2010-er jierren

(Trochferwiisd fan 2010-2019)

De 2010-er jierren, ek oantsjut as de jierren ’10, wiene in desennium fan 'e 21e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 2011 en duorre it oant en mei 31 desimber 2020, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 2010 oant en mei 31 desimber 2019. Dit desennium waard karakterisearre troch in stadige ekonomyske en technologyske foarútgong. De Arabyske wrâld stie yn it teken fan 'e Arabyske Maityd en de opkomst en ûndergong fan 'e saneamde Islamityske Steat. Yn East-Jeropa ûntjoech him in nij konflikt tusken Ruslân en de Oekraïne. De Feriene Steaten setten harren Oarloch tsjin it Terrorisme fuort, mar op it wrâldtoaniel belune harren ynfloed hieltyd fierder yn it foardiel fan Ruslân en Sina, benammen nei't yn 2016 Donald Trump ta presidint keazen wie. Yn 'e lêste jierren fan it desennium ûntjoech him in wrâldwide beweging fan boargers dy't yn noed sieten oer de klimaatferoaring, en harren regearings ûnder druk setten om dêr mear tsjin te dwaan.

2010-er jierren
In demonstraasje tsjin klimaatferoaring yn 2014.
In demonstraasje tsjin klimaatferoaring yn 2014.
<< 2000-er jrn  •  2010-er jrn  •  2020-er jrn >>
2010   •   2011   •   2012   •   2013   •   2014
2015   •   2016   •   2017   •   2018   •   2019

De 2010-er jierren begûnen op it hichtepunt fan 'e Bankekrisis, dy't laat hie ta de Grutte Resesje, in ynternasjonale ekonomyske krisis sa't net mear sjoen wie sûnt de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren. Yn Jeropa waard dêrtroch de Jeropeeske Skuldekrisis feroarsake, dy't lannen as Ierlân, Portegal, Spanje, Syprus en fral Grikelân yn it ferdjer stoarte trochdat dy lannen bûn wiene oan 'e foarskriften fan 'e Jeropeeske ienheidsmunt euro en gjin effektyf eigen ekonomysk belied fiere koene. Ynstee waarden se troch de rike noardlike lannen fan Jeropeeske Uny, mei Dútslân en Nederlân foarop, twongen om drakoanyske besunigingsmaatregels troch te fieren sadat se harren skulden oan dy lannen ôflosse koene. De Jeropeeske Skuldekrisis kearde jierrenlang tsjin dat de Jeropeeske Uny út 'e resesje komme koe, wylst it mei lannen as de Feriene Steaten en Japan doe al lang wer folle better gie. Yn 'e hiele wrâld joech de Bankekrisis fierders oanlieding ta de Occupy-bewegings, dy't har kearden tsjin 'e rike "1%" fan 'e maatskippij.

De minne sosjaal-ekonomyske omstannichheden laten yn 'e Arabyske wrâld ta it útbrekken fan in rige grutskalige folksprotesten dy't mei-inoar bekend kamen te stean as de Arabyske Maityd. Yn guon lannen, lykas Bachrein, waarden de protesten bloedich delslein, wylst se yn oaren, lykas Jemen, troch omstannichheden op in stuit in stille dea stoaren. Yn inkele lannen, nammentlik Tuneezje en Egypte, laten de protesten ta in revolúsje. Yn Tuneezje waard diktator Zine El Abidine Ben Ali ôfset by de Tunezyske Revolúsje, wêrnei't it lân in demokratysk regear krige. Yn Egypte moast diktator Hosni Mûbarak it fjild romje by de Egyptyske Revolúsje. Doe't dêr nei demokratyske ferkiezings lykwols Mohammed Morsi, in lid fan 'e islamistyske Moslimbruorskip, presidint waard, folge in jier letter in steatgreep dy't it leger wer oan 'e macht brocht, sadat it lân werom by ôf wie. Yn Lybje late de Arabyske Maityd ta it útbrekken fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch, wêrby't diktator Mûammar Chadaffi ôfset en fermoarde waard. Nei in koarte perioade fan relative rêst briek lykwols de Twadde Libyske Boargeroarloch út, dy't it lân de rest fan 'e 2010-er jierren yn 'e besnijing hâlde soe.

