Haadside-ynfo/Side fan de wike 2014

Siden fan de wike yn 2014

bewurkje seksje

Wike 1

 
De Fryske Akademy yn Ljouwert

De Fryske Akademy is in organisaasje dy't wittenskiplik ûndersyk docht nei de Fryske taal en kultuer, en him dêrby profilearret as "it sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en ûnderwiis yn en oangeande Fryslân en syn mienskip, syn taal en kultuer". De Akademy is oprjochte yn 1938 en hâldt kantoar yn Ljouwert, yn it Coulonhûs. It grutte Wurdboek fan de Fryske taal/ Woordenboek der Friese taal is yn opdracht fan de Akademy makke. Dêrnjonken hat de Akademy noch likernôch tûzen boeken en oare publikaasjes útjûn.

Lês fierder


besjen


Wike 2

 
Horseshoe Falls

De Niagarawetterfallen (Ingelsk: Niagara Falls, Frânsk: Chutes Niagara) hearre ta de grutste en bekendste wetterfallen fan de wrâld. De wetterfal bestiet út trije dielen: de Horseshoe Falls, de American Falls en de Bridal Veil Falls. Se lizze op de grins fan de Feriene Steaten en Kanada tusken de lykneamde stêden Niagara Falls yn de Amearikaanse steat New York en Niagara Falls yn de Kanadeeske provinsje Ontario. De stêden binne ferbûn troch de Rainbow Bridge, in brêge oer de rivier de Niagara, ûnder de wetterfallen. It ferfal fan de wetterfallen is net sa grut, trochsneed sa'n 60 meter, mar de breedte en de hoemannichte wetter dy't de

Lês fierder ...


besjen


Wike 3

 
Kommodus, Museum Capitolani

Kommodus, folút yn it Latyn: Marcus Aurelius Commodus Antoninus, (31 augustus 16131 desimber 192) wie keizer fan Rome tusken 177 en 192, wêrfan trije jier tegearre mei syn heit, Markus Aurelius. Neffens de de klassike, nei alle gedachten partidige skiedskriuwerij fan de Historia Augusta - wurdt er beskôge as yn fan de minste keizers fan it Romeinske Ryk. Yn alle gefallen wie de Romeinske Senaat min te sprekken oer him.

Lês fierder ...


besjen


Wike 4

 
Willie Nelson yn de Chumash Casino Resort yn Santa Ynez, California.

Countrymuzyk is de sammelnamme foar ferskate muzykstilen fan Amerikaanske muzyk, dy't ûntstien is op it plattelân yn it súdlike part fan de Feriene Steaten en syn woartels yn de Amerikaanske folksmuzyk hat. As regel giet it om in sjongstim dy't begelaat wurdt troch in tal ienfâldige ynstruminten: steelgitaar, fioele en akoestyske gitaar binne de tradisjonele, mar hjoed de dei (2007) wurde ek elektryske gitaar en drums brûkt.

Lês fierder ...


besjen


Wike 5

 
De Lytse Prins

De Lytse Prins is in berneboek yn 'e foarm fan in modern mearke en it bekendste wurk fan 'e grutte tweintichste-iuwske Frânske skriuwer, dichter en fleander Antoine de Saint-Exupéry (1900-1944). Dizze novelle wurdt rûnom beskôge as in hichtepunt fan sawol de moderne Frânske literatuer as de ynternasjonale berne-literatuer. Le Petit Prince is in poëtysk, filosofysk en maatskippijkritysk ferhaal wêryn't in piloat dy't strâne is yn 'e woastyn in prinske moetet, dat fan in lytse asteroïde nei de Ierde fallen is, en optekenet wat it prinske him fertelt. It waard foar it earst útjûn yn 1943, in jier foar Saint-Exupéry syn dea as loftmachtpiloat yn 'e Twadde Wrâldoarloch, en is it meast lêzen en meast fertaalde Frânske boek ...

Lês fierder...


besjen


Wike 6

 
Reanimaasje

Reanimearjen is it keunstmjittich oernimmen fan it sykheljen en de bloedsomrin, yn gefal fan in sirkulaasjestilstân, bygelyks as gefolch fan in hartstilstân. As én it sykheljen, én de sirkulaasje wer op gong brocht wurde moatte, sprekt men ek wol fan Kardiopulmonale Resussitaasje (CPR). Om te libjen, is de konstante oanfier fan soerstofryk bloed fan libbensbelang. De organen kinne net wurkje sûnder soerstof. De harsens binne it kwetsberst: nei 4-6 minuten sûnder soerstof rekket al in grut part sa beskeadige dat normaal funksjonearjen net mear mooglik is.

Lês fierder ...


Besjen


Wike 7

 
It Kremlin yn Moskow

Ruslân, offisjeel de Russyske Federaasje, is it grutste lân yn 'e wrâld, en leit foar in part yn Jeropa en foar in part yn Aazje. De haadstêd is Moskou en de presidint fan de federaasje is sûnt 2012 Wladimir Pûtin. De eardere presidint Dmitri Medvedev is tsjintwurdich premier. De Russyske Federaasje is in atoommacht en ien fan de G8 lannen. Yn de Feriene Naasjes is Ruslân ien fan de 5 lannen mei in permanint fetorjocht.

