Michiel de Ruyter

(Trochferwiisd fan Michiel Adriaans de Ruyter)

Michiel de Ruyter (folút: Michiel Adriaenszoon de Ruyter; Flissingen, 24 maart 1607 – yn 'e Baai fan Syrakuse by Sisylje, 29 april 1676) wie in Nederlânsk seeheld, dy't algemien sjoen wurdt as de bêste admiraal fan syn tiid. Hy wie ôfwikseljend yn 'e tsjinst fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en fan partikuliere reders, en dêropta wied er in hoart aktyf as selsstannich ûndernimmer op it mêd fan walfiskfeart en hannel. Nei't er syn wurkpaad úteinset wie as in sljochtwei seeman fan Siuwsk komôf, spile er in wichtige rol yn 'e earste trije Ingelske Oarloggen, de Sweedske Oarloch en ekspedysjes tsjin seerôverij yn 'e Middellânske See. De bynamme Bestevaêr, wat "pake" betsjut, krige er fan syn matroazen.

Michiel de Ruyter
militêr
Michiel de Ruyter skildere troch Ferdinand Bol yn 1667. Hy draacht syn Oarder fan de Hillige Michael.
Michiel de Ruyter skildere troch Ferdinand Bol yn 1667. Hy draacht syn Oarder fan de Hillige Michael.
persoanlike bysûnderheden
namme folút Michiel Adriaenszoon de Ruyter
bynamme Bestevaêr
nasjonaliteit Steatsk
berne 24 maart 1607
berteplak Flissingen (Seelân)
stoarn 29 april 1676
stjerplak Baai fan Syrakuse (Sisylje)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Siuwsk
wurkpaad
tsjinsttiid 16371676
yn tsjinst fan Rep. f.d. Fer. Nederlannen
legerûnderdiel marine
heechste rang luitenant-admiraal (sûnt 1665)
befel Steatske float
konflikt(en) Tachtichjierrige Oarloch
Portegeeske
   Restauraasje-oarloch

Earste Ingelske Oarloch
Sweedske Oarloch
Twadde Ingelske Oarloch
Trêde Ingelske Oarloch
Frânske Oarloch
treffen(s) Belis fan Bergen op Soom
Slach by Kaap Sint-Finsint
Slach by Plymouth
Slach by de Haden
Slach by de Singels
Trijedeiske Seeslach
Seeslach by Nijpoart
Slach by Ter Heijde
Slach om Nyborg
Fjouwerdeiske Seeslach
Twadeiske Seeslach
Tocht nei Chatham
Slach by Solebay
1e Slach by Schooneveld
2e Slach by Schooneveld
Slach by Kijkduin
Slach by Stromboli
Slach by Agosta
ûnderskiedings Oarder fan de Hillige Michael

Yn 1665 waard De Ruyter troch tadwaan fan riedpinsjonaris Johan de Witt promovearre ta de rang fan luitenant-admiraal, en dêrmei ta kommandant fan 'e Steatske marine. Fan syn wapenfeiten binne benammen de oerwinning yn 'e Fjouwerdeiske Seeslach yn 1666, de spektakulêre Tocht nei Chatham yn 1667 en de oerwinning yn 'e Slach by Kijkduin yn 1673 yn it ûnthâld bleaun. Nei de moard op de bruorren De Witt, yn 1672, kaam De Ruyter ûnder de nije steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau te tsjinjen. Dyselde stjoerde him mei in swak eskader út nei it Middellânske-Seegebiet, dêr't er yn it ramt fan 'e Frânske Oarloch de Spanjerts helpe moast yn 'e striid tsjin Frankryk. Yn 1676 kaam De Ruyter dêr te sneuveljen yn 'e Slach by Agosta, foar de kust fan Sisylje.

Michiel de Ruyter waard yn 1607 berne yn it Siuwske Flissingen as Michiel Adriaenszoon; de efternamme 'De Ruyter' soed er pas om 1636 hinne oannimme. Hy waard ferneamd nei syn pake oan heitekant, in boer dy't in lyts spultsje hân hie yn 'e omkriten fan Bergen op Soom. Hy wie it fjirde fan alve bern yn 'e húshâlding fan 'e seeman Adriaen Michielszoon en dy syn frou Alida Jansdochter. Fan syn bruorren en susters kamen de measten te ferstjerren ear't se folwoeksen wiene. De Ruyter syn heit Adriaen waard letter bierdrager yn Flissingen; de bierdragers foarmen yn dy tiid in selsstannich gilde dat yn 'e stêd it allinnerjocht hie op it ferfier fan bier.

Oer de jonkheid fan De Ruyter binne details bekend út ferskate santjinde-iuwske biografyen. De betrouberste dêrfan is dy fan Gerard Brandt, dy't nei De Ruyter syn dea fan syn famylje de opdracht krige en skreau syn libbensferhaal op. Dêrby moat oantekene wurde dat it doedestiden wizânsje wie om alderhanne foarfallen út 'e jonkheid fan 'e beskreaune persoan oan te heljen dy't foarútwiisden nei syn takomstige rom as oarlochsheld. Guon fertellings fan Brandt, lykas it ferhaal dat De Ruyter al jong sa ûnferskrokken wie dat er mei tsien jier de toerpjuts fan 'e Grutte of Sint-Jakobstsjerke beklom en oan 'e bûtenkant wer ôfgie, moatte dêrom mei in kerl sâlt nommen wurde.

It ferhaal dat De Ruyter as jonge yn in touslaggerij wurke, liket nearne nei foarút te wizen, en wurdt dêrom troch de measte histoarisy as autentyk akseptearre. Itselde jildt foar de fermelding dat er by dat bedriuw fanwegen misdragings ûntslach krige en dat er om dyselde reden ek fan skoalle stjoerd waard. As natuerlik lieder soe De Ruyter de oanfierder fan syn skoalmaten west hawwe, mar hy wie ek in dwerskop en in fjochtersbaas. Nettsjinsteande dat learde er genôch skriuwen en lêzen om him letter rêde te kinnen, sjoen de lochboeken fan sines dy't bewarre bleaun binne, al makke er syn Nederlânsk (yn in tiid dat der noch lang gjin sprake wie fan in standerttaal) mei Siuwske dialektismen ôf.

 
In gravuere fan De Ruyter út omtrint 1654.

Yn 1618, doe't De Ruyter alve jier wie, gied er foar it earst nei see, eat dat nei syn eigen sizzen altyd al syn djipste hertewinsk west hie. Hy waard hoogbootmansjongen op in Steatsk skip. Yn dy tiid wie de Tachtichjierrige Oarloch tusken de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en it Keninkryk Spanje noch yn folle gong, en inkele jierren letter waard De Ruyter ferwûne troch de Spanjerts kriichsfinzen nommen en fêstset yn La Coruña, yn Galysje. Hy wist dêrwei lykwols te ûntsnappen en rûn mei in pear maten it hiele ein werom nei de Republyk, dwers troch Spanje, Frankryk en de Súdlike Nederlannen hinne. Dat ûnwierskynlike ferhaal is perfoarst autentyk, mei't berneboekeskriuwer John Brosens der yn Spaanske argiven stikken oer opdjippe hat by it ûndersyk dat er die foar yn histoaryske jeugdroman Koers Pal Noord.

Tsjin 'e tiid dat er fyftjin jier wie, yn 1622, hie De Ruyter himsels opwurke ta schipper, wat yn dy tiid de heechste ûnderofsiersrang op in skip wie. Dat jiers waard er promovearre ta hoogbootsmansmaat en yn dy hoedanichheid fear er foar it earst út op in oarlochsskip. It is ûnbekend hoelang't dy earste seetsjinst duorre hat, mar it kin nea net al te lang west hawwe, mei't De Ruyter datselde jiers noch op 'e noed kaam fan in omke oan syn memmekant. Dy omke wie ruter yn it leger fan steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau, dat op dat stuit by Kleef lei. Neffens de oerlevering soe it west hawwe om dizze man te earjen, dy't blykber in leaflingsomke fan him wie, dat De Ruyter letter 'De Ruyter' as efternamme oannaam. Guon histoarisy achtsje it wierskynliker dat de namme 'De Ruyter' ûntliend is oan it ruiten oftewol rôvjen fan skippen, sa't kapers dat diene. De stavering fan dy namme stie trouwens net fêst, noch it derby brûken fan it tuskenfoechsel 'de'. Nei goed santjinde-iuwsk gebrûk skreau ek De Ruyter sels syn namme op alderhanne manearen. Pas yn 'e njoggentjinde iuw begûn men standert de staveringsfariant 'De Ruyter' te brûken.

