Wikipedy:Haadside-ynfo/In dei yn de histoarje/Maart
<< | Maart | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | ||||
4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 |
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 |
- 1754 - Berne: Arjen Roelofs, boer en stjerrekundige.
- 1796 - Yn De Haach komt de earste demokratysk keazen Nederlânske folksfertsjintwurdiging gear
- 1809 - Berne: Jan Pieter Heije, Nederlânsk arts, dy't fral bekend wurden is om syn ynset foar de dichtkeunst en muzyk († 1876).
- 1875 - Ferstoarn: Sir Henry Kellett, Britsk marineoffisier en ûntdekkingsreizger. (* 1806).
- 1895 - Ferstoarn: Pauline Musters, Nederlânsk frou dy't op it momint fan har ferstjerren mar 59 sintimeter lang wie, en dêrmei troch it Guinness Book of World Records erkend wurdt as de lytste persoan ea. * 1876).
- 1911 - Ferstoarn: Jacobus Henricus van 't Hoff, Nederlânske natuerkundige en gemikus, yn 1901 winner fan de earste Nobelpriis foar de Skiekunde (* 1852).
- 1999 - Ferstoarn: Enneüs Heerma, CDA-politikus fan Fryske komôf (* 1944).
- 1809 - Berne: Wopke Eekhoff, Frysk histoarikus, argivaris en útjouwer yn Ljouwert († 1880).
- 1820 - Berne: Multatuli, Nederlânsk skriuwer († 1887).
- 1902 - Berne: Willem Santema, in Fryske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch († 1944).
- 1913 - Berne: Godfried Bomans, Nederlânsk skriuwer († 1971)
- 1931 - Berne: Michail Gorbatsjov, Russysk politikus en bestjoerder, sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan 1985 oant 1991 en presidint fan de Sowjet-Uny (USSR) fan 1990 oant 1991.
- 1942 - Berne: Heinze Bakker, Nederlânsk sportsjoernalist fan De Gordyk.
- 2005 - Noard-Nederlân wurdt troffen troch swiere sniefal. Yn Fryslân falt mear as 50 sintimeter snie.
- 1175 - Ferstoarn: Freark fan Hallum, pastoar en stifter fan Kleaster Mariëngaard.
- 1847 - Berne: Alexander Graham Bell, útfiner († 1922).
- 1858 - Berne: Cornelis Johannes Kieviet, Nederlânsk berneboekeskriuwer († 1931).
- 1918 - Berne: Jacobus Zantema, einredakteur fan it Frysk wurdboek († 2008).
- 1928 - Ferstoarn: Jan Toorop, Nederlânsk keunstskilder fan it symbolisme (* 1858).
- 1959 - Ferstoarn: Lou Costello, Amerikaansk akteur en komyk (* 1906).
- 1972 - Lansearing fan Pioneer 10, it earste romtefartúch dat by Jupiter lâns fleant en as earste it sinnestelsel ferlitte sil.
- 1590 - Breda wurdt troch Maurits fan Nassau ferovere (sjoch Turfskip fan Breda).
- 1852 - Ferstoarn: Nikolaj Gogol, Russysk skriuwer (* 1809).
- 1877 - Ferstoarn: Hendrik van Rijgersma, Nederlânsk dokter en amateur botanikus, malacolooch en ichthyolooch (* 1835).
- 1882 - Berne: Tjerk Bottema, Nederlânsk skilder en grafikus († 1940).
- 1906 - Berne: Meindert de Jong, Amerikaansk skriuwer fan berneboeken fan Frysk komôf († 1991).
- 1951 - Berne: Doete Venema, Frysk skriuwster.
- 1999 - Ferstoarn: Karel van het Reve, Nederlânsk skriuwer (* 1921).
- 1874 - Berne: Arthur van Schendel, Nederlânsk skriuwer († 1946).
- 1895 - Ferstoarn: Nikolaj Leskov, Russysk skriuwer en sjoernalist (* 1831).
- 1946 - Winston Churchill brûkt yn in speech it wurd Izeren Gerdyn. Dat stuit wurdt sjoen as it begjin fan de Kâlde oarloch.
- 1946 - Berne: Koos van Zomeren, Nederlânsk skriuwer.
- 1953 - Ferstoarn: Jozef Stalin, Sovjet-diktator (* 1878).
- 1966 - Ferstoarn: Anna Achmatova, 23 juny 1889 - Russyske dichteresse. (* 1889).
- 1977 - Berne: Ronnie Pander, Frysk âld-proffuotballer û.o. fan SK It Hearrenfean.
- 1475 - Berne: Michelangelo, Italjaanske skilder, byldhouwer, arsjitekt en dichter († 1564)
- 1615 - Pieter Both, gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje, ferdrinkt by Mauritsius.
- 1883 - Yn in fleanende stoarm fergiet de fiskersfloat fan Peazens-Moddergat. Santjin skippen fergienen en 83 fiskers ferlearen dęrby it libben.
- 1906 - Berne Lou Costello, Amerikaansk akteur en komediant fan it komeedzjeteam Abbott and Costello († 1959).
- 1951 - Berne: Gerrie Knetemann, hurdfytser.
- 1954 - Stoarn: Geart Japiks van den Berg, Frysk rymler en folksdichter (* 1886).
- 1961 - Stoarn: Boris Vilkitski, Russyske hydrograaf en ûntdekkingsreizger.
- 322 f.Kr. - Ferstoarn: Aristoteles, Gryksk filosoof (* 384 f.Kr.).
- 161 - Ferstoarn: Antoninus Pius, Keizer van Rome, stjert in natuerlike dea yn syn paleis yn Etruria (* 86).
- 1876 - Alexander Graham Bell patentearret de telefoan.
- 1912 - Roald Amundsen makket bekend dat hy mei syn ekspedysje de Súdpoal op 14 desimber 1911 berikt hat.
- 1936 - Berne: Pyt Kramer, ûndersiker fan it Frysk.
- 1936 - Dútske troepen lûke it Rynlân yn.
- 1978 - Ferstoarn: Jan Herder, Nederlânske boer, timmerman en kommunist fan Frysk komôf (* 1889).
- 2007 - Politike partij DeFriezen docht foar de earste kear mei oan de ferkiezings.
- 1702 - Berne: Willem III fan Oranje, prins fan Oranje, steedhâlder en kening fan Ingelân, Skotlân en Ierlân (1688-1702) (* 1650).
- 1817 - De New York Stock Exchange wurdt stifte.
- 1942 - Yn de Twadde Wrâldkriich jout Nederlân him oer oan Japan op Java.
- 1957 - Gana komt by de Feriene Naasjes.
- 1991 - Trocht in wetswiziging yn Belgje wurdt it mooglik dat dêr in frou op de troan komt.
- 2003 - Yn in referendum op Malta stimt de befolking foar tatreding ta de Jeropeeske Uny.
- 2004 - In tydlike grûnwet wurdt ûndertekene yn Irak.
- 1916 - Dútslân ferklearret Portegal de oarloch.
- 1943 - Berne: Bobby Fischer, Amerikaansk skaakgrutmaster († 2008).
- 1945 - De Feriene Steaten bombardearje Tokio.
- 1945 - Japan oermasteret Fietnam.
- 1950 - Yslân tredet ta de Rie fan Jeropa ta.
- 1967 - De dochter fan Jozef Stalin, Svetlana Alliloejeva, rint oer nei de Feriene Steaten.
- 1830 - It KNYL, wat stiet foar Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger, wurdt stifte.
- 1864 - Loadewyk II wurdt kening fan Beieren.
- 1865 - Berne: Pim Mulier, sjoernalist, grûnlizzer fan de moderne sport yn Nederlân.
- 1893 - Ivoarkust wurdt in koloanje fan Frankryk.
- 1957 - Berne: Osama bin Laden, de lieder fan terreurorganisaasje Al Kaida.
- 1966 - Beatrix trout mei Prins Claus von Amsberg.
- 1966 - Ferstoarn: Fritz Zernike, Nederlânsk natuerkundige en winner fan de Nobelpriis foar de Natuerkunde (* 1888).
- 105 - T'sai Lun makket it earste skriuwpapier.
- 1753 - Egbert Douwes ferhuzet nei De Jouwer en begjint dêr in winkel mei de namme De Witte Os.
- 1928 - Han Hollander docht it earste sportferslach op de Nederlânske radio. It giet om de fuotbalwedstriid Nederlân - Belgje yn it Olympysk Stadion fan Amsterdam.
- 1990 - Litouwen makket him as earste fan de Baltyske steaten frij fan de Sowjetuny.
- 2004 - Yn Spanje falle 190 deaden by fjouwer oanslaggen op treinen. De oanslaggen blike it wurk te wêzen fan in brigade fan de terreurgroep Al Kaida.
- 2006 - Ferstoarn: Slobodan Milošević, presidint fan Servje en fan Joegoslaavje (* 1941).
- 2009 - Yn it Dútske Winnenden sjit in jongen fan 17 jier santjin minsken dea, wêrnei't er himsels om it libben bringt.
- 1636 - Berne: Ulrik Huber, professor rjochtsgeleardheid oan de Universiteit fan Frjentsjer en polityk filosoof († 1694).
- 1649 - Berne: Govert Bidloo, sjirurgyn, anatoom, liifdokter, heechlearaar, skriuwer fan toanielwurk en librettist († 1713).
- 1751 - De Fryske Steaten ferkeapje it lêste part fan It Bilt dat noch yn harren besit is.
- 1808 - Berne: Gerrit van de Linde (De Schoolmeester), Nederlânsk dichter († 1858).
- 1938 - It Dútske leger giet Eastenryk yn.
- 1968 - Mauritsius wurdt ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje.
- 1992 - Ferstoarn: Hans G. Kresse, Nederlânsk striptekener (* 1921).
- 1560 - Berne: Willem Loadewyk fan Nassau, Us Heit, greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân († 1620).
- 1900 - Yn Frankryk wurdt de wurkdei fan froulju en bern by wet beheind ta alve oeren.
- 1938 - De Anschluss, Eastenryk wurdt in part fan Dútslân.
- 1940 - De Winterkriich tusken Finlân en Ruslân komt ta in ein.
- 1942 - Yn Nederlân, Belgje en Frankryk wurdt it dragen fan de Joadenstjer ferplicht stelt.
- 1990 - George H. W. Bush, presidint fan de Feriene Steaten, makket in ein oan it fiif jier âlde hannelsembargo tsjin Nikaragûa.
- 1992 - By in ierdskodding yn it easten fan Turkije komme 500 minsken om it libben.
- 1517 - Ynskedee wurdt hast hielendat troch brân ferwoaste.
- 1862 - Berne: Geerhardus Vos, Nederlânsk Kalvinistysk teolooch fan Frysk komôf († 1949).
- 1879 - Berne: Albert Einstein, Joadsk Dútsk Amerikaanske teoretysk natuerkundige († 1955).
- 1883 - Ferstoarn: Karl Marx, Dútsk polityk filosoof en grûnlizzer fan it marksisme (* 1818).
- 1951 - Nederlân wurdt troffen troch in ierdskodding dy't tsien minuten trochgiet.
- 1994 - De earste stien fan it nije Abe Lenstra Stadion wurdt lein troch Riemer van der Velde.
- 1998 - It súdeasten fan Iran hat te lijen fan in ierdskodding fan 6,3 op de Skaal fan Richter.
- 2003 - De Westerskeldetunnel wurdt iepene.
- 44 f.Kr. - Julius Caesar wurdt fermoarde.
- 1493 - Kristoffel Kolumbus komt werom yn Spanje nei dat hy de Amearika's ûntdutsen hat.
- 1820 - Maine wurdt de 20e steat fan de Feriene Steaten.
- 1985 - De earste ynternetdomeinnamme wurdt registrearre, symbolics.com.
- 1990 - Mikhail Gorbatsjov wurdt presidint fan de Sovjet-Uny.
- 1998 - Ids Postma fan Dearsum wurdt op It Hearrenfean foar de twadde kear wrâldkampioen reedriden Oer-alles.
- 2007 - In grut part fan de wetters yn Fryslân krije de Fryske namme as offisjele namme.
- 1473 - Berne: Hindrik V fan Saksen, better bekend as Hindrik de Fromme († 1541).
- 1496 - Neffens in leginde soe yn Ypekolsgea op dizze dei in Sakramintswûnder bard wêze.
- 1911 - Berne: Josef Mengele, Dútsk dokter († 1979).
- 1935 - Adolf Hitler kundiget oan dat Dútslân him wer bewapenje sil.
- 1937 - Earste flecht mei de Fokker G.1.
- 1945 - De Friese Koerier ferskynt foar it earst.
- 1946 - De Izertoer wurdt folslein fernield troch in oanslach mei dynamyt.
- 2005 - De rjochter bepaalt dat it ljipaaisykjen yn Fryslân ferbean wurdt.
- 180 - Ferstoarn: Markus Aurelius, keizer fan Rome (* 121).
- 1676 - Berne: Thomas Boston, Skotsk puriteinsk predikant en teolooch († 1732).
- 1704 - Ferstoarn: Menno van Coehoorn, Nederlânsk militêr en festingboukundige fan Frysk komôf (* 1641).
- 1665 - Auke Stellingwerf wurdt de earste luitenant-admiraal fan Fryslân.
- 1945 - Ferstoarn: Hotze Brouwer, Nederlânsk fersetsheld fan Frysk komôf (* 1910)
- 1948 - It ferdracht ta oprjochting fan de West-Jeropeeske Uny wurdt tekene yn Brussel troch de lannen fan de Benelúks, Frankryk en it Feriene Keninkryk.
- 2005 - It lêste stânbyld fan Francisco Franco wurdt út Madrid fuorthelle.
- 1214 - Krakau wurdt troch de Mongoalen ferwoaste.
- 1893 - Ferstoarn: Gerard Adriaan Heineken, Nederlânsk yndustryeel, stifter fan Heineken (* 1841).
- 1945 - 1.250 Amerikaanske bommesmiters bombardearje Berlyn.
- 1959 - De presidint fan de Feriene Steaten, Dwight D. Eisenhower tekenet in dokumint wêrmei Hawaï de steatus fan steat krijt.
- 1989 - Yn de Piramide fan Cheops yn Egypte wurdt in mummy fan 4400 jier âld fûn.
- 1990 - Yn East-Dútslân wurde foar it earst sûnt 1932 demokratyske ferkiezings hâlden.
- 1918 - It Kongres fan de Feriene Steaten stelt de tiidsônes fêst en keurt de simmertiid goed.
- 1945 - Twadde Wrâldkriich: Adolf Hitler furdiget syn "Nero Dekreet" út wêryn stiet dat alle yndustrieën, militêre ynstallaasjes, winkels, transportfasiliteiten en kommunikaasjelinen yn Dútslân ferneatige wurde moatte.
- 1968 - Ferstoarn: Fedde Schurer, Frysk dichter (* 1898).
- 1972 - Yndia en Banglades tekenje in freonskips oerienkomst.
- 1985 - Berne: Yolanthe Cabau van Kasbergen, Nederlânsk aktrise en presentatrise.
- 2003 - De Irakkriich set útein (fanwegen it tiidsferskil kin wol sein wurde dat it oan gie op 20 maart).
- 2008 - Ferstoarn: Hugo Claus, Flaamsk dichter (* 1929).
- 1602 - De Feriene Eastynjeske Kompanjy wurdt oprjochte.
- 1815 - Napoleon komt werom yn Parys nei syn ûntsnapping fan Elba.
- 1867 - Berne: Sjouke de Zee, Nederlânsk skriuwer en propagandist fan Frysk komôf († 1954).
- 1934 - Ferstoarn: Keninginne Emma, Keninginne-regintesse fan de Nederlannen (1890-1898).
- 1956 - Tuneezje krijt harren ûnôfhinklikheid fan Frankryk.
- 2003 - De Irakkriich set útein troch de ynvaazje fan de FS en har bûnsmaten op Irak.
- 2004 - Ferstoarn: Keninginne Juliana, fan 1948 oant 1980 keninginne fan Nederlân (* 1909).
- 2022 - Ferstoarn: Piet Paulusma, Frysk waarman (* 1956).