Lês fierder ...


besjen


Wike 8

 
Runeskrift

Runen (of it runeskrift) is it âldst-bekende skrift dat yn Germaanske lannen brûkt waard; it bestiet út letters fan rjochte en hoekige linen dy't maklik yn stien of hout skrast wurde kinne. Nei de earste seis letters hjit it ek wol futhark. Rune-ynskripsjes binne bekend fan sa. 200 oant 1200 nei Kristus, en yn Skandinaavje noch in pear iuwen langer. Hjirnei ferlear it skrift stadichoan de konkurrinsjestriid mei it Latynske alfabet. It skrift waard benammen foar ynskripsjes op wapens, deiske korrespondinsje, grêfstiennen, ensfh., brûkt. Yn hast alle gebieten dêr't Germaanske folken west hawwe, kinne rune-ynskripsjes oantroffen wurde, ek yn Fryslân.

Lês fierder ...


besjen


Wike 9

 
Nest mei fûgelaaien

Ljipaaisykje, meast koartsein aaisykje is it sykjen fan aaien fan fûgels yn it iepen fjild. It wurdt meast yn Fryslân dien. By it aaisykjen wurdt benammen sjoen nei it hâlden en dragen fan de mantsje-(âldhij) en wyfkeljip. Kenners kinne dêroan sjen oft it in 'kânske' is of net. De baltsflecht fan de ljip en syn baltsrop binne foar in soad minsken op it plattelân in teken dat de maitiid kommendewei is. It aaisykjen is keppele oan de neisoarch. Dy soarch hâldt yn der der in stokje by it nêst setten wurdt, sadat bygelyks in boer by it meanen it nêst net plat rydt. Njoggen april wurdt de slutingsdatum neamd.

Lês fierder


besjen


Wike 10

 
Wurkje yn in fabryk 19e iuw skilderij fan Adolph von Menzel (1872-1875).

De Yndustriële Revolúsje begûn oan de ein fan de 18e iuw yn Ingelân. Foar dy tiid waarden produkten meast mei de hân produsearre, wilens de Yndustriële Revolúsje feroare dat en der waard brûkme makke fan masines om ferskate dingen te produsearjen. Ien fan de meast wichtige útfinings dy´t tige fan belang wiene foar it ûntstean fan de Yndustriële Revolúsje, wie de stoommasine. Nei dy útfining, wie it mei de ferbetterings fan James Watt fan 1777 ôf mooglik om meganyske enerzjy beskikber te stellen, sadat der gjin ferlet fan hynders of oksen mear wie, en der gâns mear produsearre wurde koe.


Lês fierder ...


besjen


Wike 11

 
Kaart fan Foenysje

De Foenysjers of Fenysjers wienen eartiids de ynwenners fan Foenysje, in streek yn it Midden-Easten dat sawat oerienkaam mei it tsjintwurdige Libanon. De oarsprong fan de Foenysjers is ûndúdlik, mar nei alle gedachten wienen sy in gearsmelting fan nomaden út it neistlizzende Kanaän mei de kustbewenners. Nei de delgong fan de Minoyske beskaving, waarden de Foenysjers tusken 1500 en 400 f.Kr. de wichtichste seefarders en hannelers fan de Middellânske See. Oeral by de kust del waarden troch har koloanjes stifte, dêr't Kartago de wichtichste fan wie.

Lês fierder ...


besjen


Wike 12

 
Erasmus yn 1523, skildere troch Hans Holbein de Jongere.

De Lof fan de Healwizens, yn it oarspronklike Latyn Moriae Encomium en better bekend ûnder de Nederlânske titel De Lof der Zotheid, is in essay út 1509 fan 'e hân fan 'e grutte Rotterdamske humanist Desidearius Erasmus, dat foar it earst printe en útjûn waard yn 1511 te Parys. It is ien fan 'e meast opmerklike wurken fan 'e Renêssânse en waard, fanwegen syn iepentlike krityk op 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, neitiid brûkt as ien fan 'e oanjagers fan 'e Reformaasje. De Fryske oersetting fan Piter Wibertus Brouwer waard útjûn yn 2001.

Lês fierder


besjen


Wike 13

 
It stedshûs fan Boalsert

Boalsert is in stêd yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De stêd, ien fan de Fryske alve stêden, leit 12 km west fan Snits. Boalsert is ûntstien op in trijetal terpen, dêr't yn alle gefallen de âldste, dêr't de Sint Maartenstsjerke op stiet, datearret fan foar it begjin fan de jiertelling. De Broeretsjerke, yn 1980 troch brân ferneatige en no as ruïne bewarre, is it âldste gebou fan de stêd en komt foar in part út de ein fan de 13e iuw. Ek út de midsiuwen stammet it merakelse Mariabyld Us Leaffrou fan Sânwâlden, tsjintwurdich bewarre yn de Sint Fransikustsjerke oan de Dijlakker.


Lês fierder...


besjen


Wike 14

 
Graffity oan West-Berliner side, 1986

De Berlynske Muorre (Dútsk: Berliner Mauer) hat de stêd Berlyn yn twa stikken parte fan 1961 oant 1989. De totale grins om West-Berlyn hinne wie ûnderdiel fan de Dútsk-Dutske grins en wie 167,8 km lang, dêr't 45,1 km fan foarme waard troch de Berlynske Muorre. De Berlynske Muorre wie it bekendste symboal fan de Kâlde Kriich. By flechtbesikings hawwe minstens 136 minsken it libben ferlern.

Lês fierder ...


besjen


Wike 15

 
Solimoes, part fan de boppe Amazône river

De Amazône is de op ien nei langste rivier fan 'e wrâld, en op ôfstân de wetterrykste fan al, de rivier befettet nammentlik in fiifde part fan it natuerlike swietwetter op 'e wrâld. De rivier hat in totale lingte fan 6530 km, ûntspringt yn Perû‎ en komt út yn de Atlantyske Oseaan yn Brazylje. De rivier streamt foar it grutste part troch it Amazônebekken en it Amazônereinwâld. Yn de reintiid kin de rivier hiel breed wurde, op guon plakken wol km breed.

Lês fierder ...


besjen


Wike 16

 
Side út 'e Ilias, datearjend fan likernôch 500.

De Ilias is in ier Gryksk epos dat taskreaun wurdt oan 'e grutte (en neffens de tradysje bline) skriuwer en dichter Homêros (of Homearus), dy't om 850 f.Kr. hinne libbe hawwe moat. Saakkundigen binne it der lykwols oer iens dat de Ilias en oare, soartgelikense dichterlike wurken wierskynlik earst lange tiid mûnling oerlevere en pas letter op skrift steld binne. Dat soe dus betsjutte dat Homêros inkeld in al besteand wurk delskreaun hat. Hoe dan ek, de Ilias bestiet út 15.693 yn daktylyske heksameters fêstleine dichtregels, dy't skreaun binne yn it saneamde Homearysk Gryksk, in literêre griemmank fan Ioanysk Gryksk en oare doetiidske dialekten.

Lês fierder ...


besjen


Wike 17

 
haadfestiging fan de Friesland Bank yn Ljouwert

De Friesland Bank BV wie oant 13 desimber 2013 in selsstannige Nederlânske finansjele tsjinstferliener. It bedriuw wie benammen yn Fryslân aktyf, mar ek yn de noardlike provinsjes Grinslân, Drinte, Oerisel en Noard-Hollân hie it bedriuw festigings. Der hawwe likernôch 1.000 minsken by de bank wurke. Yn 2012 hawwe Rabobank Nederland en Friesland Bank bekend makke dat Friesland Bank folslein in dochterbedriuw wurde sil fan Rabobank Nederland.

Lês fierder


besjen


Wike 18

 
Latte-pylders makke troch de eardere Tsjamorro op Guam

Op de eilannen fan de Noardlike Marianen binne fynsten dien dy’t oanwizings jouwe dat der al sûnt 1500 foar Kristus bewenning west hat troch de Tsjamorro. De Tsjamorro foarmje noch hieltyd de befolking fan de Noardlike Marianen. It is in folk dat besibbe is mei oare Austronesyske ynlânske folken lykas dy fan de Filipinen, Yndoneezje, Maleizje en Taiwan. Nei alle gedachten kamen de Tsjamorro fan Mikroneezje fan Yndoneezje, omdat se as ienichste folk fan Mikroneezje rys ferbouden. De mienskip fan de Tsjamorro bestie út twa (haad)kasten, dat bleaun sa oant mear dan in iuw nei de komst fan de Spanjerts yn 1521. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreis yn it gebiet stie ûnder lieding fan Ferdinand Magellaan yn 1521. Hy gie op 6 maart 1521 oan lân by Gûam en waard opwachte troch de Tsjamorro.

Lês fierder ...


besjen


Wike 19

 
De Eifeltoer

Parys is de haadstêd en grutste stêd fan Frankryk. Tagelyk is it de haadstêd fan de regio Île-de-France, de regio mei de measte ekonomyske aktiviteit fan Frankryk. De bynamme fan Parys is 'Ljochtstêd' (la Ville Lumière). De romantyske reputaasje fan Parys ferklearret foar in part dat alle jierren 30 miljoen besikers nei de Frânske haadstêd tôgje. De rivier de Seine snijt de stêd yn twa-en, mar beide parten binne middels stikmannich brêgen en in wiidweidich metrosysteem mei mekoar ferbûn.

Lês fierder ...


besjen


Wike 20

 
In pitcher

Honkbal (Ingelsk: Baseball) is in slachsport dy't spile wurdt troch twa teams mei njoggen spilers. It spul komt oarspronklik út de Feriene Steaten. Hjoed-de-dei is honkbal ek populêr yn Meksiko, de Kariben en grutte dielen fan Azië. Yn Europa is de sport net hiel bot populêr. Oant en mei de Olympyske Simmerspullen 2008 wie honkbal in olymyske sport. It spul wurdt spile troch twa teams dy't beide njoggen spilers hawwe. Om bar meie de teams de bal slaan (de saneamde offense) en kinne dêrmei runs (punten) meitsje. In run is helle as in spiler oer alle trije feilige stânplakken (iental: base, meartal bases) weromkomt op de home plate (begjin-/einpunt).

Lês fierder


besjen


Wike 21

 
Sulveren Brunoanen munt

De Brunoanen, ek wol de foarsten fan Brunswyk neamd, wienen in dynasty fan Fryske greven dy't yn de 11e iuw in skoftlang Mid-Fryslân , tusken Fly en Lauwers bestjoerd hawwe. Sy waarden greven fan Starum, Eastergoa, Westergoa en Iselgoa neamd. Letter krigen sy ek de rjuchten ....

Lês fierder...


besjen


Wike 22

 
De hynstewein is it tradisjonele transportmiddel fan de Amish.

