Skiednis fan Fryslân

Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Grinzer Ommelannen
Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
Westerlauwersk-Fryslân
Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
East-Fryslân
Noard-Fryslân

De skiednis fan Fryslân en fan de Fryske gewesten of Grut-Fryslân ferhellet oer it Fryske ferline. Yn dat ramt wurde de skiedkundige ûntjouwings yn it wengebiet fan de Friezen oan de súdeastlike igge fan de Noardsee beskreaun.

De skiednis fan Fryslân rint lykop mei de skiednis fan de Friezen. De Friezen teagen sa likernôch yn de 4e iuw f.Kr. nei it kustgebiet oan de súdlike igge fan de Noardsee. Geakundich sjoen in bysûnder lânskip troch de ynfloed fan de see en it terpelân. Om 700 hinne is Fryslân in heidensk lân. Yn de 8e en 11e iuw wurdt Noard-Fryslân fan Friezen befolke, mar ûntjout himsels frij fan de oare Fryslannen. Yn de lette midsiuwen ferienigje de frije Fryske lannen (Fryske frijheid) har yn it Upstalbeambûn. Troch ûntwikkelingen yn de 15e en 16e iuw falle de Fryske gebieten útinoar: Westfryslân en de provinsjes Fryslân en Grinslân komme yn Nederlânsk steatsferbân. East-Fryslân bliuwt oant 1744 in greefskip yn it Hillige Roomske Ryk, dat as de foarrinder sjoen wurde kin fan Dútslân, dat as nasjonale steat yn 1871 oprjochte waard. Noard-Fryslân dat hiel lang ûnder Denemark foel, komt yn de 19e iuw foarfêst by Dútslân. De skiednis fan Fryslân as provinsje begjint yn de 16e iuw mei it Hearlikheid Fryslân. Yn de Frânske tiid heart East-Fryslân in jiermannich by de Frânske fasalsteat Nederlân. Nei de Frânske tiid wurdt it eardere Hearlikheid Fryslân yn it jier 1814 in provinsje fan Nederlân.

Prehistoarje

bewurkje seksje
 
De earste fêste bewenners fan de Fryske gebieten wennen op terpen.

De âldste fynsten fan minsken yn Fryslân binne dien yn Aldeholtpea en Skûlenboarch en Wynjewâld stamje fan om-ende-by 100.000 jier foar de kristlike jiertelling.[1] Op dy plakken binne fûstbilen fûn dy't troch Neandertalers brûkt waarden. Allinnich by Skûlenboarch hawwe de Neanderthalers in lytse delsetting hân dêr't se wat langer taholden.[2] De Neanderthaler sil trochstrings yn it Fryske gebiet west hawwe foar de jacht, foar de jacht op mammoeten bygelyks. Yn de tiidrekken dy't derop folgen, dy fan de iistiden, wie Fryslân net bewenne. By Oerterp en op oare plakken yn de Wâlden binne op de ein fan de Würmiistiid wer minsken ferskynd. De restanten dy't hjir fûn binne stamje út 13.000 f.Kr. en tsjutte op de oanwêzigens fan groepen rindierjagers. Dizze minsken wurde rekkene ta de Hamburchkultuer. It lânskip fan Fryslân yn dy tiid hie doe in soad wei fan in toendra, dêr't keppels rindieren libben. De grûn wie beferzen en allinnich leech strewelte en bepaalde moassoarten tiere goed yn de kjeld. De seespegel lei 65 meter leger as tsjintwurdich, en de Noardsee wie sawat drûch. De rindierjagers hawwe in soad spoaren efter litten. Sa likernôch tusken 13.000 en 10.000 f.Kr. hat in folk fan jagers en samlers by de Tsjonger libbe.[3] Nei it fynplak fan harren resten wurde dizze prehistoaryske bewenners ta de Tsjongerkultuer rekkene. Dy minsken hawwe nei alle gedachten yn de Fryske omkriten wenne yn de oergongsfase fan de iistiden nei in waarmer geologysk tiidrek, it Holoseen.

Sa likernôch om 3400 foar Kristus komme der stadichoan boeren yn it plak foar de jagers en samlers. De earste fêste bewenners fan Fryslân libben nei alle gedachten op de sângrûnen yn it súdeasten fan de provinsje, sawat yn de notiidske Wâlden en yn Gaasterlân.[4] Sy wienen ôfkomstich út Drinte. Op grûn fan it ierdewurk dat fan harren weromfûn is, wurde hja Trechterbekerminsken neamd. Troch útwreiding fan it fean rekke it boerelân oerwoekere en rûn harren libbensromte hieltyd fierder tebek. Dêrtroch teagen famyljes nei de tige fruchtbere kwelders, dêr't se har benammen op kwelderwâlen nei wenjen setten. Stadichoan waakste de kultuer fan dizze famyljes út ta in eigen Fryske kultuer. De see hie yn de kweldergebieten frij spul. By seestigingen strûpte de see it lân der ûnder, wat foar de earste bewenners fan Fryslân altyd reden wie har hjir net permanint te wenjen te setten. As beskerming tsjin de see smieten de nije fêste bewenners terpen op, dêr't se op wennen en buorken. De terpebou begûn likernôch om 600 foar Kristus en wie oant de oanlis fan de seediken beskiedend foar it lânskip en de feiligens fan de Friezen.[5]

  De Wikipedy hat ek in side Romeinen yn Fryslân.

Oan it begjin fan de kristlike jiertelling skreaunen de Romeinen oer de Friezen, in folk oan de súdlike igge fan de Noardsee. Under keizer Augustus waard besletten dat de Elbe de noardgrins fan syn ryk wurde moast. Dêrtroch soenen de Fryske gebieten ûnderdiel wurde fan it Romeinske Ryk. Troch Drusus, dy't yn it jier 12 f.Kr. by de Ryndelta oankaam, waarden de Friezen skatplichtich makke oan it Romeinske ryk. Dy belesting waard betelle mei kowehûden. Olennius stelde yn 28 n.Kr. dat de kowehûden it formaat fan dy fan oeroksen hawwe moasten. Dat wie foar de Friezen mei harren lytse kij net mooglik. De Friezen kamen yn opstân en foelen de Romeinen oan by it castellum Flevum. Yn de Slach fan Baduhenna ferslaan de Friezen de Romeinen. De oerlibjende Romeinen flechten werom nei it suden. De Romeinen stjoerden gjin strafekspedysje nei de Friezen, dêr't de Friezen harren frijheid mei werom krigen. Earst yn 47 kamen de Romeinen ûnder Korbulo nei Fryslân. De Friezen waarden doe al ferslein, mar keizer Klaudius besleat de grins (limes) fan it ryk by de Ryn te lizzen. De Romeinen hienen it oer Frisiavones foar de minsken dy't besuden de Ryn wennen, en dêrmei part fan it ryk wienen, en fan Frisii foar de lju oer de Ryn, dy't gjin fêst part fan it ryk wienen, al waarden se yn it earstoan wol troch de Romeinen betwongen. Hoe't fierders de ferhâldings tusken de Romeinen en de Friezen leinen, is net alhiel dúdlik omdat dêrfoar te min oerlevere is. Dat der kontakt wie mei de Romeinen yn de foarm fan hannel is wis. It skriuwplankje fan Tolsum en de Hludana-stien binne bewizen fan ynfloeden fan de Romeinen yn de Fryske gebieten.[6] Yn de Fryske gebieten binne in pear plakken dêr’t Romeinske soldaten legere wiene. Friezen sieten ek yn Romeinske kriichstsjinst, lykas yn it noarden fan Ingelân, by de muorre fan Hadrianus. It is bekend dat twa Fryske oanfierders, Ferritus en Maloriks, yn 58 nei Kristus nei Rome teagen om oan keizer Nearo tastimming te freegjen om lân súdlik fan de Ryn brûke te meien.[7]

Al yn de 2e iuw hie Markus Aurelius yn de Markomannenoarloch grutte tsjinslaggen tsjin de Germaanske stammen. It wie in earste teken fan delgong fan it Romeinske Ryk dy’t oanboaze yn de 3e iuw. Yn it noarden hienen de Romeinen swierrichheden mei de Germanen, yn it easten mei de Sassaniden. Ferskate stammen foelen út it noarden wei it Romeinske Ryk binnen. De Romeinen ferlieten harren Limes oan de Ryn en de Friezen koenen sa it lân súdlik dêrfan bewenje. Mooglik is in part fan dy groep opnommen yn it ferbûn fan de spearen. Mei it Romeinske Ryk yn it neigean begûn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren. It grutste part fan de Fryske migrisaasje hat mei de nei de Britske eilannen west. It wie in stream út Fryslân, it noarden fan it hjoeddeiske Dútslân, en út Jutlân wei. Oare folken dy’t yn dy stream nei de Britske ta setten wienen de Angelen, Saksen en Juten. Der kin net mei wissigens fêststeld wurde oft der yn de Fryske lannen wol plakken wienen dy’t trochgeande bewenning hân hawwe. De stammen dy’t oan de súdlike iggen fan de Noardsee wennen, waarden troch de Romeinen de Frisii neamd. It folk dêr’t yn de 6e iuw oer skreaun wurdt wienen de Friezen. Yn de tiid fan it grutte folkeferfarren wreide it wengebiet fan de Friezen him fierder út nei de Wezer ta.

Iere midsiuwen

bewurkje seksje
 
Kaart fan it Fryske Ryk mei de Latynske nammen.
  De Wikipedy hat ek in side Fryske Ryk.
  De Wikipedy hat ek in side Kerstening fan de Friezen.

Yn de 6e iuw waard de migraasje fan it grutte folkeferfarren minder en yn de Fryske lannen ûntstiet om 600 hinne in nij folksferbân. Der binne ferskillende muntfynsten dien fan mooglik in kening Audulfus út de earste helte fan de 7e iuw. Yn de rin fan de 6e iuw waard it Fryske gebiet stadichoan in federaasje fan ferskate gebieten dy’t ta in wisse hichte mei in sintraal gesach ferbûn wienen. Ofsjoen by Winaam wienen der elitêre delsettings op Tessel (De Burch) en Rynsburch oan de kust yn Súd-Hollân. It is net dúdlik oft de Fryske keningen keazen waarden út de adel of troch erfopfolging kening waarden.[8] De earste Fryske kening dêr’t in bytsje oer bekend is wie kening Aldgilles. Hy liet kristlike missionarissen ta yn de Fryske lannen. Yn de winter fan 678 joech Aldgillis de Ingelske biskop fan York Wilfried yn Utert in ûnderkommen. Sa likernôch om it jier 680 hinne stjert Aldgilles en hy wurdt opfolge troch Redbad. Kening Redbad is in tsjinstanner fan it Kristendom.[9] Ien fan de suksessen fan Redbad is de oerwinning tsjin de Franken yn de Slach by Keulen yn 716.[10][11] By Redbad syn dea yn 719 is Fryslân in heidensk lân. Stêden as Utert en Dorestêd wienen wichtige hannelsstêden. Beide stêden leinen oan de Ryndelta, dêr't in grut part fan de Frysk-Frankyske oarloggen om west hat. It kristlike leauwen kaam út it suden wei, dêr’t de Franken wennen. Der komme ek missionarissen fan de Britske eilannen lykas Willibrord en Bonifatius. Under Poppo ferlieze de Friezen yn 734 de Slach oan de Boarn. Troch dat ferlies wurde de Franken de nije machthawwers yn it gebiet tusken de Alde Ryn en de Lauwers. Mei de Frankyske oerhearsking wurde de Friezen kerstene. De dea fan Bonifatius by de Dokkum yn 754 is in teken fan ferset tsjin dy kerstening. It gebiet eastlik fan de Lauwers is nei de Slach oan de Boarn noch gjin ûnderdiel fan it Frankyske Ryk. De Friezen dienen mei oan de Saksenkriich dy’t yn 772 ûnder Widukind begûn. De kriich einige mei de beneaming fan de Fryske missionaris Liudger ta earste biskop fan Münster yn it jier 805.[12]

Tsjustere midsiuwen

bewurkje seksje

De Friezen hawwe om it jier 700 hinne de Noard-Fryske eilannen Feer, Oomram en Sal befolke, as ek it Hilgelân en it westlike diel fan it skiereilân Eiderstedt.[13] Der kin net mei wissigens fêststeld wurde wat de oarsaak wie foar de grutte migraasje nei Noard-Fryslân. Mooglik soe it wat te krijen hân hawwe mei de oerhearsking fan it Frankyske Ryk yn de Fryske lannen en dêrmei in foarm fan ferset tsjin it nije kristlike leauwen fan de Franken. Oan ‘e ein fan de 8e iuw wienen de Fryske lannen definityf ûnderdiel fan it Frankyske Ryk wurden. De kerstening fan de Friezen koe ûnder de Franken fierder trochsetten wurde. Yn it jier 751 nimme de Karolingen de hearskappij oer it Frankyske Ryk oer fan de Merovingen. Sûnt 771 hearsket Karel de Grutte allinnich oer it Frankyske Ryk. Hy it jier 790 hinne jout Karel de Grutte opdracht om it Fryske rjocht yn it Latynsk op te skriuwen, it waard de Lex Frisionum neamd.[14] It tiidrek fan de Karolingyske Renêssânse kin rûchwei yn it tiidrek 750 oant 950 delset wurde. Under Karel de Grutte waard it Karelsprivileezje oan de Friezen jûn.[15] De oarspronklike tekst fan it dokumint is net oerlevere, mar yn de iuwen dêrnei is it frijheidsprivileezje fan de Friezen wol ferskillende kearen befêstige. Fierders waarden de Fryske lannen ûnder Karel de Grutte ferdield oer trije katolike bisdommen; Utert, Münster en Bremen. Nei de dea fan Karel de Grutte yn 814 koe Loadewyk de Fromme it Frankyske Ryk noch in skoft by inoar hâlde. Nei syn dea yn 840 falt it ryk stadich út elkoar. De dieling waard yn it Ferdrach fan Ferdun fan 843 definityf makke. Lotarius I wie de âldste soan fan Loadewyk de Fromme. Hy krige it middenryk dêr’t ek Fryslân ûnder foel. Hy wie ek de iennichste dy’t de keizerstitel krige. Nei de dea fan Lotarius I yn 855 wurdt it middenryk ferdield tusken de West-Frankyske kening Karel de Keale en de East-Frankyske kening Loadewyk de Dútser.

Yn de rin fan de earste helte fan de 9e iuw wurdt de delgong fan it Frankyske Ryk dúdlik. It is dan sa swak wurden dat it him net ferdigenje kin tsjin de oanfallen fan de Wytsingen. De Wytsing Rorik hat tritich jier op it eilân Wieringen taholden. Hy krige fan de Frankyske keningen in part fan de Fryske lannen yn lien. Yn 864 moast Rorik Fryslân ferlitte nei in opstân fan de Friezen. Nei syn dea yn 880 krijt syn opfolger Godfried it foar it sizzen yn de Fryske lannen. Yn 885 wurdt hy deamakke troch Fryske eallju. Dêrmei waarden de Fryske lannen befrijd fan de Wytsingen. Yn de Slach by Dokkum (873) en de Slach by Norden (880) waarden de Wytsingen troch de Friezen ferslein. De wichtige hannelsstêd Dorestêd waard ferskate kearen troch Wytsingen plondere en bewenners waarden finzen nommen en letter ferkocht as slaven.

Yn it jier 880 waard de grins lutsen tusken West-Frankyske Ryk (it lettere Frankryk) en it East-Frankyske Ryk. Dy grins wie yn de fierdere midsiuwen in fêste grins. Ut it East-Frankyske ûntstie it Hillige Roomske Ryk, dat oant 1806 bestien hat. As offisjele begjin fan it Hillige Roomske Ryk kin de kroaning fan Otto I ta keizer yn it jier 962 neamd wurde. Yn de 11e iuw ûntstie yn de tsjintwurdige provinsje Fryslân it Greefskip Mid-Fryslân dat ûnder bewâld fan de Brunoanen stie. Doe't Keizer Hindrik IV it gebiet yn 1088 tige tsjin it sin fan de Fryske greve Egbert II oerdroech oan de biskop fan Utert, kaam dy tsjin de keizer (syn neef) yn opstân. Nei de dea fan Egbert yn 1090 folge Hindrik de Fette him op as greve fan Mid-Fryslân, mar waard op 10 april 1101 fermoarde troch Friezen dy't ûnder leiding stienen fan de biskop fan Utert. Mei dit foarfal set it tiidrek fan de Fryske frijheid útein, dêr't de Friezen harsels sa goed as selsstannich yn bestjoere soenen, nettsjinsteande oanspraken fan Hollân en Utert op it gebiet. Yn de 11e iuw wie de twadde kolonisaasjeweach fan Friezen nei Noard-Fryslân. Dêrtroch waard de fêstewâl fan Noard-Fryslân befolke troch Friezen. Yn de 11e iuw begûn de oanlis fan de seediken yn de Fryske gebieten.[16]

Fryske Frijheid (1101-1498)

bewurkje seksje
 
De Fryske lannen om 1300 hinne
  De Wikipedy hat ek in side Fryske Frijheid.

Mei it weiwurden fan it Greefskip Mid-Fryslân om 1100 hinne hienen de Friezen gjin feodale hear en ek gjin feodale ynstituten boppe har stean. De Friezen bestjoerden harsels. It wie it begjin fan de Fryske frijheid. Yn de rin fan de 12e iuw waarden ferskate kleasters boud. De kleasters hienen faak de lieding oer de oanlis fan de seediken. Om 1200 wie in grut part fan de Fryske lannen troch seediken beskerme tsjin de see. De Friezen berôpen har ferskillende kearen op it frijheidsprivileezje fan Karel de Grutte en dat privileezje waard troch ferskate oare hearskers befêstige. Belangrike kleasters yn de lette midsiuwen wienen Klaarkamp, Mariëngaard en Ihlow. De kleasters wienen net allinnich fan religieus belang, mar ek polityk. De kleasters hawwe nei alle wierskyn ek ynfloed hân op de Fryske dielname oan de krústochten. De Friezen hawwe oan alle njoggen krústochten dielnaam.[17] De Friezen hawwe by de earste fjouwer krústochten gjin grutte rol spile. By de fyfte krústocht hienen de measte keningen yn Europa har nocht fan de krústochten. De paus stjoerde lykwols predikers troch hiel Europa om minsken te finen foar de fyfte krústocht. Ut Fryslân wei farren op syn minst 80 skippen nei it heine easten. It grutste sukses by dy krústocht wie de oanfal op de toer fan Damiate yn it hjoeddeiske Egypte. By de achtste krústocht hawwe Friezen diel hân oan de oanfal op Tunis. By de achtste krústocht farden sa’n 50 Fryske koggen út. De kleasters hienen grutte stikken grûn en eigen skippen foar de hannel. It Kleaster Ihlow wie de kânselarij fan it bûn fan de Opstalbeam.[18] By de Upstalbeam kamen de Friezen yn de 13e en 14e iuw by elkoar. It wie in bûn fan Fryske lannen tusken it Fly en de Wezer. By de gearkomsten by de Opstalbeam waard rjocht sprutsen en mienskiplike besluten makke. In part fan it Fryske rjocht jilde foar alle Fryske gebieten. De taal dy’t de rjochtsprekkers en kleasters brûkten wie it Aldfrysk, dat oerlevere is yn rjochtsteksten en oarkonden. Oare taastbere oerleveringen út de tiid fan de Fryske frijheid binne tsjerken. Binnen sommige fan dy tsjerken binne muorreskilderingen oerlevere. Ek de stêden ûntjouwe har yn de lette midsiuwen. De stêden Grins en Emden wienen fan grutter belang en hienen ek ynfloed op it lân om de stêd hinne.[19] Yn de hjoeddeiske provinsje Fryslân en East-Fryslân kinne de stêden har frij ûntjaan. Yn de Ommelannen is de stêd Appingedam in stêd fan belang. De stêd krijt by in beslút fan de Opstalbeam stedsrjochten en hat in wichtige hannelsfunksje yn de Ommelannen.[20] De ûntjouwing fan Appingedam wurdt troch de stêd Grins, dy’t in sterkere posysje hawwe wol yn de Ommelannen, opkeard. Yn de 12e iuw ûntstie in ferbûn tusken ferskillende hannelsstêden yn Noard-Europa, de Hânze. Fryske Hânzestêden wienen Starum, Hylpen, Harns en Grins. De stêd Emden hie yn de 14e en 15e iuw hieltyd konflikten, omdat seerôversbinden lykas de Fiktaaljebruorren en Likedielers stipe út East-Fryslân wei krigen. Healwei de 15e iuw kaam der in ein oan dy konflikten.

 
It Tota Frisia segel. It grutsegel fan it bûn fan de Opstalbeam.

De Fryske frijheid yn de lannen tusken Fly en Wezer waarden al yn de 14e iuw fan bûten ôf bedrige. Yn West-Fryslân moasten de Friezen it earst belies jaan. Nei de Slach by Skellinkhout (1282) moasten de West-Friezen de Hollânske greve Floris V as hear erkenne. Nei de oerwinning tsjin West-Fryslân besochten de Hollânske greven sûnder fertuten om ek it Fryske gebiet oarekant it Fly te oermasterjen. De Slach by Warns waard yn 1345 wûn troch de Friezen en sawat de hiele legermacht fan greve Willem fan Henegouwen en hartoch Jan fan Beaumont waard yn de slach deamakke.[21] Yn 1396 hienen de Hollanners mear sukses yn de Slach by Skoattersyl. De Hollanners besochten harren greeflike oanspraken yn de jierren dêrnei troch te setten, mar dat slagge mar heal. Yn 1414 hienen de Friezen de Hollanners definityf út Fryslân ferdreaun, mar de fûneminten foar in nije ynterne machtstriid yn de Fryske lannen wie al lein. De Grutte Fryske Oarloch (1413-1422) wie in oarloch yn hiel Fryslân tusken Fly en Weser, dy't útein sette mei in fete tusken de haadlingen Keno II tom Brok en Hisko Abdena út Emden. By de measte konflikten stienen de alliearden (wêrûnder de Fetkeapers en de Skieringers foar inoar oer. Der waard help om utens socht om it konflikt te beëinigjen en yn 1421 kamen Hollânske troepen ûnder Jan fan Beieren fannijs yn de Fryske lannen. De Skieringers dy't dêrom frege hienen, begûnen ek mei fredesûnderhannelingen, wêrnei't se yn jannewaris 1422 de Hollânske troepen by De Lemmer wer fuortreagen. It konflikt kaam mei de Frede fan Grins, ûndertekene troch 94 haadlingen, ta in ein.

Yn Noard-Fryslân waard, krekt as tusken Fly en Wezer, ek fochten foar de Fryske frijheid. Yn de Slach by Oldenswort (1252) en de Slach by Langsundtoft (1344) fochten de Noard-Friezen tsjin de Deenske kening. Yn East-Fryslân hienen de Woertfriezen yn ferskate slaggen levere. Yn de 14e iuw hienen de Woertfriezen sukses mei it ynnimmen fan de Sibetsburch yn 1340 en de burch fan Ritzebüttel-Cuxhaven yn 1392. De Woertfriezen waarden oan it begjin fan de 16e iuw ferslein troch Bremen yn de Slach by it Wremer Djip fan 1517 en de Slach om Mulsum yn 1524. De Fryske frijheid waard tusken it Fly en de Iems fan binnen út bedrige troch in partijstriid tusken de Skieringers en Fetkeapers. De Skieringer Hessel fan Martena frege oan Albrecht fan Saksen om in sintraal gesach yn Fryslân te fêstigjen. Dêrtroch waard yn 1498 Albrecht fan Saksen troch de keizer fan it Hillige Roomske Ryk beneamd ta potestaat fan de provinsje Fryslân en de Ommelannen. Yn East-Fryslân krigen de haadlingen yn de 14e iuw stadichoan de macht. Yn 1417 waard Okko tom Brok hearsker oer hiel East-Fryslân. Nei de Slach op de Wylde Ikers waard de macht oernaam troch Fokko Ukena, dy’t letter wer belies jaan moast tsjin it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen. Dêrtroch begjint yn de jierren 1430-1433 de dynasty fan de haadlingefamylje Sirksena oer East-Fryslân. Dy dynasty hold pas yn 1744 op te bestean. Troch al de bestjoerlike feroarings kaam de Fryske taal yn ‘e knipe. Om 1400 hinne begjint de delgong fan de Fryske taal yn ‘e Ommelannen. Yn de 16e iuw stappe de East-Fryske greven, en stadich ek it folk, lykas de Ommelanners, oer op in foarm fan Leechsaksysk. Yn de provinsje Fryslân, it Sealterlân, it noardeasten fan East-Fryslân, en yn Noard-Fryslân, bliuwt de Fryske taal yn de iuwen dêrnei noch bestean. De Fryske frijheid komt foar de hjoeddeiske provinsje Fryslân en de Ommelannen yn 1498 oan syn ein. Yn East-Fryslân meitsje de Fryske haadlingen sels in ein oan de Fryske frijheid. Okko tom Brok waard dêr yn 1417 allinnich hearsker. In oar jiertal foar de ein fan de Fryske frijheid yn East-Fryslân is de beneaming fan Ulrich I troch de keizer fan it Hillige Roomske Ryk ta greve fan East-Fryslân.

Dieling fan Fryslân (1498-1524)

bewurkje seksje

De Friezen dy't yn de 8e en 11e iuw it hjoeddeiske Noard-Fryslân befolke ha, foelen yn de midsiuwen bûten it bûn fan de Opstalbeam. Oan 'e oare kant wie der Westfryslân, dat al yn de 14e iuw troch de greve fan Hollân ferovere wie. It kearngebiet fan de Friezen, dat rûchwei oerienkomt mei it bûn fan de Opstalbeam, is yn de lette midsiuwen noch in frij gebiet. Yn de 15e iuw is al de basis lein foar it útinoar fallen fan it frije Fryslân:

  1. Yn de provinsjes Fryslân en Grinslân wie in fûle partijstriid oan 'e gong tusken de Skieringers en Fetkeapers. De Skieringer Hessel fan Martena frege oan Albrecht fan Saksen om in sintraal gesach yn Fryslân te fêstigjen. Yn 1498 waard Albrecht fan Saksen troch de keizer fan it Hillige Roomske Ryk beneamd ta potestaat fan de provinsje Fryslân en de Ommelannen. Nei de Slach by Laaksum begjint de konsolidaasje fan Albrecht fan Saksen syn macht oer de Fryske lannen tusken Fly en Iems.
  2. Yn East-Fryslân krije de haadlingen hieltyd mear macht. Yn 1464 wurdt East-Fryslân in greefskip binnen it Hillige Roomske Ryk. De Fryske frijheid kaam dêrtroch al yn 1464 oan 'e ein.
 
Edzard de Grutte

Wylst East-Fryslân as greefskip binnen it Hillige Roomske Ryk syn selsstannigens foar in grut part hâld, brekt yn Fryslân en de Ommelannen de Saksentiid oan. Yn 1500 wurdt Albrecht fan Saksen opfolge troch Hindrik fan Saksen, dy't yn 1504 opfolge wurdt troch George fan Saksen. Oant 1506 wurken de East-Fryske greve Edzard de Grutte en Saksyske hartoch George fan Saksen yn frede mei-inoar gear. Doe joech Grins him oer oan Edzard, en erkende him tagelyk as hear. Edzard ferklearre dêrop dat er de stêd út namme fan de keizer en net fan Georg ynnommen hie. Hy waard no boppedat oansteld ta steedhâlder oer de Ommelannen, yn teory foar de hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk gie er dêr alhiel syn eigen gong. By de Saksyske bestjoerders yn Westerlauwersk Fryslân waard de eangst dat Edzard ek dêr de macht oan him lûke soe, hieltiten grutter. Yn 1512 lieten se dêrom twa foaroansteande Fryske eallju op fertinking fan kontakten mei Edzard yn Ljouwert ûnthalzgje. Yn 1513 slagge it Georg om in grutte koalysje tsjin Edzard ta stân te bringen. Hoewol’t er stipe waard troch de boerebefolking fan de Ommelannen, wie Edzard tsjin Georg en syn bûnsmaten net opwoeksen. De fal fan Appingedam yn 1514, dêr’t hûnderten boargers by fermoarde waarden, betsjutte de ein fan Edzard syn hearskippij oer de Ommelannen. Yn it Greefskip East-Fryslân bliuwt er oan de macht en wurdt it Saksyske Skeel fuortset.

In oar leger fan it Hillige Roomske Ryk ûnder lieding fan de greve fan Aldenboarch falt yn 1514 de Bûtjadinger Friezen oan yn de Slach by Hartwarden. Tagelyk foel in oar leger fan it Hillige Roomske Ryk mei 20.000 man in fêsting by de stêd Lier oan. Troch ien kannonskot waard de oanfierder fan dat leger deade en it grutte leger luts him werom.[22] Dêrnei naam it leger fan de greve fan Aldenboarch mei de East-Fryske haadling Hero Omken fan Esens de boarch fan Grutsander yn. Hero Omken gie fierder en fernielde de trije boargen fan Dornum. Ek de fêsting by Stikhuzen gie yn dy rite ferlern. Edzard moast him weromlûke en stuts as dekking it Kleaster Mearhuzen yn 'e brân. De stêd Auwerk waard oanfallen en troch gefjochten en brânstifting alhiel ferneatige. Op in oar front feroveren soldaten fan de 'Swarte Garde' de Kommenderij Dunebroek. Dêrnei folge de ferneatiging fan Buermunken, Tjuche, Lierhaven en Rispel. De Fredeboarch kapitulearre. De boarch fan Aldgeudens waard ferneatige en de Boarch fan Kniphuzen ynnommen. Dêrnei kaam it op 14 juny 1514 by Oldersum ta in gefjocht tusken East-Friezen en de Swarte Garde. Dat wie de earste kear dat de Swarte Garde net fierder kaam. Op 16 augustus waard foar in twadde kear fergees besocht de stêd yn te nimmen. Yn 1515 kearde it tij foar Edzard de Grutte. De boarch by Grutsander en Bûtjadingen wurde werom ferovere. It konflikt duorre noch oant 1517. Yn 1516 gie de skâns by Deteren ferlern. Oan it begjin fan 1517 slagge it Edzard de Grutte om de Fredeboarch werom te feroverjen. Troch de Zeteler Frede fan 3 desimber 1517, tekene mei twa oare greven fan it Hillige Roomske Ryk, wurdt it súdeasten fan East-Fryslân definityf ynlive by Aldenboarch.[23]

Joaris mei it Burd ferlear stadichoan dochs syn macht oer Fryslân en de Ommelannen. De Friezen sleaten in ferbûn mei hartoch Karel fan Gelre. Joaris die op 19 maaie 1515 syn oanspraken op Grinslân en Fryslân foar it lytse bedrach fan ƒ100.000 oer oan de lettere Karel V. Yn itselde jier waard, neffens ferhalen, de frou fan Pier Gerlofs Donia (Grutte Pier) fermoarde troch Saksyske soldaten. Dêrtroch ûntwikkele hy him ta in fûl bestrider fan Saksyske en Hollânske besetters. Hy sette in eigen binde op, de Arumer Swarte Heap, en ûnder syn lieding operearre in kapersfloat, fan Makkum en Warkum út op de Sudersee. Doe't yn 1517 bliken die dat foar Fryslân de striid ferlern wie, luts Pier Gerlofs Donia him werom út de striid.

Hearlikheid Fryslân (1524-1795)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Hearlikheid Fryslân.

Yn july 1499 wurdt troch Albrecht fan Saksen in Rie ynsteld foar it bestjoer en rjochtspraak yn syn Fryske gewesten.[24] In jier letter fynt yn Ljouwert in rebûlje plak tsjin de besetter. By dy rebûlje bliuwt Wigle fan Aytta trou oan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Yn 1515 is de saksentiid ta in ein en wurdt de lettere Karel V formeel Hear fan Fryslân. Wigle fan Aytta, fan Fryske komôf, gie oer yn tsjinst fan de keizer, dy’t er bystie by it fêstigjen fan syn gesach yn dit balstjurrige gebiet. Doe't Karel V it bestjoer oernaam ynstallearre hy yn july 1515 it Hof fan Fryslân.[25] It Hof wie fan novimber 1571 ôf húsfeste yn de Kânselarij.[26]

 
Kaart fan it Hillige Roomske Ryk út 1648. Westfryslân en de provinsjes Fryslân en Grinslân binne ûnderdiel fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. East-Fryslân is in greefskip yn it Hillige Roomske Ryk. Noard-Fryslân heard by Denemark.

Karel V hie as doel om de Nederlannen om te foarmjen ta ien steat.[27] Dy ûntwikkeling hat beskiedend west foar Westfryslân en de provinsjes Fryslân en Grinslân, dy't tenei by de Nederlannen hearden:

  • Hy makket de Nederlannen los fan it Frânske en Dútske ryksferbân en besiket ta in unifikaasje fan bestjoer te kommen. Yn 1543 wie syn doel helle om fan de Nederlannen ien politike ienheid te meitsjen, de Santjin Provinsjes neamd, bestjoerd troch de Staten-Generaal.
  • Yn 1555 krijt Karel V syn opfolger Filips II fan Spanje de macht oer de Santjin Provinsjes, dy't dan de Spaanske Nederlannen neamd wurde. By de Byldestoarm (1566)wurde yn it súdeasten fan de provinsje Fryslân rykdommen út de roomske tsjerken fernield. Twa jier letter komme de Santjin Provinsjes yn opstân tsjin Filips II, it begjin fan de Tachtichjierrige kriich.
  • Fryslân wurdt yn 1580 ien fan de gewesten yn de Uny fan Utert (oprjochte yn 1579). De katolike súdlike Nederlannen wurde yn datselde jier ferienige yn de Uny fan Atrecht. De Steaten-Generaal fan de noardlike gewesten (Uny fan Utert) beslute yn 1588 om it lân sels te bestjoeren yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.
  • Yn 1536 wurde de stêd Grins en de Ommelannen troch Karel V ferienige yn it Hearlikheid Grinslân. Yn 1580 besette Spaanske troepen it hearlikheid. Yn 1591 komme de Ommelannen troch militêre yntervinsje fan Prins Maurits wer by de Republyk, yn 1594 folget de stêd. Dêrby waarden de stêd en de ommelannen tenei ferienige yn ien provinsje, Stad en Lande.

Om 1600 feroaret der yn Fryslân gâns. Fryslân wie as hearlikheid yn de Tachtichjierrige kriich behelle, lykas yn slach by Boksum op 17 jannewaris 1586. Yn 1596 waard troch de Steaten fan Fryslân de Fryske Admiraliteit yn Dokkum fêstige.[28] De keaplju yn de stêden lykas Ljouwert en Harns komme yn kontakt mei Hollânsktalige keaplju, wêrtroch it Stedsfrysk ûntstiet. Op it Fryske plattelân bliuwt it Frysk de earste taal, wylst om 1600 it Frysk yn Grinslân en East-Fryslân út it stee krongen is troch it Leechdútsk. Kultureel sjoen is Gysbert Japiks it hichtepunt fan de Fryske skriuwtaal yn de 17e iuw. Yn syn wurk binne de Europeeske ynfloeden fan de renessânse en de barok te merkbiten. Japiks skreau Fryske literatuer op in heech nivo yn in tiid dat it skreaune Frysk net folle mear brûkt waard. Neist Gysbert Japiks is de East-Fries Ubbo Emmius as Fryske gelearde it neamen wurdich. Hy skreau ûnder oare de "Rerum Frisicarum historiae libri 60", de sechtich boeken fan de Fryske skiednis. Yn 1614 wurdt de Universiteit fan Grins troch him oprjochte.[29] De macht yn it hearlikheid wie ferdield oer twa bestjoersnivo's: de Steaten fan Fryslân (it provinsjale) en dat fan de gritenijen en de stêden (it gemeentlike). De Steaten waarden oansteld troch it gemeentlik nivo. Alle gritenijen of stêden stjoerden twa ôffurdigen nei de Steaten. Dat betsjutte dat de macht yn hannen wie fan lju mei stimrjocht op it gemeentlike nivo.[30]

  De Wikipedy hat ek in side Reformaasje.

Yn de midsiuwen wie Fryslân roomsk Yn de 16e iuw fynt in tsjerklike feroaring yn Europa plak, de reformaasje. Yn Fryslân begjinne de minsken ek te twiveljen oan de roomske tsjerkelear. De earste herfoarmingsgesinden binne Sakremintaarjers, sy ûntkenne it miswûnder en neist harren oppenearje har hieltiten mear de dopersken oer de werdoop. In ferneamde doper wie Minne Simens, syn folgelingen wurde de menisten neamd. Yn 1536 naam er definityf ôfskie fan de katolike tsjerke en waard doopsgesind. De dopersken waarden ferfolge troch de machthawwers, sa ek Minne Simens. De earste dy't syn lân foar de nije ynsichten iepene, sil Edzard de Grutte fan it Greefskip Eastfryslân west ha. Boekjes en boeken mochten fan him frij ferspraat wurde. In tsjerke-oarder, ynspirearre troch Calvyn, waard yn de jierren '40 yn Emden en omkriten ynfierd. De rest fan East-Fryslân waard Luthersk en der wie plak foar de Dopers. Al gau kamen flechtlingen út de provinsje Fryslân en oare dielen fan de Nederlannen nei Emden ta. Dêr waard yn oktober 1571 de earste synoade fan de Nederdútsk Reformearde Tsjerke (letter Nederlânske Reformearde Tsjerke) holden.[31] De stêd Emden groeide út ta in machtige East-Fryske havenstêd mei sa'n 15.000 ynwenners yn de twadde helte fan de 16e iuw. Yn de stêd Grins en de Ommelannen ha boargemasters en redgers krekt as greve Edzard de Grutte in bulte gewurde litten. Yn Ljouwert waard noch yn 1559 it Bisdom Ljouwert stifte. It bisdom hat twa biskoppen hân. Nei de byldestoarm fan 1566 waard hartoch fan Alva nei de Nederlannen stjoerd om regaad te meitsjen. De Slach by Heiligerlee yn maaie 1568 wie de earste oerwinning fan de opstannelingen yn de Tachtichjierrige kriich. Lykwols waarden de opstannelingen yn july 1568 fûleindich ôfseame yn Slach by Jemmingen. Dêrtroch hienen de katolike Spaanske troepen wer frij spul yn de Fryske lannen tusken Sudersee en de Iems. Bekend is dat Deputearre Steaten fan Fryslân, dy't de kant fan de Opstân hâlden, begjin 1580 de militêre macht griepen doe't se yn 'e gaten krigen dat steedhâlder Rennenberg úteinlik de kant fan de kening kieze soe. Op 31 maart 1580 bringt in resolúsje fan Deputearre Steaten (de grûnwet fan de Frysk grifformearde tsjerke) it kleasterbesit oan de Steaten, lykas it oare tsjerkebesit. Roomsken wike út (Consriptio Exulum), oaren fersetten har ferduldich. De dopersken hienen yn stilte trochwurke, mar de grifformearde minderheid, mei dizze resolúsje yn de rêch, pakte fêstiging fan de grifformearde tsjerke as steatstsjerke hurd oan. Yn de Slach by Boksum yn 1586 hellen de Spanjerts in grutte oerwinning, mar omdat it teiwaar trochsette hienen de Spanjerts der net folle oan. Se moasten harren weromlûke nei Grins. Mei it feroverjen fan stêden as Stienwyk en Koevorden en ek Grins wie de meast direkte oarlochsdriging foarby. Pas yn it saneamde rampjier yn 1672 waard Fryslân op 'e nij bedrige. De Munstersen teagen út it suden wei op Fryslân oan. It Fryske leger ferskânse him efter de Fryske Wetterliny, dy't in lytse iuw dêrfoar ek al tsjin dien hie yn de Tachtichjierrige kriich. De biskop fan Munster, Bearend fan Galen, keas foar in direkte belegering fan de stêd Grins, mar de stêd joech gjin belies.

Steedhâlders

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Steedhâlder.
 