Ek yn Syrje laten protesten yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd ta it útbrekken fan in boargeroarloch. Dêrby namen ferskate rebellegroepen it op tsjin 'e troepen fan diktator Basjir al-Assad. Doe't dúdlik waard dat de Feriene Steaten ûnder presidint Barack Obama ûnwillich wiene om yn 'e Syryske Boargeroarloch yn te gripen, sels as troch it rezjym fan Assad gifgas brûkt waard en oarlochsmisdieden begien waarden, sprong Ruslân yn it machtsfakuum troch troepen te stjoeren dy't aktyf meifochten oan 'e kant fan it Syryske regearingsleger. De Syryske Boargeroarloch brocht in ûnbidige stream flechtlingen op gong, dy't yn 2015 Jeropa oerspielde en late ta de Jeropeeske Flechtlingekrisis. Ut 'e gaos fan 'e Syryske Boargeroarloch ûntstie ek de terroristyske islamistyske organisaasje Islamityske Steat (IS), dy't in grut grûngebiet yn it woastinige easten fan Syrje en westen fan Irak wist te feroverjen. In koälysje fan 'e Koerden, it Iraakske regearingsleger en in stikmannich Westerske lannen ûnder oanfiering fan 'e Feriene Steaten wie der jierrenlang mei besteld om 'e ekstremisten fan IS te ferslaan.

 
De ruïnes fan 'e Iraakske stêd Mosûl nei de werovering op 'e striders fan IS.

Oan it begjin fan 'e 2010-er jierren besochten de Feriene Steaten aktyf harren status fan supermacht te behâlden foar in weropkommend Ruslân en in almar assertiver Sina oer. Sina fierde militêre herfoarmings troch en lansearre ûnbidich grutte ekonomyske inisjativen dy't de Sineeske hannel en dêrmei macht fral yn Afrika sterk útwreiden. Tagelyk liet it lân him jilde yn it gebiet fan 'e Súdsineeske See, dat it beskôge as syn besit. Nei't yn 2016 Donald Trump keazen wie ta presidint fan 'e Feriene Steaten, eskalearren de spannings mei Sina ta in Amerikaansk-Sineeske hannelsoarloch. Oan 'e oare kant stelde Trump him foar Ruslân oer krekt tige fermoedsoenjend en tebekhâldend op, wylst er ek op oare mêden syn lân hieltyd fierder út 'e wrâldpolityk weromloek. Dat stelde Ruslân en Sina yn 'e gelegenheid om harren macht fierder út te wreidzjen yn it neidiel fan 'e Feriene Steaten.

De Russyske presidint Vladimir Pûtin wie yn 2014 al in nij konflikt begûn doe't er it Oekraynske skiereilân De Krim besette en letter yllegaal anneksearje liet. Dêrnei sette Ruslân útein mei it opstokeljen fan 'e etnysk Russyske minderheid yn 'e Donbas-regio fan 'e eastlike Oekraïne tsjin it nije, op it Westen oriïntearre regear yn Kiëv. Dat wie oan 'e macht kommen nei de Oekraynske Revolúsje fan begjin 2014, wêrby't de korrupte, pro-Russyske presidint Viktor Janûkovitsj ôfset wie. De Russyske aktiviteiten laten ta it útbrekken fan in iepen opstân fan wapene rebellen yn it easten fan 'e Oekraïne, dy't yn july 2014 by fersin it Maleizyske ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 17 delskeaten.

