Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi

(Trochferwiisd fan The Last Jedi)

Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi is in Amerikaanske science fiction-film út 2017 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it twadde diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy en it achtste diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it direkte ferfolch op Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, út 2015. Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard regissearre troch Rian Johnson mei yn 'e haadrollen Daisy Ridley, Mark Hamill, John Boyega, Adam Driver en Oscar Isaac. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering VIII – De Lêste Jedi".

Star Wars: Episode VIII
The Last Jedi
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rian Johnson
produsint Kathleen Kennedy
Ram Bergman
senario Rian Johnson
basearre op wurk fan George Lucas
kamerarezjy Steve Yedlin
muzyk John Williams
filmstudio Lucasfilm
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Daisy Ridley
Mark Hamill
John Boyega
Adam Driver
Oscar Isaac
byrollen Domhnall Gleeson
Kelly Marie Tran
Carrie Fisher
Joonas Suotamo
Laura Dern
Andy Serkis
Benicio del Toro
Frank Oz
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 desimber 2017
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk (ek guon optochte talen)
spyltiid 152 minuten
budget en resultaten
budget $200–317 miljoen
opbringst $1.332,7 miljoen
prizen Saturn Award
Empire Award
filmsearje
filmsearje Skywalker Saga
● foarich diel Star Wars: Episode VII – The
   Force Awakens
● folgjend diel Star Wars: Episode IX – The
   Rise of Skywalker

De film giet fierder dêr't Star Wars: Episode VII – The Force Awakens einige. De Krêftgefoelige jonge frou Rey hat Luke Skywalker berikt, de lêste Jedi-master, en besiket him oer te heljen mei har werom te gean, yn 'e hope dat er it wifkjende Ferset nij fjoer jaan kin yn 'e striid tsjin 'e faksistoïde Earste Oarder. Skywalker is dêr lykwols net botte happich op. Underwilens binne de lêste leden fan it Ferset, ûnder wa Finn, Poe Dameron en generaal Leia Organa, op 'e flecht foar de float fan 'e Earste Oarder ûnder lieding fan Kylo Ren en generaal Hux. Finn en in monteur, Rose Tico betinke in riskant plan om 'e efterfolgers ôf te skodzjen.

Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in ûnbidich kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2017. Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard nominearre foar fjouwer Oscars, mar wûn net ien. De film wûn wol in trije Saturn Awards en fiif Empire Awards. It trêde en ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy kaam yn 2019 yn 'e bioskopen ûnder de titel Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker. Nei har hommels ferstjerren yn desimber 2016 waard Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi opdroegen oan 'e neitins fan aktrise Carrie Fisher.

Troch de ferdylging fan 'e Galaktyske Senaat en it regear en de float fan 'e Nije Republyk by de oanfal op Hosnian-Primus slacht de Earste Oarder no yn it Stjerrestelsel foar master op. Inkeld it minmachtige Ferset behinderet noch de folsleine oerhearsking fan it Stjerrestelsel troch de Earste Oarder. Koart nei de ferneatiging fan 'e Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder (sjoch: Star Wars: Episode VII – The Force Awakens), jouwe generaal Leia Organa en admiraal Gial Ackbar lieding oan 'e ûntromming fan 'e basis fan it Ferset op 'e planeet D'Qar, mei't de lokaasje dêrfan no bekend is by de fijân. De evakuaasje ferkeart yn 'e lêste stadia as de float fan 'e Earste Oarder û.l.f. generaal Hux yn it planetestelsel arrivearret.

De lieding fan it Ferset jout opdracht ta in oanfal op 'e fijannige float troch X-wjukjagers en bommesmiters ûnder luitenant-kolonel Poe Dameron. Dat is bedoeld as in efterhoedegefjocht, dat de fijân ophâlde moat oant de lêste fersetssskippen it oerflak fan D'Qar ferlitten hawwe. Dameron sjocht lykwols in kâns om 'e Fulminatrix, in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder, te ferdylgjen, en negearret befellen om him werom te lûken troch de oanfal troch te setten. Dêrby geane op ien nei alle bommesmiters fan it Ferset ferlern. De lêste, it tastel fan piloate Paige Tico, rekket skansearre en kin inkeld de lading bommen útgoaie as Paige dat sels hânmjittich docht. Hja offeret harsels op; de oanfal slagget en it stjerreslachskip wurdt ferneatige, mar foar it Ferset is it in Pyrrusoerwinning, mei't de ferliezen dy't se lit hawwe net wer goed te meitsjen binne. Dameron wurdt neitiid troch Leia yn rang weromset ta kaptein.

