Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2016
Siden fan de wike yn 2016
bewurkje seksjeWike 1
Henrik Ibsen (folút: Henrik Johan Ibsen; Skien, 20 maart 1828 – Kristiania, 23 maaie 1906), wie in Noarsk toanielskriuwer, dichter, toanielregisseur en teäterdirekteur, dy't beskôge wurdt as ien fan 'e wichtichste grûnlizzers fan it moderne teäter. Under syn toanielstikken binne Peer Gynt, Brand, en Et Dukkehjem (In Poppehûs). Hy skreau al syn wurk yn it Bokmål, de nei it Deensk oerhingjende skriuwtaal fan syn heitelân Noarwegen, dy't doedestiden noch "Deensk-Noarsk" of "Dano-Noarsk" neamd waard (dêrfandinne it misferstân dat er yn it Deensk skreaun hawwe soe). Ferskate fan syn stikken waarden doedestiden as skandalich ûnderfûn, mei't se net de moaiskyn opholden, mar krekt sjen lieten wat der efter de maatskiplike fasades beskûlgie. Ibsen is de op ien nei meast opfierde toanielskriuwer fan 'e wrâld (nei William Shakespeare), en hy wurdt gauris beskôge as de ynfloedrykste toanielskriuwer sûnt Shakespeare.
Wike 2
De rottekop (Latynske namme: Microtus oeconomus), miskien better bekend as de Noardske wrotmûs (wat eins in hollanistyske ynterferinsje is op grûn fan 'e Nederlânske namme Noordse woelmuis), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e Jeraziatyske gerslânwrotmûzen (Alexandromys). Dit bist is in middelgrutte wrotmûs dy't foarkomt yn Noard- en Midden-Jeropa, dielen fan Aazje en it noardwesten fan Noard-Amearika. Yn Nederlân libbet in populaasje dy't hjir nei de lêste iistiid isolearre rekke is, en him sûnt ûntjûn hat ta de ûndersoarte fan 'e Nederlânske rottekop (Microtus oeconomus arenicola). Yn Fryslân komt de rottekop fral yn it marregebiet foar. It is yn Nederlân in beskerme bistesoarte.
Wike 3
In oktroai of patint is in eksklusyf (útslutend) rjocht ta it yndustrieel meitsjen of ferkeapjen fan in produkt of it op oare wize eksploitearjen fan in útfining of libbensdoer. In oktroai kin troch de rjochthawwende brûkt wurde as in monopoalje op in beskaat stik technyk.
In oktroai jout de oktroaihâlder it rjocht om oaren te ferbieden de útfining bedriuwsmjittich ta te passen (bygelyks te meitsjen, yn te fieren, op foarried te hawwen, ensfh.). In oktroaihâlder hat net automatysk op basis fan it ferliende oktroai it rjocht om de útfining ta te passen. Yn in soad gefallen binne dêrfoar fierdere fergunnings needsaaklik, bygelyks op grûn fan de warewet of op grûn fan de miljeuwetjouwing. It kin ek wêze dat oktroairjochten fan oaren it tapassen fan de útfining opkeare.
Wike 4
In Wrâldreis yn Tachtich Dagen, yn it oarspronklike Frânsk: Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours, is in aventoereroman fan 'e hân fan 'e ferneamde Frânske skriuwer, toanielskriuwer, dichter, essayist en publisist Jules Verne (1828-1905). Dit boek waard foar it earst publisearre yn 1872, as fúljeton yn it Frânske tydskrift Le Temps. It ferhaal giet oer de eksintrike Ingelske hear fan stân Phileas Fogg en dy syn noch mar krekt oannommen Frânske liiffeint Passepartout, dy't om in weddenskip te winnen besykje om yn tachtich dagen om 'e wrâld te reizgjen.
Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours is Verne syn meast ferneamde wurk en wurdt rûnom beskôge as in klassiker fan 'e Frânske en bredere njoggentjinde-iuwske literatuer. It is troch de jierren hinne adaptearre ta in ferskaat oan oare sjenres, wêrûnder film, tillefyzje, harkspul, toaniel en musical. Ek is der in boerdspultsje op basearre en sels in ferdivedaasjepark (Worlds of Fun, yn Kansas City, yn 'e Amerikaanske steat Missoury). De Fryske oersetting fan Syt Palma kaam út yn 2010.
Wike 5
De Dixie Chicks is in Amerikaanske countryband dy't ek muzyk út oare sjenres op syn namme brocht hat en dy't bestiet út trije leden: de susters Martie Erwin Maguire en Emily Erwin Robison en lead-sjongster Natalie Maines. De namme fan 'e band is opmakke út Dixie, in oantsjutting foar it Amerikaanske Suden, en chick, in Amerikaansk-Ingelsk sprektaalwurd dat "fanke" betsjut. De namme soe sadwaande oerset wurde kinne as "Fammen út it Suden" of "Súdlike Fammen". En dat kloppet, want de bandleden komme allegear út it súdlike Teksas. De Dixie Chicks hiene oant 2012 13 Grammy Awards wûn, en binne sûnt 2013 de bêst ferkeapjende frouljusband en countryband fan Amearika.