- 1527 - Berne: Maurits fan Saksen, karfoarst fan Saksen en heit fan Anna fan Saksen († 1553)
- 1685 - Berne: Johann Sebastian Bach, Dútsk komponist († 1750)
- 1857 - By in ierdskodding by Tokio yn Japan komme mear as 100.000 minsken om.
- 1907 - Grut-Brittanje wiist foarstellen foar in tunnel ûnder it Kanaal ôf, om it gefaar fan in ynvaazje.
- 1919 - Oprjochting fan it Bauhaus yn Weimar troch Walter Gropius.
- 1935 - Perzje wurdt werneamd ta Iran.
- 1990 - Namybje wurdt ûnofhinklik fan Súd-Afrika.
- 1491 - Fetkeapers brâne de stins fan de Sjaerdas yn Toppenhuzen plat.
- 1645 - Berne: Hidde Sjoerds de Vries, Nederlânsk seefarder fan Frysk komôf († 1694).
- 1824 - Berne: Jan Bogtstra, Nederlânsk sakeman en politikus fan Frysk komôf († 1916).
- 1858 - Ferstoarn: Eeltsje Halbertsma, jongste fan de Bruorren Halbertsma, Nederlânsk skriuwer en dokter fan Frysk komôf (* 1797).
- 1888 - Under feanarbeiders yn Appelskea brekt in grutte staking út; begjin fan de organisearre stakingen yn Nederlân.
- 1945 - Yn Kairo wurdt de Arabyske Liga stifte.
- 1946 - Jordaanje wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 1860 - Ferstoarn:Ype Baukes de Graaf, lêst ta dea feroardielde yn Fryslân (* 1813)
- 1904 - Berne: Ulbe van Houten, Frysk skriuwer († 1974)
- 1915 - Berne: Lodewijk Meeter, skûtsjeskipper by de SKS († 2006)
- 1919 - Benito Mussolini rjochtet de fasistyske partij op.
- 1933 - Adolf Hitler krijt mei goedkarring fan it parlemint de folsleine macht oer Dútslân en harren striidkrêften en regear.
- 2001 - Krommelstikken fan de Mir falle yn de Stille Oseaan.
- 2010 - Silbertanne-moardner Heinrich Boere (88) feroardield ta libbenslange finzenisstraf.
- 1603 - Ferstoarn: Elizabeth I fan Ingelân, keninginne van Ingelân en Ierlân (* 1533).
- 1607 - Berne: Michiel Adriaenssoan de Ruyter, Nederlânsk admiraal († 1676).
- 1837 - Kanada jout manlju fan Afrikaanske komôf stimrjocht.
- 1882 - Robert Koch makket syn ûntdekking wrâldkundich: de baktearje dy't tuberkuloaze feroarsaket
- 1898 - It Fryske Bûn wurdt stifte.
- 1905 - Ferstoarn: Jules Verne, Frâns auteur en pionier yn it science-fictionsjenre (* 1828).
- 1923 - Grikelân wurdt in republyk.
- 1999 - By in brân yn de Mont Blanc tunnel komme 39 minsken om it libben.
- 1696 - Ferstoarn: Hindrik Kasimir II, foarst fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Fryslân en Grinslân (* 1657).
- 1821 - Grikelân ferklearret itsels ûnôfhinklik.
- 1930 - De Europa fan de NDL wint de Blauwe Wimpel mei 4 dagen, 17 oere en 6 minuten.
- 1957 - It Ferdrach fan Rome wurdt ûndertekene.
- 1965 - Berne: Sarah Jessica Parker, Amerikaanske aktrise.
- 1969 - John Lennon en Yoko Ono begjinne oan harren earste saneamde Bed-In for Peace yn it Hilton hotel fan Amsterdam.
- 1992 - Noarwegen fersiket om tatreding ta de Jeropeeske Mienskip.
- 1707 - Troch de Act of Union wurde Ingelân en Skotlân feriene ta ien ryk mei ien parlemint: Grut-Brittanje.
- 1814 - Ferstoarn: Joseph-Ignace Guillotin, Frânsk dokter en politikus, útfiner fan de Guillotine (* 1738).
