Mei it Grut Arbitremint waard yn 1533 in strukturele ferbettering fan de organisaasje fan it seedykûnderhâld fan de Fryske westkust ynfierd en der waard in basis lein foar in reedlike lêsteferdieling. De wetterskippen ('kontribúsjes') dy ’t doe ûntstien binne hawwe iuwen funksjonearre.

Fryslân mei eardere Middelsee
Seedyk mei pealwurk foar bûtendyks lân
Bûtendyksk lânoanwaaks

Foarskiednis

bewurkje seksje

It ûnderhâlden fan seediken wie yn de lette midsiuwen ynrjochte as dykplicht neffens oangrinzing. Wa’t lân hie dat oan de seedyk grinze moast dy dyk ûnderhâlde. Tsjinoer dizze plicht stie it rjocht op de lânoanwaaks.[1] De dykplicht neffens oangrinzing waard yn de rin fan de tiid útwreide fan oangrinzjende lâneigener nei oangrinzjend doarp en gritenij. Eartiids wie Westergoa hast hielendal omjûn troch wetter, mar mei de trochgeande ynpoldering fan de tichtslibjende Middelsee hiene nei 1500 allinnich de westlike gritenijen noch seediken te ûnderhâlden. Nei de ynpoldering fan de Middelsee feroaren de streamingen op de Fryske Waden en yn de Sudersee, wêrtroch ’t it bûtendykske lân fan Westergoa hieltyt fierder ôfbroazele. Dit bûtendykske lân wie ûnmisber foar it seewarringssysteem fan dy tiid. De mei gersseadden bedekte ierden seedyk koe in stoarm allinnich trochstean at de measte krêft al út de weagen wie eardat se de foet fan de dyk berikten. It bûtendykske lân waard beskerme met ferskate houten konstruksjes ûnder de sammelnamme pealwurken.

De hartoggen fan Saksen dy ’t it nei 1498 yn Fryslân foar it sizzen hiene, bemuoiden har uteraard ek mei de lêsten fan it seedykûnderhâld. Grûneigeners moasten oer elke gûne pacht dy’t se barden in omslachheffing betelje en de hichte dêrfan wie foar eltsenien gelyk.[2] Dat late ta oanhâldende protesten fan dejingen dy’t oant dan ta neat mei de seediken fan Westergoa te krijen hân hiene. It gefloch wie dat yn de rin fan de jierren de lêsten fan lâneigeners yn gritenijen dy’t net oan de seedyk grinzen (binnendikers) ferlichte waarden ten koste fan lâneigeners fan gritenijen dy’t wol oan in seedyk grinzen (bûtendikers).

Neidat yn 1525 inkele koart op elkoar folgjende stoarmen grutte skea feroarsake hiene, woene de bûtendikers mear help fan de binnendikers fan Westergoa en Eastergoa, mar dy wegeren elke steun.[3] Steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch bepaalde dat earst de diken yn oarder makke wurde moasten troch dejingen dy ’t oan dan ta dêrfoar ferantwurdlik west hiene. Dêrnei woe hy de rinnende skelen oplosse. Eastergoa woe neat te krijen ha mei de seediken fan Westergoa en binnendikers fan Westergoa woene wol foar ien kear byspringe, mar net struktureel. Op 26 maaie 1525 waarden folmachten en deputearren[4] oanwiisd út de stêden en gritenijen dy’t by in dyktrochbrek allegear ûnder wetter strûpe koene: ende die all met eenen water overvloeden. Dat wie dus it gebiet dat nei in seedyktrochbrek ûnder wetter komme soe te stean oant de earstfolgjende slieperdyk. Dizze ôffurdigen mochten harren oplossings nei foaren bringe, mar at se it net iens wurde koenen soene de steedhâlder en inkele riedshearen optrede as arbiters. It yn de midsiuwen yn Fryslân besteande systeem wêrby’t soenlju in konflikt besljochtsje koene waard by dizze wat oanpaste wurkwize fuortset: de partijen ferklearren foarôf dat se har dellizze soene by it beslut fan de arbiters. It beslút wie dat de bûtendikers harren diken tsien jier lang allinnich ûnderhâlde soene.

