Evangeelje fan Marsion
It Evangeelje fan Marsion, dat troch de oanhingers fan it marsionisme it Evangeelje fan de Heare neamd waard, is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It wurdt ornaris ta de gnostyske evangeeljes rekkene (al mei dy yndieling twifelich achte wurde), en moat datearre wurde yn 'e earste helte fan 'e twadde iuw. It is skreaun troch de kristlike teolooch Marsion fan Sinope, nei waans miening oft de God fan it Alde Testamint fan 'e Bibel in hiele oare godheid wie as de God fan it Nije Testamint, en dy't in ferzje fan it kristendom foarstie dy't folslein ûntdien wie fan alle joadske ynfloeden. Syn lear (it marsionisme) waard yn it jier 144 troch de Tsjerke bestimpele ta ketterij.
Evangeelje fan Marsion | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 100 – 150 n.Kr. |
Oerlevering en ynhâld
bewurkje seksjeFan it eigentlike Evangeelje fan Marsion binne mar in pear fersprate fragminten oerlevere, mar der wiene safolle otterdoks kristlike apologeten dy't nei syn dea traktaten tsjin Marsion syn tinkbylden skreaune, dat it iroanyskernôch mooglik bleken is om frijwol syn hiele evangeelje te rekonstruëarjen út 'e troch syn tsjinstanners oanhelle sitaten. Marsion bedoelde syn evangeelje ta ferfanging fan 'e kanonike evangeeljes, dy't yn syn eagen troch it joadendom korrumpearre wiene. Oangeande de opmerklike oerienkomsten tusken it Evangeelje fan Marsion en it kanonike Evangeelje fan Lukas besteane der twa teoryen. Òf Marsion hat it doe al besteande Evangeelje fan Lukas op 'e nij besjoen om it oan syn eigen teologyske aginda oan te passen, òf syn Evangeelje fan de Heare datearret fan foàr Lukas en is neitiid brûkt as ien fan 'e boarnen dêr't Lukas út gearstald is. De mearderheid fan 'e saakkundigen hâldt it op 'e earste mooglikheid.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
[[[Kategory:Apokryf boek fan it Nije Testamint]]