De rest fan 'e fersetsfloat ûntsnapt nei de hyperromte en waant him feilich, mar de Earste Oarder hat in apparaat ûntwikkele wêrmei't skippen sels troch de hyperromte hinne folge wurde kinne. In heale minút nei't de fersetsfloat op in hiel oar plak de reële romte wer ynkomt, arrivearret dêr ek de float fan 'e Earste Oarder, dêr't him ûnderwilens de Supremasy by jûn hat, it reuseftige skip fan opperste lieder Snoke, de oprjochter fan 'e Earste Oarder. Kylo Ren, dy't de TIE-jagers fan 'e Earste Oarder oanfiert by in oanfal op 'e fersetsfloat, wifelet om op it flaggeskip fan it Ferset, de kruser Raddus, te sjitten as er troch de Krêft de oanwêzigens fan syn mem Leia oan board gewaarwurdt. De oare piloaten fan 'e Earste Oarder hawwe net sokke skrupules en iepenje it fjoer. De brêge fan 'e Raddus wurdt rekke en slim skansearre, en alle oanwêzigen, wêrûnder de hiele lieding fan it Ferset, wurdt de romte yn blaasd as alle lucht út 'e brêge nei bûten ta ûntsnapt. Dêrby komme admiraal Ackbar en de oare fersetslieders om, mar Leia wit troch manipulaasje fan 'e Krêft te oerlibjen, hoewol't se slim ferwûne rekket.

Mei Leia bewusteleas yn 'e sikeboech en de oare lieders dea nimt fise-admiraal Amilyn Holdo it befel oer it Ferset oer. It is foar eltsenien dúdlik dat it gjin sin hat om nochris te besykjen en ûntkom fia de hyperromte, om't it Ferset noch mar brânstof hat foar ien hyperromtesprong, en de float fan 'e Earste Oarder gewoan folgje soe. De lytse romteskippen fan it Ferset binne flugger as de logge stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, en kinne dêrom krekt bûten berik fan 'e grutte plofferkanonnen bliuwe. Der ûntstiet in efterfolging mei in legere faasje as dy fan it ljocht, dy't lykwols net mear as in pear dagen duorje kin foar't it Ferset troch de branje hinne is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens langet Rey op it rotseilantsje op 'e planeet Ahch-To, dêr't Luke Skywalker, de lêste Jedi, him weromlutsen hat, de ljochtsabel fan Luke syn heit Anakin oan him oer. Luke smyt it ding lykwols daliks fuort. Rey wol dat Luke mei har weromgiet om it Ferset nije hoop te jaan, mar Luke hat dêr gjin boadskip oan. Der is in reden dat er op it ûnfynberste plak yn it Stjerrestelsel yn selsopleine ballingskip gien is, sa hâldt er har foar, en dy reden is dat er wol dat men him gewurde lit. Rey jout lykwol gjin belies, mar sels tuskenkomst fan 'e Wookiee Chewbacca, dy't Rey mei de Millennium Falcon nei Ahch-To ta brocht hat, is net genôch om Luke fan miening feroarje te litten. Hy is wisberet om him nearne mear mei te bemuoien en fertelt Rey dat it tiid is foar de Jedi om út te stjerren.