"Us Heit" Willem Loadewyk

Yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen hie Fryslân fan 1584 oant 1747 in steedhâlderlik hof.[32] De steedhâlders yn Ljouwert wienen steedhâlder oer Fryslân en Grinslân, en soms oare gewesten. De earste fan dizze steedhâlders wie Willem Loadewyk. Hy krige de earenamme "Us Heit" omdat er in soad goeie dingen foar Fryslân die. Troch him waard yn Frjentsjer in universiteit 1585 stifte. Nei syn dea yn 1620 waard Willem Loadewyk opfolge troch syn broer Ernst Kasimir dy't it steedhâlderskip wer trochjoech oan syn soan Hindrik Kasimir. Beide hienen in koart bewâld en de Fryske Steaten beneamden Willem Freark, in broer fan Hindrik Kasimir, as fjirde steedhâlder. De Fryske steedhâlders residearren yn Ljouwert dêr't sy op it Princessehof harren steedhâlderlik hof hienen. Willem Freark regearre oant 1664 en waard opfolge troch syn soan Hindrik Kasimir II. Johan Willem Friso, dy't de bernleaze Hollanske steedhâlder Willem III opfolge, wie in pakkesizzer fan Willem Freark. Troch him waard it steedhâlderlik hof opkreaze en waard It Oranjewâld de bûtenpleats fan de Fryske Nassaus. Willem Friso ferdronk by Moerdyk en syn frou Marijke Meu brocht harren soan Willem Karel Hindrik Friso grut. Dizze jonge wie de erfopfolger fan sawol de Fryske Nassaus as de Hollânske Oranjes. Yn 1747 ferfoer er nei De Haach om steedhâlder fan alle gewesten te wurden en wie Ljouwert residinsjestêd ôf.[33]

 
Patriotten yn Snits.
  De Wikipedy hat ek in side Patriotten.

Oan 'e ein fan de 18e iuw is der in ekonomyske delgong. Der ûntstiet in beweging dy't polityk herfoarmje woe, de patriotten. Foaroanman fan de Fryske patriotten wie Court Lambertus fan Beyma. De patriotten woenen de Prins fan Oranje fuort ha. Se wienen ûntefreden oer hege wurkleazens, de minne posysje fan de VOC, en it ferrin fan de Fjirde Ingelsk-Nederlânske Kriich. Miskien noch wichtiger wie it langstme nei mear demokrasy, ynspirearre troch de Unôfhinklikheidsferklearring fan de Feriene Steaten. It earste súkses fan de patriotten wie de erkenning fan de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten op 26 febrewaris 1782[34]; teffens pleite Fan Beyma ek, mar omdôch, foar boargerbewapening. Fan Beyma syn politike oanfal tsjin it bewâld wie in ferbûn fan ferskate Fryske stêden. Troch dy druk gongen de Steaten fan Fryslân akkoard mei boargerbewaping. Yn Ljouwert en Dokkum waarden fuortendaliks frijkorpsen foarme neist de âlde skutterijen. Nei in besite fan de prins yn 'e hjerst fan 1785 waard de striid fûlder. Yn augustus 1787 late Fan Beyma in kûp yn de Fryske Steaten, neidat dy ferbea stipe oan Hollân te ferlienen. (It gewest Hollân waard bedrige mei in besetting troch in Pruisysk leger, omdat it gjin ferûntskuldigingen oanbiede woe nei de oanhâlding fan Wilhelmina fan Pruisen). Mei in tsiental meistanners setele Fan Beyma him yn Frjentsjer. Wylst organisearre men oanfier fan munysje fia Makkum en de ferdigening fan Frjentsjer. In fleanend legerke frijwilligers besette in oantal Fryske stêden om de ferdielde froedskippen ûnder druk te setten de Pretense Steaten te erkennen en jild binnen te krijen. De ûntknoping kaam troch de ynfal fan de Prusen op 20 septimber 1787. De Patriotten flechten út Frjentsjer (23 septimber) troch de Súdwesthoek nei Amsterdam en Frankryk. Tusken 1774 en 1781 boude Eise Eisinga it Planetarium yn Frjentsjer.[35] Eisinga waard ferneamd as amateur astronoom, mar wie dêrneist ek in warbere patriot. Hy naam diel oan de pattriottyske opstân yn 1787 yn Frjentsjer.[36] Neidat de patriotten flechten út Frjentsjer gie Eisinga nei Gronau yn Dútslân. Doe't de Frânsen yn 1795 Fryslân besetten, kaam er werom nei Frjentsjer en waard lid fan it provinsjaal bestjoer.

Frânske tiid (1795-1815)

bewurkje seksje
 
In kaart fan it Earste Frânske Keizerryk yn 1811. De Frânsen hawwe sa likernôch 20 jier oer in grut part fan West-Europa hearske. Yn dat tiidrek feroare der gâns op bestjoerlik nivo. Nei't Napoleon yn 1815 ferslein wurden wie, waard Europa bestjoerlik nij yndield by it Kongres fan Wenen.
  De Wikipedy hat ek in side Frânske tiid.

Mei de komst fan de Frânsen yn 1795 waard de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen opheft en de Bataafske Republyk stiften.[37] Fryslân ferlear dêrtroch syn status as autonoom gewest. De patriotten kamen mei de Frânsen werom en makken diel út fan it provinsjale bestjoer. Steedhâlder Willem V flechte mei syn famylje nei Ingelân.[38] It ferset fan de oranzjisten tsjin it bestjoer lôge op nei it ynfieren fan de boargerbewapening en tsjinstplicht yn septimber 1796. It Kollumer Oproer fan febrewaris 1797 is in hichtepunt fan ferset fan de oranzjisten tsjin it patriottysk bewâld. De oranzjisten wienen trou oan de prins fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. De opstân fan de oranzjisten waard troch it patriottysk bewâld fûleindich delsein; 168 rebellen krigen nei it Kollumer Oproer straffen oplein. Troch in grûntwetwiziging yn 1798 hold Fryslân op te bestean as bestjoerlike ienheid. Eastergoa en Westergoa waarden mei Stêd en Lanne bestjoerlike gearfoege yn it Departemint fan de Iems, Sânwâlden waard ûnderdiel it Departemint fan de Alde Isel. Yn novimber 1799 grypt Napoleon Bonaparte de macht yn de Earste Frânske Republyk. Yn 1801 gie de Bataafske Republyk oer yn it Bataafske Gemenebest en waard it Departemint Fryslân foarme. Yn 1806 waard it Bataafske Gemenebest opheft en ferfongen troch it Keninkryk Hollân, dêr't Loadewyk Napoleon de earste kening fan waard. Nei it ferlies fan Prusen yn de Slach by Jena waard East-Fryslân yn 1807 it 11e departemint fan it Keninkryk Hollân mei Auwerk as haadstêd. Doe’t it Keninkryk Hollân oermastere waard troch Napoleon Bonaparte yn 1810 kaam der wer in nije bestjoerlike yndieling. Fryslân wie ûnderdiel wurden fan it Earste Frânske Keizerryk en krige as bestjoerlike ienheid de namme Département de Frise. De Frânske tiid yn Fryslân kaam, nei Napoleon syn mislearre fjildtocht nei Ruslân, yn 1813 ta in ein. Napoleon waard úteinlik ferslein yn de Slach by Waterloo op 13 juny 1815. Yn novimber 1813 kaam de âldste soan fan steedhâlder Willem V werom nei Nederlân en waard nei it Kongres fan Wenen yn 1815 útroppen ta kening fan de Nederlannen. Yn de Frânske tiid feroaren de steatskundige ferhâldings yn de Nederlannen gâns. De republyk waard troch de Frânsen opheft en der kaam in ienheidssteat foar yn ’t plak. Nei de Frânske tiid waard de ienheidssteat yntakt holden. Dêrtroch rekke Fryslân syn status as autonoom gewest definityf kwyt. Dêrneist krige Nederlân syn earste grûnwet, it boargelik wetboek, de boargerlike stân, de tsjinstplicht, it kadaster, efternammen, hûsnûmers, en standertmjitten en –wichten lykas de kilo, meter en liter. De eardere Republyk en de Eastenrykske Nederlannen (súdlike Nederlannen, letter België) waarden gearfoege ûnder ien sintraal regear mei in konstitusjonele monargy as bestjoersfoarm. Yn 1830 skieden de Súdlike Nederlannen har ôf; it begjin fan it Keningryk België. Yn de Frânske tiid rekke Fryslân net allinnich syn ûnôfhinklike posysje kwyt. De eigen admiraliteit en leger, en it Hof fan Fryslân holden op te bestean. De Fryske eallju rekken har foarrjochten kwyt en yn 1811 moast de ferneamde Universiteit fan Frjentsjer syn doarren slute. Doe’t de Frânsen har yn 1813 weromlutsen kaam East-Fryslân wer ûnder Prusen. Nei it Kongres fan Wenen waard East-Fryslân ûnderdiel fan it Keninkryk Hannover en waard yn 1866 wer ûnderdiel fan Prusen.

Tiid fan Romantyk (1815-1880)

bewurkje seksje

Foar de sluting fan de Universiteit fan Frjentsjer trune heechlearaar Gryksk Everwinus Wassenbergh der by syn studinten op oan om wurken fan Gysbert Japiks te bestudearjen. Stadichoan kaam der oan it begjin fan de 19e iuw mear omtinken foar de Fryske skriftekennisse. Yn 1822 ferskynde De Lape koer fen Gabe Skroar fan de bruorren Halbertsma, yn 1823 waard yn Boalsert in grut Gysbertfeest holden. It omtinken foar it eigene yn de kultuer, en benammen de literatuer, hat streekrjocht te krijen mei de ynfloed fan de Romantyk. De bruorren Halbertsma wienen diel fan in hiele generaasje fan skriuwers yn it Frysk dy’t omtrint yn dyselde jierren tweintich debutearren. Nei de Frânske tiid komt der op it kulturele mêd fernijing. Mooglik wie it sluten fan de Frjentsjerter universiteit ien fan de oarsaken dêrfan.[39] Yn 1827 waard it Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer oprjochte. De leden fan it genoatskip kinne foaral rekkene wurde ta de hegerein en wienen net altiten de Fryske taal machtich. Boppedat kin it genoatskip sjoen wurde as in stúdzjegroep foar de Fryske skiednis. It Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse dat yn 1844 oprjochte waard, hie mear oanhing ûnder de middenstânslju, de liberale boargerij en de yntelligentsia fan doarpsdûmnys en skoalmasters. De oprjocht fan it Selskip 1844 kin sjoen wurde as it begjin fan de Fryske beweging.[40] Yn Noard-Fryslân kin de dûmny Christian Feddersen as oprjochter fan de Fryske beweging sjoen wurde.