Mei syn omke naam De Ruyter letter dat jier as 'bussjitter' diel oan 'e striid tsjin 'e Spanjerts by it Belis fan Bergen op Soom. No is 'bussjitter' in dûbelsinnige beneaming, dy't sawol 'musketier' as 'kanonnier' betsjutte kin, mar it wurdt frij algemien oannommen dat De Ruyter as kanonnier tsjinne, om't oan sokken altyd in tekoart wie en seelju der net selden foar oanlutsen waarden, dy't ommers op harren skippen faak ek ûnderfining mei kanons opdien hiene. De Ruyter holp by Bergen op Soom, dêr't de famylje fan syn heit oarspronklik wei kaam, mei oan it ûntset fan 'e stêd fan 'e Spaanske belegering.

Karriêre as keapman en ûndernimmer

bewurkje seksje

Nei syn aventoeren by it Belis fan Bergen op Soom waard De Ruyter keapman, en yn dy hoedanichheid wied er oant 1631 foar it Flissingske keapmanshûs Lampsins aktyf as hannelsagint yn Dublin, dêr't er floeiend Iersk learde. Ut dy tiid stammet it ferneamde mar twivelige ferhaal dat De Ruyter, op in weromreis út Dublin, in besykjen fan 'e Dúntsjerker kapers om syn skip te interjen dwerseide troch de bûtenkant fan it skip yn te smarren mei Ierske bûter. By in oar treffen mei de Dúntsjerkers soed er in kapersskip ta oerjefte twongen hawwe troch der bretaalwei op ta te farren wylst syn eigen bemanning mar 17 koppen telde, wylst de Dúntsjerker 120 opfarrenden en tweintich kanonnen hie. De kaperkaptein joech him lykwols oer om't er miende dat inkeld in folle sterker skip op sa'n wize doare soe oan te fallen. By wer in oar treffen mei de Dúntsjerkers soe De Ruyter mei in houwiel oan 'e holle ferwûne rekke wêze, neffens Brandt de iennichste earnstige oarlochsferwûning dy't er ea oprûn foar de fatale treffer yn 1676.

 
In portret fan Michiel de Ruyter troch Hendrik Berckman, út 1655.

Yn 1633 kaam De Ruyter as stjoerman oan board fan 'e walfiskfarder de Groene Leeuw. Dat wie in skip fan 'e Noardske Kompanjy, dat as bestimming it eilân Jan Mayen yn 'e Noarske See hie. Dy reis duorre fan 8 maaie oant 8 septimber. Yn 1635 fear er, noch hieltyd as stjoerman, op itselde skip nei Spitsbergen. Fierders wied er ek aktyf op 'e rûte nei Súd-Amearika. Yn 1637 sylde De Ruyter út as kaptein fan in saneamd 'direksjeskip', in partikulier oarlochsskip, dat yn dit gefal eigendom wie fan it Flissingske keapmanshûs Lampsins. Mei dat skip moast er de swakke Steatske float bystean yn 'e striid tsjin 'e Dúntsjerker kapers. Om't Seelân net in offisjele direksjekeamer hie, kin De Ruyter sels op dizze tocht ek as kaper beskôge wurde. Yn 1640 waard er kaptein op 'e keapfarder Vlissinge, op 'e nij yn 'e tsjinst fan Lampsins. Mei dat skip makke De Ruyter in stikmannich reizen nei West-Ynje.

Yn 1641 gie De Ruyter koart yn Steatske oarlochstsjinst. Hy tsjinne doe mei de rang fan skout-by-nacht en kaptein fan it oarlochsskip De Haze ûnder fise-admiraal Aert Gijsels van Lier, en focht yn 'e Slach by Kaap Sint-Finsint tsjin 'e Spaanske marine. Dat alles yn it ramt fan 'e Portegeeske Restauraasjeoarloch, wêrmei't it Keninkryk Portegal him nei sechstich jier Spaanske besetting wer ta in ûnôfhinklik lân ûntjoech.

Fan 1644 oant en mei 1651 makke De Ruyter mei syn skip de Salamander as selsstannich ûndernimmer in soad hannelsreizen op Marokko en West-Ynje. Yn 1650 ferbleau er mear as acht moannen yn 'e havenstêd Agadir, yn súdlik Marokko. De reden dêrfoar is net bekend, mar wol liet er optekenje dat er dêr "mei in protte fertriet" tahold. Syn reizen nei Marokko wiene fierders tige winstjaand. Hy ferkocht der wapens, piper, bilen, sulverne drinknappen, houten kistkes en huodden oan Sidi Ali ben Mohammed, in opstannelingelieder yn in súdlik provinsje. Ek ferjage er in kear de Barbarijske seerôvers dy't mei harren skippen de haven fan Salé blokkearren, wêrnei't er mei grut earbetoan yn 'e tankbere stêd ûntfongen waard.

 
In famyljeportret fan Michiel de Ruyter en syn húshâlding, troch Jurjen Japiks, út 1662.

Houlik en gesin

bewurkje seksje

Under de namme fan Machghyel Adriaenszoon troude De Ruyter op 16 maart 1631 mei de boeredochter Maayke Velders út it Walcherske Grijpskerke. Dy kaam lykwols al op 31 desimber fan datselde jier yn it kreambêd te ferstjerren. Harren bern, it dochterke Alida of Aaltje, stoar trije wiken letter.

De Ruyter wertroude op 1 july 1636 mei Neeltje Engels (1607-1650), dy't út in begoedige regintefamylje kaam. Mei har krige er fiif bern: Adriaen (1637-1655), Cornelia of Neeltje (1639-1720), in trêde dochterke (1641) dat lykwols nei in pear dagen sûnder doopt te wêzen ferstoar, Alida of Aaltje (1642-1679) en Engel (1649-1683). Tsjin 'e tiid dat De Ruyter yn 1650 foar de twadde kear widner waard, hied er al in fermogen opboud fan tsientûzenen gûnen en dêropta it poorterschap (boargerrjocht) fan Flissingen krigen.

Datselde jiers wertroude De Ruyter op 'e nij, te witten op 15 septimber 1650. Syn trêde frou wie de seemanswiddo Anna van Gelder (1614-1687), dy't in foardochter hie út har eardere houlik. Mei har sette De Ruyter him nei wenjen yn in rom hûs op 'e hoeke fan 'e Lange Nieuwstraat en it Groenewoud, dêr't er rinteniere woe. Dat rûn lykwols oars, want yn 1655 ferhuze er mei syn gesin nei Amsterdam, dêr't er in hûs kocht oan wat doe de Buitenkant hiet, no Prins Hendrikkade 131. Mei Anna krige er noch twa dochters: Margaretha (1650-1???) en Anna (1655-1666), dy't mei alve jier oan 'e pest beswike soe.

Hast al De Ruyter syn bern kamen jong te ferstjerren. Syn soan Engel soe it ta fise-admiraal bringe, mar hy troude nea en stoar sûnder bern. De hiele hjoeddeistige neiteam fan De Ruyter, besteande út 'e famylje De Ruyter de Wildt en De Ruyter van Steveninck, stammet ôf fan syn dochters Alida, resp. Margaretha. Dy lêste troude mei in Somer, wylst Alida yn 1663 troude mei Johan Schorer (1628-1664) en yn 1664 wertroude mei de predikant Thomas Potts.

 
In 19-iuwske gravuere fan Michiel de Ruyter.

Karriêre yn Steatske tsjinst

bewurkje seksje

Earste Ingelske Oarloch

bewurkje seksje

Nei't der mei de Frede fan Múnster yn 1648 in ein oan 'e Tachtichjierrige Oarloch kaam, rekke Steatske float alhiel fertutearze. Doe't yn 1652 de Earste Ingelske Oarloch útbriek, moasten der halje-trawalje in soad skippen mei kundige bemannings en kapteins tafoege wurde om wjerstân biede te kinnen oan 'e sterke marine fan 'e Ingelske Republyk fan Oliver Cromwell. De Admiraliteit fan Seelân die doe in berop op û.o. De Ruyter, dy't sadwaande ein july fan dat jier út plichtsbesef, sij it mei tsjinnichheid, wer tsjinst naam. Hy waard oansteld as kommandant fan in partikulier betelle helpeskader fan direksjeskippen, dat foar it meastepart bestie út hastich omboude keapfardijskippen.