Yn 'e 2010-er jierren waard it ynternet fan de dingen sterk útwreide fanwegen nije ûntwikkelings op it mêd fan triedleaze apparatuer, mobile tillefony en opslach yn clouds. Troch it útrôljen fan 5G-netwurken en foarútgong oangeande dataferwurking koe ynformaasje no flugger oerbrocht wurde as ea tefoaren. Dat fasilitearre de tanimmende maatskiplike ynfloed fan sosjale media, lykas Facebook, Twitter en Instagram, en ek de opkomst fan streamingstsjinsten op it mêd fan tillefyzje, lykas Netflix, en op it mêd fan muzyk, lykas Spotify. Fierders makke it mooglik dat de online-organisaasje WikiLeaks geheime Amerikaanske oerheidsynformaasje publisearje koe oer û.m. Guantánamo Bay en de Amerikaanske belutsenens by de Irakoarloch, de oarloch yn Afganistan en de Syryske Boargeroarloch. De Amerikaanske klokkelieder Edward Snowden, dy't bekendmakke dat de Amerikaanske oerheid it foar de moade hie om ôf te lústerjen wa't se mar ôflústerje woene, moast flechtsje en krige asyl yn Ruslân. Oare Amerikaanske klokkelieders, lykas Chelsea Manning en Reality Winner, krigen lange finzenisstraffen oplein.

Kultureel waarden de 2010-er jierren yn in soad lannen karakterisearre troch in ferskowende hâlding en mear akseptaasje foar homo's, lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen oer. Portegal, Iislân, Argentynje, Denemark, Brazylje, Frankryk, Oerûguay, Nij-Seelân, Ingelân, Wales, Skotlân, Lúksemboarch, Gûam, de Feriene Steaten, Porto Riko, Ierlân, Grienlân, Kolombia, Man, Gibraltar, Finlân, de Falklâneilannen, Guernsey, de Fêreu-eilannen, Malta, Dútslân, Austraalje, Jersey, Eastenryk, Taiwan en Ekwador fierden it homohoulik yn. Ek op it mêd fan feminisme en emansipaasje waarden stappen set. It #Me Too-skandaal brocht seksueel misbrûk fan froulju yn 'e filmyndustry fan Hollywood oan it ljocht, en wreide him doe út nei oare wurkmêden. It soarge foar in nije gewaarwurding fan hokker yngripende gefolgen seksuële yntimidaasje foar in libben hawwe kin.

Fral yn 'e lêste helte stiene de 2010-er jierren fierders sterk yn it teken fan massale demonstraasjes tsjin klimaatferoaring en it broeikaseffekt, dat op alle wrâlddielen ta ekstreem waar late. Foarbylden dêrfan wiene hjitteweagen yn West-Jeropa, oerstreamings yn East-Afrika, oanhâldende boskbrannen yn Austraalje en Noard-Amearika en superorkanen as Irma en Haiyan yn it Karibysk Gebiet, resp. Súdeast-Aazje. It yn 2015 sletten Klimaatakkoart fan Parys moast de klimaatferoaring tsjingean, mar neffens klimaataktivisten diene de ûnderskate regearings fierstente min om klimaatferoaring oan te pakken.

Wichtichste foarfallen

bewurkje seksje
 
De restanten fan it delstoarten Poalsk regearingsfleantúch by de Russyske stêd Smolensk, dêr't yn 2010 alle ynsittenden by omkamen, ûnder wa de Poalske presidint Lech Kaczyński.
 
Steve Jobs, de algemien direkteur fan Apple, ûntbleatet yn 2010 de earste iPad.
2010
 
In demonstraasje yn 2011 op Wall Street yn it ramt fan 'e Occupy-beweging.
 
Osama bin Laden, de lieder fan 'e terroristyske beweging Al-Qaida, waard yn 2011 troch Amerikaanske kommando's yn Pakistan fermoarde.
 
Demonstranten op it Tachrirplein yn Kaïro ûnder de Egyptyske Revolúsje fan 2011.
 