Nettsjinsteande de ekonomyske delgong oan 'e ein fan de 18e iuw en de hege steatsskulden út de Frânske tiid wie Fryslân yn 1820 in moderne provinsje, mei in soad lytse bedriuwen en in boerestân dy't him rjochte op eksport en hannel. Oan it begjin fan de 19e iuw waarden yn de lânbou en feanderij de heechste salarissen betelle. Dêrtroch kamen de hantsjemieren wer nei Fryslân. Fryslân moast it benammen ha fan de produksje en eksport fan suvel (bûter en tsiis), fee, jirpels en nôt. De yndustry en skipfeart, dy’t earder sa bloeiden, bleaune no benefter. Dat wie net altiten in neidiel. Nei in pear drege krisissen yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw makke dy agraryske ekonomy nei 1850 troch de ûntwikkeling fan de suvelyndustry in geweldige bloei mei. Yn de measte doarpen waarden suvelfabriken delset. De boeren holden har hieltyd mear dwaande mei feefokkerij en de Fryske ko waard in symboal.

Opkomst fan it sosjalisme (1880-1918)

bewurkje seksje
 
Piter Jelles Troelstra

Yn it lêst fan de 19e iuw buorket de ekonomy yn Fryslân minder. De befolkingsûntwikkeling feroaret gâns. Yn de tiid fan de Republyk wie Fryslân, nei Hollân, it gewest mei de measte ynwenners. Nei de Frânske tiid waard Fryslân ynhelle troch provinsjes lykas Gelderlân, Noard-Brabân, Limburch en Oerisel. De direkte oarsaak foar de ekonomyske delgong wie de lânboukrisis fan de tachtiger jierren. In protte minsken wennen yn spitketen op heidefjilden en yn net-sûne ienkeamerwenten yn de stêden. 48 persint fan de Fryske befolking wenne yn sokke wenten. Yn it tiidrek 1880-1900 wienen der sa'n 10.000 lânferhuzers, de measten emigrearren nei de Feriene Steaten.

De woartels fan de organisearre arbeidersbeweging lizze yn de súdeasthoeke fan de provinsje. De feanarbeiders dêr organisearren stakings, it saneamde 'bollejeien'. De sosjalist Ferdinand Domela Nieuwenhuis komt troch it kiesdistrikt Skoatterlân yn 1888 as earste sosjaal-demokraat yn de Twadde Keamer. Nieuwenhuis kaam út in links-religieuze tradysje en dat wie oan syn liederskip goed te fernimmen. Hy waard troch de Friezen 'ús ferlosser' neamd. Piter Jelles Troelstra wie sawol Frysk dichter as politikus dy't yn 1890 foar it sosjalisme keas. Foar gerjocht ferdigene Troelstra arbeiders en boeren. Yn 1894 wie Troelstra de oprochter fan de SDAP (Sosjaal- Demokratyske Arbeiders Partij). Troch dy oprjochting kaam der in ein oan de Friesche Volkspartij, dy't om 1890 hinne aardich sukses hie. Nieuwenhuis en Troelstra koenen de hannen lykwols net op inoar krije. Der wie striid tusken it revolusjonêre Sosjaal-Demokratysk Bûn (SDB) fan Nieuwenhuis en de parlemintêre SDAP fan Troelstra. Yn 1896 stapte de radikale tûke fan it bûn op en yn 1900 gie it SDB op yn de SDAP. Ien fan de grutste fertsjinsten fan de SDAP wie de ynfiering fan it Algemien Kiesrjocht. Yn it begjin fan de 20e iuw binne der yn de provinsje Fryslân twa grutte politike streamingen: de sosjaal-demokrasy, ferienige yn de SDAP, en de kristen-demokrasy, ferienige yn de ARP. Wat de sosjaal-demokrasy oangiet wie it gewest Fryslân fan de SDAP de grutste fan alle gewesten yn Nederlân.

Yn de Earste Wrâldkriich waarden manlju mobilisearre foar it Nederlânske leger. Nederlân bleau de hiele kriich neutraal, mar de kriich rekke Fryslân ekonomysk wol. Hûnderten Belgyske flechtlingen waarden opnommen yn it Gaasterlân.[41] As meast bekende Friezinne út de tiid fan de Earste Wrâldkriich kin Margaretha Geertruida Zelle neamd wurde, dy't sawat oer de hiele wrâld bekend waard mei har artystenamme Mata Hari. Hja waard yn 1917 yn Frankryk deasketten op fertinking fan spionaazje. Nei de ein fan de Earste Wrâldkriich bliuwt it ûnrêstich yn Europa. De wurkleazens wie noch heech en de Spaanske Gryp wie de oarsaak fan tûzenen deaden. Yn Ruslân hienen de kommunisten de macht oernommen. Mei de Russyske Revolúsje as foarbyld besiket besiket Piter Jelles Troelstra yn novimber 1918 in sosjalistyske revolúsje yn Nederlân fan ‘e grûn te krijen. Troelstra krige grutte stipe fan de arbeidersklasse mar it Nederlânske regear joech gjin belies en die alle war om de macht te hâlden. De sosjalistyske revolúsje dôve stadich út. De aksje waard letter it fersin fan Troelstra neamd.

Yn 1909 waard op inisjatyf fan Pim Mulier, de yn Wytmarsum berne propagandist fan it sportbeoefenjen, de earste Alvestêdetocht riden. De tocht waard doe noch organisearre troch "De Friesche IJsbond". Fan de yn totaal 23 dielnimmers dy’t yn jannewaris 1909 út Ljouwert wei ôfsetten, kamen mar njoggen oan. Fjirtjin dagen letter rjochte de jonge Ljouwerter advokaat Mindert Evert Hepkema, soan fan in útjouwer fan kranten, yn de mande mei freonen de Vereniging ‘De Friesche Elf Steden’ op. Fan de earste Alvestêdetocht ôf, dy’t syn feriening yn 1912 organisearje soe, soe dy bestean út in wedstriid én in toertocht.

Ynterbellum (1918-1940)

bewurkje seksje
 
Dielnimmers fan it Grutfrysk Kongres dat yn 1925 yn Jever holden waard.

Al yn de 19e iuw wienen der útwiksels tusken bewegers út Noard-Fryslân en Westerlauwersk-Fryslân. Yn 1925 waard yn Jever foar it earst in Grutfrysk Kongres holden. Yn 1927 waard it twadde kongres yn Ljouwert holden.[42] Letter naam de Fryske Rie de organisaasje fan de Ynterfryske útwiksels foar syn noed. De tiid fan it ynterbellum wie ek de bloeitiid fan de Jongfryske Mienskip, dy’t Douwe Kalma yn 1915 oprjochte nei krityk op it Selsskip 1844. It doel fan de Jongfriezen wie om mei nij elan de Fryske striid oan te gean en de Fryske literatuer op in heger peil te bringen. Mei as biedwurd "Fryslân en de wrâld" moast de Fryske literatuer in lykweardich plak besykje te krijen tusken de oare nasjonale literatueren. Guon fan de leden fan de Jongfryske Mienskip stribben nei Fryske autonomy, sa’t Eeltsje Boates Folkertsma yn 1930 skriuwde yn syn "Selsbistjûr for Fryslân". Yn it ynterbellum waarden ek de Afûk en de Fryske Akademy oprjochte.

As útwurking fan de beurskrach fan 1929 wienen der ek yn Fryslân tûzenen minsken sûnder wurk. Yn de saneamde krisisjierren wie ien op de fjouwer minsken langer as in jier wurkleas.[43] It regear naam doe it beslút om de minsken sûnder wurk finansjeel te helpen. De saneamde steun wie krekt genôch om de hier fan te beteljen en ite te kinnen. Dêrfoar koenen de minsken wol twongen wurde en wurkje yn de wurkferskaffing. Foar de bou fan de Ofslútdyk tusken 1927 en 1932 waarden minsken út de wurkferskaffing ynset. [44] De grutte ekonomyske depresje hie syn hichtepunt yn 1936 en kaam mei it begjin fan de Twadde Wrâldkriich ta in ein. It regear like net sterk genôch om de krisis op te lossen, wat yn oare lannen in politike ferskowing betsjutte wêrby de minsken yn ferkiezingstiid uterst links of rjochts stimden. Fan alle provinsjes yn Nederlân hie de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging yn Fryslân it minste oantal sitten by de ferkiezings fan 1935, by de ferkiezings fan 1939 wie Fryslân de iennichste provinsje dêr't se hielendal gjin sit hellen.

Twadde Wrâldkriich (1940-1945)

bewurkje seksje
 
Kazemat by Koarnwertersân op de Ofslútdyk.

De Twadde Wrâldkriich begûn mei de oarlochsferklearringen fan Grut-Brittanje en Frankryk yn 1939, nei de Dútske oanfal op Poalen. Yn de iere moarn fan 10 maaie 1940 foel it Dútske leger by syn operaasje Fall Gelb de Benelúks oan. Oer Nijeskâns, Emmen en Coevorden kamen 18.000 man Dútske soldaten opsetten de kant út fan de kop fan de Ofslútdyk. Nederlân kapitulearre fiif dagen nei de ynfal, wêrmei't de Dútske besetting fan Fryslân begûn.