De Ruyter krige de rang fan fise-kommandeur ûnder de Hollânske fise-admiraal Witte de With. Under ôfwêzichheid fan De With fierde De Ruyter, fanôf syn flaggeskip de Kleine Neptunis, in eskader Siuwske oarlochsskippen oan dat op 23 augustus 1652 yn It Kanaal, yn 'e Slach by Plymouth, in Ingelsk eskader ûnder generaal-op-see George Ayscue fersloech. Dat wie de earste Steatske oerwinning yn 'e Earste Ingelske Oarloch, en it makke De Ruyter op slach ta seeheld. Hy krige yn dy tiid de bynamme de "Zeeuwsche Zeeleeuw". Op 1 desimber 1652 waard er befoardere ta kommandeur, in rang dy't by de Siuwske admiraliteit gelyk stie oan skout-by-nacht. Tenei tsjinne er ûnder fise-admiraal Johan Evertsen, dy't oan it haad fan it flottylje fan 'e Admiraliteit fan Seelân stie.

As eskaderkommandant naam De Ruyter diel oan 'e Slach by de Haden, de Slach by de Singels, de Trijedeiske Slach, de Seeslach by Nijpoart en de Slach by Ter Heijde. Under de Trijedeiske Seeslach besette er mei in diel fan 'e bemanning fan syn skip ’t Witte Lam de Ingelske Prosperous, mar moast dy letter yn deselde slach wer opjaan. Yn 'e jammerdearlik ferrûne Slach by Ter Heijde, foar de Hollânske kust by Skeveningen, kaam de Steatske luitenant-admiraal Maarten Harpertszoon Tromp te sneuveljen. De Ruyter wie de iennichste kommandant dy't Tromp syn flaggeskip de Brederode berikke koe om mei eigen eagen it lyk fan syn befelhawwer te oanskôgjen. Hy wie it, dy't Egbert Bartolomeusz. Kortenaer advisearre om 'e dea fan Tromp geheim te hâlden oant de slach foarby wie. De Ruyter boude ûnder de seeslaggen fan 'e Earste Ingelske Oarloch de reputaasje op in betrouber en kundich ofsier te wêzen. Troch de nederlaach yn 'e Slach by Ter Heijde einige de Earste Ingelske Oarloch lykwols mei in Ingelske hegemony op see. De Republyk wie twongen en tekenje de fernederjende Frede fan Westminster.

 
It portret fan Michiel de Ruyter yn 'e Atlas Blaeu–Van der Hem.

Tusken de oarloggen yn

bewurkje seksje

Neitiid moast der in opfolger komme foar Maarten Tromp as luitenant-admiraal. Dat wie nammentlik yn 'e praktyk de heechste marine-ofsier fan 'e Republyk, dy't lieding joech oan 'e hiele float, besteande út 'e flottyljes fan alle fiif admiraliteiten: Amsterdam, de Maas (yn Rotterdam), West-Fryslân (yn Hoarn en Inkhuzen), Fryslân (yn Dokkum, letter Harns) en Seelân (yn Flissingen). Yn teory wie de steedhâlder, as admiraal-generaal, de wiere oerbefelhawwer fan 'e marine, mar dy liet him yn 'e hiele skiednis fan 'e Republyk nea yn mei oarloch op see. Boppedat wie yn 1650 yn Hollân en Seelân it Earste Steedhâlderleaze Tiidrek begûn, sadat der op dat stuit hielendal gjin steedhâlder wie: Willem II wie jong stoarn en syn soan Willem III wie noch in pjut.

En dy steedhâlderleaze sitewaasje wie wat dat de saneamde steatsksinnigen yn 'e Republyk graach sa hâlde woene. De steatsksinnige partij bestie foar it meastepart út rike keaplju en patrysjers, de saneamde reginten, dy't neat hawwe moasten fan 'e oanhâldend macht nei harrensels talûkende Oranjes. Skriks en skrank foar harren oer stiene de oranjesinnigen (of oranzjisten), de oanhingers fan it Hûs Oranje-Nassau, dy't sa gau mooglik wer in nije steedhâlder oansteld hawwe woene. Yn 1652 wie de macht fan dy lêste partij beheind, mar inkeld om't der op dat stuit gjin oannimlike kandidaat wie foar it steedhâlderskip. De lieder fan 'e steatsksinnigen wie Johan de Witt, dy't de post fan riedpinsjonaris fan it gewest Hollân beklaaide. Hoewol't er dêrmei yn teory neat oer it politike belied yn 'e oare seis gewesten fan 'e Republyk te sizzen hie, wie Hollân binnen dat steatsferbân sa ynfloedryk dat dat yn 'e praktyk oars lei. Boppedat wie it regear fan Hollân fêstige yn De Haach, dêr't ek de Steaten-Generaal, mei fertsjintwurdigers fan alle gewesten, harren sit hiene. Troch de yn dy tiid grutte en dreech te oerbrêgjen ôfstannen nei de haadstêden fan 'e oare gewesten wie it bestjoer fan Hollân it iennichste dat fluch en adekwaat reägearje koe op ynternasjonale ûntwikkelings. Dêrmei wie de riedpinsjonaris fan Hollân yn 'e praktyk min ofte mear de premier fan 'e Republyk.

By it fakant kommen fan in post as dy fan luitenant-admiraal besochten sawol de oranjesinnigen as de steatsksinnigen in eigen kandidaat beneamd te krijen. Tromp hie dúdlik in oranjeman west, en De Witt woe yn 1652 net wer sa'nent oan it haad fan 'e marine hawwe. Hy seach yn De Ruyter, dy't him altyd strikt neutraal holden hie yn 'e ynterne strideraasjes yn 'e Republyk, in bûnsgenoat of yn elts gefal ien dy't in oranjesinnige kandidaat blokkearje koe. Dêrom oefene er grutte druk út op De Ruyter om in promoasje ta luitenant-admiraal oan te nimmen. De Ruyter wegere lykwols, miskien om't er him net baarne woe oan sa'n polityk gefoelige saak, mar grif ek om't er âldere en heger yn rang steande ofsieren lykas Johan Evertsen en Witte de With net passearje woe. Hy bleau lykwols al yn 'e tsjinst fan 'e marine, en waard op 2 maart 1654 befoardere ta fise-admiraal fan 'e Admiraliteit fan Amsterdam. Dat wie foar him in grutte stap foarút, want de Admiraliteit fan Amsterdam levere tegearre mei de Admiraliteit fan de Maas, yn Rotterdam, de measte skippen foar de Steatske float. Boppedat waard it flottylje fan Amsterdam yn 'e folgjende jierren flink útwreide troch it yn 'e feart nimmen fan likernôch 60 swierdere oarlochsskippen.

 
In portret fan De Ruyter syn trêde frou Anna de Ruyter-Van Gelder, troch Hendrik Berckman, út 1668.

De Steatske float hie dy snuorje ferskate taken. Yn it foarste plak moasten de Nederlânske hannelsrûtes oer see beskerme wurde, benammen dy troch It Kanaal, tsjin 'e Dúntsjerker kapers, en dy yn 'e Middellânske See, tsjin 'e Barbarijske seerôvers. Dêrnjonken woene De Witt en de reginten dat der tsjinwicht bean waard oan 'e ekspansjonistyske polityk fan 'e Sweedske kening Karel X, dy't yn 'e Lytse Noardske Oarloch it hiele Eastseegebiet ûnder syn macht drige te bringen. As dat him slagge, soed er oan útlânske skippen safolle tol oplizze kinne as er mar woe, wylst de saneamde Eastfeart, de hannel op it Eastseegebiet, fan alle Steatske hannelsrûtes krekt it meast winstjaand wie. De Republyk hie der dus alle belang by om Karel X de foet dwers te setten. En fierders waard ek noch besocht en nim beskate dielen fan it Portegeeske koloniale ryk oer. De aksjes dy't De Ruyter yn 'e twadde helte fan 'e 1650-er jierren ûndernaam moatte yn dat ramt pleatst wurde.

Sa fear er yn 1655 mei de Tijdverdrijf nei de Middellânske See foar in strafekspedysje tsjin 'e Barbarijske seerôvers út Algiers. In jier letter ûntsette er yn 'e Eastsee de stêd Danzig, dêr't de Republyk in protte hannel mei driuw, fan in belegering troch de Sweden. Yn 1657 en 1658 fierde er blokkade-aksjes út foar de kust fan Portegal. En yn 1659 fierde De Ruyter it befel oer in helpfloat dy't de luitenant-admiraal Jacob van Wassenaer Obdam yn 'e Sweedske Oarloch bystean moast by de befrijing fan 'e Deenske Eilannen nei de Steatske oerwinning op 'e Sweden yn 'e Slach yn de Sont, dy in folsleine Deenske nederlaach foarkomd hie. De Ruyter befrijde de stêd Nyborg, op it eilân Funen, wêrby't er grutte persoanlik moed oan 'en dei lei troch nei in fêstrûne earste oanfal yn 'e Slach om Nyborg foarop te gean by de bestoarming fan 'e Sweedske stellings.

