Wikipedy:Haadside-ynfo/In dei yn de histoarje/Augustus
<< | Augustus | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | |||
5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 |
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 |
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 |
- 126 - Berne: Publius Helvius Pertinaks, Romeinske keizer († 193).
- 1139 - Ferstoarn: Floris III fan Hollân, Hollanske greve († 1140).
- 1793 - De earste lingte fan de meter wurdt yn Frankryk wetlik fêstlein.
- 1819 - Berne: Herman Melville, Amerikaansk skriuwer fan ûnder oaren Moby Dick († 1891).
- 1936 - Berne: Yves Saint Laurent, Frânsk moadeûntwerper († 2008).
- 1962 - Berne: Gertjan Verbeek, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener
- 2007 - De 150e edysje fan de PC-keatspartij yn Frjentsjer.
- 1835 - Berne: J.J.A Ploos van Amstel, rjochtsinnige teolooch († 1895).
- 1858 - Ferstoarn: Emma fan Waldeck-Pyrmont, keninginne-regentes fan de Nederlannen († 1934)
- 1922 - Ferstoarn: Alexander Graham Bell, útfiner (* 1847).
- 1943 - Berne: Jeltje van Nieuwenhoven, Nederlânsk politikus foar de PvdA fan Frysk komôf.
- 1946 - Berne: Anny de Jong, Frysk skriuwster út Kollum.
- 1974 - Ferstoarn: Evert Zandstra, Frysk en Nederlânsk skriuwer (* 1897).
- 1990 - De earste Golfoarloch set útein: Irak falt Koeweit yn.
- 1492 - Kolumbus set ôf mei trije skippen om de westlike route nei Ynje te finen.
- 1885 - Berne: Lolke Siderius, boer-meganikus en amateur astronoom († 1920).
- 1924 - Ferstoarn: Joseph Conrad, Poalsk-Ingelske roman- en proazaskriuwer (* 1857).
- 1985 - De Frysktalige film fan Pieter Verhoeff giet yn de bioskoop yn premiêre.
- 2005 - Rutmer van der Meer, Chris en Jacob Wassenaar wurde de winners fan de 152ste PC yn Frjentsjer. Chris Wassenaar wurdt keazen ta kening.
- 2008 - Ferstoarn: Aleksander Solzjenitsyn, Russysk skriuwer en sowjetdissidint (* 1918)
- 2008 - Ferstoarn: Martha Wieringa, âld-reedrydster, Nederlânsk kampioen op de koartebaan (* 1935).
- 1801 - In nije Frânske grûnwet jout Napoleon mear macht.
- 1875 - Ferstoarn: Hans Christian Andersen, Deenske dichter en skriuwer fan mearkes
- 1914 - Earste Wrâldoarloch: Dútse troepen falle Belgje binnen, wêrtroch't it Feriene Keninkryk de oarloch ferklearret oan Dútslân.
- 1944 - Anne Frank wurdt, nei ferrieden te wêzen, oppakt yn Amsterdam. Se wie ûnderdûkt yn it Efterhûs.
- 1957 - Berne: Hilbert van der Duim, Nederlânsk langebaanrider fan Frysk komôf.
- 1979 - Bontebok krijt de offisjele doarpsstatus.
- 2004 - Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger, winne de 147e edysje fan de PC. Iseger wurdt útroppen ta kening fan de partij.
- 2005 - Keninginne Beatrix besiket de provinsje Fryslân yn de rige fan provinsje-besites fanwege har 25-jierrich jubileum as keninginne.
- 1771 - de earste offisjele fierljepwedstriid wurdt hâlden yn Baard en waard organiseare troch Nanne Jetses.
- 1887 - Berne: Hendrik Voordewind, Nederlânsk skriuwer en âld-plysjekommissaris (* 1972 )
- 1930 - Berne: Neil Armstrong, Amerikaansk astronaut, earste minsk op de moanne.
- 1947 - De earste polisjonele aksjes yn Nederlânsk-Ynje wurdt beëinige.