Wike 6
Memphis (útspr.: ['mɛmfɪs], likernôch: "memfis") is de grutste stêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Tennessee en teffens de grutste stêd oan 'e rivier de Mississippy. Fierders is it it haadplak fan Shelby County en nimt it op 'e ranglist fan 'e grutste stêden fan 'e Feriene Steaten it tweintichste plak yn. Memphis leit yn 'e uterste súdwesthoeke fan Tennessee, dêr't dat yn it suden grinzget oan 'e steat Mississippy. Yn it westen foarmet de rivier de Mississippy de grins mei Arkansas. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Memphis doe goed 655.000 ynwenners. As alle foarstêden meirekkene wurde, dy yn 'e steat Mississippy ynbegrepen, dan komt de stêdekloft mei Memphis as sintrum út op in befolking fan mear as 1,3 miljoen minsken. Memphis stiet fral bekend om't Graceland der stiet, it hûs fan rock n' roll-leginde Elvis Presley, en om't it de stêd is dêr't yn 1968 de swarte boargerrjochte-aktivist dû. Martin Luther King deasketten waard.
Wike 7
It Amelânsk (Amelânsk: Amelands) is in Hollânsk-Frysk mingdialekt dat sprutsen wurdt op it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân it Amelân. It ûntstie yn 'e perioade fan 'e sechstjinde oant de achttjinde iuw út in ferminging fan Hollânske dialektfoarmen mei it Frysk dat oarspronklik op it eilân sprutsen waard, en is fral nau besibbe oan it Midslânsk fan it buoreilân Skylge. Hoewol't it Amelânsk troch it tanimmende massatoerisme op it Amelân yn beskate mjitte ûnder druk stiet fan it Standertnederlânsk, is it oan 'e oare kant it iennichste dialekt fan 'e Waadeilannen dat him oant no ta goed wit te hanthavenjen en sels noch troch it meastepart fan 'e eilânjongerein sprutsen wurdt.
Wike 8
Slidehokky is in foarm fan iishokky, mar dan op in prikslide. Dizze sport waard ûntwikkele sadat minsken dy't lichaamlik beheind binne dochs iishokky spylje kinne. De widze fan it slidehokky stie yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm, dêr't it yn 'e 1950-er jierren betocht waard. De klean en it grutste part fan de regels fan it spul komme oerien mei dy fan iishokky. Slidehokky is op 't heden ien fan 'e populêrste sporten fan 'e Paralympyske Spullen.
Wike 9
Nelson Rockefeller (folút: Nelson Aldrich Rockefeller; Bar Harbor (Maine), 8 july 1908 – New York (New York), 26 jannewaris 1979), wie in Amerikaansk sakeman, filantroop en Republikeinsk politikus fan Dútsk etnysk komôf. Hy wie in pakesizzer fan 'e ferneamde John D. Rockefeller, de oprjochter fan 'e oaljemaatskippij Standard Oil, en tsjinne as ûnderminister yn 'e kabinetten fan 'e Amerikaanske presidinten Franklin D. Roosevelt, Harry Truman en Dwight Eisenhower. Fan 1959 oant 1973 wied er gûverneur fan 'e steat New York, en fan 1974 oant 1977 wied er ûnder it presidintskip fan Gerald Ford de 41ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten.
Wike 10
De lynks (Latynske namme: Lynx lynx), om betizing mei de trije oare lynksesoarten foar te kommen ornaris de Jeraziatyske lynks neamd, is in sûchdier út 'e famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e lynksen (Lynx), dat foarkomt yn grutte dielen fan noardlik Jeropa, Sibearje en Sintraal-Aazje. Yn Nederlân is er al mear as in ieu útstoarn, mar sûnt koarten wurdt er hjir út en troch wer synjalearre, mei't de populaasje yn Dútslân stadichoan dizze kant útkomt. Op guon oare plakken yn West-Jeropa wurdt de lynks mei sin yn it wyld reyntrodusearre. De Jeraziatyske lynks is de grutste fan 'e fjouwer lynksesoarten.
Wike 11
Marija Gimbutas (Litousk: Marija Gimbutienė, berne as Marija Birutė Alseikaitė; Vilnius (Litouwen), 23 jannewaris 1921 - Los Angeles (Kalifornje), 2 febrewaris 1994) wie in Litousk-Amerikaansk archeologe en antropologe dy't har dwaande hold mei de neolityske en brûnstiidkultueren fan it "Alde Jeropa", in troch harsels betochte term. Yn har tusken 1946 en 1971 útjûne wurken yntrodusearre Gimbutas ferskate nije sjenswizen troch tradysjoneel fjildwurk te kombinearjen mei linguïstyk en mytologyske ynterpretaasjes.
Wike 12
De Nêzjd (Arabysk: نجد , [nɛ:ʤd]) is ien fan 'e histoaryske kriten fan it Arabysk Skiereilân. De regio beslacht tsjintwurdich it woastinige binnenlân fan Saûdy-Araabje, mar wie foar 1932 in ûnôfhinklik lân. De grutste stêd yn 'e Nêzjd is de Saûdyske haadstêd Ar-Riaad, en de Nêzjdyske Arabieren, dy't fan oarsprong woastynbedoeïnen wiene, foarmje de dominante befolkingsgroep fan Saûdy-Araabje. Oars as de Hidjas, de westkust fan it Arabysk Skiereilân (dy't de oare wichtige regio fan Saûdy-Araabje foarmet), hat de Nêzjd troch syn ôfhandige lizzing en woastinige karakter yn it ferline net in protte útlânske ynfloeden ûndergien.
Wike 13
In tomahawk (útspr.: ['tɔmǝhɔ:k]) is in soarte fan bile dy't syn oarsprong fynt by de Noardamerikaanske Yndianen, en dy't derút sjocht as in hakbile mei in rjochte stâle. In tomahawk-stâle is yn 'e regel heechút 60 sm lang, en tradysjoneel makke fan eske-, eskdoarn- of nutehout. It blêd weaget ornaris tusken de 260 en 570 g, mei in snijrâne dy't meastal net folle langer is as 10 sm. De bilekop (oftewol de rêchside fan it blêd) kin de foarm fan in hammer of in skerpe pjuk hawwe, of kin gewoan rûn wêze.
Wike 14
De Slach by Laaksum waard op 10 juny 1498 fochten tusken de troepen fan hartoch Albrecht fan Saksen en in leger fan Fetkeapers út Sânwâlden. It leger fan 'e Saksyske hartoch waard oanfierd troch Wilwolt fan Schaumberch, de lieding en organisaasje fan 'e Wâldfriezen is net bekend. It lytse leger fan Dútske hiersoldaten mei in pear hûndert Skieringer Friezen wûn de slach tsjin it gruttere leger fan 'e Fetkeapers. Dy oerwinning wie fuort ek de ein fan 'e Fryske frijheid, en it begjin fan 'e Saksetiid.
Wike 15
Sûtiïsme is it deadzjen of de selsdeading fan in widdo by de begraffenis of kremaasje fan har ferstoarne man. It wurdt ek wol widdomoard neamd, mar dat is in breklike oantsjutting, mei't it yn in grut part fan 'e gefallen net om moard, mar om selsmoard gie. Dizze no sa goed as útbande praktyk wie meast in deaderitueel, mar yn guon kultueren koe it oanmurken wurde foar in minske-offer. It is fral bekend wurden yn 'e kontekst fan it hindoeïsme fan sawol it Yndiaaske subkontinint as fan it Yndonezyske eilân Baly. De beneaming "sûtiïsme" komt dan ek, fia it Ingelske wurd suttee, fan it Sankrityske sātī, dat "deugdsume frou" betsjut. Sûttiïsme wie lykwols in maatskiplik ferskynsel dat ek foarkaam by guon folken dy't natoerreligys beliden.
Wike 16
De Fleurige Wyfkes, yn it oarspronklike Ingelsk: The Merry Wives of Windsor, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't ferhellet hoe't de fette, korrupte âld ridder John Falstaff (dy't earder in rol spile yn Shakespeare syn keningsstikken Hindrik IV, Diel 1 en Diel 2) twa rike troude froulju it hof makket mei as doel om oan jild te kommen. Hoewol't it stik yn namme ûnder it regear fan Hindrik IV (1399-1413) spilet, wurdt dêr mar ien kear nei ferwiisd en ymplisearret it fierders gewoan de Elizabetaanske Tiid (±1600). It "Windsor" út 'e Ingelske titel ferwiist nei Windsor Castle, yn it greefskip Berkshire. De Fleurige Wyfkes waard foar it earst publisearre yn 1602; it is net wis wannear't it stik skreaun is, mar de measte saakkundigen hâlde it op 1597. It stik is ferskate kearen adaptearre ta in opera. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.
Wike 17
De ikelmûs of túnsliepmûs (Latynske namme: Eliomys quercinus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e ikelmûzen (Eliomys), dat foarkomt yn hast hiel súdwestlik Jeropa en dêropta dielen fan East-Jeropa. De ikelmûs is tsjintwurdich in bedrige bistesoarte. Syn neiste sibben binne de Afro-Aziatyske woastynsliepmûs (Eliomys melanurus) en de Magrebsliepmûs (Eliomys munbyanus). Op 'e eilannen yn it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See libje ferskate ôfwikende ûndersoarten.
Wike 18
Norfolk (Ingelsk: Norfolk Island, útspr.: ['nɔrfək 'ailənd]; Norfuk: Norf'k Ailen) is in lytsich, isolearre eilân yn 'e súdwestlike Stille Oseaan, dat likernôch healwei tusken Austraalje, Nij-Seelân en Nij-Kaledoanje leit. It foarmet in ekstern territoarium fan Austraalje, en is it iennichste eksterne Australyske territoarium dat fiergeand selsbestjoer hat. It haadplak is Kingston. Neffens gegevens út 2011 hie it Norfolk, dat likernôch 35 km² beslacht, doe in befolking fan 2.300 minsken. It symboal fan it eilân is de Norfolkeilânske dinnebeam (Araucaria heterophylla), in lânseigen beammesoarte, dy't ek in prominint plak ynnimt op 'e flagge fan Norfolk.
Wike 19
It Proto-Yndo-Jeropeesk is de oertaal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen (en inkeld de Yndo-Jeropeeske talen) op weromgeane. Foarhinne waard dizze taal ek wol Proto-Yndogermaansk neamt, mar yn 'e tweintichste iuw is dy term besmodge rekke doe't de nazys dermei oan 'e haal giene foar harren rasse-ideology. Der binne gjin skriftlike boarnen oerlevere fan dizze Yndo-Jeropeeske oertaal, mar op grûn fan yndirekt bewiismateriaal (d.w.s. troch de hjoeddeistige Yndo-Jeropeeske talen mei-inoar te ferlykjen) hawwe taalkundigen it Proto-Yndo-Jeropeesk dochs rekonstruëarje kinnen.
Wike 20
Jan Pyt Janzen, eins Jan Pieter Janzen (Easterbierrum, 9 april 1945 – Goutum, 21 july 2005), wie in fertsjinstlik Frysk publisist, learaar en histoarikus, dy't yn syn rjusidige karriêre in grutte bydrage levere oan 'e Fryske literatuer en skiedskriuwing. Njonken syn deistich wurk as dosint oan in middelbere skoallemienskip te Ljouwert, dêr't er o sa fan hold, siet er yn in ferskaat oan tydskriftredaksjes en bestjoeren en skreau er stikjes en kollums foar û.m. de literêre blêden De Strikel en Trotwaer en foar de Ljouwerter Krante. Ek skreau er en wurke er mei oan in stikmannich skiedkundige útjeften.
Wike 21
Preker, yn it oarspronklike Hebriuwsk: קהלת, Qoheleṯ ("Sammelder"), is in boek fan dichterlike wiisheid yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is Preker it 18de boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 21ste boek (fan 39) en heart it ta de Poëzij en Wiisheid. Hoewol't de preker himsels yn Pr. 1:1 foarstelt as "De Preker, soan fan David, kening te Jeruzalim", dêrmei ymplisearjend dat er Salomo is (of sa binne dy wurden alteast altyd útlein), is it boek Preker feitliks it wurk fan in anonime skriuwer, en datearret it nei alle gedachten út it lêste part fan 'e trêde iuw f.Kr. De earste folsleine Fryske oersetting fan Preker stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Wike 22
San Diego is in stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, likernôch 190 km besuden Los Angeles en deun tsjin 'e grins mei Meksiko oan. It is it haadplak fan it omlizzende San Diego County en hie neffens in offisjele skatting út 2012 doe goed 1,3 miljoen ynwenners. Dêrmei is it de op ien nei grutste stêd fan Kalifornje (nei Los Angeles) en de op sân nei grutste fan 'e hiele Feriene Steaten. Boppedat is it noch altiten ien fan 'e fluchst groeiende stêden fan it lân, en as alle foarstêden meirekkene wurde, komt it as stêdekloft út op in befolking fan mear as 3 miljoen minsken. San Diego stiet benammen bekend om syn mylde en noflike klimaat (de reden dat it ek wol America's Finest City neamd wurdt), om syn natuerlike djipwetterhaven, om 'e útstrutsen strannen dy't populêr binne ûnder surfers, en om syn langjierrige bân mei de Amerikaanske Marine.
Wike 23
Omotola Jalade Ekeinde (berne as Omotola Jalade; Lagos, 7 febrewaris 1978), is in Nigeriaansk filmaktrise, sjongster en minskerjochte-aktiviste fan etnysk Jorûba-komôf. Sûnt har debút as aktrise hat se yn mear as 300 films spile en withoefolle prizen wûn. Omotola, sa't se bekend stiet, is de súksesfolste Afrikaanske aktrise ea, en de earste Afrikaanske persoan dy't mear as in miljoen likes krige op har Facebook-side. Yn 2013 waard se troch it Amerikaanske tydskrift Time opnommen yn 'e list fan 'e hûndert ynfloedrykste minsken op 'e wrâld.
Wike 24
Bertelsmann (eins: Bertelsmann SE & Co. KGaA) is in Dútske multynasjonale korporaasje op it mêd fan 'e massamedia, dy't yn 1835 oprjochte waard en fêstige is te Gütersloh. It bedriuw is aktyf yn fyftich ûnderskate lannen en hie ein 2012 mear as 104.000 wurknimmers. Oer datselde jier wie de omset krapoan €16,1 miljard, en bedroech de winst €619 miljoen. Bertelsmann is in Kommanditgesellschaft auf Aktien (KGaA), wat delkomt op in soarte fan B.V. De wichtichste difyzjes binne: Arvato Services, Be Printers, BMG Rights Management, Gruner + Jahr, Penguin Random House en de RTL Group.
Wike 25
De Afro-Amerikanen as Afrikaansk-Amerikanen binne ynwenners fan 'e Feriene Steaten fan Amearika, wa har foarâlden yn'e perioade foarôfgeande oan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) as slaven út Afrika wei nei dat diel fan Noard-Amearika ta brocht binne. De oantsjutting wurdt ek brûkt foar lju dy't mar foar in diel fan negerslaven ôfstamje (en ornaris foar de rest fan blanke slavehâlders). Soms wurde Afro-Amerikanen ek wol swarte Amerikanen as Afrikaanske Amerikanen neamd, mar dat is eins in bredere groep, dy't ek Afrikaanske ymmigranten omfiemet dy't har tusken 1860 en hjoed yn 'e Feriene Steaten nei wenjen set hawwe. De Afro-Amerikanen binne yn omfang de twadde rasiale en etnyske minderheid en de trêde rasiale en etnyske groep fan 'e Feriene Steaten, nei de Latino's en de blanke mearderheid.
Wike 26
De haaien (Latynske namme: Selachii of ek wol Selachimorpha) foarmje in ûnderdifyzje fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata), de klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii) en de difyzje fan 'e moderne haaien en roggen (Neoselachii). Dit is in taksonomyske groep fan fisken dy't sa'n 505 ûnderskate soarten omfiemet. De haaien binne nau besibbe oan 'e roggen (Batoidea), dy't men omskriuwe kinne soe as ôfplatte haaien. De oantsjutting haaien wurdt ek brûkt foar de fossile sibben fan dizze beide groepen, en yn dy sin ûntstiene de ierste haaien mear as 420 miljoen jier lyn, yn it Siluer. Tsjintwurdich wurde in protte haaiesoarten yn har fuortbestean bedrige troch minsklike aktiviteiten.
Wike 27
Tessa de Loo (Bussum, 15 oktober 1946) is it pseudonym fan de Nederlânske skriuwster Johanna Martina (Tineke) Duyvené de Wit. Hja is fral bekend wurden mei it koarte ferhaal De Meisjes van de Suikerwerkfabriek en mei de roman De Tweeling. Yn 1984 wûn De Loo de Anton Wachterpriis.
Wike 28
Skotlân (Ingelsk: Scotland, útspr.: ['skɒtlənd]; Skotsk: Scotland, útspr.: ['skɔtɫənd]; Skotsk-Gaelysk: Alba, útspr.: ['al̪ˠapə]) is in dielútmeitsjend lân (constituent country) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân. It hat sûnt 1999 in beheinde foarm fan selsbestjoer, mei in eigen parlemint en in eigen regear. It gebiet bestiet út 'e noardlike ein fan it eilân Grut-Brittanje, ynkl. in grut tal lytsere eilantsjes foar de westkust (de Hebriden) en yn 'e Noardsee (de Orkney- en de Sjetlâneilannen). Neffens in skatting út 2013 hie Skotlân doe 5.328.000 ynwenners.
Wike 29
De western is in sjenre yn 'e literatuer, byldzjende keunst, film en op 'e tillefyzje, dat wijd is oan romantisearre beskriuwings fan en ferhalen oer it Wylde Westen, de beneaming foar rûchwei de westlike helte fan 'e Feriene Steaten tusken likernôch 1850 en 1900. Yn dy perioade ferkearde dat gebiet noch yn it begjinstadium fan 'e kolonisaasje, en waard der striid levere tusken de lânseigen Yndiaanske folken oan 'e iene kant en de Amerikaanske kolonisten en it Amerikaanske leger oan 'e oare kant, wylst de cowboy, dat ikoanyske symboal fan it Alde Westen, it fee fan syn baas oer de iepen prêrjes dreau, en op oare plakken legindaryske banditen lykas Jesse James en Billy the Kid harren snoade plannen smeiden en dêrby soms yn 'e tsjillen riden waarden troch allike legindaryske wetstsjinners as Wild Bill Hickok en Wyatt Earp.
Wike 30
De Fryske dialekten binne de ferskate foarmen fan it Westerlauwersk Frysk. Der wurde tsjintwurdich acht fan sokke dialekten ûnderskaat, mei noch in njoggenden dy't útstoarn is. De fjouwer haaddialekten of fêstelândialekten, mei as wichtichsten it Klaaifrysk en it Wâldfrysk, hawwe in grutte fersprieding en wurde rûnom sprutsen. Dizze taalfarianten binne ek maklik ûnderling fersteanber, mei mar inkele regionale wurdfoarmen dy't swierrichheden opsmite. Dêrnjonken besteane der noch fjouwer eilândialekten, dy't sterk yn har fersprieding beheind binne en troch mienskippen fan heechút inkele hûnderten minsken brûkt wurde. Troch har isolaasje wike dizze fjouwer lytse dialekten krekt sterk ôf, sadat se soms mar kwealk fersteanber binne mei it Standertfrysk, dat fierhinne opboud is út in mjuks fan Klaaifryske en it Wâldfryske eleminten.
Wike 31
Doña Ana de Mendoza, prinsesse fan Éboli (folút: doña Ana de Mendoza y de la Cerda; Cifuentes, 29 juny 1540 – Pastrana, 2 febrewaris 1592) wie in Spaansk ealfrouwe en politika, dy't tusken 1576 en 1579 grutte macht útoefene oan it Spaanske Keninklik Hof. Hja wie troud mei de fan oarsprong Portegeeske ealman Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli, ien fan 'e wichtichste Spaanske politisy út 'e sechstjinde iuw.
Wike 32
CNN International (CNNI), yn 'e regel koartwei CNN neamd, is in Amerikaanske kabel- en sattelyttillefyzjestjoerder dy't wrâldwiid Ingelsktalige nijsprogramma's en eftergrûnrubriken útstjoerd. De ôfkoarting stiet foar Cable News Network ("Kabeltillezyzje-nijsnetwurk"). It is yn 1985 ûntstien as in útsprantel fan 'e âldere stjoerder CNN USA, dêr't it noch altyd nau mei gearwurket. CNN is beskikber yn mear as 200 miljoen húshâldings en hotelkeamers, yn mear as 200 lannen. It is de bekendste en meast ynfloedrike nijsstjoerder fan 'e wrâld. CNN is eigendom fan 'e Turner Broadcasting System-difyzje fan 'e mediagigant Time Warner.
Wike 33
Harlingen (Amerikaansk-Ingelske útspr.: /'hɑrlɨnʤən/; "harlendzjen") is in stêd yn it uterste suden fan 'e Amerikaanske steat Teksas. It leit yn 'e Delling fan de Rio Grande, fuortby de grins mei Meksiko, en likernôch 50 km fan 'e seekust fan 'e Golf fan Meksiko ôf. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Harlingen doe krapoan 65.000 ynwenners, wêrmei't it nei Brownsville de grutste stêd is yn Cameron County. Mei Brownsville en in stikmannich lytsere plakken foarmet it in stêdekloft dy't yn 2010 in befolking fan goed 385.000 minsken hie. Ut 'e folkstelling fan 2010 kaam ek oan it ljocht dat Harlingen de goedkeapste stêd yn 'e Feriene Steaten is kwa kosten fan libbensûnderhâld.
Wike 34
Omar Sharif (Arabysk: عمر الشريـف, sekuerdere transliteraasje: ‘Umar Eš-Šarīf; útspr.: ['ʕumɑɾˤ ɛʃɪ'ɾi:f]; berne as: Michel Demitri Chalhoub; Aleksandrië, 10 april 1932 – Kaïro, 10 july 2015) wie in Egyptysk akteur fan Libaneesk komôf. Hy sette syn karriêre yn 'e fyftiger jierren yn syn eigen lân útein, en wûn dêrby ek bekendheid troch syn houlik mei de ikoanyske Egyptyske aktrise Faten Hamama, wêrfoar't er him ta de islaam bekearde. Yn 'e sechstiger jierren briek er ynternasjonaal troch mei rollen yn klassike Ingelsktalige films as Lawrence of Arabia, Dr. Zhivago en Funny Girl. Hy waard nominearre foar in Oscar en wûn trije Golden Globes, en wie behalven yn Amerikaanske en Britske films ek te sjen yn Frânske, Italjaanske, Spaanske, Grykske en Arabyske produksjes. Njonken syn aktearkarriêre wie Sharif ek in libbenslange entûsjast fan it kaartspul bridge (dêr't er ferskate boeken oer publisearre), en teffens wied er grut leafhawwer fan hynstekoertsen.
Wike 35
De fearplanten (Latynske namme: Monilophyta) foarmje in boppeklasse fan it ryk fan 'e planten (Plantae), it ûnderryk fan 'e lânplanten (Embryophyta), de stamme fan 'e faskulêre planten (Tracheophyta) en it rangleaze takson fan 'e blêdplanten (Euphyllophyta). De fearplanten wurde ek wol fearren of rintfearren neamd (al jout dy lêste namme eins in spesifike groep fearplanten oan). Tsjintwurdich binne se nei alle gedachten better bekend ûnder de hollanistyske oantsjutting farens.
Wike 36
Sacajawea (Ingelske útspr.: [sækǝʤǝ'wi:jǝ]; by Salmon (Idaho), ±1788 – de Fort Manuel Lisa hannelspost (Noard-Dakota), 20 desimber 1812?) wie in Yndiaanske frou fan 'e Lemhy-substamme fan 'e Noardlike Sjosjoanen, dy't yn 'e Amerikaanske skiednis ferneamd wurden is om't hja har mei har Frânsk-Kanadeeske man by de romrofte Ekspedysje fan Lewis en Clark (1804-1806) joech en meiteach oer flakten, rivieren en bergen nei de fiere westkust fan Noard-Amearika, en dêrby tusken de bedriuwen troch it libben skonk oan in poppe. Har namme hat yn 'e Feriene Steaten wol in legindaryske lading krigen, ferlykber, miskien, mei dy fan Pokahontas, en it is ien dy't alle Amerikaanske skoalbern leare.
Wike 37
De Herfoarme Tsjerke yn Amearika (Ingelsk: Reformed Church in America), gauris ôfkoarte ta RCA, is in kalvinistysk protestantsk tsjerkegenoatskip yn 'e Feriene Steaten en Kanada. Dizze organisaasje komt streekrjocht fuort út 'e Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke, en waard stifte yn 1628, doe't de Nederlânske kolonisten yn Noard-Amearika harren earste tsjerklike gemeente oprjochten. Sûnt 1754 is it selsstannige tsjerke, dy't oant 1867 de namme fan Herfoarme Protestantske Nederlânske Tsjerke (Reformed Protestant Dutch Church) droech. De Herfoarme Tsjerke yn Amearika hat likernôch 230.000 leden.
Wike 38
Sleat (Nederlânsk: Sloten) is in stêd yn de gemeente De Fryske Marren. Sleat leit tichtby de Sleattemer Mar, tusken De Lemmer en Balk yn. Mei likernôch 750 ynwenners is it de lytste fan de Fryske âlve stêden. Fan 1851 oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Sleat in selstannige gemeente, op de grins fan Gaasterlân, Doanjewerstâl en Lemsterlân. Dêrnei hearde it oant 1 jannewaris 2014 ta de gemeente Gaasterlân-Sleat.
Wike 39
Jiskepûster, yn it oarspronklike Frânsk: Cendrillon en Dútsk: Aschenputtel (Nederlânsk: Assepoester; Ingelsk: Cinderella; Italjaansk: Cenerentola), is in oerâld mearke dat û.m. optekene is troch Charles Perrault yn syn Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes") en de bruorren Grimm yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes"). Der is in ferskaat oan farianten fan bekend, mar dy binne langer allegear ferkrongen troch de animaasjeferzje fan 'e Walt Disney-studio's (basearre op 'e fariant fan Perrault), dy't wrâldferneamd wurden is. Yn 1983 is it mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 1, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk ta is troch Margrit Weber). Yn 2012 is Jiskepûster op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.
Wike 40
Lisa Ann, echte namme Lisa Anne Corpora (Easton (Pennsylvania), 9 maaie 1972), is in súksesfolle en tige populêre Amerikaanske pornoaktrise, dy't ek wol bekend stiet as Zina Sunshine en Leesa en ûnder har bynamme the Queen of Porn. Hja wurket ek as neakenmodel, stripper, ympressario en pornoregisseur. Yn 2008 krige se bekendheid by in breder publyk troch har haadrol yn 'e pornofilm Who's Nailin' Paylin?, wêryn't se de doetiidske Republikeinske fise-presidintskandidate Sarah Palin parodiëarre.
Wike 41
Toalen (Nederlânsk: Tholen; Siuwsk: Tole) is in gemeente yn it noardeastlike diel fan 'e Nederlânske provinsje Seelân, dy't bestiet út 'e (eardere) eilannen Toalen en Sint-Filipslân. It gebiet wurdt troch twa brêgen en twa dammen mei de bûtenwrâld ferbûn. Syn hjoeddeistige omfang berikte de gemeente yn 1995. It haadplak hjit ek fan Toalen.
Wike 42
De Assiniboin (Ingelsk: Assiniboine) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dy't ek wol bekend steane ûnder sokke útinoar rinnende nammen as Nakota en Hohe. Se sprekke fan oarsprong in Sûaanske taal dy't nau besibbe is oan it Sû. Der binne tsjintwurdich noch krapoan 10.000 Assiniboin, dy't likernôch heal om heal yn 'e Feriene Steaten en Kanada libje. Dêrby binne se benammentlik konsintrearre yn 'e Amerikaanske steat Montana en de Kanadeeske provinsje Saskatchewan, mar fan âlds hearre ek it súdeasten fan 'e provinsje Alberta, it súdwesten fan 'e provinsje Manitoba en it westen fan 'e steat Noard-Dakota ta harren wengebiet. Hoewol't de Assiniboin har pas yn 'e santjinde iuw ôfspjalten fan 'e bekendere Sû (Sioux), ûntjoegen de beide groepen har al rillegau ta swarde fijannen, en wie der allegeduerigen oarloch tusken harren.
Wike 43
It gewoane fleanende iikhoarntsje (Latynske namme: Pteromys volans), ek wol it gewoane fleanhoarntsje neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e fleanende iikhoarntsjes (Pteromyini) en it skaai fan 'e fleanende iikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Pteromys). Dizze soarte libbet fan Finlân oant yn East-Aazje, en is it iennichste fleanende iikhoarntsje dat yn Jeropa foarkomt. Likemin as oare "fleanende" iikhoarntsjes kin dit bist fleane, mar ynstee sweeft er, troch in hûdflap tusken syn foar- en efterpoaten út te sprieden.
Wike 44
Fan Noli (folút: Theofan Stilian Noli; Ibriktepe (Osmaanske Ryk), 6 jannewaris 1882 – Fort Lauderdale (Floarida), 13 maart 1965) wie in Albaneesk geastlike, skiedkundige, diplomaat, politikus, publisist, dichter, oersetter en komponist. Hy wie in nasjonalist, dy't benammen in tige wichtige rol spile by de oprjochting fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke en de konsolidaasje fan it Albaneesk as de nasjonale taal fan Albaanje, troch syn grutte oeuvre oan oersettings út 'e wrâldliteratuer nei it Albaneesk. Dêrnjonken droech er mei ferskate wittenskiplike publikaasjes ek by oan 'e Ingelsktalige literatuer. As politikus krewearre er om 'e nocht om fan Albaanje in demokratysk Westersk lân te meitsjen, wêrby't er nei de Junyrevolúsje fan 1924 in healjier as premier tsjinne. Neitiid moast er lykwols syn heitelân ûntflechtsje en brocht er syn fierdere libben yn ballingskip troch, earst yn Jeropa, en letter yn 'e Feriene Steaten.
Wike 45
Britsk-Kolumbia (Ingelsk: British Columbia; Frânsk: Colombie-Britannique) is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It beslacht it súdwestlike part fan it lân, dêr't it op himsels de regio Pasifysk Kanada foarmet, dy't mei de Kanadeeske Prêrjes ta de gruttere regio fan Westlik Kanada heart. Wat oerflak oanbelanget, is Britsk-Kolumbia mei 9,5% fan it nasjonaal grûngebiet de op twa nei grutste provinsje fan Kanada (nei Kebek en Ontario), al moat it as de trije territoaria meirekkene wurde ek noch Nûnavût en de Noardwestlike Territoaria foargean litte. De haadstêd fan Britsk-Kolumiba is Victoria, dat op Vancouvereilân leit en in typysk Britske koloniale sfear azemet. De grutste stêd is lykwols Vancouver, yn 'e súdwesthoeke fan it fêstelân fan 'e provinsje. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de provinsje doe likernôch 4,4 miljoen ynwenners, wat delkomt op 13,1% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
Wike 46
De Tiidmasine, yn it oarspronklike Ingelsk: The Time Machine, is in science fiction-novelle fan 'e hân fan 'e Britske skriuwer, essayist, senarioskriuwer, biolooch, etikus en histoarikus H.G. Wells (1866-1946). Dit wurk, dat in ier foarbyld is fan it stjerrende-ierdesubsjenre, wurdt yn 'e regel ferantwurdlik holden foar it popularisearjen fan it begryp tiidreizgjen, troch in fehikel of apparaat te brûken dat de betsjinner tastiet en spring fan it hjoed nei in yn 't foar sekuer bepaald tiidstip yn it ferline of de takomst. De term "tiidmasine" is in optinksel fan Wells, dat no algemien brûkt wurdt foar sa'n fehikel of apparaat.
Wells hie mei The Time Machine grut súkses, en it ferhaal is neitiid adaptearre ta in ferskaat oan media, wêrûnder harkspullen, tillefyzje en strips. Der is fierders twa kear in (sterk oanpaste) Hollywood-ferfilming fan makke, The Time Machine út 1960, fan regisseur George Pal, en The Time Machine út 2002, troch Wells syn oerpakesizzer Simon Wells. Teffens hat it boek in boarne fan ynspiraasje foarme foar withoefolle lettere science fiction-skriuwers. The Time Machine wie Wells syn earste langere wurk (foartiid hied er inkeld koarte ferhalen en essay's skreaun), en waard foar it earst útjûn yn 1895. It is skreaun yn it ik-perspektyf. De Fryske fertaling, fan oersetter Geart fan der Mear, kaam út yn 2013.
Wike 47
De Treinramp fan Ashtabula wie in grutskalich treinûngemak yn 'e Feriene Steaten, wêrby't op 29 desimber 1876 yn 'e neite fan Ashtabula, yn 'e steat Ohio, in passazjierstrein ûntspoarde trochdat de spoarbrêge oer de rivier de Ashtabula ynsakke. Under barre winterske omstannichheden stoarten dêrby twa lokomotiven en alve treinwagons sa'n 23 m nei ûnderen yn it wetter en op 'e rivierwâl, wêrnei't der yn 'e houtene wagons in útslaande brân útbriek. By de ûntspoaring en de brân kamen 92 fan 'e 159 ynsittenden fan 'e trein om it libben, wêrûnder de ferneamde hymneskriuwer Philip Bliss en syn frou. De Treinramp fan Ashtabula wie it slimste treinûngemak yn 'e Feriene Steaten oant de Grutte Treinramp fan 1918.
Wike 48
De stabij, ek wol stabijhûn of Fryske stabij neamd (mei as alternative stavering staby), is in hûneras dat syn oarsprong yn Fryslân fynt. It is in steande hûn dy't foarhinne fokt waard foar de jacht op lyts wyld. As sadanich binne fermeldings fan dizze hûn werom te finen yn 'e njoggentjinde-iuwske en iere tweintichste-iuwske Fryske literatuer. Hjoed de dei binne der net folle rasechte stabijen mear, û.o. om't dizze hûn gauris krúst wurdt mei oare rassen, lykas de mear foarkommende wetterhûn. Yn 2013 waard de stabij beskôge as ien fan fiif seldsumste hûnerassen yn 'e wrâld.
Wike 49
Ksenofon (Gryksk: Ξενοφῶν, tradysjonele transliteraasje: Xenophon; Atene, omtrint 430 f.Kr. – dêre, 354 f.Kr.) wie in Gryksk legeroerste, skiedkundige, kriichskundige en skriuwer, inkeld ek wol Ksenofon fan Atene neamd. Hy wie in hierling dy't û.m. yn it Perzyske Ryk focht en oer syn nuodlike aventoeren dêre letter de Anabasis skreau, syn meast ferneamde wurk. Syn Hellenica is in ferslach fan 'e lêste jierren fan 'e Peloponnezyske Oarloch, en wurdt as de wichtichste histoaryske boarne oangeande dy perioade beskôge. Syn beskriuwing fan it Perzyske Ryk, yn 'e Cyropedia, hat ornaris de namme minderweardich oan 'e Histoarjes fan Herodotus te wêzen, ek al binne der punten dêr't Herodotus oanwiisber mis is, wylst Ksenofon it by de rjochte ein hat. Fierders wurdt Ksenofon nei Plato as de wichtichste autoriteit oer Sokrates beskôge, mei't er as jongfeint noch ûnder de grutte filosoof studearre hie. Mei fanwegen de terjochtstelling fan syn master assosjearre Ksenofon him it grutste part fan syn libben mei de stêdsteat Sparta ynstee fan mei syn berteplak Atene.
Wike 50
Majorka (Spaansk: Mallorca, útspr.: [ma'ʎorka]; Katalaansk: Mallorca, útspr.: [mə'ʎɔrkə]) is in Spaansk eilân yn it Westlike Bekken fan 'e Middellânske See en it grutste eilân fan 'e arsjipel fan 'e Baleären. De haadstêd en grutste stêd fan it eilân, Palma de Mallorca, is ek de haadstêd fan 'e autonome mienskip fan 'e Baleären. Bestjoerlik foarmet Majorka in regio of eilânrie binnen de Baleären, mei in eigen flagge en folksliet (La Balanguera). It eilân is om utens benammen bekend as fakânsjebestimming foar toeristen út noardlik Jeropa.
Wike 51
Bûsefalus (±345 f.Kr. – 326 f.Kr.) wie it favorite hynder fan Aleksander de Grutte, en ien fan 'e meast ferneamde hynders út net inkeld de Aldheid, mar de hiele skiednis. De Grykske namme fan dizze striidhynst wie Βουκέφαλος of Βουκεφάλας, útsprutsen as "Bûkefalos" of "Bûkefalas" (mei de klam op it twadde wurdlid), dat letter latinisearre waard ta Bucephalus. De namme betsjut "oksekop", fan βούς, bous ("okse"), en κεφαλή, kephalē ("holle"). De bertedatum fan Bûsefalus is ûnwis, mar neffens it meast wierskynlike ferhaal gie er dea oan ferwûnings dy't er oprûn hie ûnder de Slach oan de Hydaspes, yn 326 f.Kr., yn wat no Pakistan is.
Wike 52
Albert West (folút: Albert Petrus Enricus Gerardus Westelaken; De Bosk, 2 septimber 1949 – Tilburch, 4 juny 2015) wie in Nederlânsk sjonger en muzykprodusint, dy't yn 'e sechstiger jierren syn karriêre begûn as sjonger fan it dûnsorkest The Shuffles. Fanôf 1969 krige er bekendheid as de foaroanman fan dy band. Yn 1973 sette er útein mei in solokarriêre, wêrby't er syn heechtijdagen belibbe yn 'e jierren santich en tachtich. Syn grutste hits wiene Cha-la-la, I Need You, Ginny Come Lately, Don't Leave Me This Summer, Hot Havana Nights en The Way to Amarillo.