In jier letter waard De Ruyter troch in tankbere kening Freark III fan Denemark op 1 augustus 1660 as ridder yn 'e Deenske adel ferheft. Hy krige dêrby in famyljewapen mei yn 'e fjouwer kertieren resp. in harnaste ruter, in kanon, in oarlochsskip en de Dannebrog, de flagge fan Denemark. De Ruyter en Freark III ûnderholden neitiid in persoanlike freonskip. De Ruyter krige it rjocht om hannel te driuwen op Noarwegen, dat doedestiden ûnder de Deenske Kroan foel. Dêrta rjochte er yn 1660 de Noardkaapske Kompanjy op, dy't oant 1664 aktyf bleau. It wurkmêd fan dy ûndernimming wie benammen de walfiskfeart, mar dêrnjonken ek de hannel yn lever en kût fan kabbeljau.

 
In skilderij fan Willem van de Velde de Alde, dêr't op te sjen binne: de Tijdverdrijf of Huis Tijdverdrijf en de Olifant of Witte Olifant op 'e foargrûn; de Gouden Leeuw, de Hof van Zeeland en de Vrijheid yn 'e midden; en de Zeven Provinciën op 'e eftergrûn.

Oarloch yn 'e koloanjes

bewurkje seksje

Fan 1661 oant 1663 wie De Ruyter mei in Steatsk eskader yn it Middellânske-Seegebiet aktyf om mei de Barbarijske seerôvers ôf te weven. Hy twong harren in ferdrach ôf, mar dat waard frijwol daliks skeind nei't er ôfreizge wie, sadat er yn 1664 foar in fjirde jier op rige nei de Middellânske See ta útstjoerd waard. Dêr arrivearre, krige er berjocht dat der driuwender swierrichheden wiene. Yn 1660 wie troch de Restauraasje fan it Hûs Stuart mei Steatske stipe Karel II op 'e troan kommen fan it yn âlde steat werombrochte Keninkryk Ingelân. De Republyk hie lykwols net folle tankberens fan 'e heechhertige foarst te ferwachtsjen. Yn 1664 besleat Karel syn broer Jakobus Stuart (de lettere kening Jakobus II), dy't troch Karel oansteld wie as kommandant fan 'e Ingelske marine, om 'e besittings fan 'e Steatske Westyndyske Kompanjy (WIC) ûnder Ingelsk bestjoer te bringen. Hy liet Nij-Nederlân, de Steatske koloanje yn Noard-Amearika, besette, en stjoerde admiraal Robert Holmes út om 'e faktorijen fan 'e WIC yn West-Afrika te feroverjen en sa de lukrative slavehannel dêre oer te nimmen.

Johan de Witt lei him dêr lykwols net by del. Mar om foar te kommen dat de oranjesinnigen, dy't er derfan fertocht dat se mei de Ingelsen ûnder ien tekken skûlen, syn plannen oan Londen útbringe soene, liet er syn oarders oan De Ruyter om 'e ferlern giene besittings werom te feroverjen troch de Steaten fan Hollân en West-Fryslân temûk as hammerstik oannimme. Sadwaande sette De Ruyter mei syn eskader fan tolve skippen op 5 oktober 1664 ôf by Cádiz wei nei it suden. As syn flaggeskip brûkte er diskear de Spiegel, dy't mei 68 kanonnen tarist wie. Behalven De Ruyter sels en syn fyftjinjierrige soan Engel de Ruyter fearen by dizze strafekspedysje tsjin 'e Ingelsen tal fan Steatske seehelden mei, wêrûnder Jan Meppel, Enno Doedes Star, Willem van der Zaen, Gideon de Wildt, Isaac Sweers en de bruorren Jan Jansse van Nes en Aert Jansse van Nes. Fral mei dy lêste soe De Ruyter in hechte beropsmjittige relaasje ûntwikkelje.

Op 22 oktober ûntrommen de Ingelsen nei in ultimatum fan De Ruyter it eilân Gorée, foar de kust fan wat no Senegal is, wêrby't se de lading fan acht fan harren keapfarders tsjin lege priis ferkeapje moasten. De Ruyter sels mette dêr syn jeugdfreon Jan Compagnie, in negroïde Afrikaan dy't as bern ta slaaf makke wie en nei Seelân ta brocht wie. No wurke er op Gorée as wurknimmer fan 'e WIC. Om 'e Ingelsen te straffen ferwuostge De Ruyter nei de weromjefte fan Gorée dêr de Ingelske faktorijen. Neitiid liet er it lettere Freetown plonderje en werovere er it WIC-fort Witsen. Op 7 jannewaris 1665 died er oan 'e Goudkust (it hjoeddeistige Gana) it WIC-fort Elmina oan en begjin febrewaris oerweldige er de sterke Ingelske fêsting Cormantine, dy't neitiid omdoopt waard ta Fort Amsterdam.

 
In portret fan De Ruyter troch Hendrik Berckman, út 1668.

Weromkeard by de westpunt fan Afrika, dêr't De Ruyter de oankomst fan 'e ferwachte Ingelske en Steatske floaten ôfwachtsje woe, krige er berjocht dat dy net kamen, en dat er de Atlantyske Oseaan oerstekke moast om 'e Ingelske koloanjes yn Amearika oan te fallen. Op 27 febrewaris sette De Ruyter ôf nei it súdeasten, om in geunstige eastlike passaatwyn te finen foar de oerstek, om op 15 maart, mei de sochte wyn yn 'e rêch, oan 'e oerstek te begjinnen. Op 30 april oerfoel er de Ingelske koloanje Barbados, dêr't er mei syn kanonnen de fêstingwurken en in tritichtal foar anker lizzende keapfarders beskeat. Op it Frânske Martinyk waarden nije foarrieden ynslein, en nei in besyk oan Sint-Eustasius makke it eskader njoggen Ingelske keapfarders bút dy't it tafallich tsjinkaam. De bút waard ferkocht op it hjoeddeistige eilân Sint-Kits, dat doe yn Frânske hannen ferkearde, wêrnei't De Ruyter op 15 maaie koerts sette yn 'e rjochting fan Bermuda.

De kriichsried fan it eskader seach der yn ûnderling oerlis fan ôf om in werovering fan Nij-Nederlân te prebearjen, om't men bang wie yn 'e fâle fan in Ingelske float te rinnen (dy't dêr trouwens net wie). Ynstee fear men nei Nijfûnlân ta, ûnderweis in Ingelske hjerringfloat ûnderskeppend. Op Nijfûnlân waard de winstjaande kabbeljaurikkerij fan St. John's yn 'e jiske lein. Op 21 juny 1665 waard oan 'e oerstek nei Jeropa begûn, om op 18 july by de Fêreu-eilannen oan te kommen. Ticht by de Sjetlâneilannen lâns farrend waard De Ruyter syn eskader op 22 july opfongen troch it advysjacht De Verlooren Zoon, dat der tynge fan die dat in sterker Ingelsk eskader de Noardsee trochkrúste mei de opdracht om De Ruyter-en-dy te ûnderskeppen. Foarhinne hie De Ruyter om utens net botte bekend west, mar troch syn súksessen yn West-Afrika wied er foar de Ingelsen de belicheming fan 'e fijân wurden, en woene se him oft it op kaam of del te pakken krije. De Ruyter wachte lykwols syn kâns ôf foar de kust fan it neutrale Noarwegen, en gloep doe troch tichte mist fia de kusten fan Jutlân en Hilgelân by de Ingelsen lâns, om op 6 augustus de haven fan Delfsyl yn te rinnen, dêr't er as held ûntfongen waard.

Twadde Ingelske Oarloch

bewurkje seksje

Underwilens wie yn Jeropa de Twadde Ingelske Oarloch útbrutsen, dy't yn 'e koloanjes eins al in jier geande wie. Yn 'e Slach by Lowestoft hie de Steatske float op 13 juny 1665 in swiere nederlaach lit, wêrby't Jacob van Wassenaer Obdam troch in foltreffer yn 'e krûdkeamer fan syn flaggeskip de dea fûn hie. Sadwaande moast der in nije luitenant-admiraal komme. De oranjesinnigen hiene foar dy posysje Cornelis Maartenszoon Tromp nei foarren skood, dy't himsels yn juny tige populêr makke hie troch in wichtich diel fan 'e Steatske float nei de nederlaach by Lowestoft feilich thús te bringen. Tromp, de soan fan 'e âlde luitenant-admiraal Maarten Tromp, wie in fjurrich oranjeman, dy't it steatsksinnige rezjym fan Johan de Witt de skuld fan 'e nederlaach op 'e lea besocht te skowen en himsels presintearre as de rêder fan it heitelân. Hy hie it al safier krigen dat er as waarnimmend floatkommandant oansteld wie, doe't De Ruyter yn Delfsyl oankaam.