As Luke op in nacht yn in nostalgyske bui de Millennium Falcon binnenglûpt om it tastel wer fan binnen te sjen, treft er dêr lykwols syn âlde robot R2-D2 oan. Luke jout him itselde beskie dat er oan Rey en Chewbacca jûn hat, mar R2-D2 spilet falsk troch foar him nochris it boadskip ôf te spyljen dat Leia hast 35 jier lyn oan Obi-Wan Kenobi stjoerde, wêryn't se him om help smeekte om't er de iennichste hope fan it Rebelleferbûn wêze soe. Dat set Luke oan om Rey trije lessen oer de wurking fan de Krêft te jaan. Underwilens blykt der in bân tusken Rey en Kylo Ren te bestean, dy't harren fia de Krêft mei-inoar ferbynt. Se brekke har der allebeide de holle oer hoe't dat kin, mar it slagget harren net om der in ferklearring foar te betinken. Nei't Rey earst in tige ôfhâldige opstelling foar Kylo oer hat, begjint se njonkelytsen mei him te kommunisearjen. Fierders ûntdekt Rey op it eilantsje in reuseftige holle beam, dêr't de âldste geskriften fan 'e Jedi bewarre wurde.

Nei't se op minder as gâns ûnthjittende wize mei-inoar yn 'e kunde kommen binne, betinke âld-stoarmtroeper Finn en monteur Rose Tico, de jongere suster fan Paige, in plan om 'e Fersetsfloat te rêden. It apparaat wêrmei't de Earste Oarder it Ferset troch de hyperromte folget, is inkeld op it flaggeskip fan opperste lieder Snoke oanwêzich. Finn wit it te finen, en Rose kin it útsette. Wat se misse, is in koadebrekker om harren tagong te ferskaffen ta de romte mei it apparaat, dat efter slot en skoattel bewarre wurdt. In holografysk petear mei fersetssympatisante en horekaûndernimster Maz Kanata ferwiist harren datoangeande nei in gokker yn it kasinoresort Canto Bight, dy't in reade blom op it revêr fan syn kolbêrjaske draacht. Mei help fan Poe Dameron en luitenant Connix pike Finn en Rose mei Dameron syn robot BB-8 út by de float wei en sette troch de hyperromte koers nei Canto Bight.

It ferhaal dat Rey oer it ferfal fan Kylo Ren ta de tsjustere kant fan 'e Krêft heard hat, is dat er ien fan 'e learlingen wie dy't syn omke Luke Skywalker oplate ta nije Jedi. Kylo liet him ferliede troch opperste lieder Snoke. Doe slachte er by nacht de helte fan syn mei-learlingen ôf, korrumpearre de rest, stiek de nije Jedi Timpel yn 'e brân en naaide út. By ien fan harren kontakten fertelt Kylo lykwols oan Rey dat Luke syn macht eange en him besocht te fermoardzjen, en dat dàt de reden wie dat er weromsloech en weiwaard. Rey konfrontearret Luke dêrmei, dy't tajout dat er op in nacht benaud waard foar it tsjuster yn 'e dreamen fan syn omkesizzer. In momint lang stied er yn bestân om 'e bedriging dy't de jonge foarme, op 'e alderienfâldichste manear op te lossen: troch him dea te dwaan, mar dat stuit gie hiel gau foarby. Mar Kylo waard krekt doe wekker en seach Luke mei syn ljochtsabel boppe him stean, en ferdigene himsels. Dêrom jout Luke himsels de skuld fan alles dat dêrnei bard is en hat er de Krêft ôfsward.

Rey is derfan oertsjûge dat Kylo ferlost wurde kin fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft, dat se ferlit Ahch-To mei Chewbacca en R2-D2. Luke sjocht har ôfreis mei tige mingde gefoelens oan, mei't er yn Rey itselde ûnbidige potinsjeel foar manipulaasje fan 'e Krêft gewaarwurden is as er earder yn Kylo gewaar waard. Om foar iens en foar altyd skjin skip te meitsjen, risselwearret er om 'e oerâlde holle beam mei de âldste Jedi-geskriften te ferbaarnen, mar op it beslissende stuit wifket er. De geast fan syn âlde master Yoda ferskynt oan him en ferneatiget de beam troch it oproppen fan in wjerljochtynslach. Neitiid hat Yoda bot wille om Luke syn konsternaasje. Hy fiteret Luke oan om fan syn falen te learen.

