemswaarmte fan 'e hin diele. It is in type hâlden en dragen dat by de hin inisjalisearre liket te wurden troch spesifike roppen fan 'e piken as se kâld binne. Mei 70–100 dagen binne de jongen selsstannich en ferlitte se de hin en harren nêstgenoaten. Bosksniehinnen binne geslachtsryp mei likernôch in jier, wannear't de hinnen foar it earst oan 'e fuortplanting dielnimme. De measte hoannen nimme dêr pas mei 2 jier oan diel. De libbensferwachting fan 'e bosksniehin bedraacht yn it wyld 5–6 jier, mar yn finzenskip kinne se teminsten 13 jier âld wurde.
Fretten
bewurkje seksjeSimmerdeis foerazjearje bosksniehinnen op 'e grûn en frette se beien, blêden fan strewellen, skimmels en ek wolris ynsekten. By 't winter frette se hast útslutend nullen fan konifearen lykas spjirren, dinnen en sulverspjirren, dy't se streekrjocht fan 'e tûken ôf roppe. Om dy te fertarren meitsje bosksniehinnen gebrûk fan gastroliten: lytse stientsjes dy't se trochslokke en dy't yn 'e mage de nullen plette.
Natuerlike fijannen
bewurkje seksjeDe wichtichste natuerlike fijannen fan bosksniehinnen binne de Amerikaanske marter (Martes americana), de Pasifyske marter (Martes caurina), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes), de grize wolf (Canis lupus), de poema (Puma concolor) en ferskate soarten hauken en ûlen, lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus). Aaien en piken kinne ek ta proai falle oan 'e grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de wezeling (Mustela nivalis) en de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii). Allinnich de aaien wurde ek wol snipt troch it Amerikaansk read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus) en ferskate soarten kriefûgels.
Status
bewurkje seksjeDe bosksniehin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it meastepart fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje oer it algemien stabyl liket te wêzen. It wie lange tiid ien fan 'e meast bejage fûgels fan Noard-Amearika, wêrfan't yn 'e 1970-er jierren elts jier yn Kanada 360.000 sketten waarden en yn 'e Feriene Steaten 188.000. Tsjintwurdich mei de bosksniehin yn 'e Amerikaanske steat Alaska noch frij bejage wurde fan 10 augustus oant en mei 31 maart (en yn sommige regio's oant en mei 15 maaie. Yn 'e measte dielen fan 'e legere 48 steaten dêr't de bosksniehin foarkomt, hat er lykwols in beskerme status. Sa stiet er yn New York en Vermont te boek as bedrige en yn Wisconsin as krityk bedrige. De isolearre populaasje yn it Adirondackberchtme fan noardlik New York bestie yn 2022 noch mar út 175–315 eksimplaren. Om 'e delgong te kearen is dêr in behearplant opsteld.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 6 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e bosksniehin (Canachites canadensis):
- C. c. atratus (súdlik, westlik en sintraal Alaska)
- C. c. canadensis (sintraal Alberta oant Labrador en Nij-Skotlân; ek as eksoat op Nijfûnlân en Anticosti)
- C. c. canace (súdeastlik Kanada en de noardeastlike Feriene Steaten)
- franklinbosksniehin of Franklins bosksniehin (C. c. franklinii) (de Noardwestlike Territoaria, Britsk-Kolumbia, Alberta en de noardwestlike legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten)
- C. c. isleibi (it suden fan 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska)
- C. c. osgoodi (noardlik Alaska)
De franklinbosksniehin (C. c. franklinii) wurdt troch party autoriteiten, wêrûnder de IUCN, erkent as in selsstannige soarte mei C. c. isleibi as ûndersoarte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|