- 1952 - Berne: Geke Faber, Frysk-Nederlânsk politikus en bestjoerder foar de PvdA.
- 1954 - Ferstoarn: Pieter baron van Harinxma thoe Slooten, Frysk bestjoerder, kommissaris fan de keninginne yn Fryslân (* 1870).
- 1962 - Ferstoarn: Marilyn Monroe (werklike namme Norma Jean Baker), Amerikaansk filmstjer (* 1926).
- 1666 - Ferstoarn: Tsjerk Hiddes de Vries, Fryske floatfâd en seeheld (* 1622).
- 1825 - Ferstoarn: Eduard van Beyma, Frysk politikus en grytman (* 1755).
- 1881 - Berne: Alexander Fleming, Britsk bakteriolooch, ûntdekker fan de penisilline († 1955)
- 1928 - Berne: Andy Warhol, Amerikaanske skilder († 1987).
- 1945 - Op de ein fan de WO II wurdt de earste atoombomoanfal ea útfierd op Hiroshima mei as gefolch: 70.000 deaden.
- 1971 - Berne: Angela Postma, Fryske swimster
- 2003 - Wytmarsum wint mei Jacob Zaagemans, Chris Anema en Gert Jan Meekma de Freulepartij
- 461 - De Romeinske keizer Majorianus wurdt fermoarde troch Risimer (*± 420).
- 1613 - Berne: Willem Freark fan Nassau-Dietz, steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Hy wie de opfolger fan syn âldere broer Hindrik Kasimir I.
- 1876 - Berne: Mata Hari, Margaretha Zelle, dûnseres, en mûglik spionne, Mata Hari († 1917).
- 1920 - Berne: Klaas Koopmans, keunstskilder († 2006).
- 1921 - Ferstoarn:Aleksander Blok, Russysk dichter (* 1880).
- 1982 - Ferstoarn: Johannes Vegter, Nederlânsk arsjitekt (* 1908).
- 1989 - Berne: Lennart Adema, Frysk keatser en fuotballer.
- 117 - Ferstoarn: Trajanus, Romeinsk keizer (* 53).
- 1750 - Berne: Johannes Lambertus Huber, Frysk bestjoerder en patriot († 1826).
- 1833 - Berne: Jacob Pieters Asman, Frysk skriuwer († 1902).
- 1876 - Thomas Edison krijt oktroai op de stinselmasine.
- 1949 - Berne: Ids Willemsma, keunstner.
- 2006 - In ierdskodding (3,5 op de skaal fan Richter) treft Grinslân. De oarsaak is wierskynlik de pleatslike gaswinning.
- 378 - It Romeinske leger liet yn de Slach by Adrianopel in swiere nederlaach dy't sjoen wurdt as it begjin fan de delgong fan it West-Romeinske Ryk
- 1763 - Ferstoarn: Jan Althuysen, Frysk skriuwer (* 1715).
- 1603 - Berne: Johannes Cocceius, grifformeard-protestantsk teolooch en filosoof († 1715).
- 1885 - Berne: Clément van Maasdijk, Nederlânsk fleander en loftfeartpionier († 1910).
- 1986 - Queen jout har lêste konsert mei Freddie Mercury yn Boedapest.
- 2001 - Ferstoarn: Abe Bonnema, Frysk arsjitekt (* 1926).
- 2009 - Ferstoarn: Tony Feitsma, heechlearaar Frysk (* 1928).
- 1304 - Yn Seelân fynt de Slach by Sieriksee plak.
- 1628 - De Vasa, in Sweedsk oarlochsskip, sinkt op syn earste tocht.
- 1655 - Ferstoarn: Lodewijk de Vadder, Flaamsk lânskipsskilder, -tekenaar en -etser út de baroktiid (* 1605).
- 1708 - Berne: Johannes Stinstra, Fryske doopsgesind teolooch († 1790).
- 1896 - Ferstoarn: Otto Lilienthal, Dútsk útfiner en untwerper fan sweeffleanmasines (*1848).
- 1928 - Berne: Annie van der Meer, Frysk hurdrydster († 2004).
- 1929 - Ferstoarn: Aletta Henriëtte Jacobs, earste froulike Nederlânske dokter en feministe (*1854).
- 1464 - Ferstoarn: Nikolaus fan Kues, Dútsk teolooch, filosoof, wiskundige, astronoom, humanist en jurist. (* 1401).
- 1881 - Ferstoarn: Willem Jan Schuttevaer, oprjochter fan de Keninklike Skippersferiening Schuttevaer (* 1798).
- 1858 - Berne: Christiaan Eijkman, Nederlânsk dokter en patolooch († 1930).
- 1948 - Iepening fan de Olympyske Spullen yn Londen
- 1951 - Berne: Saskia Zuiderduin, keunstneresse en edelsmid út Rûgehuzen.
- 1994 - Ferstoarn: Alfred Salten, muzikant en orkestlieder û.o. fan it Frysk Orkest (* 1914).
- 2004 - Makkum wint yn Wommels de 100e edysje fan de Freulepartij.
- 1099 - Godfried fan Bouillon oerweldicht de Sarasenen. It Keninkryk Jeruzalem wurdt stifte.
- 1898 - Berne: Hendrik Christiaan van de Leur, Nederlânsk arsjitekt († 1994).
- 1900 - Berne: Douwe Miedema, Frysk skriuwer en sjoernalist by de Friese Koerier en it Nieuwsblad van het Noorden († 1978).
- 1901 - Ferstoarn: Adolf Erik Nordenskiöld, Finsk wittenskipsman en ûntdekkingsreizger (* 1832).
- 1931 - Ferstoarn: Cornelis Johannes Kieviet, Nederlânsk skriuwer fan jeugdboeken, de skepper fan Dik Trom (* 1858).
- 1935 - Berne: Tjitte Piebenga, Frysk skriuwer († 2007).
- 2000 - Yn de Barentssee sinkt de atoomûnderseeër Koersk nei de boaiem, alle 118 minsken dy't oan board binne komme dêrby om it libben.
- 1642 - As earste observearret Christiaan Huygens de súdpoalkape fan Mars.
- 1899 - Berne: Alfred Hitchcock, Britsk regisseur († 1980).
- 1905 - Noarwegen wurdt ûnôfhinklik fan Sweden.
- 1937 - Japan falt Sina binnen.
- 1946 - Ferstoarn: Herbert George Wells, Britsk skriuwer (* 1866).
- 1961 - East-Dútske troepen slute mei stikeltried de eastlike sektor fan Berlyn ôf, wat it begjin is fan de Berlynske Muorre.
- 2004 - Iepening fan de Olympyske Spullen yn Atene.
- 1771 - Berne: Sir Walter Scott, Skotsk histoarysk skriuwer en dichter († 1832).
- 1821 - Berne: Waling Dykstra, Frysk skriuwer († 1914).
- 1920 - De Olympyske Spullen yn Antwerpen geane oan.
- 1947 - India en Pakistan wurde ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje.
- 1969 - Britske troepen wurden ynsetten yn Noard-Ierlân.
- 1971 - De Barein wurdt ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje.
- 2003 - Yn in grut part fan it noardeasten en it middenwesten fan de Feriene Steaten en yn parten fan Kanada falt de elektrisiteit út.
- 1057 - Ferstoarn: Kening Macbeth I fan Skotlân (* 1005?).
- 1769 - Berne: Napoleon Bonaparte generaal en politikus († 1821).
- 1865 - Berne: Johan Bernard Schepers, Frysk histoarikus en letterkundige († 1935).
- 1943 - Berne: Willem Tjerkstra, Frysk skriuwer.
- 1960 - De Kongo wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1976 - Ferstoarn: Feike de Boer, Frysk bestjoerder û.o. boargemaster fan Amsterdam (* 1892).
- 2006 - Ferstoarn: Faas Wilkes, Nederlânsk fuotballer (* 1923.
- 1723 - Deputearre Steaten beslute om it Dokkumer Djip ôf te sluten.
- 1904 - Berne: Oepke Santema, Frysk histoarikus († 1979).