Yn Canto Bight sette Finn, Rose en BB-8 harren romtefear op in iepenbier strân del, wat blykber tsjin eltse pleatslike regel yngiet. Se sykje alle kasino's ôf nei de koadebrekker mei de reade blom, mar krekt as se him einlings sjogge, wurde Finn en Rose troch de plysje mei stroomstjitwapens oermastere en foar foutparkearjen ôffierd nei it pleatslike tichthûs. Dêr wurde se yn ien sel set mei de hacker DJ, dy't oanbiedt harren koadebrekker te wêzen. Finn en Rose stegerje syn oanbod ôf, mar binne likegoed ûnder de yndruk as DJ himsels (en harren) muoiteleas út 'e sel lit. Se geane ferskillende kanten út, en DJ komt BB-8 tsjin, dy't op eigen manneboet in befrijingsaksje foar Finn en Rose op tou set hat. Finn en Rose besykje werom te gean nei it kasino, mar krije al rillegau de plysje wer efter harren oan. Mei de help fan in keppel fathiers, semy-yntelliginte racedieren dy't troch harren eigners mishannele wurde, en de minskebern dy't de bisten fersoargje, witte se te ûntkommen nei it strân. Harren romtefear wurdt troch de plysje oan grôt sketten, en fierderop reitsje se ynsletten oan 'e top fan in heech klif. Se wurde rêden troch DJ en BB-8, dy't tegearre in romteskip stellen hawwe.

Rey lit har troch Chewbacca yn in rêdingskapsule by de float fan 'e Earste Oarder ôfsette. Se wurdt troch Kylo Ren finzen nommen en foar opperste lieder Snoke brocht, dy't selsfoldien útleit dat se moai yn syn fâle rûn is. Hy is nammentlik dejinge dy't har geast mei dy fan Kylo ferbûn hat en de twifel yn Kylo oanfitere hat. De ûnwissichheid yn him dy't Rey waarnommen hat, is sadwaande neat oars as wat Snoke har fiele litte woe. Fierders befreget Snoke Rey oer de lokaasje fan Luke, en hoewol't se him neat fertelle wol, wurdt er troch it gebrûk fan 'e Krêft de wierheid út har tinzen gewaar. Hy konkludearret dat Luke wol wachtsje kin oant er foargoed mei it Ferset ôfweefd hat. Dêrnei sil er Luke helpe om 'e Jedi útstjerre te litten troch syn eilantsje folslein oan grôt te bombardearjen.

Oan board fan 'e Raddus, it flaggeskip fan it Ferset, dat tsjin dy tiid it iennichst oerbleaune skip fan 'e float is, risselwearret fise-admiraal Holdo om alle opfarrenden yn lytse transportskippen fuort te stjoeren. Dameron fynt dat plan lef en nutteleas, mei't de transportskippen warleas wêze sille foar de kanonnen fan 'e Earste Oarder. Mei luitenant Connix en oare meistanners komt er dêrom yn opstân en nimt it befel oer de kruser oer. Underwilens arrivearje Finn, Rose, BB-8 en DJ tanksij de kwaliteiten fan DJ ûngemurken oan board fan it skip fan opperste lieder Snoke. Se witte de romte te berikken fan it apparaat wêrmei't de fersetsfloat troch de hyperromte folge wurdt, mar wurde dêr trappearre troch kaptein Phasma, Finn syn eardere befelfierend ofsier, dy't harren yn 'e hechten nimme lit.

