Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2020
Siden fan de wike yn 2020
bewurkje seksjeWike 1
De Orinoco (Spaansk: Rio Orinoco, útsprutsen as: [oɾiˈnoko], likernôch: "orinoko") is in rivier yn it noardlike diel fan Súd-Amearika. It is ien fan de langste rivieren fan dat wrâlddiel mei in lingte fan 2.140 km fan syn boarne yn it Parimaberchtme oant syn mûning yn 'e Atlantyske Oseaan. De ôfwetteringskrite, bytiden bekend as Orinoquia, beslacht sa'n 880.000 km², mei 76,3% yn Fenezuëla en de rest yn Kolombia. De Orinoco is de op twa nei grutste rivier yn de wrâld neffens wetterôffier. De rivier sels en syn sydrivieren binne wichtich foar ferfier yn eastlik en ynlânsk Fenezuëla en de gersflakten (llanos) fan Kolombia. It miljeu yn it bekken fan de Orinoco hat in ryk ferskaat oan floara en fauna.
Wike 2
Rosa Parks (berne as: Rosa Louise McCauley; Tuskegee (Alabama), 4 febrewaris 1913 – Detroit, 24 oktober 2005), wie in Amerikaansk polityk aktiviste en minskerjochte-aktiviste fan mingd Afro-Amerikaansk komôf. Hja waard ferneamd doe't hja yn 1955 wegere om har plak yn in bus yn it segregearre Amerikaanske Suden ôf te stean oan in blanke mei-passazjier, wat late ta har arrestaasje en berjochting foar boargerlike oerhearrigens. Parks wie jierrenlang belutsen by de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, wêrfan't sy as de wichtichste froulike lieder beskôge wurdt. It Amerikaanske Kongres hat har útroppen ta "de first lady fan 'e boargerrjochten" en ta "de mem fan 'e frijheidsbeweging". Nei har ferstjerren yn 2005 waard har op oerweldigjende wize eare betoand troch it Amerikaanske regear en folk.
Wike 3
It Nederlânsk (Nederlânsk: Nederlands) is in Westgermaanske taal dy't fan âlds sprutsen wurdt yn Nederlân, noardlik Belgje (Flaanderen) en lytsere oangrinzgjende dielen fan Frankryk en Dútslân. It wurdt ek sprutsen yn Suriname, op 'e Nederlânske Antillen en op oare plakken yn 'e wrâld. It Afrikaansk, út Súdlik Afrika, is in dochtertaal fan it Nederlânsk. Yn totaal binne der sa'n 19 miljoen minsken op 'e wrâld dy't it Nederlânsk as memmetaal sprekke. Fan oarsprong is dizze taal nau besibbe mei it Dútsk, mar troch de iuwen hinne is der ferwiding ûntstien. Oare nau besibbe talen binne it Nedersaksysk en it Limburchsk, dat minderheidstalen yn Nederlân binne dy't as sadanich offisjeel erkenning genietsje ûnder it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. It Westerlauwersk Frysk is fan oarsprong minder nau oan it Nederlânsk besibbe, mar troch iuwenlange beynfloeding fan it Frysk troch it Nederlânsk groeie de beide talen hieltyd fierder nei inoar ta.
Wike 4
In live action role-playing game, faak ôfkoarte ta LARP (of soms ta LRP), is in rollespul (role-playing game) dat troch de spilers beoefene wurdt mei fysike aksje (live action), yn tsjinstelling ta rollespullen yn 'e foarm fan boerdspullen of kaartspullen. Live action role-playing games kinne sjoen wurde as in útwurke foarm foar folwoeksenen fan it sabeare dwaan fan bern. Oan sokke spullen dogge tsientallen oant hûnderten oant yn útsûnderlike gefallen ferskate tûzenen spilers mei. Dy binne allegearre aktyf by it spul belutsen en de ferhaallinen binne net yn 't foar fêstlein. Wol besteane der meastal ferskate rjochtlinen of regels, dy't fêststeld wurde troch de organisator(s) fan it evenemint, de saneamde spulmaster(s). Dyselde(n) bepaalt (of bepale) ek de setting fan it spul. Binnen sa'n setting mei eltse spiler syn eigen personaazje betinke, mar it is net de bedoeling dat immen in personaazje út in hiele oare setting yn it spul yntrodusearret (bygelyks in Wytsing út in Midsiuwske setting yn in spul dat in science fiction-setting fan Star Trek hat). De spilers, dy't tarist binne mei in kostúm en wapens dy't by de setting passe, reägearje op 'e aksjes fan oare spilers, en moatte sadwaande allegeduerigen ymprovisearje. LARP's kinne in pear oeren duorje oant, yn it gefal fan grutskalige eveneminten, wol in stik as wat dagen.