Opstannelingen fiere yn 2011 it ûnder fuotten heljen fan it rezjym fan Mûammar Chadaffi yn 'e Earste Libyske Boargeroarloch.
 
De ôfsette Libyske diktator Mûammar Chadaffi waard yn 2011 fuort nei syn finzenname fermoarde.
2011
 
De Pakistaanske minskerjochte-aktiviste Malala Yousafzai oerlibbe yn 2012 in moardoanslach troch de Taliban.
2012
 
Underhannelings oer de saneamde Iraan-deal wurde yn 2013 holden yn Sjenêve.
 
De bomoanslaggen op de Maraton fan Boston, yn 2013.
 
Benediktus XVI wie yn 2013 de earste paus sûnt 1294, dy't frijwillich abdisearre.
2013
 
It Oekraynske skiereilân de Krim waard yn 2014 yllegaal troch Ruslân beset en anneksearre.
 
Malaysia Airlines-flecht 370, dy't yn maart 2014 ûnderweis fan Kuala Lumpur nei Peking spoarleas ferdwûn. Mear as in jier wie ûndúdlik wat der mei it fleantúch bard wie. Pas yn july 2015 spielden de earste wrakstikken oan op 'e kust fan Reünion, yn 'e Yndyske Oseaan.
 
In demonstraasje yn Hongkong ûnder de mislearre Paraplurevolúsje fan 2014.
 
De earste stoflike omskotten fan 'e slachtoffers fan 'e boppe de Oekraïne delsketten Malaysia Airlines-flecht 17 komme yn 'e simmer fan 2014 oan yn Eindhoven.
 
Gebiet (read) behearske troch de terroristyske beweging IS yn it Midden-Easten en Lybje (ynset) op 31 desimber 2014.
2014
 
De ruïnes fan 'e Ynternasjonale Lofthaven fan Donjetsk nei de gefjochten dêre yn it ramt fan 'e Donbasoarloch.
 
Syryske flechtlingen stekke yn 2015 de Egeyske See oer nei Jeropa.
 
Homorjochte-aktivisten yn 'e Feriene Steaten fiere feest yn 2015, nei't it Amerikaansk Heechgerjochtshôf wetten tsjin it homohoulik nei de foddekoer ferwiisd hat.
 
Koerdyske pesjmerga's ûnder de Iraakske Boargeroarloch tsjin IS.
2015
 
Paus Fransiskus komt yn 'e kunde mei de Amerikaanske presidint Barack Obama.
 
In ferneatige hûs yn Sana'a yn 'e Twadde Jemenityske Boargeroarloch.
 
Presidinte Dilma Rousseff fan Brazylje waard yn 2016 troch it parlemint ôfset.
2016
 
Ruïnes yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû nei de bomoanslaggen fan oktober 2017, dêr't mear as 500 minsken by omkamen.
 
De orkaan Irma, dy't yn septimber 2017 Sint-Marten en ferskate oare eilannen yn it Karibysk Gebiet mei de grûn lyk makke.
2017
 
De Noardkoreaanske diktator Kim Yong-un en de Amerikaanske presidint Donald Trump fûstkje yn 2018 ûnder harren topmoeting yn Singapoer.
 
De Froulju efter it Stjoer-beweging yn Saûdy-Araabje late yn 2018 ta de opheffing fan it ferbod op autoriden foar froulju. De aktivistes fan 'e earste oere, lykas Lûdjeen al-Hatlûl, sieten lykwols finzen en kamen net frij.
 
De Saûdyske sjoernalist Djamal Chasjokdji waard yn 2018 yn it Saûdyske konsulaat yn Istanbûl fermoarde.
2018
 
Demonstranten yn Algerije easkje yn 2019 it ôftreden fan presidint Abdelazyz Bûteflika.
 
Kryptofaluta, lykas de Bitcoin, wiene populêr yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren.
 
In drone besoarget in pakketsje.
2019

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.