De stoarmfloed fan novimber 1532 feroarsake rûnom yn Noardwest-Europa grutte skea oan de seediken en der foelen in soad slachtoffers. Yn Fryslân wie de skea ek ferskuorrend en de steedhâlder ferbea út útfarren fan skippen tusken begjin maart en heal maaie 1533, omdat de bemanningsleden hurd nedich wiene foar it reparearjen fan de seediken. Ek wie no dúdlik dat de ôfspraken fan 1525 in te swiere lêst op de bûtendikers lein hiene. Wylst der hurd wurke waard oan it meitsjen fan de seediken waard der yntinsyf oerlis fierd oer in nije regeling foar it seedykûnderhâld. Yn it ferline hie it altyd dreech west om ta ôfspraken te kommen, mar steedhâlder en riedshearen wiene derfan oertsjûge dat in beslissing trochdrukke mei machtsfertoan de ferhâldings bliuwend fersteure soe. Dêrom waard opnij oan grytmannen en stedsbestjoeren frege om op 27 maart 1533 trije of mear folmachten ôf te furdigjen dy ’t mei in folsleine macht en prokuraasje yn Ljouwert sûnder oerlis oer harren foarstellen oardiele kinne soene. Neidat dy wiidweidich besprutsen wiene giene beide partijen akkoard mei arbitraazje. De arbiters leine harren foarstellen earst noch foar oan de oerste dykgreve fan Westergoa Frits van Grombach en oan ferskate oare deskundigen. Dy hiene ‘nei ryp berie’ harren goedkarring jûn. Dochs ferrûn de beslútfoarming flot. Op 7 april 1533 waarden de besluten publisearre as ‘vuytspraecke, arbitraigie ende ordonnancie’. It begryp Grut Arbitremint is letter ûntstien.

‘vuytspraecke, arbitraigie ende ordonnancie’

bewurkje seksje
 
Kaart fan Fryslân út 1762 mei 30 gritenijen, 314 doarpen en 11 stêden.

It Grut Arbitremint joech in nije ynhâld oan de begripen binnendikers en bûtendikers. Net langer gie it om de fraach oft in gritenij wol of net grinze oan in seedyk, mar om de fraach hokker diel fan it lân by in trochbrutsen seedyk ûnder wetter strûpe soe. Wa’t dêr lân hie wie in bûtendiker, wa’t efter de slieperdyk drûch bleau wie in binnendiker. Troch dizze prinsjipiele feroaring rûn de grins tusken binnendikers en bûtendikers faak dwers troch gritenijen en doarpen.

De diken lâns de kust fanôf It Bilt oant de grins mei Oerisel waarden yndield yn fjouwer trajekten:
Trajekt 1:
fan It Bilt (‘Dykshoeke’) oant de Makkumer syl. Dit trajekt waard kwalifisearre as ‘de measte lêst en it swierste wurk’. Ferantwurdlik wiene Frjentsjerter Fiifdielen: de stêd Frjentsjer mei de fiif gritenijen Frjentsjerteradiel, Barradiel, Menameradiel, Baarderadiel en Hinnaarderadiel) plus sân doarpen fan Wûnseradiel (Kimswert, Penjum, Wûns, Surch, Koarnwert, Abbenwier en Makkum). Bûtendikers wiene yn dit gebiet de lâneigeners oan de westkant fan de Slachtedyk, binnendikers dy oan de eastkant fan de Slachtedyk.
Trajekt 2:
fan de Makkumer syl oant it Warkumer stek. Ferantwurdlik wiene Wûnseradiel (sûnder de sân doarpen by trajekt 1) en de stêd Boalsert. Bûtendikers waarden yn dit gebiet skaat fan de binnendikers troch in slieperdyk dy ’t by Achlum fan de Slachtedyk ôf nei it suden rûn (no Muontsewei), fierder gie bewesten Arum, troch Wytmarsum en dan nei it suden lâns Skraard en Longerhou rûn. Oan de westkant fan Boalsert gie hy fierder nei it suden nei Tsjerkwert en fandêr as Himdyk oant de grins fan Wûnseradiel en Wymbritseradiel. Binnendikers wiene de lâneigeners oan de eastkant fan dizze sliperdyk, bûtendikers dy oan de westkant.
Trajekt 3:
fan it Warkumer steak oant Reaklif. Ferantwurdlik wiene de gritenijen Wymbritseradiel, Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde en Utingeradiel en de stêden Snits, Drylts, Warkum, Hylpen en Starum. De Himdyk út trajekt 2 gie yn dit gebiet fierder lâns Westhim en Easthim, gie oan de noardkant fan Drylts lâns, rûn troch Snits en bûgde nei it noardeasten en via Raerderhim nei Jirnsum. Binnendikers wienen yn dit gebiet de lâneigeners oan de noardkant fan dizze slieperdyk, de bûtendikers dy oan de súdkant.
Trajekt 4:
fan it Reaklif oant de grins fan Oerisel (‘Feenhuijsen’, no de Woarstsleat by Skoattersyl.) Ferantwurdlik wiene de sân gritenijen fan Sânwâlden (Anjewier, Doanjewerstâl, Haskerlân, Skoatterlân, Lemsterlân, Opsterlân en Gaasterlân) en de stêd Sleat. Dit gebiet bestie allinnich út bûtendikers.

Lêstenferdieling tusken binnen- en bûtendikers

bewurkje seksje
 
De wetterskippen fan Fryslân mei nûmers oanjûn; de nûmers 13 oant en mei 19 bestrike it gebiet dat ûnder it Grut Arbitremint foel.

By de lêstenferdieling waard ûnderskied makke tusken de lêsten foar de ierden dyk en de lêsten foar de pealwurken. De ierden dyk waard meastal ûnderholden mei hantlangjen troch bewenners fan it gebiet dy ’t mei eigen ark lykas skeppe, kroade, weinen en hynders. Pealwurken waarden meastentiids oanbestege en dêrfoar moast jild oprûn wurde. De basis foar te beteljen omslachheffing wie de hierwearde (rinte, pacht) fan it lân, útdrukt yn goudgûnen of florenen.

Trajekt 1.
Bûtendikers krigen trijekwart fan it ierdwurk te ûnderhâlden, de binnendikers ien fjirde. Foar de pealwurken betellen de binnendikers foar elke gûne rinte de helt fan wat de bûtendikers betellen. Omdat de hierwearde fan de binnendikers mei elkoar trije kear sa heech wie as die fan de binnendikers mei elkoar betellen de binnendikers totaal 50% mear oan de pealwurken as de binnendikers.
Trajekt 2.
Bûtendikers krigen fjouwer fiifde fan it ierdewurk te ûnderhâlden, binnendikers ien fiifde. Foar de pealwurken betellen de binnendikers oer elke gûne rinte de helt fan wat de bûtendikers betellen.
Trajekt 3.
Utingeradiel krige in stik fan 200 roeden oan de súdkant fan Starum te ûnderhâlden. Fan it oare diel fan it trajekt krigen de bûtendikers fan de oare gritenijen en de stêden seis sânde fan it ierdwurk te ûnderhâlden, de binnendikers ien sânde. Foar de pealwurken betelle Utingeradiel trijekwart en de binnendikers de helte fan wat de bûtendikers foar elke gûne rinte betellen.
Trajekt 4
Dit gebiet telde allinnich bûtendikers en dy betellen allegear itselde: ‘gulden gulden gelijk’. Weststellingwerf moast syn eigen diken sadanich ûnderhâlde, dat de oaren der gjin skea fan ûnderfine soene.