- 1948 - Berne: Sjoerd Bottema, Frysk skriuwer
- 1958 - Berne: Madonna, Amerikaansk sjongster
- 1962 - De Britske popgroep The Beatles jouwe Pete Best dien en ferfange him troch Ringo Starr.
- 1977 - Ferstoarn: Elvis Presley, sjonger (* 1935).
- 2003 - Ferstoarn: Ype Schaaf, Nederlânsk predikant en sjoernalist fan Frysk komôf (* 1930).
- 1766 - Berne: Thijs Feenstra, Frysk politikus en bestjoerder († 1840).
- 1893 - Berne: Mae West, Amerikaansk aktrise († 1980).
- 1920 - Berne: Maureen O'Hara, Iersk filmaktrise.
- 1943 - Berne: Robert De Niro, Amerikaansk akteur.
- 1945 - Soekarno ferklearret Yndoneezje ûnôfhinklik fan Nederlân.
- 1960 - Gabon wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1987 - Ferstoarn: Rudolf Hess, plakferfanger fan Adolf Hitler (* 1894).
- 472 - Ferstoarn: Risimer, magister militum (oerbefelhawwer) yn Itaalje fan 456 oant 472.
- 1397 - Slach op de Menamer-mieden de Skieringers ferslaan de Fetkeapers.
- 1541 - Ferstoarn: hartoch Hindrik fan Saksen, ek wol Hindrik de Fromme neamd.
- 1565 - Berne: Loadewyk II fan Nassau-Weilburch, greve fan Nassau-Weilburg († 1627)
- 1840 - Berne: Anthony Christiaan Winand Staring, Nederlânsk dichter.
- 1916 - Berne: Piet Keizer, winner 6e Alvestêdetocht.
- 1931 - Berne: Hans van Mierlo, ien fan de oprjochters fan D66.
- 1942 - Berne: Jan Meulendijks, sjoernalist, útjouwer, puzelmakker en betinker fan telefyzjekwissen.
- 1960 - De earste antikonsepsjepil komt op de merk.
- 1991 - De groep Jitiizer begjint.
- 2002 - Johan Bok, Frysk musikus fan Snits.
- 14 - Ferstoarn: Romeinsk keizer Augustus (* 63 f.Kr.).
- 1493 - Maksimiliaan I wurdt keizer fan it Hillige Roomske Ryk
- 1919 - Afganistan wurdt ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje.
- 1946 - Berne: Bill Clinton, presidint fan de Feriene Steaten fan Amearika.
- 1961 - Berne: Gerrit Hiemstra, waarman by it NOS-sjoernaal.
- 1982 - Berne: Bart Helmholt, Frysk fierljepper út Hurdegaryp.
- 2000 - De weropboude Kristus-Ferlosserkatedraal yn Moskou wurdt wijd.
- 1384 - Geert Grote, Nederlânsk godgeleerde, skriuwer en boeteprediker, oan de gefolgen fan de pest.
- 1672 - Riedspinsjonaris fan Hollân Johan de Witt en syn broer Cornelis de Witt, lid fan de Steaten-Generaal, wurde yn De Haach ophong troch in lilke kloft minsken.
- 1910 - Berne: Garmant Nico Visser, sosjograaf, dichter, oersetter en Frysk beweger.
- 1931 - Berne: Anne Hellinga, Frysk skriuwer en plysjeman.
- 1959 - Berne: Menno Lievers, filosoof en redakteur fan it literêre tydskrift De Revisor
- 1991 - Estlân wurdt ûnôfhinklik fan de Sowjetuny.
- 1994 - Iepening fan it nije Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean.
- 1612 - Berne: Saakje fan Uylenburg, boargemastersdochter dy't troude mei de Nederlânske skilder Rembrandt van Rijn († 1642).
- 1911 – De Mona Lisa fan Leonardo da Vinci wurdt stellen út it Louvre yn Parys.
- 1924 - Berne: Klaas Beuker fan Harns, Frysk politikus († 9 oktober 2000)
- 1940 - Ferstoarn: Leon Trotski, Russysk revolusjonêr en politikus.
- 1957 - Berne: Wia Bouma, Frysk keunstneresse.
- 1991 - Letlân wurdt ûnôfhinklik.
- 2002 - Ferstoarn: Eddy Evenhuis, sjoernalist en dichter (* 1920).
- 408 - Ferstoarn: Flavius Stilicho, oerbefelhawwer (magister militum) fan it West-Romeinske Ryk (* sa. 359).
- 1567 - Komst fan de Hartoch fan Alva mei 16.000 soldaten, om de Nederlannen yn opdracht fan Filips II te straffen foar de Byldestoarm yn 1566 en de opstannichens yn it algemien. Begjin fan een skrikbewâld.
- 1770 - James Cook's ekspedysje komt oan op de eastkust fan Austraalje.
- 1864 - Oprjochting fan it ynternasjonale Reade Krús yn Genêve.
- 1902 - Berne: Leni Riefenstahl, Dútsk filmregisseuze en fotografe († 2003).
- 1917 - Berne: John Lee Hooker, bluesmuzikant († 2001).
- 2002 - Ferstoarn: Æbe Haima, Frysk keatser dy't twa kear de PC wûn (* 1927
- 93 - Julius Agrikola, Romeinsk generaal, oermasterer fan Brittanje (* 40).
- 476 - Romulus Augustulus, de lêste keizer fan it West-Romeinske Ryk, wurdt ôfsetten.
- 676 - Berne: Karel Martel, kening fan it Frankyske Ryk († 741)
- 1618 - Ferstoarn: Gerbrand Adriaensz. Bredero, Nederlânsk toanielskriuwer.
- 1901 - Berne: Minne Endstra, in súksesfol Nederlânske sakeman († 1971).
- 1942 - De Slach om Stalingrad begjint.
- 1944 - Yn Warnsveld wurdt in temperatuer fan 38,6°C mjitten; de heechste deitemperatuer ea sûnt it begjin fan de mjittings yn Nederlân.
- 1210 - Berne:Floaris IV fan Hollân, Greve fan Hollân († 1234)
- 1772 - Willem I, kening fan de Nederlannen. († 1843)
- 1815 - De earste Nederlânske grûnwet komt ta stân stan.
- 1913 - Iepening fan it stasjontsje Moarre/Ljussens en Eanjum.
- 1940 - Ferstoarn: Paul Nipkow, Dútske útfiner en tillefyzjefoarrinner (* 1860).
- 1965 - Ferstoarn: Ids Wiersma, keunstskilder (* 1878).
- 1995 - Under massale mediabelangstelling wurdt wrâldwiid Windows 95 fan Microsoft lansearre.
- 1561 - Willem de Swijer trout foar de twadde kear, diskear mei de rike Anna fan Saksen.
- 1776 - Berne: Jan Adriaan van Zuylen van Nijevelt, Kommissaris fan de Kening yn Fryslân
- 1868 - Ferstoarn: Jacob van Lennep, Nederlânsk skriuwer (* 1802).
- 1946 - De RON, in foarrinner fan Omrop Fryslân, begjint mei it útstjoeren fan Nederlânsktalige programma's, rjochte op Fryslân.
- 1951 - Yn Jorwert stoart de tsjerketoer yn wat de oanlieding is foar it hâlden fan in iepenloftspul.
- 1976 - Harm Wiersma wurdt wrâldkampioen damjen.
- 1970 - Berne: Claudia Schiffer, Dútsk fotomodel.
- 1666 - Ferstoarn: Frans Hals, Nederlânsk skilder.
- 1723 - Ferstoarn: Antoni van Leeuwenhoek, Nederlânsk wittenskipper.
- 1740 - Berne: Joseph Michel Montgolfier, Frânske loftfeartpionier († 1810).
- 1907 - Ferstoarn: Piter Loadewyk Tak, wie foarsitter fan de SDAP en haadredakteur fan Het Volk (* 1848).
- 1956 - Berne: Auke Scholma, Nederlânsk dammer.
- 1959 - Berne: Piter Wilkens, Frysk sjonger.