- 1827 - Ferstoarn: Ludwig van Beethoven, Dútsk komponist (* 1770).
- 1962 - Berne: Maarten de Jong, eardere Nederlânsk proffuotballer.
- 1968 - Berne: Klasina Seinstra, Fryske reedrydster
- 1297 - Slach by Froonen yn West-Fryslân.
- 1679 - Ferstoarn: Abraham Mignon, Nederlânsk keunstskilder fan blom- en fruchtestillibbens (* 1640).
- 1899 - Berne: Gloria Swanson, Amerikaansk aktrise út de tiid fan de stomme film († 1983).
- 1927 - Berne Chris Fokma, Frysk byldhouwer en keramist.
- 1944 - Ferstoarn: Wouter Wisso van der Meulen, Frysk histoarikus
- 1972 - Ferstoarn: Maurits Cornelis Escher, Nederlânsk keunstner fan Ljouwert (* 1898).
- 1977 - Op it fleanfjild "Los Rodeos" by Teneryf bart it grutste fleanmasine-ûngemak ea.
- 193 - Ferstoarn: Pertinaks, Romeinsk keizer (* 126).
- 1687 - Ferstoarn: Constantijn Huygens, Nederlânsk dichter, gelearde en komponist (* 1596).
- 1800 - It Iersk parlemint tekenet de unifikaasje akte fan 1800 dêr't akkoard yngien wurdt mei in feriening mei Grut-Brittanje.
- 1868 - Berne: Maksim Gorki, Russysk roman- en toanielskriuwer († 1936).
- 1939 - Ein Spaanske boargeroarloch, generaal Francisco Franco feroveret Madrid.
- 1946 - Berne: Wubbo Ockels, in Nederlânske natuerkundige en is de earste Nederlânske romtefarder.
- 1948 - Berne: Freark Smink, Frysk akteur, toanielspiler en regisseur
- 1868 - Berne: Obe Postma, Frysk dichter, natuerkundige (learaar) en amateur-histoarikus († 1963).
- 1840 - Ferstoarn: Jan Adriaan van Zuylen van Nijevelt, kommissaris fan de keninginne yn Fryslân.
- 1912 - Berne: Willy van Hemert, Nederlânsk regisseur († 1993).
- 1912 - Op weromreis fan de Súdpoal komme de Britske poalûndersiker Robert Falcon Scott en syn begelieders om.
- 1956 - Yn Londen demonstrearje wittenskippers út de Sovjet-Uny de earste elektroanemikroskoop.
- 1973 - Súd-Fietnam wurdt ferlitten troch de lêste Amerikaanske militêren.
- 1975 - Berne: Jan Bos, Nederlânsk reedrider.
- 1394 - Albrecht fan Beieren, hartoch fan Beieren, greve fan Hollân, trout mei Margaretha fan Kleef.
- 1791 - Earste definysje fan de meter (yn Parys) as 1/10.000.000e diel fan de ôfstân tusken de noardpoal en de evener.
- 1853 - Berne: Vincent van Gogh, Nederlânsk ympresjonistysk skilder († 1890).
- 1925 - Ferstoarn: Rudolf Steiner, Eastenryksk filosoof en stifter fan de antroposofy (* 1861).
- 1945 - Berne: Eric Clapton, Ingelsk gitarist.
- 1978 - Berne: Sandor van der Heide, Nederlânsk proffuotballer.
- 1987 - It skilderij Zonnebloemen fan Vincent van Gogh wurdt foar $39.85 miljoen ferkocht.
- 1596 - Berne: René Descartes, Frânske wiisgear en wiskundige († 1650)
- 1773 - Berne: Cornelis Ekama, Nederlânsk astronoom en wiskundige fan Frysk komôf († 1824)
- 1889 - De Eiffeltoer wurdt ynwijd.
- 1917 - De Feriene Steaten nimme de Fammeneilannen oer nei betelling fan $25 miljoen oan Denemark.
- 1931 - In ierdskodding yn Nikaragûa kostet 2.000 minsken it libben.
- 1949 - Newfoundland wurdt part fan Kanada.
- 1966 - De Sovjet-Uny lansearret Luna 10, de earste romtesonde dy't yn in baan om de moanne komt.