Dykgreve selsstannige funksje

bewurkje seksje

Oant 1533 wiene grytmannen altyd belutsen by it dykwurk en faak wiene se tagelyk dykgreve, soms in skoft ûnder in oerste dykgreve dy ’t beneamd wie op it nivo fan Westergoa en Eastergoa. Omdat yn it Grut Arbitremint de dykplicht oer de grinzen fan de gritenijen regele waard, kaam der nei 1533 in skerpe skieding tusken it grytmanskip en it dykgreveskip.[5] De ôfsûnderlike organisaasjes foar it dykûnderhâld waarden kontribúsjes (letter wetterskippen) neamd mei in dykgreve oan it haad. Trajekt 1 waard de Kontribúsje fan de Fiifdielen Seediken binnendyks en bûtendyks, trajekt 2 de Kontribúsje Wûnseradiels Suderseediken, trajekt 3 Wymbritseradiel cum annexis Kontribúsje Seediken en trajekt 4 de kontribúsje De Sân Gritenijen en de stêd Sleat. Oan de dykgreve fan de kontribúsje waarden deputearren tafoege, dy t keazen waarden troch de folmachtige ôffurdigen fan gritenijen en stêden. Nei alle gedachten binne de dykgreven yn it earstoan troch steedhâlder enhof oansteld en bleau de oerste dykgreve op distriktsnivo noch yn funksje.[6]

Ferdieling oer de kontribúsjes

bewurkje seksje
Kontribúsje fan de Fiifdielen Seediken
Bûtendyks Binnendyks
gritenij/stêd doarp gritenij/stêd doarp
Barradiel Furdgum Barradiel Minnertsgea
Tsjummearum Frjentsjer stêdlik gebiet
Kleaster-Lidlum Frjentsjerteradiel Tsjom
Easterbierrum Hitsum
Seisbierrum Achlum
Pitersbierrum Doanjum
Winaam Boer
Almenum Rie
Harns stêdlik gebiet Peins
Frjentsjerteradiel Mullum Sweins
Hjerbeam Skalsum
Lúntsjerk Menameradiel alle doarpen
Achlum Baarderadiel alle doarpen
Wûnseradiel Kimswert Hinnaarderadiel alle doarpen
Penjum
Wûns
Surch
Koarnwert
Abbenwier
Makkum
Wymbritseradiels c.a. Kontribúsje Seediken
Bûtendyks Binnendyks
gritenij/stêd doarp gritenij/stêd doarp
Wymbritseradiel Toppenhuzen Wymbritseradiel Wolsum
Twellingea Nijlân
Jutryp Folsgeare
De Hommerts Tsjalhuzum
Smelbrêge Turns
Wâldsein Skearnegoutum
Ypekolsgea Loaiïngea
Drylts stêdlik gebiet Westhim
Snits stêdlik gebiet Easthim
Yndyk Abbegea
Heech Ysbrechtum
Gaastmar Goaiïngea
Sânfurd Gau
Aldegea
Idzegea
Wûnseradiels Suderseediken
Bûtendyks Binnendyks
gritenij/stêd doarp gritenij/stêd doarp
Wûnseradiel Piaam Wûnseradiel Lollum
Gaast Burchwert
Wûns Hichtum
Skraard Hartwert
Longerhou Oegekleaster
de Marne Knossens
Eksmoarre Arum
Allingawier Wytmarsum
Skuzum Skettens
Dedzjum Tsjerkwert
Parregea Aldekleaster
Hieslum Boalsert stêdlik gebiet
Ferwâlde
Greonterp

Foar doarpen mei in giele eftergrûn bestiet in bysûndere situaasje wat har dykplicht oangie.
Kontribúsje fan de Fiifdielen Seediken: Furdgum, Tsjummearum, Kleaster-Lidlum en Easterbierrum hearden foar it ierdwurk by de bûtendikers, mar foar de haden en it pealwurk by de binnendikers. It gebiet fan Achlum lei diels bûten de Slachte en hearde foar in kwart by de bûtendikers en foar trijekwart by de binnendikers. Fan Wûns hearde twatredde fan it gebiet by dizze kontribúsje, de rest by Wûnseradiels Suderseediken.
Wymbritseradiel c.a. Kontribúsje Seediken: de giel merke binnendikers-doarpen hearden foar in lyts part ek by de bûtendikers.
Wûnseradiels Suderseediken: Wûns foar ientredde by dizze kontribúsje, de giel merke binnendikers-doarpen foar in lyts part ek by de bûtendikers.

De Kontribúsje De Sân Gritenijen en de stêd Sleat hie allinnich bûtendikers en dêr spile it probleem fan de kostenferdieling tusken binnen- en bûtendikers net.

De arbiters hiene de trajekten fêststeld, foar elk trajekt de doarpen, gritenijen en stêden yndield en de lêstenferdieling tusken binnen- en bûtendikers fêstlein. At der oer de ordonnânsje tusken partijen ûndúdlikens ûntstean soe wie de útlis foarbehâlden oan de arbiters. No moasten noch binnen de kontribúsjes ôfspraken makke wurde oer wa’t hokker persiel fan it trajekt yn ûnderhâld krige. Dêrby wie ek arbitraazje nedich om ta in definitive regeling te kommen. De lingte fan it tabedielde stik dyk wie net it grutste probleem, want dy wie keppele oan de hoemannichte lân fan in doarp, útdrukt yn florenen. Mar wêr’t dat lân krekt lei joech wol diskusje. Sommige stikken seedyk wiene swierder yn ûnderhâld as oare. En no ’t ek doarpen seedykplichtich wurden wiene dy’t frij fier fan de seedyk leine, woene dy ôfstân ta harren persiel graach sa koart mooglik hâlde. By de kontribúsje fan de Fiifdielen Seediken waard it ien fjirde gedielte fan de binnendikers ferspraat oer trije stikken om it lichte en swiere ûnderhâld safolle mooglik te ferdielen. It trije fjirde gedielte fan de bûtendikers moast tabedield wurde oan santjin doarpen, in stêd en twa kleasters. By safolle tsjinstelde belangen komme partijen der meastal net út en is arbitraazje de ienige oplossing.

De kontribúsje fan it tredde trajekt waard yn 1538 splitst yn twa kontribúsjes: Fan de cum annexis fan Wymbritseradiel bleaune allinnich de stêden Snits en Drylts oer, it oare gie mei-elkoar yn de kontribúsje Himmelumer Aldefurd, Noardwâlde, Utingeradiel mei de stêden Starum, Hylpen en Warkum cum annexis.

Yn 1539 presintearren de dykplichtigen fan de kontribúsje fan de Fiifdielen Seediken in konsept dykynstruksje fan sechtjin artikels, dy’t troch steedhâlder en Hof op 22 septimber as segele oarkunde publisearre waard.[7]
De dykplichtigen meie sadree’t de sittende dykgreve ôftreedt út harren midden in dykgreve nominearje, dy ’t dêrnei fan it Hof fan Fryslân syn kommisje krijt en beëdige wurdt. Dêrneist wurde alle jierren fjouwer deputearren keazen, twa út namme fan de binnendikers en twa nammers de bûtendikers. Dykgreve en deputearrem bepale wat nedich is om de seediken te ûnderhâlden. De foarjiersynspeksje wurdt holden op de moandei foar St. Gertrudis (17 maart) wêrby’t ôffurdigen fan de doarpen en stêden oanwêzich wêze moatte, sadat se witte wat der barre moat. In ek keazene ûntfanger-generaal ûntfong it nedige jild, dat troch grytmannen en doarpsrjochters ine waard. Wa’t net betelle krige te meitsjen mei twongen ferkeap fan grûn.
Soksoarte dykynstruksjes waarden ek de by oare kontribúsjes opsteld, mei fergelykbere ynfloed fan de dykplichtigen.[8]

 
Nei it ferdwinen fan it bûtendyks lân waard de seedyk direkt mei in swiere stiennen foet beskerme.