 
It stânbyld fan Michiel de Ruyter yn syn berteplak Flissingen. It waard makke troch Louis Royer, yn 1841 ûntbleate op it De Ruyterplein en yn 1894 ferpleatst nei it hjoeddeistige plak op it Keizersbolwurk.

Foar De Witt wie dat in útkomst. De heldestatus fan De Ruyter rjochtfeardige it passearjen fan 'e lestige Tromp en it foarkommen fan oermjittige oranjesinnige ynfloed op 'e marine. Doe't De Ruyter op 11 augustus ta luitenant-admiraal beneamd waard, ûntstie der sadwaande yn 'e top fan 'e Steatske marine in tige ûnnoflike sitewaasje, wêrby't De Ruyter yn Tromp in ûnderbefelhawwer krige dy't dan wol syn bêst die om him yn syn posysje te skikken, mar dêr eins net ta yn steat wie. Tromp moat tige oergeunstich op De Ruyter as luitenant-admiraal west hawwe, hoewol't er nei't it skynt gjin bysûndere antypaty tsjin De Ruyter as persoan koestere. Iroanysk genôch wie dit min ofte mear deselde sitewaasje dy't earder ek bestien hie tusken Tromp syn heit Maarten en dy syn ûnderbefelhawwer Witte de With.

Troch it bestean fan fiif ûnderskate admiraliteiten wiene de ferhâldings binnen de marine fan 'e Republyk tige betiizjend, ek foar lju dy't doe libben. De heechste rang fan 'e Admiraliteit fan Amsterdam wie ek luitenant-admiraal, en De Ruyter waard dêr al op 29 jannewaris 1665 yn ôfwêzichheid yn dy funksje beneamd. Doe't De Ruyter luitenant-admiraal fan 'e hiele float waard, stelde de stêd Amsterdam foar om him beide funksjes njonkeninoar beklaaie te litten, mar it luitenant-admiraalskip fan 'e hiele float hie altyd in privileezje fan 'e Admiraliteit fan de Maas yn Rotterdam west, en sadwaande gie De Ruyter op 19 desimber 1665 oer nei dy admiraliteit, hoewol't er yn Amsterdam te wenjen bleau. De nije luitenant-admiraal fan Amsterdam waard doe Cornelis Tromp, dy't dêrfoar krekt oan 'e Admiraliteit fan de Maas ferbûn west hie. Mar de Maas woe ek in luitenant-admiraal hawwe om lieding te jaan oan it eigen flottylje en dêrta waard doe Aert Jansse van Nes beneamd.

Under Van Wassenaer Obdam hie De Ruyter as adviseur al grutte ynfloed hân op 'e modernisaasje fan 'e Steatske float, en nei't er sels luitenant-admiraal wurden wie, sette er dat proses fuort. Under syn lieding waard oefene yn it farren yn kylliny (dus yn in rjochte rige efterinoar oan) sadat alle skippen tagelyk in frij skoatsfjild yn 'e rjochting fan 'e fijân hawwe soene. Dat wie in taktyk dy't ôfsjoen wie fan in modernisearring dy't de Ingelsen ûnder admiraal Robert Blake ynfierd hiene. Fierders liet De Ruyter ek in systeem fan seinflaggen oannimme, dat in rjochte strategy ûnder in seeslach mooglik makke. Foartiid hie oarloch op see benammen in ûnkoördinearre gefjocht fan skip tsjin skip west. En by einbeslút wie De Ruyter ek ferantwurdlik foar de oprjochting fan it Korps Mariniers, hoewol't men yn dy tiid noch fan 'seesoldaten' spriek. Dat wiene lju dy't oefene wiene as soldaat en oan lân gean koene om fêstings en stellings fan 'e fijân yn te nimmen, sadat foar dat doel net langer skipsbemannings ynset hoegden te wurden. De mariniers foarmen in fernijing dy't De Ruyter en Johan de Witt tegearre beknopedraaid hiene.

Tuskentroch moast der noch in driuwende saak oplost wurde. De Ruyter wie op syn weromreis krekt de grutte retoerfloat út East-Ynje misrûn, dy't nei him, folladen mei speserijen, fia Noarwegen de Republyk hope hie te berikken. Yn augustus 1665 wie de retoerfloat lykwols yn 'e haven fan it Noarske Bergen blokkearre rekke troch de Ingelsen. Kommandeur Pieter de Bitter wist yn 'e Slach yn de Baai fan Bergen in Ingelske oanfal ôf te slaan, mar soe inkeld mei help fan 'e Steatske marine troch de blokkade hinne brekke kinne. De Ruyter teach dêrom mei in eskader werom nei Noarwegen, ûntsette De Bitter en begelate dêrnei de retoerfloat nei hûs ta. Dêrby slagge it de Ingelsen op 'e nij net om De Ruyter te ûnderskeppen, hoewol't se wol ferskate nei in stoarm ferpraat rekke East-Ynjefarders bútmeitsje koene.

 
De Fjouwerdeiske Seeslach, yn 1666, skildere troch Pieter Cornelisz. van Soest.

Underwilens waard der op 'e skipswerven fan 'e Republyk iverich wurke oan 'e bou fan sa'n tachtich nije oarlochsskippen, dy't swierder wiene as de eardere generaasje marineskippen, sadat se it goed opnimme koene tsjin 'e Ingelske float. Ien fan dy nije skippen wie De Zeven Provinciën, dat De Ruyter yn 1666 as syn nije flaggeskip yn gebrûk naam. De oanwoeksen slachkrêft fan 'e Steatske float kaam daliks al ta utering yn it earstfolgjende grutskalige treffen mei de Ingelsen. Dat wie de Fjouwerdeiske Seeslach, dy't fan 11 oant 14 juny 1666 útfochten waard, en wêryn't de behindich manûvrearjende De Ruyter de Ingelsen ta harren eigen ferbjustering in swiere nederlaach tabrocht. Dy slach soe de grutste bliuwe út it hiele tiidrek fan it sylskip, en fêstige foargoed De Ruyter syn namme as admiraal.

Yn 'e Twadeiske Seeslach, op 4 en 5 augustus, ûntsnapte De Ruyter lykwols nauwerneed oan 'e ferneatiging doe't syn foarhoede troch de Ingelsen alhiel útinoar slein waard. Troch superieur seemanskip slagge it him om mei syn middeneskader de ôftocht te dekken, mar dêrby seach er sels op in stuit de saak sa tsjuster yn dat er mei opsetsin de dea socht troch himsels bleat te stellen oan fijannich fjoer. Nei ôfrin fan 'e slach ferwiet De Ruyter Cornelis Tromp dat dy mei syn eskader útpykt wie om 'e Ingelske efterhoede te efterfolgjen, mei as gefolch dat de Steatske haadmacht yn gefaar brocht wie. Dat rûn út op in slepend skeel tusken de beide admiraals, dat al rillegau ek in politike lading krige doe't de oranjesinnigen har efter Tromp opstelden. Troch de nederlaach yn 'e Twadeiske Seeslach koe in Ingelske float ûnder admiraal Robert Holmes It Fly ynfarre, it seegat tusken Flylân en Skylge, en dêr op 'e rede fan Flylân mear as 150 Steatske skippen, benammen keapfarders, yn 'e brân stekke. Boppedat giene de Ingelsen op Skylge oan lân, dêr't se it doarp West-Skylge plonderen, útmoarden en platbaarnden. Dat barren kaam bekend te stean as it Freugdefjoer fan Holmes (Holmes' Bonfire). Troch dy tsjinrampen rûnen de spannings yn 'e Republyk sa heech op dat it sels ta in lytse opskuor kaam by De Ruyter syn wente yn Amsterdam. De Witt kaam lykwols al rillegau mei bewizen dat in diel fan 'e oranjesinnige foaroanlju mei de fijân gearspanden. De Rotterdamske regint Johan Kievit, in sweager fan Cornelis Tromp, naaide út nei Ingelân doe't er ûnder fertinking fan heechferrie kaam, en Tromp sels waard dêrnei út 'e float ûntslein.

 
De Tocht nei Chatham, yn 1667, skildere troch Pieter Cornelisz. van Soest.