- 1974 - Ferstoarn: Charles Lindbergh, loftfeartpionier.
- 1471 - Berne: George fan Saksen (Joaris mei it Burd), hartoch fan Saksen
- 1828 - Ferstoarn: Eise Eisinga, amateur astronoom en skepper fan it planetarium yn Frjentsjer (* 1744).
- 1860 - Berne: Carl Anton Larsen, Noarsk walfiskfarder en poalûndersiker († 1924).
- 1883 - By de útbarsting fan de fulkaan Krakatau ûntstiet in tsûnamy wêrby mear as 36.000 minsken it libben litte.
- 1908 - Berne: Lyndon Johnson, 36e Presidint fan de Feriene Steaten (1963-1969) († 1973).
- 1910 - Berne: Mem Teresa, non, winneres Nobelpriis foar de Frede.
- 1918 - Berne: Jelle Zijlstra, Nederlânsk minister-presedint.
- 388 - Ferstoarn: Magnus Maksimus, Romeinske keizer.
- 430 - Ferstoarn: Augustinus, teolooch en biskop fan Hippo
- 1240 - Ferstoarn: Ubbo stifter fan Kleaster Blomkamp
- 1672 - Grins ûntsetten: biskop Bearend fan Galen jout de belegering fan de stêd Grins op.
- 1855 - Berne: Roelof Kuipers, Frysk arsjitekt
- 1913 - Keninginne Wilhelmina iepent it Fredespaleis yn De Haach.
- 1916 - Itaalje ferklearret de oarloch oan Dútslân.
- 1396 - Yn de Slach by Skoattersyl wurde de Friezen ûnder oanfiering fan Juw Juwinga troch Albrecht fan Saksen ferslein, mear as tûzen Friezen sneuvelen.
- 1618 - Johan fan Oldenbarnevelt, Hugo de Groot en Hoogerbeets finzen nommen.
- 1915 - Berne: Ingrid Bergman, Sweedske aktrise († 1982).
- 1925 - Ger Vaders, sjoernalist en haadredakteur fan it Nijsblêd fan it Noarden († 2005).
- 1951 - Berne: Ep van Hijum, Frysk skriuwer út Warns.
- 1944 - Ferstoarn: Goaitsen Burgy, Frysk skriuwer (* 1886).
- 1958 - Berne: Michael Jackson, Amerikaansk popsjonger en dûnser († 2009).
- 526 - Ferstoarn: Durk de Grutte, kening fan de Ostrogoaten (* sa. 451).
- 1270 - Underweis nei it Hillige lân rekke de Fryske krúsfarders yn gefjocht mei de Moaren en behelje yn de Slach by Tunis de oerwinning.
- 1865 - Berne: Rienk van Veen, Frysk politikus († 1929).
- 1871 - Berne: Foeke Kuipers, Frysk arsjitekt († 1954).
- 1903 - Oprjochting fan de "Harley-Davidson Motor Company".
- 1905 - Ferstoarn: Constantijn Willem van Limburg Stirum, Nederlânsk politikus fan Frysk aadlik komôf (* 1836).
- 1930 - Berne: Warren Buffett, Amerikaansk sakeman en ynvestearder.
- 161 - Berne: Kommodus, soan fan keizer Markus Aurelius, takomstige keizer fan Rome.
- 1602 - Berne: Amalia fan Solms, frou fan steedhâlder Freark Hindrik fan Oranje
- 1870 - Berne: Maria Montessori, Italiaanske ûnderwiiskundige († 1952).
- 1880 - Berne: Keninginne Wilhelmina, keninginne fan Nederlân fan 1890 oant 1948 († 1962).
- 1913 - Oprjochting PSV (fuotbal)
- 1935 - Berne: Leen Pfrommer, Nederlânske coach reedriden
- 1945 - Ferstoarn: Stefan Banach, Poalske wiskundige
- 1997 - Diana, better bekend as Lady Di, komt tegearre mei har freon Dodi Al-Fayed om it libben by in auto-ûngemak yn de Alma-tunnel yn Parys.