Mei it Grut Arbitremint wie in treflik fûnemint lein foar it seedykûnderhâld fan Westergoa en Sânwâlden. De oanpassings yn de neifolgjende jierren taastten dat fûnemint amper oan. De folmachtge ôffurdigen krigen binnen de kontribúsjes grutte ynfloed, mar it Hof fan Fryslân hold it lêste wurd. It waard wenst dat ien of twa riedshearen as kommissarissen meirûnen mei it dykbestjoer (dykgreve en deputearren) by de ynspeksje fan de seediken. Skelen tusken binnen- en bûtendikers barden geregeldwei troch de dúdlike belangentsjinstellings. De útdieling fan de seepersielen per doarp betsjutte dat de lêst fan grutte skea hielendal op dat doarp rêstte, wylst in neistlizzend persiel fan in oar doarp in bytsje of gjin skea oprûn. It dielen fan de risiko’s, mienmakking neamd, spruts net fansels. By de kontribúsje fan de Fiifdielen Seediken barde de mienmakking yn 1579, ôfsûnderlik foar binnendikers en bûtendikers. Sûnt 1680 besocht men by Wûnseradiels Sudersee Diken oer te gean ta mienmakking, mar noch yn 1715 waarden dêr seediken doarpsgewiis ûnderholden. Nei de stoarmfloed fan 1717 beslisten de Steaten fan Fryslân ta mienmakking fan alle seediken.[9]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarnen

  • Minnema Buma, J., Bijdrage tot de geschiedenis van het dijkregt in Friesland, inzonderheid met betrekking tot de contributie der vijf deelen (Leien 1853)
  • Draaisma, Kees, Een nieuwe kijk op Caspars dijk, It Beaken 79 nr. 1/2 (Ljouwert 2017)
  • Obreen, H. T., Dijkplicht en waterschappen aan Frieslands westkust. (Boalsert 1956)
  • Schwartzenberg en Hohenlansberg, G.F. baron thoe, Groot Placaat en Charterboek Vriesland tweede deel (Ljouwert 1773) siden 627-636
  • Tielhof, Milja van, Consensus en conflict, Waterbeheer in de Nederlanden 1200-1800 (Hilfertsom 2021)
  • Winsemius, J.P., De historische ontwikkeling van het waterstaatsrecht in Friesland (Frjentsjer 1947)
Referinsjes en noaten
  1. Winsemius (1947) siden. 17-19, 118
  2. De omslach of omslachheffing waard berekkene nei evenredichheid fan it lânbesit fan elke eigener, oan it begjin basearre op de oerflakte, letter op de hierwearde.
  3. Groot Plakaat en Charterboek fan Fryslân diel 2, s. 154: as bûtendikers waarden neamd Warkum, Hylpen, Wymbritseradiel, Wûnseradiel foarsafier belêste, Barradiel, Frjentsjerter bûtendiken, Harnzer buorren en Harnzer útlannen, Doanjewerstâl, Lemster Fiifgea, Snits, Starum en Himmelumer Aldefurd, Gaasterlân en en Uteringadiel.
  4. Dit wiene yn de stikken de wenstige termen foar ôffurdigen nammers doarpen en stêden. Folmachten wiene manlju mei in folmacht dy’t harren in bepaald foech joech, itselde gou foar deputearren. At der in foarstel lei dat bûten harren foech lei moasten se earst oerlizze mei harren efterban.
  5. Winsemius (1947) s. 144
  6. Groot Placaat en Charterboek van Vriesland diel 2 s. 662: de abt fan Gerkeskleaster dy’t tagelyk dykgreve is moat hearre nei it sizzen fan de oerste dykgreve. (1535)
  7. Groot Plakaat en Charterboek van Vriesland diel 5 siden 196, 197
  8. Obreen 1956 s. 43
  9. Obreen (1956) haadstik 3, Tielhof (2021) haadstik 4