De fertsjinsten fan De Ruyter yn 'e striid tsjin Ingelân krigen ek wurdearring yn it Keninkryk Frankryk, dat begjin 1666 de oarloch oan Ingelân ferklearre hie. Yn augustus waard De Ruyter troch kening Loadewyk XIV fan Frankryk opnommen yn 'e prestizjeuze Oarder fan de Hillige Michael.

Troch it ynazemjen fan brânend lontplús ûnder in skermutseling yn it neijier fan 1666 waard De Ruyter doe tige slim siik, mei groanyske koarts en benaudens. Men freze sels foar syn libben, mar hy genies, en wol krekt op 'e tiid om yn it foarjier fan 1667 it befel oer de Steatske float wer op him nimme te kinnen.

Tsjin dy tiid hiene de Ingelsen troch de Grutte Brân fan Londen, dy't fan 2 oant en mei 6 septimber de Ingelske haadstêd Londen fierhinne mei de grûn lyk makke, eins gjin jild mear om 'e striid fuort te setten. Dêrom lei men de swiere Ingelske linyskippen, dy't djoer yn it gebrûk en ûnderhâld wiene, foar anker yn 'e Medway (in sydrivierke fan 'e Teems), by de marinewerven fan Chatham. Tagelyk dêrmei iepene Karel II fan Ingelân fredesûnderhannelings mei de Republyk, dy't er lykwols oanhâldend opriek yn 'e hope dat Frankryk oerrinne en de Ingelske kant kieze soe. Dêrop besleat Johan de Witt in frede ôf te twingen troch de Ingelske float te ferneatigjen. De Ruyter waard sadwaande op 'e ferneamde Tocht nei Chatham stjoerd, dêr't syn namme foargoed oan ferbûn wêze soe. Mar eins wie it plan betocht Johan de Witt en syn broer Cornelis de Witt, dy't as folmacht fan 'e Steaten-Generaal op De Zeven Provinciën meifear. It waard geheim holden, sels foar de De Ruyter, dy't it, mei fanwegen syn sykte, pas te hearren krige doe't de Steatske float al lang en breed útfearn wie. Doe't Cornelis de Witt it plan úteinlik oan him útlei, hie de admiraal der frijwat beswieren tsjin, benammen fanwegen de ûnbekende sânbanken yn 'e Teemsmûning en de Medway. Hy lei him der op 't lêst allinnich mar by del om't er it syn plicht fûn om 'e befellen fan it Steatske regear út te fieren.

Hoewol't er it befel oer de hiele ekspedysje fierde, wie De Ruyter ek by de útfiering fan it plan fan 'e bruorren De Witt net direkt belutsen; de operasjonele planning waard dien troch luitenant-admiraal Willem Joseph van Ghent. De Tocht nei Chatham late lykwols ta in beslissende oerwinning, dy't faak as de swierste maritime nederlaach út 'e Ingelske en Britske skiednis beskôge wurdt. It Korps Mariniers naam it fort fan Sheerness yn, by de mûning fan 'e Teems. De swiere keatling dy't de Ingelsen oer de Medway spand hiene, waard stikkenfearn troch Jan van Brakel, wêrnei't by Chatham de Royal Oak, de Royal James en de Loyal London oan 'e wetterline ta delbaarnd waarden. De Royal Charles, it Ingelske flaggeskip, waard bútmakke en yn triomf mei weromfierd nei de marinehaven fan Hellefuotslûs. Neitiid wie Karel II twongen om 'e fernederjende Frede fan Breda te tekenjen, wêrmei't de Twadde Ingelske Oarloch beëinige waard.

In ferslach op it Polygoonsjoernaal út 1957 fan it neispyljen fan 'e oankomst fan Michiel de Ruyter yn Flissingen nei de Fjouwerdeiske Seeslach, yn 1666.

Oanboazjende spannings yn 'e Republyk en om utens

bewurkje seksje

Fan 1667 oant 1672 waard De Ruyter tige tsjin syn eigen sin troch Johan de Witt thúsholden om foar te kommen dat er yn in stoarm, by in ûngemak of yn in ûnbelangrike skermutseling omkomme soe. Hy wie tsjin wil en tank ien fan 'e pylders fan it steatsksinnige rezjym yn 'e Republyk wurden, en De Witt woe him beslist net kwyt. Tsjin dy tiid hie De Ruyter al in flink fermogen byinoar sparre fan sa'n 250.000 gûne. Dat wie foar in part mei hannel en bútjilden fertsjinne, en foar in part opgarre troch it slûchslim ynkeapjen fan foarrieden troch syn frou Anna de Ruyter-Van Gelder. In kaptein krige doedestiden nammentlik in fêst bedrach per kop fan syn bemanning, dêr't er iten en drinken foar ynslaan moast. As er dêr wat fan oerhold, mocht er dat jild hâlde.

Yn 1668 bea Karel II oan om De Ruyter ta Ingelsk ridder te meitsjen, mar de admiraal betanke foar de ear. Itselde oanbod foar syn soan Engel naam er lykwols al oan, hoewol't de seremoanje dêr't dyselde by ta ridder slein waard, pas op 4 maart 1675 yn Whitehall holden wurde soe. Yn novimber 1669 oerlibbe De Ruyter in oanslach op syn libben, doe't in fanatike oanhinger fan Tromp syn hûs ynkrong en him yn 'e hal mei in breamês besocht dea te stekken. De Ruyter wie in from kristen, mar gjin skerpsliper; dêrmei ûnderskate er him fan 'e strange kalvinisten, dy't foar it meastepart oranjesinnich wiene. Boppedat wied er nei 1665 persoanlik befreone rekke mei Johan de Witt, al hold er him soarchfâldich bûten de polityk. Likegoed waard er sjoen as in meistanner fan De Witt, en dus as in tsjinstanner fan it Hûs Oranje-Nassau.

Underwilens boazen ek de ynternasjonale spannings oan, mei't de Ingelsen oanhâldend wrokken oer de fernederings fan 'e Tocht nei Chatham en de Frede fan Breda, wylst Loadewyk XIV fan Frankryk plannen makke om hiel West-Jeropa te oerhearskjen. Fan 1671 ôf waard de oarlochsdriging fan Ingelske kant almar iepentliker beliden. Karel II hie al yn 1670 it geheime Ferdrach fan Dover mei Loadewyk XIV sletten, wêryn't de beide keningen harren plannen ta de ferneatiging fan 'e Republyk skriftlik fêstlein hiene. Karel wie fan doel om, nei de kêsten fan it âlde Ferdrach fan Nonsuch út 1585, in garnizoen te legerjen yn Flissingen, mar ek om yn it ferlingde dêrfan hiel it eilân Walcheren ûnder syn macht te bringen. Yn reäksje op 'e Ingelske driging ferhege De Ruyter yn 1671 de paraatheid fan 'e Steatske float. By oefenings op 'e Noardsee waard de fjurfluggens fan it skipsgeskut op itselde nivo brocht as dat fan 'e Ingelske marine, en dêrnjonken waard ek de gearwurking fan 'e flottyljes fan 'e fiif admiraliteiten ferbettere, eat dat in stik makliker gie no't Tromp as steurende faktor weinommen wie.

 
De Ruyter op in tinkprint ta eare fan syn oerwinnings út 1673, mei derûnder it Lofgedicht fan Gerard Brandt (sjoch op dizze side by Lofgedicht).

Trêde Ingelske Oarloch

bewurkje seksje

It jier 1672 wurdt yn 'e Nederlânske skiednis wol it Rampjier neamd, mei't de Republyk doe tagelyk mei fjouwer oare lannen yn oarloch rekke. Oer lân waard de Republyk út it suden oanfallen troch Frankryk, út it súdeasten troch it Karfoarstedom Keulen en út it easten troch it Prinsbisdom Múnster, wylst it lân oer see oanfallen waard troch Ingelân en Frankryk tegearre. De lânoarloch wie de Frânske Oarloch (ek: 'Hollânske Oarloch', in oantsjutting dy't de kriichshannelings yn it easten en noarden fan 'e Republyk folslein negearret), en de see-oarloch waard de Trêde Ingelske Oarloch neamd. Troch de gearwurking tusken Ingelân en Frankryk moast de Steatske float it tsjin in grutte oermacht opnimmen, mar nettsjinsteande dat wist De Ruyter daliks it inisjatyf te gripen troch op 7 juny yn 'e Slach by Solebay de Ingelsk-Frânske float te oerfallen doe't dy foar anker lei foar de Ingelske eastkust om befoarriede te wurden. Dêrby brocht er de fijân sa'n skea ta dat de plannen om op 'e Siuwske kust te lânjen en de havens fan 'e Republyk te blokkearjen in jier útsteld wurde moasten.