Oan board fan 'e Raddus brekke Holdo, har ûnderbefelhawwer Larma D'Acy en de oare finzen nommen ofsieren los, wêrnei't Dameron en Connix har op 'e brêge ferskânzje. As de doarren fan 'e brêge iepenbrutsen wurde, is it lykwols Leia dy't dertroch komt en Dameron mei in op ferdôvingsstân sette ploffer bewusteleas sjit. De evakuaasje fan it skip giet dêrnei wer troch. As er wer bykomt, leit Leia oan Dameron út dat se no deunby de planeet Crait binne, dêr't noch in âlde basis is út 'e tiid fan it Rebelleferbûn, mear as tritich jier lyn. De transportskippen sille, troch kamûflaazje ûnsichtber foar de efterfolgjende stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, de leden fan it Ferset nei Crait oerbringe. Underwilens sil de float fan 'e Earste Oarder moai efter de Raddus oan gean as de kruser de planeet foarby fljocht. Dameron moat tajaan dat dat eins bêst in goed plan is. Der moat lykwols al immen oan board fan 'e Raddus bliuwe om 'e Earste Oarder mei te lokjen. It is Holdo dy't dy taak op har nimt. It plan fan 'e fersetslju mislearret lykwols as oan board fan it flaggeskip fan opperste lieder Snoke de koadebrekker DJ syn frijheid keapet troch generaal Hux op 'e transportskippen fan it Ferset opmerksum te meitsjen. Dêrop iepenet de Earste Oarder it fjoer op 'e transportskippen, dy't ien foar ien ferneatige wurde.

Snoke jout Kylo opdracht om Rey te fermoardzjen, mar Kylo fermoardet ynstee Snoke. Dêrnei ferslane Kylo en Rey tegearre de leden fan Snoke syn liifgarde. Rey mient dat Kylo de tsjustere kant fan 'e Krêft efter him litten hat, mar dat blykt net sa te wêzen. Kylo nimt ynstee it plak fan Snoke yn as opperste lieder fan 'e Earste Oarder. Hy wegeret it befel ta de besjitting fan 'e transportskippen fan it Ferset yn te lûken en freget Rey om tegearre mei him it Stjerrestelsel te regearjen. Sy stegeret him ôf en se wrakselje om it besit fan 'e ljochtsabel fan Luke, wêrby't it wapen úteinlik midstwa rekket. As fise-admiraal Holdo sjocht dat de Earste Oarder op it punt stiet om it Ferset út te rûgjen, keart se har kruser om en offeret har eigen libben op troch nei de hyperromte springen dwers troch de float fan 'e Earste Oarder hinne. It komt derop del dat se de fijannige float raamt mei de faasje fan it ljocht. It reuseftige romteskip fan Snoke giet dêrby troch de helte, wylst de stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder hielendal nei gychem geane. Rey ûntkomt oan 'e ferwoastging en wurdt oppikt troch Chewbacca en R2-D2 yn 'e Millennium Falcon. BB-8 befrijt Finn en Rose, wêrnei't Finn definityf ôfweeft mei kaptein Phasma en se trijeresom mei in romtefear fan 'e Earste Oarder ûntkomme.

Oankommen op Crait sykje de lêste 400 leden fan it Ferset beskûl yn 'e âlde rebellebasis yn in berch oan 'e útein fan in útstrutsen sâltflakte, yn 'e mande mei in kloft foks-eftige wêzens dy't fan kristal makke lykje te wêzen en lânseigen op 'e planeet binne. Ek Finn, Rose en BB-8 jouwe harren dêr by de oaren. De reuseftige feilichheidsdoar blykt de iennichste yn- en útgong te wêzen. Kylo Ren en generaal Hux liede de Earste Oarder nei Crait ta, dy't de oanfal ynset mei AT-AT's en in belegeringskanon dat troch de feilichheidsdoar hinne komme kin. It Ferset stjoert in needoprop út nei de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel, dêr't se in protte sympatisanten hawwe. Om tiid te rekken beslút Dameron mei in kloft fersetslju, ûnder wa Finn en Rose, om 'e fijân oan te fallen mei ferâldere lângliders dy't tritich jier efter de tiid binne en troch gebrek oan ûnderhâld suver útinoar falle. Kylo stjoert syn TIE-jagers op harren ôf, mar dy wurde troch Rey en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon fuortlokke. Nettsjinsteande dat slagget it de fersetslju net om ticht genôch by it belegeringskanon te kommen. Finn wol de oanfal likegoed trochsette, mar Rose komt foar dat er syn libben opofferet, om't se, sa seit se, de striid net winne sille troch dejingen te deadzjen sy't se haatsje, mar troch dejingen te rêden fan wa't se hâlde.