Besettingsbestjoer

bewurkje seksje

Mei de ynfal fan it Dútske leger yn Nederlân flechten de ministerried en de keninginne. It lânsbestjoer - regear en parlemint - waard fergongen troch in tal Dútske funksjonarissen (Generalkommisare) ûnder lieding fan in Reichskommisar Seyss-Inquart. Der kaam gjin nij amtlik apparaat; de ministearjes en de legere oerheden fan foar de kriich koenen ûnder it besettingsbestjoer bestean bliuwe. It bestjoer op provinsjaal nivo foel sa goed as wei. De Rykskommisaris hie syn fertsjinwurdigers (Beauftragte) yn de provinsjes. De fertsjinwurdiger fan Fryslân wie de East-Fries Ross. De oerheidstsjinst foar oarder en feilichheid waard ûnder de lânlike General Kommisar für das Sicherheitswesen yn twa dielen splitst; de Sicherheitspolizei (SIPO) yn unifoarm en Sicherheitsdienst (SD) yn boarger. It provinsjaal kantoarke foar de beide tsjinsten siet yn Ljouwert oan it Saailân. Foar de kontakten mei de pleatslike polysje soarge de Ordnungspolizei, fanwege har unifoarm Grüne Polizei neamd. Foar it lânsbestjoer kaam der in Dútsk besettingsbestjoer. De legere oerheden bleaunen, útsein de provinsjes, yntakt. Yn 'e rin fan de tiid waarden de sittende boargemasters ferfongen troch NSB boargemasters. Fan it Dútske leger kamen ferskate lytsere ûnderdielen nei Fryslân. De Fleanbasis Ljouwert waard útboud ta in fleanbasis. Yn de earste oarlochsjierren wurkje party Friezen op de fleanbasis en krije in bêst lean.

It grutte nije Dútslân moast in Germaansk ryk wurde, dat steaten mei ynwenners fan in minderweardich ras oerhearske en eksploitearre. De Friezen waarden as Germanen sjoen, en as Germanen eare. Fûl tsjinstanner fan dy ideology wie de Noard-Fries Jens Emil Mungard. De Fryske beweging yn de Twadde Wrâldkriich krige yn it earstoan alle romte fan de besetter om in plakje te sykjen yn it ramt fan de Nije Oarder. As fertsjinwurdigers fan de Reichskommisar beneamden hja yn Fryslân en Grinslân minsken út East-Fryslân. Op it mêd fan taal waarden troch de Dútsers ferskillende tasizzingen dien, om de Fryske beweging mar oan de Dútske kant te krijen. Foar de Dútsers wie dat frij simpel: hja koenen de bewegingsminsken fan foaroarlochske ynterfryske kontakten. Yn de simmer fan 1940 waard troch de bestjoeren fan de Fryske Selskippen in Trijemanskip beneamd om lieding te jaan oan de Fryske beweging. It bestie út E. B. Folkertsma foar it kristlike part fan de beweging, J.J. Kalma foar it 'neutrale' en R.P. Sybesma foar it fassistyske. It Trijemanskip hold it út oant de jierwiksel 1940-41. Kalma en Folkertsma easken fan Sybesma dat er ophâlde moast fassistyske propaganda te meitsjen of oars op te stappen út it Trijemanskip. Sybesma keas foar it lêste. Yn East- en Noard-Fryslân besochten de Dútsers op oare manieren de Friezen oan har kant te krijen. Op 28 augustus 1944 joech Adolf Hitler it befel om by de Dútske Noardseekust lâns in Friesenwall te bouwen. In ferdigeningswurk mei tankfuorgen fan fiif meter breed en fjouwer meter djip, fersterke mei bunkers. Yn 1933 waard it boek 'Der Schimmelreiter' fan de Noard-Fryske nobelpriiswinner Theodor Storm ferfilme. Yn de film waard it Fries-wêzen idealisearre. Oan 'e oare kant ferbeaen de Dútsers it Noard-Frysk as ûnderwiistaal.

Yn gjin tiid hat de fraach nei Fryske boeken sa grut west as yn de besettingsjierren. Fan 1942 ôf wie foar hast elke publikaasje tastimming nedich fan de besetter en de skriuwer moast lid wêze fan de Kultuerkeamer. Guon Fryske skriuwers dienen dat. Yn septimber 1943 koe de Fryske Bibel ferskine. Printer Jongbloed te Ljouwert hie it papier al foar de oarloch ynslein. De hiele oplage fan 5.000 eksimplaren wie yn ien dei útferkocht. De Fryske tydskriften waarden yn 1942 ferbean; it Algemien Frysk Jongereinblêd krige earst yn 1944 in publikaasjeferbod. De auteurs dy't krekt foar de oarloch nei foaren kommen wiene yn it 'Boun fen Frysk-nasjonale Jongerein' waarden dêrtroch yn har driuw om harsels te uterjen opkeard. Fedde Schurer samle wurk fan jongere dichters foar it yllegale literêre tydskrift De Rattelwacht, mar dat koe net earder as yn de simmer fan 1945 ferspraat wurde.

De Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) tocht te sintralistysk en de Ljouwerter NSB wie te stedsk. It Frysk Faksistefront en de Fryske Folkspartij wiene dêrfoaroer te Frysksinnich. Sa krige de NSB in relatyf leger persintaazje stimmen as yn oare provinsjes en wie Fryslân yn 1939 de iennichste provinsje sûnder in nasjonaal-sosjalist yn Provinsjale Steaten. Yn Noard-Fryslân wienen leden fan de Foriining for nationale Friiske iepentlik tsjin it nasjonaal-sosjalistyske rezjym. De grutte mearderheid fan de Noard-Fryske befolking en fan de East-Friezen seagen harsels as Dútske folksstam en stimden foar it begjin fan de kriich massaal foar de NSDAP. Hoewol't der net safolle stipe wie foar de nasjonaal-sosjalistyske polityk, wie der seker yn de begjinjierren gjin fûl ferset. Titus Brandsma wie ien fan lytse groep minsken dy't yn de begjinjierren fan de kriich tsjin de besetter wie. As fersetsaktiviteiten út de begjintiid kinne it sammeljen fan militêre ynformaasje neamd wurde en it útjaan fan yllegale kranten. Stadichoan ûntstie der in foarm fan ferset dat him rjochte op minsken dy't op de ien of oare manier te lijen hienen fan de besetting, lykas de eardere kommunisten. Yn de rin fan de jierren krigen fersetsgroepkes kontakt mei elkoar en ûntstiene der netwurken fan fersetsgroepen. Frijwat Joadske ûnderdûkers koenen mei dêrtroch in plak krije yn Westlauwersk-Fryslân. Yn de lêste faze fan de kriich, nei de ynvaazje yn Frankryk (july 1944), kaam der in goed organisearre fersetsbeweging fan ’e grûn, dy’t sels in aktive rol spylje koe by de help oan de Kanadeeske befrijers yn april 1945. Op 8 desimber 1944 fierde dat ferset de ferneamde oerfal op it Hûs fan Bewar yn Ljouwert út, wêrby't 51 fersetslju befrijd waarden sûnder dat der in skot lost waard. De Fryske fersetsgroepen kamen troch Britske droppings boppe Fryslân oan in wapenreau foar 3000 man. Op 13 april kaam de befrijing foar Wolvegea, Dokkum in dei dêrnei, Ljouwert waard frij op 15 april, Makkum op de 18e. De Dútske soldaten op de eilannen waarden sa't it like fergetten, op 12 juny waarden de lêste soldaten fan Skiermûntseach nei Wilhelmshaven brocht.

Moderne tiid (1945-2000)

bewurkje seksje

Nei de Twadde Wrâldkriich is Fryslân wer in provinsje fan Nederlân. Nei it ôfgean fan it Dútske legerbestjoer wurdt de bestjoerlike sitewaasje wer itselde as foar de Twadde Wrâldkriich. Dútslân wurdt yn ferskillende besettingssônes opdield; de Fryske gebieten yn Dútslân foelen tusken 1946-49 ûnder de Britske besettingssône.

Yn de earste jierren nei de Twadde Wrâldkriich moast alles wer opboud wurde wat troch de oarloch ferneatige wie. Under oaren tsjerken, treinspoaren en gebouwen moasten wer makke wurde. Boppedat waarden der jonge militêren mei ienheden as it saneamde Bataljon Fryslân nei Nederlânsk-Ynje stjoerd om diel te nimmen oan de polisjonele aksjes. De doetiidske minister-presidint Willem Drees prate sels fan "vier jaar nachtmerrie" as er it oer de Yndonesyske ûnôfhinklikensoarloch fan 1945-1949 hie. Neist it weropbouwen fan Nederlân en de oarloch yn Yndoneezje wie minister-presidint Willem Drees ek ferantwurdlik foar de opbou fan de fersoargingssteat. Hy hat ferskillende oansetten jûn om sosjale wetjouwing te meitsjen. Hy sette him benammen yn foar minsken sûnder wurk, de âlderen en de min betelle arbeiders.

Nei de Twadde Wrâldkriich kaam de ruilferkaveling goed op gong. It proses om stikken boerelân byinoar te krijen wie al foar de Twadde Wrâldkriich begûn, mei de Ballumer Mieden op It Amelân as earste gebiet dat ruilferkavele waard. Yn de jierren 1953-1956 waarden fierders mei in eksperimint yn De Rottefalle ynsichten opdien dy’t fierders yn de rest fan Nederlân tapast wurde soene en dy’t laten ta in ferbreding fan it ramt dêr’t ruilferkavelingen stal yn krigen. Yn de twadde helte fan de tweintichste iuw kriget it hiele ruilferkavelingsproses syn beslach, en feroartet it oansjen fan it Fryske plattelân binnen tsientallen jierren gâns.[45]

Kneppelfreed en de Fryske identiteit

bewurkje seksje
 
Fryske studint wurdt op Kneppelfreed fêstnommen troch de polysje.

De Fryske beweging hat nei de Twadde Wrâldkriich syn grutste bloetiid. Sa waard yn 1946 it taboe op it Frysk sprekken yn de Steaten trochbrutsen en kamen der Frysksinnigen op wichtige posysjes yn bestjoer en parse.[46] Ferskate Friezen kamen op foar it brûken fan harren taal. Oarsom wienen der minsken dy't foarkomme moasten by de rjochter om't se Frysk skriuwden of Frysk praten. Dêr kaam hurde krityk op fan ûnder oaren de haadredakteur fan de Hearrenfeanster Koerier, Fedde Schurer. Troch syn hurde krityk moast hy ek by de rjochter foarkomme om't er de rjochterlike macht misledige hawwe soe. By it proses tsjin Schurer wie in grutte kliber folk gearkommen foar it rjochtsgebou yn Ljouwert. Ut de drokte en foaral de aksjes fan de polysje ûntstie der in opskuor. De dei fan it proses tsjin Schurer en it opskuor dat dêrby plakfûn waard bekend as Kneppelfreed, in dei dy't fan grutte betsjutting west hat foar de rjochtlike status fan it Frysk. Yn 1955 wurde meartalige skoallen tastien en fan 1956 ôf mei der yn de rjochtseal Frysk brûkt wurde. It gefoel fan grutskens en selsstannigens yn 'e maatskippij fan nei de oarloch docht ek bliken út it troch de hiele Steaten oannommen Desintralisaasjerapport fan begjin 1951.

Ekonomyske oplibbing en sosjale feroaring

bewurkje seksje

Yn 1955 wiene by it Grinslânske doarp Slochteren grutte foarrieden ierdgas ûntdutsen. Fjouwer jier letter waard dat feit bekend makke. Dêrmei wie in grutte en rike boarne fan ryksynkomsten bleatlein. Mar omdat it ierdgas eins haadsaaklik yn de grûn fan Grinslân en nei letter bliken die ek – mar dan minder as yn Grinslân – yn Fryslân en Drinte siet, waard it gas ûnderwerp fan politike en finansjele easken fan noardlike aksjegroepen, politike partijen en bestjoerders.[47] De lobby foar it regionale ekonomyske belang yn it ramt fan de gasjilden feroare neat oan it belied fan De Haach oangeande it ierdgas. In politike organisaasje dy't him wol mei súkses foar it regionale belang ynsette is de Fryske Nasjonale Partij dy't yn 1961 oprjochten waard en letter yn ferskillende gemeenten koalysjes oangie.

Fryslân is benammen nei de Twadde Wrâldkriich feroare fan in gewest dat foar it grutste part agrarysk wie yn in regio dêr’t noch mar in hiele lytse minderheid syn bestean yn de lânbou fynt. Yn 1920 wurke sawat 44% fan de Fryske beropsbefolking yn de agraryske sektor, yn 1995 noch mar sa’n 7%. Tagelyk mei dy ûntjouwing is it demografysk swiertepunt fan de provinsje ferskood fan it westen nei it easten. De Bouhoeke, de Lege Midden en de Greidhoeke hiene oan de ein fan de iuw minder wurkgelegenheid as yn 1930. Dêrfoaroer waard de Wâldhoeke as wen- en wurkgebiet fan hieltyd mear belang.[48]

Mei troch it ierdgas yn Grinslân wurdt de ekonomyske sitewaasje yn Nederlân yn de sechtiger jierren better. De geunstige ekonomyske sitewaasje fan Dútslân yn de jierren fyftich en sechtich waard as Wirtschaftswunder omskreaun. Der wurde in protte nije huzen oplevere en de minsken hawwe wer jild foar lúkse produkten. Der ûntstean nije subkultueren lykas de flowerpower yn de lette sechtiger jierren. De jongerein wie kritysk oer it gesach en makke him los fan âlde gewoanten. De útfining fan de antykonsepsjepil befoardere de seksuele revolúsje. Seks en fuortplanting waarden tenei los fan elkoar besjoen, en oer it tema seks wie net langer mear in taboe. De ferbettere ekonomyske sitewaasje, it opkommen fan de subkultueren en de seksuele revolúsje late ta de yndividualisearring. Froulju krigen dêrtroch in gruttere frijheid, mei troch de bettere foarsjennings dy't in relative finansjele ûnôfhinklikens mooglik makken.

Bestjoerlike feroaringen yn de oare Fryslannen

bewurkje seksje

Yn de santiger jierren feroaret de bestjoerlike yndieling yn East-Fryslân en Noard-Fryslân. By in bestjoerlike weryndieling yn Sleeswyk-Holstein wurde op 26 april 1970 de trije bestjoerlike 'Landkreisen' Eiderstedt, Husum en Südtondern gearfoege yn it 'Kreis Nordfriesland'. It greeflike East-Fryslân foel bestjoerlik ûnder it 'Regierungsbezirk Aurich', dat de stêd Emden en de hjoeddeiske Krite Auwerk, Lier en Wittmund omfieme. Yn 1978 waard dat Regierungsbezirk gearfoege mei it nije Regierungsbezirk Weser-Iems, dat yn 2004 opheft waard.

Tanimmende mobiliteit

bewurkje seksje

Troch de tanimmende mobiliteit feroare de doarpsfunksje yn de twadde helte fan de 20e iuw gâns. It boek Hoe God verdween uit Jorwerd fan skriuwer Geert Mak omskriuwt dy feroarings nei de Twadde Wrâldkriich yn roman foarm.

Ien fan de gruttere ynfrastrukturele feroaringen yn Fryslân nei de oarloch is it ferdwinen fan it skûtsje as it wichtichste transportmiddel. Yn 'e jierren fjirtich, fyftich en sechtich wurde rûnom yn Fryslân diken oanlein. Troch in bettere ynfrastruktuer koenen de minsken fierder fan hûs oan it wurk. De oanlis fan sneldiken of diken mei fjouwer rydstroken moast lykwols wachtsje, dy ynfrastrukturele projekten krigen earst yn 'e jierren tachtich en njoggentich har beslach.

Yn de jierren santich en tachtich wie der in trend dat minsken út de stêd wei in hûs sochten op it plattelân. Dêrtroch koe it wêze dat it ynwennertal fan Ljouwert sakke fan 88.668 ynwenners yn 1970 nei 84.689 ynwenners yn 1982.[49] Yn de tachtiger en njoggentiger jierren waarden grutte wenwiken by de doarpen boud, dy't troch tsjinstanners dêrfan 'grize skimmel' neamd waarden. Earst yn 'e jierren njoggentich liket de trend 'fan de stêd nei it plattelân' ôf te nimmen. By einsluten komt Ljouwert yn 1999 wer op in ynwennertal fan 88.762 minsken, sa'n 10.000 ynwenners mear as om 1950.

  Tema:Skiednis fan Fryslân – Wikipedy hat ek in temaside oer de Skiednis fan Fryslân

Fierder lêze

bewurkje seksje

Samle boarnen

bewurkje seksje
  • Bergsma, W.; Oer Fryske skiednis nei de midsiuwen. Fryske Akademy, Ljouwert 1993. Akademy-nûmer 774. Stúdzje en Boarnemateriaal nûmer 16. 163 siden.
  • Karl-Peter Knööp; Quellen und Materialien zur nordfriesischen Geschichte. Nordfriisk Instituut, Bräist (Noard-Fryslân) 1992, NF Akadeny-nûmer 113. ISBN 3-88007-192-6

Skiednisrigen

bewurkje seksje
  • 12 bannen yn de rige Ostfriesland im Schutze des Deiches. Utjouwerij Schuster yn Lear
  • 6 bannen yn de rige Geschichte Nordfrieslands. Utjouwerij Nordfriisk Instituut, Bräist/Bredstedt 2009, ISBN 978-3-88007-358-6

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fryslâns ferline, side 19, Afûk 2002
  2. apanarcheo.nl Neanderthalers yn Fryslân
  3. 'Koninsdiep rapport' side 8 útjefte fan de RUG
  4. friesland.org sjoch by 'Eerste Bewoners'
  5. friesland.org Terpenbouw
  6. Kanon fan de Fryske skiednis De Hludana-stien
  7. Tekst fan Tacitus: sjoch hjir foar Latynske tekst mei Nederlânske oersetting
  8. De Friezen tusken 500 en 600 op bertsgeschiedenissite.nl
  9. Kanon fan de Fryske skiednis Redbad en Bonifatius
  10. Ynfo oer Redbad op germaanse-joelfeest.nl
  11. Gronologyske skiednisside fan de universiteit Bremen
  12. Liudger (Ludger) von Münster op heiligenlexikon.de
  13. Skiednis fan Friezen yn Noard-Fryslân op de webside fan de 'Nordfriesischer Verein
  14. [1]
  15. Karl von Richthofen - Untersuchungen über friesische Rechtsgeschichte II, Berlyn, 1882, siden 147-315
  16. Skiednis oer de seediken op nordfriesland-datenbank.de
  17. Gronologysk oersjoch Fryske skiednis 1000 oant 1500 op skiednis.org
  18. Friesische Freiheit und Kloster Ihlow op kloster-ihlow.de
  19. Friesland heeft zijn eigen verhaal - side 13 skreaun troch Kerst Huisman
  20. Webside Gemeente Appingedam
  21. Reaklif/De Slach op de webside fan Stifting Slach by Warns
  22. 23. Juni 1514: Der Braunschweiger Herzog fällt op botschaft-ostfriesland.de
  23. Lokale skiednis op de webside fan de gemeente Zetel
  24. Hof fan Fryslân op inghist.nl
  25. Hof fan Fryslân op inghist.nl
  26. Hof fan Fryslân op friesmuseum.nl
  27. Karel V op entoen.nu
  28. De Fryske Admiraliteit
  29. About the Ubbo Emmius Fund op de webside fan de Grinzer universiteit
  30. Fryslâns ferline, side 165, Afûk 2002
  31. Skiednis fan it protestantisme op bijlmermeer.pkngemeente.nl
  32. Algemiene skiednis oer Ljouwert op oranjeroute.nl
  33. Stadhouders der Nederlanden op hethuisvanoranje.nl
  34. Frisians first to recognize USA (sjoen op 23 feb. 2010)
  35. Algemiene ynformaasje op planetarium-friesland.nl
  36. Parseberjocht Tresoar 2006
  37. Het ontstaan van Nederland op histoforum.digischool.nl
  38. Fan republyk nei ienheidssteat yn de Kanon fan de Fryske skiednis
  39. Friesland heeft zijn eigen verhaal fan Kerst Huisman
  40. It begjin fan de Fryske Beweging
  41. Kamp Gaasterland op wereldoorlog1418.nl
  42. Webside Sirkwy
  43. entoen.nu - crisisjaren
  44. school.tv oer de wurkferskaffing
  45. De Kanon fan de Fryske skiednis oer de [www.11en30.nu/de-kanon-finsters/de-ruilferkaveling Ruilferkaveling]
  46. Kanon fan de Fryske skiednis: Kneppelfreed
  47. Konsepttekst ‘canon’ Fryske skiednis, drs. K. Huisman, 23 feb. 2008 (sjoen op 20 feb. 2010)
  48. De Kanon fan de Fryske skiednis oer de Yndustrialisaasje
  49. Tresoar histoaryske ynwennertallen Fryske gemeente