Underwilens rekke de sitewaasje yn 'e lânoarloch lykwols al rillegau krityk. Loadewyk XIV teach mei in leger fan 100.000 man Frânske en Keulske troepen op nei it noarden en naam sûnder slach of stjit de stêd Utert yn, wylst Kristoffel Bearend fan Galen, de prinsbiskop fan Múnster, it noarden fan 'e Republyk binnenfoel en de stêd Grins belegere. It folk waard, sa't generaasjes Nederlânske bern neitiid op skoalle leare soene, "redeloos", de bestjoerders rekken "radeloos" en it lân wie "reddeloos." Yn 'e stêden fan Hollân kaam de boargerij yn opstân om 'e steatsksinnige reginten ôf te setten en oranjesinnigen oan 'e macht te bringen. De nije bestjoerders griepen daliks harren kâns om in ein te meitsjen oan it Earste Steedhâlderleaze Tiidrek troch de jonge Willem III fan Oranje-Nassau ta steedhâlder te beneamen. Johan de Witt naam ûntslach as riedpinsjonaris. Neitiid waard er op 20 augustus 1672 mei syn sike broer Cornelis yn De Haach lyncht troch in breinroere oranjesinnige kliber, dy't dêrta ophyst wie as ûnderdiel fan in komplot dêr't ek Cornelis Tromp by belutsen wie.

De moard op de bruorren De Witt griep De Ruyter tige oan. Troch de machtswiksel drige ek De Ruyter syn posysje as marinekommandant yn 'e knipe te kommen. Hy hie ommers persoanlik befreone west mei Johan de Witt, en boppedat hied er, doe't der kwealaster oer de fermiende leffens fan Cornelis de Witt ûnder de Tocht nei Chatham oppenearre waard, in brief nei de Steaten fan Hollân stjoerd wêryn't er tsjûge fan 'e moed fan Cornelis de Witt. Mei yn reäksje dêrop waard De Ruyter der falsk fan beskuldige dat er de Steatske oarlochsfloat oan 'e Frânsen ferriede woe. En op 6 septimber 1672 waard in kliber oranjesinnich folk tsjin syn wente yn Amsterdam ophyst, mar troch yngripen fan 'e skutterij waard de fernieling fan it hûs foarkomd.

Nei ferrin fan tiid koe de folkshystery lykwols delbêde wurde, mei't de Hollânske Wetterliny in fierdere Frânske opmars tsjinkearde. Yn it noarden waard de biskop fan Múnster, dy't dêr ûnderwilens de bynamme 'Bommebearend' krigen hie, tsjinholden troch Steatske troepen ûnder Hâns Willem van Aylva (yn Fryslân) en Karl Rabenhaupt (yn Grinslân). Boppedat fielde Willem III der neat foar om in marionet fan syn omke Karel II te wurden. Dat betsjutte dat der oarloch op see fierd wurde moast, en dêrfoar hied er ferlet fan De Ruyter. Sadwaande koe De Ruyter oanbliuwe, wat as bykommend foardiel hie dat it tsjinje koe as in symboal foar de nasjonale fermoedsoening dy't Willem III no neistribbe, want no't er besletten hie en fier oarloch, koed er gjin ferdield lân mear brûke. Hy beävensearre sels in persoanlike fermoedsoening tusken De Ruyter en Cornelis Tromp, troch oan dy lêste temûk it ûnthjit te dwaan dat er De Ruyter opfolgje meie soe. Neitiid skodden de beide admiraals inoar iepentlik de hân yn it Rjochthûs fan Uthoarn. Om De Ruyter syn rang as kommandant fan 'e hiele marine dúdlik te meitsjen, waard er op 21 febrewaris 1673 befoardere ta de nije rang fan luitenant-admiraal-generaal, dus de pleatsferfanger fan 'e admiraal-generaal: Willem III sels.

 
In skilderij fan Willem van de Velde de Jonge, fan 'e Slach by Kijkduin yn 1673.

Yn 1673 besochten de Ingelsen en de Frânsen fannijs om lânings út te fieren op 'e Siuwske of Hollânske kust, mar dêrby waarden se suver likefolle behindere troch ûnderling ûnbegryp en wantrouwen as troch wjerstân fan Steatske kant. De Frânske float hie fan Loadewyk XIV de opdracht krigen om 'e Ingelsen safolle mooglik de kastanjes út it fjoer helje te litten. Sels moast men fral de keunst fan it oarlochfieren op see ôfsjen, it leafst fan 'e grutte master De Ruyter. De protestantske Ingelsen wiene der ûnderwilens troch de snoade propaganda fan Willem III fan oertsjûge rekke dat de dúdlik nei it roomsk-katolisisme oerhingjende Karel II en syn broer Jakobus fan Ingelân wer in roomsk lân meitsje woene. Hja hiene dêrom suver mear sympaty foar De Ruyter as foar harren ferfijde bûnsgenoaten, dy't se as de wiere fijân seagen.

Mei trije oerwinnings wist De Ruyter yn 1673 foar te kommen dat Ingelsk-Frânske float lânings of blokkade-aksjes útfiere koe. Yn 'e Earste en de Twadde Slach by Schooneveld makke er handich gebrûk fan 'e ûndjipten foar de Hollânske kust en it hommels omslaan fan 'e wyn, en wist sa troch masterlike maneuvers de fijannige float te ferdielen, sadat dy beide kearen yn dusoarder weromlûke moast. Dêrnei rjochte er yn augustus yn 'e Slach by Kijkduin, foar de kust fan Teksel, sa'n soad skea oan by de Ingelske float, dat it Parlemint fan Ingelân, dat dochs al net entûsjast west hie oer in bûnsgenoatskip mei Frankryk, Karel II twong om 'e djoere oarloch te beëinigjen mei in nije Frede fan Westminster. Neitiid waard wol sein dat De Ruyter mei syn fanwegen kommen de Republyk fan 'e ûndergong rêden hie. Dat wie eins wat te koart troch de bocht, mei't de Frânske legers fan Loadewyk XIV in grutter gefaar foar it fuortbestean fan it lân foarmen as de Ingelske float ea wêze koe. Mar feit is dat De Ruyter in briljante kampanje fochten hie, dêr't er yn elts gefal ien fan 'e fijannen mei ta frede twongen hie.

Frânske Oarloch

bewurkje seksje

De oarloch mei Frankryk soe noch ûnfermindere trochgean oant 1678, mar de kânsen begûnen yn 'e simmer fan 1673 te kearen, net inkeld troch De Ruyter syn oerwinning yn 'e Slach by Kijkduin, mar ek trochdat Willem III op 30 augustus de Quadruple Alliânsje wist te sluten mei keizer Leopold I fan it Hillige Roomske Ryk, kening Karel II fan Spanje en hartoch Karel fan Loataringen. Dat wiene allegear foarsten dy't noch in eigen appeltsje mei Loadewyk XIV te skilen hiene. Yn septimber werovere Willem III Naarden, en yn novimber loeken de Keulske en Múnsterske troepen har út 'e Republyk werom nei't Willem mei syn Rynfjildtocht harren oanfierlinen ôfsnien hie.

 
In medalje mei de byltenis fan Michiel de Ruyter, dy't yn opdracht fan it regear fan Nederlân slein waard ta gelegenheid fan 'e 300e betinking fan 'e Slach by Agosta en de dea fan De Ruyter, yn 1976.

Yn 1674 koe de Republyk op 19 febrewaris frede slute mei Ingelân, op 22 april folge troch in frede mei Múnster en op 11 maaie troch in frede mei Keulen. Underwilens sleaten de prinsbiskoppen fan Trier en Mainz, kening Kristiaan V fan Denemark, de karfoarsten Karel I Loadewyk fan de Palts en Freark Willem de Grutte fan Brandenburch en úteinlik sels paus Klemens X foar de Pauslike Steat harren by de Quadruple Alliânsje oan. Sadwaande wie Loadewyk XIV yn 'e rin 1674 twongen en lûk syn Frânske legers út 'e Republyk werom, mei útsûndering fan Maastricht, dat noch in hiel skoft yn Frânske hannen bleau. De oarloch op lân soe fierders benammen útfochten wurde op it grûngebiet fan 'e Spaanske Súdlike Nederlannen en yn Loataringen en it Rynlân.