De Amish is in doperske protestante mienskip yn Noard-Amearika. Harren skiednis giet werom nei de reformaasje en de doperbeweging yn dy tiid. Yn it jier 1693 skieden de Amish har fan de menisten ôf. De hjoeddeistige Amish-mienskip beslacht 448 delsettings yn 28 ferskillende Amerikaanske dielsteaten en de Kanadeeske provinsje Ontario (sifers 2011). Yn Europa wenje gjin Amish mear. Yn 2011 waard de Amish mienskip op sa'n 261.150 minsken rûsd.

Lês fierder ..


besjen


Wike 23

 
It skilderij Ritter Ivanhoe, troch Johannes Gehrts (1855-1921).

Ivanhoe is in histoaryske roman fan 'e grutte Britske skriuwer, toanielskriuwer en dichter sir Walter Scott (1771-1832). It ferhaal fertelt fan 'e barrens yn it Midsiuwske Ingelân fan 1194, doe't nei it mislearjen fan 'e Tredde Krústocht in protte krúsfarders noch ûnderweis nei hûs wiene. Ivanhoe, dat foar it earst publisearre waard yn 1820, is ien fan Scott syn bekendste romans, dat yn 'e dagen fan 'e Romantyk tige by tige bydroech oan 'e belangstelling foar de skiednis yn it algemien en foar de Midsiuwen yn it bysûnder. It is withoefolle kearen adaptearre is ta oare media, lykas films, tillefyzjesearjes, tekenfilms, stripferhalen, toaniel en opera's.

Lês fierder ...


besjen


Wike 24

 
Haka útfierd troch de SCC Rugby-ploech.

De haka (meartal is gelyk oan inkeltal: haka) is in tradysjonele foarâlderlike dûnsfoarm fan 'e lânseigen Maory-befolking fan Nij-Seelân, mankgeand mei it útslaan fan striidgjalpen en mei in faak goreografearre dûns dy't û.m. it rôljen mei de eagen en it stampen mei de fuotten omfettet. De praktyk fan it nasjonale Nijseelânske rugbyteam, om foar al harren wedstriden in haka út te fieren, hat de dûns gruttere bekendheid yn 'e widere wrâld jûn.

Lês fierder ...


besjen


Wike 25

 
It Wâldfryske taalgebiet

It Wâldfrysk is it grutste dialekt fan it Frysk en wurdt sprutsen yn it eastlike part fan 'e provinsje Fryslân en de súdwestlike punt fan Grins. It taalgebiet leit rûchwei tusken Dokkum yn it noarden, Ljouwert, Earnewâld en It Hearrenfean yn it westen en de Stellingwerven yn it suden. Yn it easten wurdt it begrinzge troch de provinsjegrins mei Grinslân en Drinte, útsein tusken Surhústerfean en Fryske Peallen, want dêr rint it Wâldfryske taalgebiet troch yn 'e provinsje Grinslân yn 'e trijehoek Mearum-De Wylp-De Grinzer Pein. Troch goed 157.000 minsken wurdt it dialekt sprutsen.

Lês fierder


besjen


Wike 26

 
Yngong Auschwitz-I mei tekst Arbeit macht frei

Auschwitz wie it grutste ferneatigingskamp fan Nazi-Dútslân. It lei yn Poalen en is in symboal foar de Holocaust en foar de misdieden tsjin de minske. Op de Wannseekonferinsje, hâlden begjin 1942, waard troch de Dutskers besletten alle Joaden fan Jeropa te ferneatigjen en keazen om dat dwaan te litten yn de omkriten fan Auschwitz. De reden omdat dêr te dwaan wie in suver ekonomyske. De measte Joaden wennen yn it Easten en by Auschwitz lei in knooppunt fan spoarwegen. Fierders spile mei dat oan de Joaden fertsjinne wurde koe yn de tiid dat sy noch in libben wienen. Hja moasten arbeidzje yn de protte fabriken dy't yn de omkriten fan Auschwitz stienen.

Lês fierder ...


besjen


Wike 27

 
It sintrum fan Londen

Londen (Ingelsk: London) is de haadstêd fan Grut-Brittanje en fan Ingelân. London leit yn it súdeasten fan Ingelân oan de Teems, sa'n 80 km. fan de Noardsee ôf. De stêd waard eartiids mei de namme Londinium troch de Romeinen stifte yn it jier 43 nei Kristus op in plak oan de noardkant fan de Teems. Yn dy tiid wienen de Britske eilannen bewenne fan Kelten. Yn 61 n.Kr. fernielen sy Londinium. Yn de 2e iuw waard de earste brêge oer de Teems makke.

Lês fierder ...


besjen


Wike 28

 
In njoggentjinde-iuwsk manuskript fan 'e Bagavad Gita.

De Bagavad Gita of Bhagavad Gita, yn it oarspronklike Sanskryt: श्रीमद् भगवद् गीता, Śrīmad Bhagavad Gītā (útspr.: /ˈɕɽimad̪ ˈbʱəɡəʋəd̪ ɡi:ˈt̪a:/; letterlik: "Liet fan 'e Hear"), is in sang fan 700 fersen dy't ien fan 'e wichtichste religieuze teksten fan it hindoeïsme foarmet. It makket ûnderdiel út fan it Mahābhārata, ien fan 'e beide grutte hindoeïstyske epyske gedichten. De Bagavad Gita wurdt yn 'e regel datearre tusken de fyfde en de twadde iuw f.Kr., en hat de foarm fan in lang petear fan 'e Pandava-prins Arjuna mei syn geastlike liedsman, de godheid Krṣna, oer in ferskaat fan teologyske en filosofyske kwestjes. De Fryske oersetting fan Eric Hoekstra kaam út yn 2012.

