1, 2 en 3 Meqabyan

(Trochferwiisd fan 2 Meqabyan)

1, 2 en 3 Meqabyan (Ge'ez: መቃብያን, Māqābyān) binne in trijetal sterk mei-inoar ferwevene religieuze teksten, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. Se wurde inkeld troch de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en ôfspjaltings dêrfan (lykas de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Katolike Tsjerke) as kanonyk beskôge; yn 'e rest fan it kristendom en ek yn it joadendom wurde se beskôge as apokryf, ynsafier't se dêr uberhaupt bekend binne. De trije boeken binne skreaun yn it Ge'ez, de deade tsjerketaal fan Etioopje. Wannear't se krekt datearre wurde moatte, is noch ûndúdlik.

1 Meqabyan, 2 Meqabyan en
3 Meqabyan
algemiene gegevens
oarspr. titel መቃብያን, ("Māqābyān")
auteur anonimus
taal Ge'ez
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ûnbekend

Hoewol't dizze geskriften kwa ynhâld folslein ferskille fan 'e boeken 1, 2 en 3 Makkabeeërs, dy't troch Roomsk-Katolike Tsjerke en de eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken ta de bibelske kanon rekkene wurde, steane se wol bekend as Etiopyske Makkabeeërs. It is wier dat de namme Meqabyan in Etiopyske foarm fan Makkabeeërs is, mar de "Makkabeeërs" dy't yn Meqabyan beskreaun wurde, binne net de leden fan 'e Hasmoneeske dynasty fan it Judeä fan 'e twadde iuw f.Kr. Want hoewol't se dêr al op basearre binne, wurde se yn Meqabyan folle earder yn 'e tiid pleatst.

1 Meqabyan

It boek 1 Meqabyan hat 36 haadstikken en set útein yn "de dagen fan 'e Moäbiten en de Meden". It wol hawwe dat der doe in kening fan Meedje en Midjan wie dy't fan "Tsirutsaydan" hiet. (Dat is feitliks de wiere bynamme fan 'e histoaryske Seleusidyske kening Antiochus IV Epifanes, dy't ôfwikseljend residearre yn 'e Fenisyske stêden Tyrus en Sidon en munten slaan liet mei syn byltnis derop mei de Kanaänityske tekst Tsur u Tsaydan ("Tyrus en Sidon") dernjonken.) Neffens 1 Meqabyan wie der doedestiden in Benjaminyt dy't fan Meqabis ("Makkabéus") hiet, en dy't de Joaden oprôp om 'e God fan Israel te tsjinjen ynstee fan 'e ôfgoaden dy't Tsirutsaydan harren besocht op te kringen. Syn fiif soannen en ferskate oaren waarden dêrop troch de kening ta de dea brocht op 'e brânsteapel. Meqabis komt dúdlik oerien mei de preester Mattatias út 1 Makkabeeërs, en syn fiif soannen binne basearre op 'e Makkabeeske bruorren.

Yn haadstik 15 wurdt fannijs nei de histoaryske Makkabeeërs ferwiist as trije bruorren, Judas (Judas de Makkabeeër), Meqabis (Simon Tassis) en Mebikyas (Jonatan Affus), in slagge opstân liede tsjin 'e boaze kening Akrandis fan Midjan, dy't de Joaden ûnderdrukt. Mebikyas kringt dêrby it legerkamp fan Akrandis yn en ûnthalzet him wylst er oan it miel sit, mei it iten noch yn 'e mûle. Underwilens ferslane Judas en Meqabis de Midjanityske legers op it slachfjild.

2 Meqabyan

2 Meqabyan bestiet út 21 haadstikken, en liket te begjinnen mei de Babyloanyske Ballingskip, mei't de iepeningssin is: "Nei't er de Joaden yn Syrysk Mesopotaamje fûn [...]". Neffens dit boek fierde in kening fan Moäb, dy't fan Meqabis hiet, oarloch tsjin Israel om 'e Israeliten te straffen. Letter bekeart er himsels ta it joadendom en wurdt er in profeet dy't de Joaden Gods wet bybringt. Nei syn dea yntrodusearret Tsirutsaydan de ôfgoadetsjinst yn it lân, en lit er de soannen fan Meqabis libben ferbaarne.

3 Meqabyan

It boek 3 Meqabyan hat mar tsien haadstikken, en iepenet mei: "En de eilannen fan Egypte sille it útjubelje." It is in ferhaal sûnder folle ynterne gearhing oer ferlossing en bestraffing, wêrby't foarbylden út it libben fan Adam, Job, kening David en oaren oanhelle wurde om wat der beweard wurdt te ûnderstypjen en te yllústrearjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus