Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2025

Siden fan de wike yn 2025

bewurkje seksje

Wike 1

 

In oark (útspr.: [oərk], likernôch "oar-k" of [wark], likernôch "ûark"; meartal: oarken, útspr.: [ˈwarkn̩], likernôch: "ûar-k'n") is in mytysk wêzen dat nau besibbe is mei, of synonym oan de eardske. Hoewol't de oarken tebekgeane op in breed ferskaat oan histoaryske literatuer en folksferhalen, komt it byld dat yn 'e tweintichste iuw yn 'e popkultuer fan dit wêzen ûntstien is, streekrjocht út 'e wurken fan 'e ferneamde Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien. Dyselde helle de yn 'e ferjitnis rekke oarken yn 'e moderne tiid wer foar it fuotljocht. Mar wat wichtiger wie, hy stelde harren yn syn boeken The Hobbit en The Lord of the Rings foar as brute, aggressive, ôfwearzige en oer it algemien boasaardige wêzens, dy't yn alles it tsjinstelde binne fan 'e wize en goedaardige, hoewol soms arrogante en heechmoedige elven. De oarken fan Tolkien waarden neitiid oernommen troch oare fantasyskriuwers en teffens troch rollespullen en fideospultsjes, lykas Dungeons & Dragons, Warhammer en Warcraft.

Lês fierder


besjen


Wike 2

 

De Snieman, yn it oarspronklike Deensk: Sneemanden, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1861, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr og Historier: Anden Række ("Nije Mearkes en Stoarjes: Oarde Rige"), yn 'e mande mei seis oare mearkes (Tolve oer de Post, De Toarre, Wat Heit Docht, Is Altyd Bêst, De Stien fan de Wize, Yn it Einehok en De Goadinne fan de Nije Iuw). De Snieman is ien fan Andersen syn minder bekende mearkes, mar it waard yn 1943 dochs troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

Lês fierder


besjen


Wike 3

 

It Kustterritoarium (Russysk: Приморский Край, Primorskij Kraj), ynformeel ornaris de Kust neamd (Russysk: Приморье, Primorje), is in territoarium (kraj) fan 'e Russyske Federaasje. It leit yn it Russyske Fiere Easten, yn it uterste súdeasten fan Sibearje, ynklamme tusken Sina en de Japanske See. It Kustterritoarium hat ek in koarte grins mei Noard-Koreä. De haadstêd en teffens grutste stêd is Vladivostok. Yn 'e mande mei stêden oan 'e Swarte See en de See fan Azov binne de havens fan it Kustterritoarium de seldsume Russyske havens dy't winterdeis iisfrij bliuwe. It Kustterritoarium waard yn 1860 troch it Keizerryk Ruslân anneksearre; earder makke it diel út fan Bûten-Mantsjoerije, dat ta it Keizerryk Sina hearde. As bestjoerlike ienheid waard it yn syn hjoeddeistige foarm yn 1938 oprjochte. It Kustterritoarium hie yn 2021 rom 1,8 miljoen ynwenners.

Lês fierder


besjen


Wike 4

 

De Sarsy (Ingelsk: Sarcee; Sarsy: Tsúùt’ǐnà), ek wol Tsuu T'ina neamd (in ferbastering fan harren autonym), binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat tsjintwurdich benammentlik yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta wennet. Harren taal, it Sarsy, heart ta de Atapaskyske taalfamylje. Histoarysk ûnderholden de Sarsy in bûnsgenoatskip mei it folle gruttere folk fan 'e Swartfuotten (Blackfeet). Hjoed oan 'e dei binne der noch sa'n 1.300 Sarsy, dy't in eigen reservaat ûnder de reek fan 'e stêd Calgary hawwe.

Lês fierder


besjen


Wike 5

 

Flodder is in Nederlânske komeedzjefilm út 1986 ûnder rezjy fan Dick Maas, mei yn 'e haadrollen Huub Stapel, Nelly Frijda, Tatjana Šimić en René van 't Hof. It ferhaal giet oer de asosjale húshâlding Flodder, dy't ferhúzje moat út in hûs yn in efterbuert dat op fergiftige grûn blykt te stean. De gemeente beslút om harren by wize fan sosjaal eksperimint in nije wente ta te wizen yn 'e fillawyk Zonnedael. Dat liedt ta gaos as de Flodders wegerje om har oan it nije fermidden oan te passen. De titel fan 'e film ferwiist sawol nei de namme fan it gesin as nei in losse flodder, mei it efterlizzende idee dat de Flodders nettsjinsteande har foarkommen eins net botte gefaarlik binne. Flodder kin mei syn absurde sitewaasjes en polityk ynkorrekte humor sjoen wurde as in satire op 'e Nederlânske wolfeartssteat. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in ûnbidich súkses yn 'e bioskopen. Dat joech oanlieding ta de mediafranchise Flodder, mei't der oer deselde húshâlding noch twa ferfolchfilms en in tillefyzjesearje makke waarden.

Lês fierder


besjen


Wike 6

 

De Kanadeeske lynks (wittenskiplike namme: Lynx canadensis) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e lynksen (Lynx). Dit bist is lânseigen yn it grutste part fan Kanada en fan 'e Amerikaanske steat Alaska, wylst it ek foarkomt yn 'e Rocky Mountains en de krite direkt bewesten de Grutte Marren yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. De Kanadeeske lynks is in middelgrutte karnivoar, dy't benammen de Amerikaanske hazze (Lepus americanus) bejaget. Hy falt op troch syn bûtenproporsjoneel grutte, swier behierre poaten, de "bakkeburden" oan wjerskanten fan it kin en de toefkes op 'e punten fan 'e earen. De Kanadeeske lynks is nau besibbe oan 'e Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), en moat net betize wurde mei in oar lid fan it lynkseskaai dat yn Noard-Amearika foar in diel yn itselde gebiet foarkomt, de reade lynks of bobcat (Lynx rufus).

Lês fierder


Besjen


Wike 7

 

Hercule Poirot (útspr.: [ɛʁˈkyl pwaˈʁoː], likernôch "ech-kúl pwa-choo") is in fiktive privee-detektive, dy't betocht waard troch de Ingelske skriuwster Agatha Christie. Yn 'e mande mei Miss Marple is hy ien fan har meast ferneamde personaazjes, al is yn syn gefal bekend dat Christie har eigen skepping net lije mocht. Poirot is in Belch dy't foarhinne as plysjeman wurke. Hy is de haadpersoan yn 33 romans, 51 koarte ferhalen en 2 toanielstikken, dy't fan 1920 oant 1975 oer in perioade fan 55 jier publisearre waarden. De ferhalen oer him binne gauris adaptearre ta harkspullen, films en tillefyzjesearjes, en Poirot is dêrby spile troch in ferskaat oan ferneamde akteurs.

Lês fierder


besjen


Wike 8

 

Miami Beach is stêd en baaiplak yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. It heart ta de stêdekloft fan Miami, mar is in selsstannige gemeente dy't bestjoerlik los stiet fan dy gruttere, oanbuorjende stêd. Miami Beach leit op in stikmannich foar in diel natuerlike en foar in diel keunstmjittige barriêre-eilannen foar de eastkust fan it Floarida-skiereilân, en wurdt ynklamme tusken de Atlantyske Oseaan yn it easten en de Biscaynebaai yn it westen, dy't de stêd skiedt fan Miami. De súdlike wyk South Beach fan Miami Beach foarmet yn 'e mande mei de binnenstêd fan Miami en de haven fan Miami it kommersjele hert fan súdlik Floarida. Sels stiet Miami Beach benammen bekend as in toeristyske bestimming, omreden fan syn strannen. Neffens in offisjele skatting út 2019 hie de stêd doe krapoan 89.000 ynwenners.

Lês fierder


besjen


Wike 9

 

Jacques Cartier (Frânske útspr.: [ʒak kaʁˈce], likernôch: "zjak kach-tjee"; Bretonsk: Jakez Karter; Saint-Malo, 31 desimber 1491 – dêre, 1 septimber 1557) wie in Frânsk seeman en ûntdekkingsreizger fan etnysk Bretonsk komôf. Tusken 1532 en 1542 makke er trije reizen nei it noardeastlike kustgebiet fan Noard-Amearika, dêr't er as earste de Saint Lawrencebaai yn kaart brocht en de rivier de St. Lawrence folge oant yn it binnenlân. Dat gebiet neamde er it "Lân fan 'e Kanada's", nei de beide grutte Irokeeske delsettings dy't er seach op 'e plakken dêr't no de stêden Kebek en Montreal lizze. Dêrmei is Cartier de nammejouwer fan Kanada. Hy naam it streamgebiet fan 'e St. Lawrence yn besit foar de Frânske Kroan en lei dêrmei de grûnslach foar de lettere Frânske koloanje Nij-Frankryk, dêr't de hjoeddeistige Frânsktalige Kanadeeske provinsje Kebek út fuortkomt.

Lês fierder


besjen


Wike 10

 

It Tinkteken foar Lincoln (Ingelsk: Lincoln Memorial) is monumint yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. It is boud is ta eare fan Abraham Lincoln, de sechstjinde presidint fan 'e Feriene Steaten, dy't de slavernij ôfskafte en yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch de Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika fersloech. It Tinkteken foar Lincoln stiet oan 'e westlike ein fan 'e National Mall en waard tusken 1914 en 1922 yn neoklassisistyske boustyl set. It is 24 oeren deis iepen foar besichtiging en is ien fan 'e meast besochte besjensweardichheden yn Washington, mei yn 2019 7,8 miljoen besikers. It Tinkteken foar Lincoln is op 'e noed fan 'e Amerikaanske National Park Service.

Lês fierder


besjen


Wike 11

 

Zane Grey (folút: Pearl Zane Grey; Zanesville (Ohio), 31 jannewaris 1872Altadena (Kalifornje), 23 oktober 1939) wie in Amerikaansk skriuwer, toskedokter en filmprodusint. Hoewol't er ek yn oare sjenres aktyf wie, is er fierwei it bekendst wurden troch syn pionierswurk op it mêd fan 'e westernroman. Guon fan syn bekendste wurken binne Riders of the Purple Sage út 1912, ien fan 'e earste echte westerns, it trijeris ferfilme Desert Gold, en fierders Code of the West en Knights of the Range.

Grey hie dêrmei grutte ynfloed op 'e mytefoarming oer it Wylde Westen. Syn boeken wiene tige populêr, net inkeld yn 'e Feriene Steaten mar ek om utens, en hy wie ien fan 'e earste auteurs dy't troch har skriuwwurk miljonêr waarden. It skriuwen gie Grey ôf dat it slydjage, dat hy hie úteinlik in oeuvre fan mear as 90 boeken. Doe't er yn 1939 stoar, lei der by syn útjouwer noch sa'n steapel manuskripten, dat der oant 1963 elts jier noch in nije roman fan him útkaam. Yn totaal ferkocht er mear as 40 miljoen boeken. Njonken de ynfloed dy't Grey op syn lêzers hie, foarme er ek in grutte ynspiraasjeboarne foar lettere westernskriuwers. Boppedat krigen in protte fan syn wurken twadde libbens as film- en tillefyzjeadaptaasjes, dêr't er oant hjoed de dei ta de Amerikaanske kultuer yn it bysûnder, mar ek de Westerske kultuer yn it algemien mei beynfloedet.

Lês fierder


besjen


Wike 12

 

De 1920-er jierren, ek oantsjut as de tweintiger jierren en de jierren ’20, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1921 en duorre it oant en mei 31 desimber 1930, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1920 oant en mei 31 desimber 1929. Dit earste desennium fan it Ynterbellum krige yn it Ingelsk de bekende bynamme fan 'e Roaring Twenties, letterlik de "Brullende Tweintiger Jierren", in oantsjutting dy't ferwiist nei de ekonomyske oplibbing nei de ferskrikkings fan 'e Earste Wrâldoarloch, de maatskiplike en kulturele fernijings yn it Westen en de algemiene positive ynstelling dy't it desennium dominearre. Wylst guon dielen fan 'e wrâld, benammen yn East-Jeropa, ôfglieden nei faksisme mei totalitêre rezjyms, oerhearske yn Noard-Amearika en West-Jeropa oer it algemien it optimisme. Dêr kaam abrupt in ein oan mei de beurskrach fan 1929, dy't it begjin fan 'e Grutte Depresje en de oergong nei de 1930-er jierren foarme.