Lês fierder ...


besjen


Wike 29

 
Satelytfoto fan It Amelân

De skiednis fan It Amelân hat it eilân kultureel in mingeling makke fan Hollânske en Fryske eleminten, en hat laat ta in unike eilânkultuer. It Amelân is yn geologysk opsicht in frij jong eilân. It waard pas drûch lân, krektas in grut part fan de rest fan Nederlân, yn it lêste tiidrek fan 'e geology, it Holoseen. It Amelân wie yn it earstoan in part fan it fêstelân; pas nei't de see om it begjin fan 'e jjertelling hinne troch de dunerige bruts en it feangebiet dêrefter fuortsloech, waard it in eilân. Wannear't de earste minsken harren op It Amelân nei wenjen setten, is ûndúdlik, mar yn alle gefallen moat it eilân fan likernôch it jier 850 ôf bewenne west hawwe.

Lês fierder


besjen


Wike 30

 
It Skipfearthûs
(Jan van der Mey).

De Amsterdamske skoalle heart yn de skiednis fan de boukeunst by it tiidrek fan de Moderne Boukeunst, dêr't ûnder oaren ek De Styl, it Nije Bouwen, de Chicago Skoalle en it Ekspresjonisme rekkene wurde. De boustyl kaam opsetten tusken 1910 oant likernôch 1930 en is part fan de ynternasjonale ekspresjonistyske arsjitektuer, en wurdt somtiden ek wol yn ferbân brocht mei it Dútske bakstien-ekspresjonisme. Dizze arsjitektuerstyl is útsoarte in reaksje op de saneamde neostilen. De eigen styl fan H.P. Berlage kin beskôge wurde as de basis fan de Amsterdamske Skoalle, hoewol't dizze in soberder karakter hat dan itjinge dat no yn dizze styl klassifisearre wurdt.

Lês fierder ...


besjen


Wike 31

 
Holleplasse fan in Kro-Magnonminsk

De Kro-Magnonminsk is de beneaming fan in prehistoarysk minske út it Lette Paleolitikum dêr't yn West-Jeropa fossile resten fan fûn binne, û.o. brûk- en sierfoarwerpen fan stien, bonke en ivoar. Dy minske is ferneamd nei har fynplak Cro-Magnon by Les Eyzies-de-Tayac-Sireuil yn de Frânske Dordogne. Soms wurdt de Kro-Magnonminsk oantsjutten mei de selsstannige ûndersoarte Homo sapiens diluvialis of cromagnonensis, mar de measte wittenskippers binne it der oer iens dat de Homo sapiens nea ûndersoarten hân hat en dat de Kro-Magnons "gewoane" moderne minsken wienen.

Lês fierder ...


besjen


Wike 32

 
útsjocht op Hoste Eilân

Fjoerlân (Tierra del Fuego yn it Spaansk) is in arsjipel (eilannekloft) oan de súdlike ein fan Súd-Amearika. Fjoerlân is ek ien fan 23 provinsjes fan Argentynje. It bestiet út in haadeilân fan 48 km² en ferskate lytse eilantsjes, yn totaal 73 km². Yn 1881 waard it gebiet ferdield tusken Argentynje en Sily. De namme is betocht troch Ferdinand Magellaan (1480-1521). Hy wie de earste Jeropeaan dy't troch de letter nei him ferneamde seestrjitte fear en fjurren op de eilannen baarnen seach.

Lês fierder ...


besjen


Wike 33

 
Ofbylding fan Aldgillis. P. Winsemius, Chronique ofte Historische geschiedenisse van Frieslandt (17e iuw).

Aldgillis of Aldgisl (— 680) wie in Fryske kening út de twadde helte fan de 7e iuw. Hy is de earste kening dêr't wat skriftlike boarnen oer binne en stiet bekend as in machtich hearsker. Under syn regear woeks it Fryske ryk yn omfang. De namme Aldgillis (of Aldgisl) betsjut: 'âld', gisl = "gizeler", "stêf" of "spear". Yn de Historia ecclesiastica fan Beda, in Ingelske muonts, wurdt Aldgillis kening fan de Friezen neamd. It feit dat Beda him kening neamd is hiel bysûnder en wichtich foar histoarisy, omdat de Friezen troch Frankyske boarnen út dy tiid, en dy't net oerrinne fan in soad betrouberens ...

Lês fierder...


besjen


Wike 34

 
Lois McMaster Bujold yn 2009.

Lois McMaster Bujold (1949) is in Amerikaanske skriuwster fan mear as fjirtich romans, novellen, koarte ferhalen en essays. Har fiksje heart ta de science fiction- en fantasy-sjenres. (Har twadde efternamme wurdt op fonetysk Amerikaansk-Ingelske wize útsprutsen as /buʤo:ld/.) Bujold is skieden en hat twa folwoeksen bern. Se is hikke en tein yn Ohio, mar wennet yn Minnesota. Sûnt de publikaasje fan har earste boek, yn 1986, hat hja har ûntjûn ta ien fan 'e súksesfolste en meast bekroande skriuwers yn har sjenre. Sa hat se fjouwer kear de prestizjeuze Hugo Award foar de bêste roman wûn, wêrmei't se it rekôr fan de ferneamde Robert A. Heinlein silger beliket. Dêrnjonken hat se û.m. in Hugo Award foar de bêste novelle, trije Nebula Awards, trije Locus Awards en in Mythopoeic Award wûn. Boppedat hat se de Skylark Award takend krigen foar har hiele oeuvre. Bujold har wurk is oerset yn teminsten tweintich talen, wêrûnder it Frysk (ien boek) en it Nederlânsk (twa boeken).

