It Strân (Penjum)

(Trochferwiisd fan Strân (Wûnseradiel))

It Strân is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Strân leit noardeastlik fan Surch, súdwest fan Penjum yn de gemeente Wûnseradiel, yn de polder Penjum en de himrik fan it doarp Penjum, net fier fan de dyk om de Iselmar. De namme komt ek foar as Strand en Penjumer Skûtelbank.

It Strân
De pleats Vishorne yn it Strân
De pleats Vishorne yn it Strân
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
himrik Penjum
Oar
Postkoade 8749
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53°7'15" N, 5°24'32" E
Kaart
It Strân (Fryslân)
It Strân
 
De pleats Vinea Domini

Op it plak fan Strân stie it yn 1186 stifte kleaster fan de Norbertinen Vinea Domini ('Wyngerd fan de Heare'). Yn 1287 ferdwûn it kleaster yn de weagen fan de see by in swiere stoarm. Letter besochten de Norbertinen it nochris mei in kleaster op itselde plak, mar ek dat gie ferlern yn de see.

Op it plak waard letter in pleats set dy't nei it kleaster Vinea Domini neamd waard, of ek wol de Vineastate. Yn 1810 kaam de buorkerij yn hannen fan de famylje Blanksma, dy't dêr in mingd bedriuw útoefenen. Ek de pleats dêrnjonken, Vishorne, waard yn de rin fan de 19e iuw eigendom fan de Blanksma's. Blanksma syn bedriuw hat in protte betsjut foar de ûntjouwing fan it Frysk stamboekfee yn de 19e- en 20e iuw. De yn Strân fokte kij hearden lange tiid by de top fan it Nederlânske melkfeebeslach.

Op dit stee lei yn 1889 noch in syl yn de saneamde Skûtelbankdyk út 1778, dy't yn ûnderhâld wie by de herfoarme tsjerke fan Penjum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·