Lês fierder


besjen


Wike 13

 

De Amerikaanske Marine (Ingelsk: United States Navy of U.S. Navy, ôfkoarte ta USN) is ien fan 'e tûken fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, de kriichsmacht fan 'e Feriene Steaten fan Amearika. It is in marine en ien fan 'e acht unifoarmearre tsjinsten fan de Feriene Steaten. De Amerikaanske Marine hat (de reserve ynbegrepen) in sterkte fan krapoan 430.000 man, en beskikt oer in totaal fan 430 marineskippen. It is dêrmei de grutste en sterkste marine fan 'e wrâld. Bestjoerlik ressortearret de Amerikaanske Marine ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. De marine waard yn 1775 oprjochte as de Kontinintale Marine, en hat sûnt yn likernôch santich oarloggen en oare konflikten fochten. De ofsiersoplieding fan 'e Amerikaanske Marine wurdt fersoarge troch de Amerikaanske Marine-akademy te Annapolis.

Lês fierder


besjen


Wike 14

 

Hainan (Sineesk: 海南; Mandarynske pinyin-transliteraasje: Hǎinán; Kantoneeske jyutping-transliteraasje: Hoi2naam4; Hainaneesk: Hái-nâm) is it grutste eilân fan Sina, dat foar de kust fan 'e provinsje Guangdong yn 'e Súdsineeske See leit. Sûnt 1988 is it eilân ek in provinsje op himsels: de lytste en súdlikste fan Sina. Behalven Hainan sels rekkenet it Sineeske regear ek trije ûnbewenne eilannegroepen yn 'e Súdsineeske See ta de provinsje, dy't ferspraat lizze oer in ôfstân fan tûzenen kilometers. Gjin inkeld oar lân yn 'e wrâld erkent dy oanspraak en ferskate oare lannen yn Súdeast-Aazje hawwe eigen oanspraken op 'e eilannen. De befolking fan Hainan bestiet foar mear as fjouwerfyfde út etnyske Han-Sinezen, dy't foar it meastepart Hainaneesk sprekke, in dialekt fan it Hokkineesk. De grutste lânseigen groep fan Hainan wurdt foarme troch de Li of Hlai, dy't krapoan 16% fan 'e befolking útmeitsje. Neffens de folkstelling fan 2020 hie Hainan doe goed 10 miljoen ynwenners. De haadstêd en tagelyk grutste stêd fan it eilân en de provinsje is Haikou, oan 'e noardkust. Sanya, oan 'e súdkust, is it bekendste baaiplak fan Sina en in wichtige binnenlânske toeristyske bestimming foar miljoenen Sinezen.

Lês fierder


besjen


Wike 15

 

It Prinsdom Oranje (Frânsk: Principauté d'Orange, útspr.: [pʀʌ̃sipo:'te: do:'ʀɔ̃ʒ], likernôch: "preons-si-poo-tee doo-rânzj; Oksitaansk: Principat d'Aurenja, útspr.: [prinsi'pat do'rεnʒa], likernôch: "pryn-si-pat doo-ren-zja) wie in ûnôfhinklik minysteatsje oan 'e rivier de Rône yn súdlik Frankryk. It bestie fan 1163, doe't de Hillige Roomske keizer Freark I it Boergondyske Greefskip Oranje ferhefte ta in soeverein prinsdom binnen it Hillige Roomske Ryk, oant 1713, doe't it foargoed yn Frânske hannen kaam en opgie yn it doetiidske Keninkryk Frankryk. Fan 1530 ôf wie it Prinsdom Oranje in besitting fan ferskate tûken fan it Hûs Nassau. Begjinnend mei Willem fan Oranje ûntstie dêrtroch in bân mei de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen dy't wol wat wei hie fan in personele uny. De namme fan it Hûs Oranje-Nassau, it Nederlânske keningshûs, giet werom op it prinsdom, en sa ek it feit dat oranje de nasjonale kleur fan Nederlân is.

Lês fierder


besjen


Wike 16

 

It Shedd Aquarium (eins it John G. Shedd Aquarium) is in iepenbier akwarium en dolfinarium yn 'e Amerikaanske stêd Chicago. It omfiemet 19 miljoen liter wetter en 32.000 bisten fan 1.500 ûnderskate soarten, ynkl. fisken, seesûchdieren, fûgels, slangen, amfibyen en ynsekten. It gie iepen yn 1930 en wie lange tiid it grutste binnendoarakwarium fan 'e wrâld. It wie ek it earste akwarium mei in permaninte kolleksje seefisken dat fier fan 'e see ôf lei. It Shedd Aquarium is fêstige yn 'e binnenstêd fan Chicago, oan South Lake Shore Drive, fuort oan 'e igge fan 'e Michiganmar, en makket mei it deunby steande Field Museum en Adler Planetarium diel út fan 'e Museum Campus Chicago. It wie yn 2005 it bêst besochte akwarium yn 'e Feriene Steaten, yn 2007 de bêste besochte attraksje fan Chicago, en mocht yn 2015 mear as 2 miljoen besikers ferwolkomje. It gebou fan it Shedd Akwarium hat sûnt 1987 de status fan monumint.

Lês fierder


besjen


Wike 17

 

De Semityske talen, foarhinne ek wol de Syro-Arabyske talen neamd, foarmje in taalfamylje wêrfan't de talen sprutsen wurde yn it Midden-Easten, Noard-Afrika, de Hoarn fan Afrika en op Malta. De namme fan 'e groep ferwiist nei de Bibelske persoan Sem, ien fan 'e soannen fan Noäch, dy't de stamfaar fan 'e Middeneastlike folken wurden wêze soe. Der binne sa'n 107 Semityske talen, de útstoarne talen ynbegrepen. De noch libbene talen fan 'e famylje telle anno 2018 wrâldwiid mear as 350 miljoen memmetaalsprekkers. De grutste talen binne it Arabysk (eins in dialektkontinuum dat bestiet út in grut tal ferskillende sprektalen), Amhaarsk, Tigrinja, Hebriuwsk, Tigreesk, Arameesk-Assyrysk en Malteesk. Under de Semityske talen binne guon fan 'e ierst (skriftlik) oerlevere talen út 'e minsklike skiednis, lykas it Akkadysk. Oare tige ynfloedrike útstoarne Semityske talen binne it Fenisysk, Arameesk, Syrysk en Geëz.

Lês fierder


besjen


Wike 18

 

The Bridge on the River Kwai is in Amerikaansk-Britske histoaryske oarlochsfilm en anty-oarlochsfilm út 1957 ûnder rezjy fan David Lean, mei yn 'e haadrollen William Holden en Alec Guinness. De titel betsjut "De Brêge oer de Rivier de Kwai". De film waard basearre op 'e roman Le Pont de la Rivière Kwaï, fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle. It ferhaal folget in kloft Amerikaanske en Britske kriichsfinzenen, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch troch de Japanners ynset wurdt om in spoarbrêge oer de rivier de Kwai te bouwen. Hoewol't de film gebrûk makket fan 'e histoaryske setting fan 'e oanlis fan 'e Birmaspoarwei yn 1942 en 1943, binne it fierdere ferhaal en de personaazjes frijwol folslein fiktyf. The Bridge on the River Kwai krige doedestiden oerweldigjend positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e bêste films aller tiden. It wie de meast opbringende film fan 1957 en wûn sân Oscars, trije Golden Globes en fjouwer BAFTA's, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Dramafilm.

Lês fierder


besjen


Wike 19

 

De waskbear (wittenskiplike namme: Procyon lotor) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e lytse bearen (Procyonidae) en it skaai fan 'e waskbearen (Procyon), dat lânseigen is yn Noard- en Midden-Amearika. Dit bist komt tsjintwurdich lykwols as eksoat ek yn Jeropa, Japan en Kaukaazje yn it wyld foar. De waskbear is in middelgrut bist mei in langhalige lichemsfoarm en in grize pels, dat tige werkenber is troch syn ringsturt en syn swarte masker. De namme komt fan syn oanwenst om syn fretten foar it opiten ôf te spielen yn wetter. Waskbearen binne omnivoare nachtdieren, dy't bekendsteane om har yntelliginsje en har handigens mei har foarpoaten, suver lytse hantsjes allyk. In mantsjes hjit in bear en in wyfke is in sûch, krekt as by bargen. De IUCN klassifisearret de waskbear as net bedrige.

Lês fierder


besjen


Wike 20

 

Zendaya Coleman (útspr.: [zɛn'de:jə], likernôch: "zen-dee-juh"; folút: Zendaya Maree Stoermer Coleman; Oakland (Kalifornje), 1 septimber 1996) is in Amerikaansk aktrise, model, sjongster en dûnseresse fan mingd Afro-Amerikaansk en Dútsk etnysk komôf. Se lit har efternamme faak falle en brûkt dan har selden foarkommende foarnamme as artystenamme. Zendaya begûn al tige jong op te treden as dûnseresse en aktrise en briek yn 2009 troch mei de haadrol fan Rocky Blue yn 'e tillefyzjesearje Shake It Up. Ek hie se haadrollen yn 'e komeedzjesearje K.C. Undercover en de dramasearje Euphoria. Om utens waard se benammen bekend troch har filmrollen yn 'e superheldefilms Spider-Man: Far from Home en Spider-Man: No Way Home, de filmmusical The Greatest Showman en de science fiction-film Dune.

Lês fierder


besjen


Wike 21

 

Yn it monoteïsme wurdt God foarsteld as de iennichste god, it Opperwêzen, de skepper-god en it wichtichste foarwerp fan leauwe en ferearing. It ferskil tusken de monoteïstyske God en in willekeurige oare god wurdt werjûn troch it gebrûk fan in haadletter. Yn 'e teology wurde oan God ornaris eigenskippen taskreaun as alwittendheid, almacht, rûnombywêzigens en in ivich bestean sûnder begjin of ein. Ofhinklik fan 'e foarm fan monoteïsme dy't de leauwende oanhinget, kin soks begrepen wurde yn oerdrachtlike sin of yn letterlike sin. Yn 'e regel wurdt God beskôge as in (ymmaterieel) wêzen fan geast dat transendint is (bûten de natoer stiet, oftewol boppenatuerlik is). Guon religyen omskriuwe God sûnder geslacht, wylst oaren tradisjoneel oantsjuttings as "Hy", "Him" en "Heit" brûke en dêrmei (alteast ymplisyt) útgeane fan manlikens. Binnen it monoteïsme besteane ferskate filosofyen, lykas it teïsme, it deïsme en it panteïsme, dy't justjes ferskillende opfettings oer God hawwe. It ateïsme is in filosofy dy't draait om it ûnleauwe yn it bestean fan God.

Lês fierder


besjen


Wike 22

 

Folle Spul om Neat, yn it oarspronklike Ingelsk: Much Ado About Nothing, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't it ferhellet oer de swierrichheden dy't twa pearkes ûnderfine op harren wei nei it houlik. It stik wurdt yn 'e regel beskôge as ien fan Shakespeare syn bêste komeedzjes, mei't it hilariteit kombinearret mei serieuze prakkesaasjes oer eare, skamte en polityk. Folle Spul om Neat moat skreaun wêze yn 1598 of 1599, en waard foar it earst publisearre yn 1600. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.

Lês fierder


besjen


Wike 23

 

Piet Adema (folút: Pieter Adema; De Pein, 6 novimber 1964) is in Frysk bestjoerder en politikus foar de KristenUny. Hy begûn syn politike wurkpaad op lokaal nivo foar it GPV, ien fan 'e foarrinners fan 'e KristenUny. Letter hied er sit yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân, en fan 2007 oant 2011 wied er deputearre mei sizzenskip oer ferkear en ferfier, miljeu en earmoedebelied. Neitiid tsjinne Adema as waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen, Tynaarlo en Borger-Odoorn. Ek wied er acht jier lang partijfoarsitter fan 'e KristenUny. Fan 2022 oant 2024 naam Adema de swiere post fan minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit op him yn it kabinet-Rutte IV. Mei syn plannen foar ynkrimping fan 'e agraryske sektor yn Nederlân makke er net folle freonen, mar nei't er opfolge wie troch Femke Wiersma fan 'e boerepartij BBB, die bliken dat sy mei in protte fan Adema syn plannen fierder woe.

Lês fierder


besjen


Wike 24

 

Flibe (mooglik in âld lienwurd op basis fan it Latynske phlegma) is in lichemseigen floeistof, oanmakke troch de flibeklieren en ôfskaat yn 'e mûle. It bestiet foar mear as 99% út wetter, oanfolle mei in stikmannich oare stoffen. Flibe hat as wichtichste funksjes om foar te kommen dat de orale slymfluezzen útdrûgje, om as glydmiddel by it slokken en it praten te tsjinjen en om by iten dat yn 'e mûle nommen wurdt in begjin te meitsjen mei it proses fan 'e spiisfertarring.

Lês fierder


besjen


Wike 25

 

Klaas Bruinsma (Easterein, 1 febrewaris 1931 - Drachten, 29 oktober 2018) wie in âld-ûnderwizer en -learaar Ingelsk en skiednis, dy't bekendheid krige troch syn oersettings fan histoaryske literêre wurken yn it Frysk. Hy wie ferantwurdlik foar in grut ferskaat oan fertalings fan proaza en poëzij út it Aldgryksk, Latyn, Midfrysk, Nederlânsk en Midnederlânsk, Dútsk, Ald-, Mid- en modern Ingelsk, Frânsk, Russysk, Skotsk en Spaansk. Foar de oersettings fan trije trageedzjes fan Sofoklês (Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos) krige Bruinsma yn 1993 de Dr. Obe Postmapriis. Foar syn oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee fan Homêros ûntfong er yn 2005 jitris dyselde priis en yn 2007 waard er dêrfoar eare mei de Sulveren Anjer. Njonken syn wurk as oersetter wie Bruinsma ek aktyf as dichter en as skriuwer fan non-fiksje.

Lês fierder


besjen


Wike 26

 

Sûker, ek bekend as kristalsûker of tafelsûker, is in fiedingsmiddel mei in tige swiete smaak, dat dêrom rûnom yn iten en drinken brûkt wurdt as swietstof. In protte minsken dogge it bgl. as kondimint yn tee en kofje, en it wurdt as yngrediïnt ek tafoege oan in protte gerjochten. Sûker wurdt yn fabriken wûn út beskate lânbougewaaksen, om persiis te wêzen sûkerreid en sûkerbiten. Men makket sadwaande ûnderskie tusken reidsûker, dat wrâldwiid folle mear foarkomt, en bytsûker, dat ûnder mear op it fêstelân fan Jeropa de merk behearsket. Sa is frijwol alle sûker yn Nederlân bytsûker. Sacharoaze, de algemiene beneaming foar sûker yn 'e skiekundige sin, is in koalhydraat, mear spesifyk in disacharide mei de molekúlformule C12H22O11.

Lês fierder


besjen


Wike 27 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 27
besjen


Wike 28 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 28
besjen


Wike 29 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 29
besjen


Wike 30 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 30
besjen


Wike 31 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 31
besjen


Wike 32 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 32
besjen


Wike 33 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 33
besjen


Wike 34 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 34
besjen


Wike 35 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 35
besjen


Wike 36 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 36
besjen


Wike 37 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 37
besjen


Wike 38 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 38
besjen


Wike 39 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 39
besjen


Wike 40 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 40
besjen


Wike 41 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 41
besjen


Wike 42 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 42
besjen


Wike 43 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 43
besjen


Wike 44 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 44
besjen


Wike 45 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 45
besjen


Wike 46 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 46
besjen


Wike 47 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 47
besjen


Wike 48 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 48
besjen


Wike 49 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 49
besjen


Wike 50 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 50
besjen


Wike 51 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 51
besjen


Wike 52 Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 52
besjen