Underwilens ferpleatste de oarloch op see him fan 'e Nederlânske thúswetters nei it Karibysk Gebiet en de Middellânske See. Yn 1674 besocht De Ruyter de Frânske koloanje Martinyk, yn 'e Lytse Antillen, te oerfallen mei in float fan 48 skippen en 3.000 soldaten. Doe't er op 20 july by it eilân arrivearre, rekke er lykwols yn in wynstilte fersyld, mei as gefolch dat de Frânsen him al fan fierrens oankommen seagen en rom de tiid hiene om 'e ferdigening fan Martinyk ta te rieden en fuort te sterkjen. Nei't in earste lâningsmacht fan tûzen man by Fort Royal yn koarte tiid 50% ferliezen litte, briek De Ruyter de oanfal ôf en fear sûnder wat bedijd te hawwen werom nei Jeropa.

Yn augustus 1675 waard er mei achttjin skippen útstjoerd om Spanje te helpen by it delslaan fan 'e troch de Frânsen stipe Opstân fan Messina yn it Keninkryk Sisylje, dat ûnderdiel útmakke fan 'e Spaanske Kroan. Hoewol't De Ruyter fûn dat it eskader dat him taskikt wie, eins te swak wie om 'e opdracht goed útfiere te kinnen, lei er him del by syn oarders en fear er út nei de Middellânske See. Op 8 jannewaris 1676 focht er dêre yn 'e ûnbeslist einige Slach by Stromboli tsjin 'e Frânske float fan admiraal Abraham Duquesne om 'e stêd Napels te ferdigenjen. (Napels wie de haadstêd fan it Keninkryk Napels, dat ek ûnder de Spaanske Kroan foel.) As tank liet Fernando Joaquín Fajardo de Requesens, markys fan Los Velez, de Spaanske ûnderkening fan Napels, 26 protestantske Hongaarske predikanten frij dy't troch de (roomske) keizer Leopold I ferballe en yn Napels as galeislaaf tewurksteld wiene. Dat min ofte mear tafallige barren brocht De Ruyter yn Hongarije in protte rom, en it wurdt noch elts jier yn febrewaris betocht mei in seremoanje by it grêf fan Michiel de Ruyter yn Amsterdam, en by syn stânbyld yn 'e Hongaarske stêd Debrecen.

 
De lykprekaasje fan Michiel de Ruyter op De Dam yn Amsterdam.

Op 22 april 1676 kaam it yn 'e Slach by Agosta ta in nije konfrontaasje mei de float fan Duquesne. Ek dat wie eins in ûnbeslist en frij beheind treffen, wêrby't oan beide kanten inkele hûnderten deaden foelen. Mar it strategysk foardiel lei oan 'e ein fan 'e seeslach by de Frânsen, benammen om't De Ruyter yn 'e striid troch in kanonskûgel rekke wie. Syn rjochterskonk waard dêrby alhiel tebrizele en fan syn lofterfoet ferlear er de teannen. De tebrizele skonk waard neitiid amputearre, en yn 't earstoan liek it derop dat er syn ferwûnings oerlibje soe. Mar nei in pear dagen rekke er oanhelle mei wûnkoart om't de wûnen ynfektearre wiene. Hy kaam in wike letter, op 29 april, oan board fan syn flaggeskip De Eendracht, yn 'e Baai fan Syrakuse, foar de eastkust fan Sisylje, te ferstjerren.

It stoflik omskot fan De Ruyter waard balseme mei krûden en brandewyn en dêrnei opbiere yn 'e kajút fan De Eendracht. It troch skipsdokter Johan Minnaart ferwidere yngewant soe earst yn 'e Katedraal fan Syrakuse begroeven wurde, mar op it lêste momint stieken de pleatslike preesters dêr in stokje foar om't De Ruyter in protestant wie. Dêrop waard in heuveltsje op in lântonge mei útsicht op 'e baai as nij begraafplak útsocht, dêr't de begraffenis op 1 maaie 1676 yn oanwêzichheid fan alle marine-ofsieren fan 'e ekspedysje plakfûn.

De Ruyter syn eskader bleau de rest fan it jier noch aktyf yn it Middellânske-Seegebiet, en kearde pas op 16 febrewaris 1677 werom yn Amsterdam. De hiele rûte by de westkust fan Frankryk lâns liet Loadewyk XIV by wize fan earbetoan oan 'e sneuvele admiraal salútskotten ôffjurje troch syn kustbatterijen. Kening Karel II fan Spanje ferhefte De Ruyter postúm ta hartoch.

It hie earst de bedoeling west dat De Ruyter yn 'e Alde Tsjerke te Amsterdam begroeven wurde soe, dêr't earder ek al ferskate admiraals byset wiene, mar doe't bliken die dat dêr gjin romte mear wie, waard besletten om him ynstee yn 'e Nije Tsjerke te begraven. De begraffenis fûn op 18 maart 1677 plak yn oanwêzichheid fan in grut tal pommeranten. Willem III en Cornelis Tromp ûntbrieken lykwols. De steedhâlder liet him fertsjintwurdigje troch syn siktaris Constantijn Huygens. De Amsterdamske heechlearaar Petrus Francius droech op 'e begraffenis in treurdicht yn it Latyn foar, dat út krapoan tûzen dichtregels bestie.

 
It prealgrêf fan Michiel de Ruyter yn 'e Nije Tsjerke yn Amsterdam.

Pas yn 1681 waard it moarmeren prealgrêf fan De Ruyter foltôge, dat yn opdracht en op kosten fan de Steaten-Generaal ûntwurpen en makke wie troch de Haachske byldhouwer Rombout Verhulst. Yn 'e te besichtigjen grêfkelder ûnder it prealgrêf lei De Ruyter yn in leadene deakiste dy't oan 'e boppekant foarsjoen wie fan in ramtwurk mei lytse rútsjes dy't yn it lead fette wiene. Troch dy rútsjes koene belangstellenden it balseme lichem fan 'e seeheld bewûnderje. Sawol kiste as lyk rekken op dy manear oantaaste troch focht en bleatstelling oan soerstof. Yn 'e rin 'e iuwen gie boppedat it glês fan 'e rútsjes stikken, en koe men it lichem oanreitsje, mei as gefolch dat it ûntbiningsproses noch fierder oanboaze. Yn 1881 waard it stoflik omskot fan De Ruyter op kosten fan 'e Nederlânske steat op 'e nij kiste, en doe wie it út mei it gleskegnuven en oanreitsjen fan 'e seeheld.

Ferskate leden fan De Ruyter syn neiteam waarden letter ek yn 'e grêfkelder byset, de lêste, yn striid mei de doe jildende wet, dy't soks ferbea, noch op 12 july 1865. Yn 1949 waard de deakiste fan De Ruyter troch leden fan 'e famylje De Ruyter de Wildt iepene. Sawol de kiste as it lichem blieken yn tige minne steat te ferkearen, en de amputearre skonk wie sûnder dêr fierder oandacht oan te besteegjen njonken it lichem yn 'e kiste lein. De famylje besleat dat der nije kiste komme moast, en dat dy foargoed ôfsletten bliuwe moast. Guon sulveren lauwerkrânsen en palmtûken, dy't op 'e âlde kiste lein wiene, waarden neitiid ek wer op 'e nije kiste pleatst. De by de krânsen hearrende linten hingje oan 'e wand fan 'e kelder.

 
It prealgrêf fan Michiel de Ruyter yn 'e Nije Tsjerke yn Amsterdam.

Ferneamings en oar earbetoan

bewurkje seksje

De Ruyter yn lieten en gedichten

bewurkje seksje

In een Blauw Geruiten Kiel

bewurkje seksje

troch A.L. De Rop, 1906 (N.B.: De Ruyter hat Ynje lykwols nea besocht)

 
De Ruyter syn deakiste yn 'e grêfkelder yn 'e Nije Tsjerke yn Amsterdam.
In een blauw geruite kiel
draaide hij aan 't grote wiel
de ga-a-a-anse dag.
maar Michieltjes jongenshart
leed ondragelijke smart
ahach, ahach, ahach.
Als matroosje vlug en net
Heeft hij voet aan boord gezet
Dat hoorde zo.
Naar Oostinje, naar de West
Jongens, dat gaat opperbest!
Hojo, hojo, hojo, hojo!
Daar staat Hollands admiraal
Nu een man van vuur en staal
De schrik der zee.
't Is een Ruiter naar den aard
Glorierijk zit hij te paard!
Hoezee, hoezee, hoezee, hoezee!

troch Gerard Brandt

Aenschouw den Heldt, der Staeten rechterhandt,
Den redder van 't vervallen vaderlandt,
Die in een jaer twee groote koningkryken,
Tot driemael toe de trotse vlag deedt strijken;
Het roer der vloot, den arm daer Godt door streê,
Door hem herleef de vrijheit en de vreê.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.