Wannear't de Earste Oarder mei it belegeringskanon troch de feilichheidsdoar hinne brekt, ferskynt ynienen Luke Skywalker op it toaniel. Hy giet lykme-allinne nei bûten ta om syn omkesizzer Kylo Ren út te daagjen. Kylo lit earst it fjoer op him iepenje mei alle kanonnen dy't de Earste Oarder ta syn beskikking hat, mar as it stof oplûkt, is Luke ûnskeind. Dêrop giet Kylo him mei de ljochtsabel te liif yn in duël. Salang't er mei Luke lyk foar de stikkene feilichheidsdoar dwaande is, kinne de stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder de rebellebasis net yngean. Underwilens liede de kristallen foksen de fersetslju nei in útgong fan 'e basis, dy't lykwols tichtset is troch in ynstoarting wêrby't reuseftige rotsblokken delkommen binne. De kristallen wêzens kinne troch in lyts gatsje ûntkomme, mar de fersetslju sitte fêst. Rey arrivearret mei de Millennium Falcon en brûkt de Krêft om 'e rotsblokken fansiden sweve te litten. Alle fersetslju ûntsnappe út 'e basis en geane oan board fan 'e Millennium Falcon, dêr't yn in laad de âldste Jedi-geskriften lizze, dy't Rey blykber meistellen hat doe't se Ahch-To ferliet.

By de yngong fan 'e basis ûntdekt Kylo einlings dat er Luke mei syn ljochtsabel net ferwûnje kin. Stadichoan kringt it besef ta him troch dat Luke hielendal net op Crait oanwêzich is. Hy hat it eilantsje op Ahch-To nea ferlitten en Kylo hat de hiele tiid tsjin in projeksje troch de Krêft oan it fjochtsjen west. As Luke fernimt dat de fersetslju ûntkommen binne, lit er de projektsje slûpe. Troch himsels oer sa'n grutte ôfstân te projektearjen hat Luke himsels lykwols folslein útput. Hy ferstjert fredich en syn stoflik omskot ferdwynt spoarleas as er ien wurdt mei de Krêft. Rey en Leia fernimme syn dea en treastgje inoar. Leia bewissiget Rey derfan dat it Ferset dizze slimme slach te boppen komme sil. Yn Canto Bright fertelle de minsklike bern, dy't foarhinne foar de no ûntsnapte fathiers soargen, inoar it ferhaal oer de legindaryske Jedi Luke Skywalker. As harren baas harren de mantel útfeecht en oan it wurk set, beweecht ien jonkje syn biezem mei de Krêft en stoarret omhegen de nachtlike loft yn, wylst er mei de finger oer de ring mei it symboal fan it Ferset giet, dy't er fan Rose Tico krigen hat.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Daisy Ridley.
 
John Boyega.
 
Oscar Isaac.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                         
Rey Daisey Ridley
Luke Skywalker Mark Hamill
Finn John Boyega
Kylo Ren Adam Driver
Poe Dameron Oscar Isaac


byrollen
personaazje akteur/aktrise
generaal Hux Domhnall Gleeson
Rose Tico Kelly Marie Tran
prinsesse Leia Organa Carrie Fisher
Chewbacca Joonas Suotamo
fise-admiraal Amilyn Holdo Laura Dern
opperste lieder Snoke Andy Serkis
DJ Benicio del Toro
de geast fan Yoda Frank Oz* (poppespul en stim)
BB-8 Dave Chapman en Brian Herring (poppespul) en Ben Schwartz en Bill Hader (lûd)
C-3PO Anthony Daniels
R2-D2 Jimmy Vee
kaptein Phasma Gwendoline Christie
luitenant Kaydel Ko Connix Billie Lourd
kaptein-luitenant Larma d'Acy Amanda Lawrence
Maz Kanata Lupita Nyong'o
Paige Tico Ngô Thanh Vân
kaptein Canady Mark Lewis Jones
admiraal Ackbar Tim Rose (fysyk) en Tom Kane (stim)
Nien Nunb Mike Quinn (poppespul)
kaptein Peavey Adrian Edmondson
Dobbu Scay Mark Hamill (stim)
master-koadebrekker Justin Theroux
freondinne fan 'e master-koadebrekker Lily Cole
Slowen Lo Joseph Gordon-Levitt (stimcameo)
Wodibin Warwick Davis
Tallissan "Tallie" Lintra Hermione Corfield
Starck Noah Segan
Tubbs Jamie Christopher
stoarmtroeper #1 William, hartoch fan Cambridge (cameo)
stoarmtroeper #2 Harry, hartoch fan Sussex (cameo)
stoarmtroeper #3 Gary Barlow

*) by it poppespul assistearre troch Dave Chapman, Damian Farrell en Colin Purves

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard regissearre troch Rian Johnson nei in senario fan himsels. Hy sette útein mei de film noch foar't it foargeande diel fan 'e Skywalker Saga, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, yn premiêre gien wie. Johnson oerlei mei J.J. Abrams, de regisseur fan The Force Awakens, oer de ein fan dy film, en Abrams brocht lytse wizigings yn syn eigen senario oan, sadat de beide dielen naadleas opinoar oansleaten.

 
Regisseur Rian Johnson.

As produsinten wiene Kathleen Kennedy en Ram Bergman by it projekt belutsen foar de filmstudio Lucasfilm, in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company. Foar Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi wie in budget beskikber dat neffens Deadline Hollywood $200 miljoen bedroech, mar neffens The Washington Post mar leafst $317 miljoen. Dêrmei soe it ien fan 'e djoerste films aller tiden west hawwe. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Steve Yedlin, en de filmmuzyk waard, lykas by alle foargeande dielen fan 'e Skywalker Saga, fersoarge troch John Williams.

De opnamen foar Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi setten op 10 febrewaris 2016 útein en duorren oant en mei 22 july fan dat jier. De film makke gebrûk fan 'e wurktitel Space Bear. De sênes op 'e planeet Ahch-To, dy't filme waarden op it eilantsje Skelling Michael, foar de westkust fan it Ierske greefskip Kerry, waarden al yn mids septimber 2015 opnommen. De film wie doe noch mar yn preproduksje, mar filmjen wie omreden fan it waar yn 'e hjerst, winter en maityd net mooglik op Skellig Michael, dat sadwaande. Likegoed rûnen de opnamen dêre, dy't earst fiif dagen duorje soene, troch minne waarsomstannichheden twa dagen fertraging op.

De measte binnendoarsênes yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waarden opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire en foar in diel ek yn 'e Longcross Studios yn Surrey. Op lokaasje waard filme yn û.o. Malin Head, yn it Ierske greefskip Donegal, Ceann Sibeal yn it greefskip Kerry en in net spesifiëarre lokaasje yn Meksiko. De sênes mei de fjildslach op 'e planeet Crait waarden opnommen op 'e sâltflakte Salar de Uyuni, yn Bolivia. De nachtlike bûtendoarsênes yn it kasinoresort Canto Bight waarden filme yn 'e histoaryske binnenstêd fan Dubrovnik, oan 'e Adriatyske kust fan Kroaasje.

 
Salar de Uyuni, in sâltflakte yn Bolivia, wie wêr't de sênes op 'e planeet Crait opnommen waarden.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan The Walt Disney Company. De film gie op 9 desimber 2017 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 15 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Walt Disney Records. Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi kaam op 13 maart 2018 beskikber as digitale download en waard op 27 maart fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com de film 4 fan 4 stjerren. Hy hie in protte lof foar de ferrassings yn it ferhaal en de risiko's dy't regisseur Rian Johnson dêrmei naam. Fan Peter Travers, dy't foar it tydskrift Rolling Stone skreau, krige de film 31/2 stjer fan 4. Travers priizge sawol de rezjy fan Johnson as de aktearprestaasjes fan 'e cast, yn 't bysûnder fan Mark Hamill yn 'e rol fan Luke Skywalker. Hy fûn dat Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi suver Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back belykje koe, dat nei syn miening de bêste Star Wars-film wie.

Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times parte Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi ek 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy hie lof foar de aksjesênes en de humor yn 'e film, mar fûn dat The Last Jedi "net alhiel deselde emosjonele yndruk neilit" as Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. Ek fûn er dat The Last Jedi yn 'e twadde helte "in bytsje ynsakke". Nettsjinsteande dat omskreau er de film as "noch altyd in weardich haadstik yn 'e Star Wars-franchise". George Lucas, de betinker fan Star Wars, liet him ek posityf út oer Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi, in film dy't er "prachtich makke" fûn. Dat wie in hiel ferskil mei syn negative miening oer it foargeande diel yn 'e rige, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens.

 
It Ierske eilantsje Skellig Michael wie it dekôr foar de sênes op 'e planeet Ahch-To.

Oan 'e oare kant fan it spektrum wie der in lyts groepke resinsinten dat net folle fan Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi hawwe moast. Sa fûn Richard Brody yn it tydskrift The New Yorker dat de film "oerkomt as in wurk dat glêdstrutsen is, platdrukt, freeslik reinige." Yn 'e Kanadeeske krante The Globe and Mail, út Toronto, joech Kate Taylor de film mar 2 fan 4 stjerren. Sy fûn dat de film te lijen hie ûnder de yntroduksje fan tefolle nijynkommelingen en skreau: "dizze him ûntjaande trilogy wrakselet om in lykwicht te behâlden dat faak krekt bûten berik liket te bliuwen."

Yn it tydskrift Variety bekritisearre Owen Gleiberman Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi om't de film neffens him "dingen werhelle dy't al werhelle binne", wêrmei't er ferwiisde nei de oerienkomsten tusken eleminten út 'e film mei eleminten út Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (lykas de evakuaasje fan 'e basis fan it Ferset op D'Qar yn The Last Jedi, dy't wol tige liket op 'e evakuaasje fan 'e basis fan it Rebelleferbûn op Hoth yn The Empire Strikes Back.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 485 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] earet it rike beërf fan 'e filmsearje en foeget guon ferrassende draaiïngs yn it ferhaal ta – en leveret dêrmei alle emoasjerike aksje dêr't fans op hoopje koene." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi in goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 56 resinsjes.

 
Dubrovnik, yn Kroaasje, waard yn 'e film brûkt foar de sênes yn Canto Bight.

Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $620,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $712,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.332,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $200 oant 317 miljoen betsjut dat in winst fan tusken de $1.132,7 miljoen en de $1.015,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi de meast opbringende film fan 2017 en de op acht nei meast opbringende film aller tiden. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst op $417,5 miljoen.

Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard yn 2018 by de Oscars nominearre foar prizen yn 4 kategoryen: bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste fisuele effekten, mar wûn dêrfan gjinien. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard de film nominearre foar 2 prizen, yn 'e kategoryen bêste lûd en bêste special effects.

By de Saturn Awards waard Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi nominearre foar 13 prizen yn 12 kategoryen, wêrûnder bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste aktrise (Daisey Ridley), twa kear bêste byrol fan in aktrise (Carrie Fisher en Kelly Marie Tran), bêste filmmuzyk, bêste produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp, bêste fisazjy en bêste special effects. De film wûn 3 Saturn Awards, foar bêste akteur (Mark Hamill), bêste senario (Rian Johnson) en bêste filmmontaazje (Bob Ducsay).

Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard ek nominearre foar 9 Britske Empire Awards. Dêrfan wûn er 5 prizen, foar bêste film, bêste regisseur, bêste aktrise (Daisy Ridley), bêste fisuele effekten (Ben Morris, Mike Mulholland, Neal Scanian en Chris Corbould) en bêste kostúmûntwerp (Michael Kaplan). Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard fierders nominearre foar 8 Teen Choice Awards (en wûn dêrfan de priis foar favorite aktrise yn in fantasyfilm foar Carrie Fisher) en ek foar 3 MTV Movie Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)