Lês fierder ...


besjen


Wike 35

 
Winston Churchill

Sir Winston Leonard Spencer Churchill, (30 novimber, 1874 - 24 jannewaris, 1965) wie in Britske politikus, dy’t foaral ferneamd wurden is as earste minister fan Ingelân tidens de Twadde Wrâldkriich. Yn syn libben hat Churchill ferskillende beroppen hân werûnder soldaat, sjoernalist, skriuwer en politikus. Churchill wurdt yn de wrâld erkend as ien fan de grutste lieders. As politikus en steatsman hat er foar mear as in heale iuw in wichtich en kontrofersjele rôl yn Ingelân spile. Hy is foaral ferneamd wurden as Britske Earste minister ûnder de Twadde Wrâldkriich. Syn spesjale manier fan lieding jaan wie tige effektyf. Hy koe goed yn it iepenbier prate en syn militêre ynsjoch wie goed, syn kennis wie dan ek better as fan Stalin en as dy fan Roosevelt.

Lês fierder ...


besjen


Wike 36

 

De wylde knyn (Latynske namme: Oryctolagus cuniculus), om ûnderskie te meitsjen mei oare kninesoarten ek wol de Jeropeeske knyn of de Jeropeeske wylde knyn neamd, is in hazze-eftige dy't yn Fryslân benammentlik op 'e Waadeilannen en op 'e sângrûnen fan 'e Wâlden foarkomt. Behalven in bistesoart foarmet de wylde knyn ek in monotypysk (út ien soarte besteand) skaai (Oryctolagus) binnen de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae). It mantsje hjit yn it Frysk in raam, en it wyfke in ei of mot.

Lês fierder ...


besjen


Wike 37

 
De Lauwersmar

De Lauwersmar is in mar op de grins fan Fryslân en Grinslân. De mar is op 23 maaie 1969 ûntstien troch it ôfsluten fan de Lauwerssee mei in 13 km lange daam. By it ôfsluten fan de see ûntstie net allinnich in grut mar, der kaam ek in protte nij lân by. De eardere Lauwersee waard benammen brûkt om te fiskjen en it wie in wichtich natoergebiet. De Lauwersmar wurdt sûnt de ôfsluting brûkt foar rekreaasje, lânbou, en as oefenterrein fan definsje. In grut part fan it gebiet is ek ynrjochte as natoergebiet. De wichtichste reden foar de ôfsluting wie de feilichheid. Nei de wettersneed fan 1953 stie ...

Lês fierder


besjen


Wike 38

 
Rudyard Kipling.

Rudyard Kipling (folút: Joseph Rudyard Kipling; Bombay, 30 desimber 1865Londen, 18 jannewaris 1936) wie in Britsk skriuwer, dichter en sjoernalist, dy't fral bekend wurden is troch syn proaza en poëzij oer Britsk-Ynje, it lân dêr't er berne waard. In grut diel fan syn oeuvre giet oer Britske soldaten en oare kolonialen yn Ynje; dêrûnder binne wiidferneamde titels lykas it koarte ferhaal The Man Who Would Be King en de gedichten Mandalay en Gunga Din. Like ferneamd, of miskien noch wol ferneamder, binne syn berneboeken, dy't krektlyk yn Ynje spylje, lykas ferhalebondel The Jungle Book, dêr't de (letter troch de Disney-studio's ferfilme) ferhalen oer de minsklike welp Mowgli en it ferhaal Rikki-Tikki-Tavi, oer in heldhaftige mangoeste, ta hearre. Teffens skreau er in soad oer de njoggentjinde-iuwske Britske keapfardij, lykas it masterlike gedicht The "Mary Gloster". Syn If... waard yn 1995 troch de Britten útkeazen as harren favorite gedicht.

Lês fierder ...


besjen


Wike 39

 
Hammûraby en Samas

Hammûraby (Akkadyske foarm fan it Amorityske ˤ Ammurāpi, "besibbe genêzer", ôflaat fan ˤ Ammu, "besibbe oan heitekant", en Rāpi, "genêzer"), ± 1795 - 1750 f.Kr. wie de seisde kening fan Babylon. Hy waard as Amoryt de earste kening fan it Ald Boabyloanyske Ryk. Troch in rige oarloggen tsjin de oanlizzende keninkriken te winnen, slagge hy deryn de kontrôle fan Babylon oer Mesopotaamje út te wreidzjen. Hoewol't syn ryk hiel Mesopotaamje kontrolearre op it momint fan syn ferstjerren, wienen syn opfolgers net by steat om dat ryk by ien te hâlden. Hammûraby stiet bekend om syn wetten, dy't oerlevere binne yn de saneamd Kodeks Hammûraby, en dy't ien fan de earste skriftlike kodifikaasje yn de skiednis wie.

Lês fierder ...


besjen


Wike 40

 
Lois McMaster Bujold yn 2012.

