Reuzen (boek)

(Trochferwiisd fan Boek fan de Reuzen)

Reuzen, ek wol it Boek fan de Reuzen of Ogias de Reus neamd, is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. Men is fan tinken dat Reuzen basearre is op it Boek fan de Skôgers, dat ûnderdiel útmakket fan it geskrift Henoch. Dat is in pseudepigrafyske tekst ûnder de namme fan 'e bibelske persoan Henoch, de oerpake fan Noäch. It Boek fan de Skôgers is sels wer basearre op in frij obskuere passaazje yn it bibelboek Genesis (Gen. 6:1-4, om persiis te wêzen), wêryn't ferhelle wurdt fan 'e fal fan guon ingels, dy't fereale rekken op minsklike froulju en by har in ras fan reuzen, de Nefilim, oansetten. De anonime skriuwer fan Reuzen liket mei syn wurk besocht te hawwen om 'e lakunes yn it Boek fan de Skôgers op te foljen mei details oer de reuzen en harren neiteam.

Reuzen
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Arameesk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun begjin 1e iuw f.Kr.

Yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw waarden mank de Deade-Seerôlen te Qumran sân Arameesktalige fragminten fan Reuzen weromfûn (1Q23, 2Q26, 4Q203, 4Q530-532 en 6Q8), wat oannimlik makket dat de tekst oarspronklik yn it Arameesk skreaun wie. Syn oanwêzichheid te Qumran betsjut dat it datearre wurde moat foàr de twadde iuw f.Kr. Reuzen waard letter ûnderdiel fan it manigeïstysk leauwe, dat it boek benammen yn Sintraal-Aazje in wide fersprieding besoarge. Der binne oersettings oerlevere yn it Gryksk, it Perzysk, it Syrysk, it Arabysk, it Sogdysk en it Oeigoersk, al is eltse ferzje min ofte mear ferwrongen troch de ynkorporaasje fan pleatslike myten en sêgen.

Reuzen ferhellet hoe't guon reuzen, Ohya, Hahya en Mahway, de soannen fan fallene ingels, dreamen krije wêryn't de bibelske Sûndfloed foarsein wurdt, en wat se dêrop dogge om it ûnheil ôf te warjen. It ferhaal konsintrearret him benammen op Ohya, of Ogias, dy't in draak ferslacht. Dyselde wurdt ek neamd yn 'e joadske Talmoed (Nidah, haadstik 9), dêr't fermeld stiet dat de keningen Sichon fan Chesbon en Og fan Bazan (sjoch: Numeri 21:21-35), dy't de Israeliten ferslaan moasten om yn it Unthjitten Lân te kommen, bruorren faninoar wiene en soannen fan Ohya, de soan fan Sjemhazai (ien fan 'e lieders fan 'e fallene ingels). De ferzje dy't te Qumran fûn is, belûkt fierders ek de Sûmearyske held Gilgamesj en it meunster Humbaba by it ferhaal, as selskipslju fan Ohya.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus