Heech

(Trochferwiisd fan Heeg)

Heech is in doarp oan 'e noardkant fan 'e Hegemer Mar súdwest fan Snits yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. By Heech wurde ek de buorskippen Osingahuzen en Lytshuzen rekkene. Súdeastlik fan Heech lei earder it buorskip Easterwâlde.

Heech
Emblemen
               
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 2.385 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 58' NB, 5° 36' EL
Kaart
Heech (Fryslân)
Heech
Kaart
Himrik fan Heech yn 'e eardere gemeente Wymbrits.

Heech is in bekend wettersportsintrum mei in ferskaat oan jachthavens en werven, wêrfan de werf foar platboadems fan Piersma de bekendste is.

Heech wurdt yn 1132 as Haghekercke op 'e list fan tsjerken en kapellen neamd, dy't ûnder it Starumer Odulfuskleaster hearde.[2]. It doarp is lykwols âlder en ûntstie oan 'e Syl dêr't fiskerij, hannel en skipfeart in fleurich bestean hiene. De oarspronklike streekbebouwing feroare stadichoan yn in jimmeroan tichtere bebouwing, wêrmei't Heech it karakter fan in lyts stedsje krige. Súd fan de streek stie de Harinksmastins.

 
Tsjerkesleat.

De midsiuwske tsjerke fan Heech wie eartiids wijd oan Sint-Kristoffel en Sint-Wiro. De tsjerke waard yn 1745 ôfbrutsen en ferfongen troch in nij gebou mei in koepeltuorke. In pear jier letter krige de tsjerke ek brânskildere ramen fan Ype Staak. Yn 1840 waard de tsjerke te lyts en dêrom ôfbrutsen foar de nijbou fan 'e hjoeddeiske sealtsjerke.

Troch de lizzing oan 'e Hegemer Mar wie de ielfiskerij en -hannel in hiel set tige belangryk yn Heech. Oant 1938 waard fanút Heech iel nei Londen eksportearre. De Hegemers koenen dêrby fergees gebrûk meitsje fan 'e Dutch Mooring (Nederlânske oanlis) oan 'e Teems, net fier fan 'e Toer fan Londen. De hannel wie sa wichtich foar it doarp, dat der in tiid west hat dat de Hegemer bern op de legere skoalle al Ingelsk learden. It belang fan 'e ielfiskerij docht ek út it wapen fan Heech bliken, dêr't noch altyd in iel yn stiet.

 
Hûs oan 'e Skatting.

Sûnt de ferhurding fan 'e wei nei Oasingahuzen krige it doarp in goede ferbining oer it lân. De bebouwing ûnwikkele him no bylâns de Skatting. Nei de Twadde Wrâldkriich binne noardlik fan 'e âlde kearn en fral eastlik fan 'e Skatting sûnt de jierren 1960 relatyf grutte útwreidingsplannen útfierd en mear fan lettere tiid ek súdwest fan it âlde doarp. Oan 'e westlike kant fan it âlde doarp bleau de útwreiding folle beheinder.

Oant 2011 lei Heech yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

It Heechhûs is it multyfunksjonele sintrum fan it doarp. Heech hat in Pleatslik Belang en de ynwenners wurde alle moannen mei de Sylboade ynformearre oer de wederwarichheden yn Heech.

Talmastate is in wensoarchsintrum.

 
Ichtustsjerke.

De PKN hie oant 2021 twa tsjerken: de Haghatsjerke (of de eardere Herfoarme tsjerke) en de Ichtustsjerke (de eardere Grifformearde tsjerke). Yn 2021 waard de Ichtustsjerke, in monumintaal ûntwerp fan Tjeerd Kuipers, sletten en ferkocht. De PKN makket sûnt allinne gebrûk fan 'e Haghatsjerke út 1745. De neogoatyske roomske Sint-Joazeftsjerke is ûntwurpen troch Pierre Cuypers.

 
Sint Joazeftsjerke.
 
Jachtwerf Piersma

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 2006 2015 2020
Ynwenners 795 2481 2441 2484 2241 2257 2227

(*) Nei grinswiziging mei Izegea.
Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015, 2020: Alle Cijfers

 
Haghatsjerke.

Oer it lân wurdt Heech ûntsletten troch De Skatting. De Nijedyk ferbynt Heech mei De Gaastmar. Heech is in knooppunt fan wetter. It Nauwe Fliet, de De Grêft, de Hegemer Far nei it easten, de Nauwe Wimerts en de Wide Wimerts, de Jeltesleat meitsje fan it doarp in wettersintrum dat drok besocht wurdt fan wettertoeristen.

Publikaasje(s)

bewurkje seksje
  • W.O. Santema - Heeg en de Palinghandel op Londen" (1995), "Greolshaven, in pleats yn oarlochstiid" (1993) en Wapendropping op 'e Gouden Boayum(1992)
  • Jan Zetzema - De Friese Palingaken (1996)
  • G. Gerritsma, K. de Jong, L. van der Pol, J. Vleer en T. Zijlstra - Heeg en de Hegemers (1987)
  • Sicco van Albada - De Helling onder Heeg (1999),
 
Monumintaal hûs oan 'e Harinxmastrjitte 27.
  • In it yn 1999 oanleine Hiempark mei besikerssintrum binne ferskate biotopen te sjen. Der is in broek-, park- en drûchbosk. Boppedat binne der in fjildlaboratorium, fûgelhutte, fûgeleilân, swellemuorre en in flearmûzeboufal.
  • By de werf fan Piersma is it Houtboumuseum De Helling. Dêr kin yn gearwurking mei stifting "De Ielaak" û.o. it bouwen fan platboaiems folge wurde.
  • De eardere jeugdherberch sylt mei har sylskoalle noch mei orizjinele houten tsjotterkes.

Strjitten fan Heech

bewurkje seksje

Alle strjitten fan Heech.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·