A Civil Campaign is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan 'e Vorkosigan-kroniken, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. It is in romantyske komeedzje, dy't yn 'e rige oer it libben fan 'e lichaamlik beheinde haadpersoan Miles Vorkosigan daliks folget op it folle swiersettiger Komarr. Yn it hilaryske A Civil Campaign fiert Miles in útprakkesearre kampanje om 'e begearlike Ekaterin foar him te winnen, wat troch syn eigen selsfoldienens en de bemuoienissen fan syn aparte famyljeleden en freonen nuver beteart. It boek waard foar it earst útjûn yn 1999 en is ûnderwilens oerset yn njoggen talen.

Lês fierder ...


besjen


Wike 41

 
SKS skûtsjesilen yn Earnewâld

It skûtsjesilen is it hurdsilen mei skûtsjes, fral de wedstriden dy't útskreaun wurde troch de SKS en de IFKS. Al yn de 19e iuw waard der hursyld mei skûtsjes, lykas yn 1820 yn Snits. Yn dy tiid waard der fral syld as de boeren gjin fracht hiene en de skippers sa faaks in jildpriis fertsjinje koenen. It wienen faak kastleins dy't in wedstriid útskreaunen, bygelyks as der merke wie, sadat nei ôfrin de priisútrikking yn it kafee hâlden wurde koe.
Twadde helte fan de iuw kamen der klubs dy't it silen organisearren. Doe kaam ek it idee fan amateursport op, dat der waarden hast gjin wedstriden mear om jild útskreaun. Om't de skippers dan de tiid net misse koenen begûn it tal fan meidoggers werom te rinnen.

Lês fierder ...


besjen


Wike 42

 
In Koptysk-otterdoks kleaster te Aswan, yn Egypte.

De Koptysk-Otterdokse Tsjerke, folút: de Koptyske Otterdokse Tsjerke fan Aleksandrië (Koptysk: Ϯϵκκληϲια Νρϵμνϧημι Νορθοδοξοϲ Ντϵαλϵξανδριαϲιϲ, Ti-Ekklēsiya En-Remenḵēmi En-Orṯodoxos Ente-Alexandriasis), is in kristlike tsjerke fan oriïntaalsk-otterdokse synjatuer. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e paus fan Aleksandrië en patriarch fan Hiele Afrika op de Hillige Sit fan Sint-Markus (sa't de titel yn syn folsleinens is). De Koptysk-Otterdokse Tsjerke brûkt it Koptysk, in deade taal dy't ôfstammet fan it Egyptysk út 'e tiid fan 'e farao's, as tsjerketaal. De oanhing fan dizze tsjerke is yn 'e tweintichste iuw oer de hiele wrâld fersille rekke. De Koptyske mienskip yn Fryslân tsjerket yn 'e eardere grifformearde tsjerke fan Hilaard.

Lês fierder ...


besjen


Wike 43

 
In houtfyk fan William Caxton syn twadde edysje fan The Canterbury Tales, printe yn 1483.

De Canterbury Ferhalen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Canterbury Tales, is in samling fan 23 koarte ferhalen mei in ramtfertelling dêromhinne, dat it (ûnfoltôge bleaune) masterwurk foarmet 'e Midsiuwske Ingelske dichter, skriuwer, filosoof, algemist en astronoom Geoffrey Chaucer (1343-1400). It is oan 'e ein fan 'e fjirtjinde iuw skreaun yn it Midingelsk en bestiet grutdiels út fersen, al binne twa fan 'e ferhalen yn proazafoarm. The Canterbury Tales ferhelje oer groep pylgers dy't mei-inoar fan Southwark, by Londen, nei de skryn fan 'e hillige Thomas Becket, te Canterbury, reizgje en inoar ûnderweis ferhalen fertelle. Chaucer brûkte de ferhalen om in maatskippijkritysk byld fan it doetiidske Ingelân te jaan; dêrby falt benammen syn iroanyske beskriuwing fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke op. De Fryske oersetting fan Klaas Hoekstra kaam út yn 2010.

Lês fierder ...


besjen


Wike 44

 

Moana Pozzi, folút: Anna Moana Rosa Pozzi (Genua, 27 april 1961Lyon, 15 septimber 1994), wie in Italjaansk pornografysk aktrise, neakenmodel, mainstream-aktrise, tillefyzjepersoanlikheid, fotomodel, politika en skriuwster fan Piëmonteesk komôf. Yn it begjin fan har karriêre makke se ek wol gebrûk fan artystenammen as Linda Heveret en Margaux Jobert. Begjin jierren njoggentich wie se yn Itaalje ûnbidige populêr. Se stoar ûnferwachts doe’t se 33 jier wie.

Lês fierder ...


besjen


Wike 45

 
Grutte fibula fan Winaam

De Grutte Fibula fan Winaam is in fibula út de earste helte fan de 7e iuw. De fibula is makke fan goud en ynlein mei reade almandyn. It earste diel fan de fibula of mantelspjelde waard yn 1953 yn in terp by Winaam fûn. Om 1990 hinne en yn 2009 binne oare dielen fan de fibula weromfûn. It sieraad wie fan immen mei in hege status en wurdt dêrom ek wol de keningsfibula fan Winaam neamd. De fibula is ûnderdiel fan de kolleksje fan it Frysk Museum.

Lês fierder ...


besjen


Wike 46

 
Yamba bridge, Chuetsu, nei ierdskodding yn 2004

In ierdskodding is in trilling of skokkende beweging fan de ierdkoarste. Ierdskoddings fine plak as der yn de ierdkoarste heapsteaps in soad enerzjy frijkomt. Dy enerzjy plantet him dan yn in weachbeweging fan it sintrum út fuort nei de omjouwing. It sabeare punt dêr't de skodding ûntstiet, it swiertepunt fan de enerzjytichtens, hiet it hyposintrum. It punt oan it ierdoerflak dêr leadrjocht boppe wurdt it episintrum neamd. In line fan likense skoddingyntensiteit om in episintrum hjit in ysoseist. Seismology is de wittenskip fan ierdskoddings.

Lês fierder ...


besjen


Wike 47

 
Edmund Hillary yn 1953

Edmund Percival Hillary (Auckland, 20 july 1919 - dêre, 11 jannewaris 2008) wie in Nij-Seelânske berchbeklimmer, ûntdekkingsreizger, diplomaat en publisist. Hy krige bekendheid as de earste berchbeklimmer dy’t de top fan de Mount Everest beklom, in prestaasje dy’t hy tegearre mei de Nepaleeske Sjerpa Tenzing Norgay op 29 maaie 1953 levere.

Lês fierder ...


besjen


Wike 48

 
De ferkrêfting fan Lukretia, skildere fan Titiaan (1571).

In ferkrêfting is in foarm fan seksuële oantaasting dêr't seksuële mienskip yn besletten leit, en dy't in persoan tsjin har of syn wil oandien wurdt troch ien of mear oare persoanen. Sa'n died kin útfierd wurde troch it gebrûk fan lichaamlik geweld of in oare foarm fan twang, troch it misbrûk fan in gesachsposysje, of mei in persoan dy't net by steat is om jildige ynstimming te ferlienen, lykas immen dy't bewusteleas of op in oare manear warleas is, of immen dy't geastlik beheind of minderjierrich is. Hoewol't ferkrêfting frijwol oeral foar de wet as in misdriuw beskôge wurdt, ferskilt de wetlike omskriuwing en bestraffing per lân, krekt as hoe't der yn in maatskippij tsjinoan sjoen wurdt.

Lês fierder ...


besjen


Wike 49

 
Waling Dykstra yn 1871

Waling Gerrits Dykstra (14 augustus 1821, Froubuorren - 15 jannewaris 1914, Holwert), soan fan Gerrit Walings Dykstra en Antje Keimpes Koopmans wie in Fryske skriuwer en foardrachtskeunstner. Hy stie yn de tradysje fan de Halbertsma's en is benammen bekend fan it Frysk Winterjûnenocht dêr't hy tegearre mei Tsjibbe Gearts van der Meulen it Frysk toaniel in plak joech yn de Fryske mienskip. Waling Dykstra waard berne te Froubuorren as bakkerssoan en soe sels it fak ek leare. Al rillegau kaam hy der efter dat dat syn ropping net wie. Yn 1853 die hy de bakkerij oan kant en wurke doe yn in boekwinkel yn Frjentsjer. Yn 1855 troude hy op 'e nij mei Afke (Jans) de Boer, mei wa er âlve bern krige soe.

Lês fierder ...


besjen


Wike 50

 

De nerts (Latynske namme: Mustela lutreola), om betizing mei de Amerikaanske nerts foar te kommen ornaris de Jeropeeske nerts neamd, is in sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), dat slim yn syn fuortbestean bedrige wurdt. Yn Nederlân komt er net foar. De nerts wurdt yn it Frysk ek wol lytse otter of lytse fiskotter neamd, wat in ferrifeljende oantsjutting is, mei't de nerts taksonomysk sjoen net ta de otters heart.

Lês fierder ...


besjen


Wike 51

 
Hanzestêden en hannelsrûtes

De Hânze wie in fan oarsprong Dútsk bûn fan hannelsstêden, letter útwreide mei stêden yn de omlizzende lannen, mei as doel ûnderlinge beskerming te bieden by de hannel yn bûtenlânske gebieten. De Hânze wie aktyf fan de 12e iuw oant de 17e iuw; op it hichtepunt wie it in bûn fan likernôch 200 stêden. Nei 1600 wie de Hânze amper noch aktyf. De lêste Hânzedei waard lykwols oan de ein fan de iuw holden, yn 1699. Lykwols wie de Hânze doe noch net formeel opheven. De stêden Lubeck, Hamburch en Bremen neame harsels hieltyd noch Frije Hânzestêd.


Les fierder ...


besjen


Wike 52

 
De Geast fan it Krystfeest fan it Ferline nimt Scrooge û.m. mei nei it krystbal by syn âlde wurkjouwer, menear Fezziwig.

In Krystliet yn Proaza, better bekend ûnder de oarspronklike Ingelske titel A Christmas Carol, is in novelle fan 'e njoggentjinde-iuwske Britske skriuwer Charles Dickens, dy't fertelt hoe't de hurdhertige nepert Ebenezer Scrooge yn 'e nacht foar de kryst besocht wurdt troch trije geasten, en fan gefolgen úteinlik ta ynkear komt. It hoopfolle teltsje, dat foar it earst útjûn waard yn 1843, hat him ûntjûn ta ien fan 'e meast ikoanyske krystferhalen dy't mar besteane. Ek hjoed de dei noch is it tige populêr; yn it Ingelsk hat In Krystliet noch nea ûnbestelber west, mei't der almar wer nije printingen ferskine. It is fierders adaptearre ta withoefolle oare media, lykas film, toaniel en opera. De Fryske oersetting fan Jabik Veenbaas kaam út yn 1991.

Lês fierder ...


besjen