Wike 5
Edith Stein of Teresa Benedicta fan it Krús (Breslau yn Sileezje, 12 oktober 1891 – Auschwitz-Birkenau, faaks 9 augustus 1942) wie in Joadsk-Dútsk filosofe en karmelitesse. Hja groeide op yn in otterdoks joadsk gesin, mar waard as opslûpen fanke ateïste. Se studearre yn 1916 ôf yn û.m. psychology en filosofy oan 'e Universiteit fan Göttingen, en nei't se ûnder ynfloed fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke kommen wie, liet se har yn 1922 dope. Jierrenlang wurke Stein as skoaljuffer en letter as pedagoge, oant dat har ûnder it nazy-rezjym fanwegen har Joadsk komôf ûnmooglik makke waard. Dêrop die se yn 1933 yn in kleaster yn Keulen har yntrede as karmelityske non. Yn 1938 waarden sy en har suster Rosa, dy't har ek ta it kristendom bekeard hie en troch Stein by de karmelitessen belutsen rekke wie, troch de lieding fan 'e oarder foar harren feilichheid nei Nederlân ta stjoerd, dêr't se ferbleaune yn Echt (Limburch). Se waarden dêr yn augustus 1942 troch de nazys oppakt en fuortendaliks nei Auschwitz stjoerd, dêr't se yn 'e gaskeamers fermoarde waarden. Paus Jehannes Paulus II ferklearre Edith Stein sillich op 1 maaie 1987 en hillich op 11 oktober 1998. Stein jildt as brêgebouster tusken kristenen en joaden.
Wike 6
De Republyk Ragûsa (Latyn: Respublica Ragusina; Italjaansk: Repubblica di Ragusa; Dalmatysk: Republica de Ragusa; Kroätysk: Dubrovačka Republika) wie foarhinne in lytse maritime hannelsrepublyk oan 'e Adriatyske kust fan Dalmaasje, mei as sintrum de stêd Ragûsa, it tsjintwurdige Dubrovnik, yn Kroaasje. Dizze stêdsteat ûntstie yn 1358 as in fazalsteat fan it Keninkryk Hongarije, mar yn 1458 gie it in fazalrelaasje mei it Osmaanske Ryk oan. Nettsjinsteande dy formele status kin Ragûsa as in ûnôfhinklik lân beskôge wurde, mei't noch Hongarije, noch it Osmaanske Ryk him in protte om it bestjoer fan 'e republyk bekroade. Ragûsa berikte grutte wolfeart troch him ta te lizzen op skipfeart en hannel, mei in hichtepunt yn 'e fyftjinde en de sechstjinde iuw. Dêrnei rekke it mei de ekonomy yn 'e nederklits. Under de Napoleontyske Oarloggen moast Ragûsa him yn 1806 oerjaan oan 'e Frânsen, dy't yn 1808 de republyk opheften, wêrnei't it gebiet by it Napoleontyske Keninkryk Itaalje foege waard.
Wike 7
Desert Gold is in klassike westernroman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Zane Grey (1872-1939). It boek ferhellet oer de aventoeren fan Dick Gale, in jongeman út it easten fan 'e Feriene Steaten dy't om 1910 hinne oan 'e grins fan Arizona mei Meksiko bedarret en dêr behelle rekket yn 'e ûnstjoer dy't de oangeande Meksikaanske Boargeroarloch yn dy kontreien feroarsaket. Desert Gold waard foar it earst publisearre yn 1913, yn in ferzje dêr't frijwat feroarings yn oanbrocht wiene troch Grey syn eigenmachtige redakteur Ripley Hitchcock, fan útjouwerij Harper & Bros. Yn dy foarm waard it ferhaal letter trijeris ferfilme. Pas yn 2007 waard Grey syn manuskript by Dorchester Publishing yn oarspronklike foarm publisearre, ûnder de titel Shower of Gold.
Wike 8
In film, ek wol in rôlprint of in fideo neamd, is in rige stilsteande bylden, dy't, as se tige fluch efterinoar op in byldskerm sjen litten wurde, de yllúzje fan beweging wekket. Troch de faasje wêrmei't de bylden inoar opfolgje en de neiwurking fan elts byld op it netflues fan it each, liket it dan wol as foarmje de bylden ien floeiende en trochgeande beweging. Faak is der ek lûd by de bylden tafoege, wat dy yllúzje noch fierder fuortsterket. Films binne der yn alle mjitten en foarmen, fan koarte stikjes fan in pear sekonden om ien inkeld barren fêst te lizzen, oant ferslaggen fan eveneminten as de Alvestêdetocht, dy't wol tolve oeren duorje kinne. Langere films besteane almeast út trije dielen: de begjintitels, de eigentlike film en de ôftiteling of eintitels.
Der besteane ferskate hjoeddeistige en âldere techniken foar it dragen fan sokke bylden; tsjintwurdich giet it ornaris om in kompjûterbestân. Fertoaning fan films bart bygelyks op in elektroanysk skerm of troch projeksje op lykfol hokker wite eftergrûn, it saneamde "wite doek" (in oantsjutting dy't ek wol foar it hiele begryp 'film' brûkt wurdt). Oarspronklik wie de fertoaning sa omslachtich dat dy inkeld yn bioskopen plakfûn, mar hjoed oan 'e dei kin men films gewoan thús sjen, op 'e tillefyzje, op dvd of fia it ynternet op kompjûter of smartphone. De ynhâld fan in film is faak in ferhaal of in oare foarm fan fiksje, mar kin ek non-fiksje wêze; yn dat lêste gefal wurdt de film in dokumintêre neamd. Film wurdt ek as in keunstfoarm beskôge, dy't filmkeunst of sinematografy (faak ferkoarte ta sinema) hjit.
Wike 9
De putter (Carduelis carduelis) is in moskeftige fûgel út de famylje fan de finkfûgels (Fringillidae) en it skaai fan de putters (Carduelis). It is in algemien foarkommende soarte, dy't lânseigen is yn Europa (útsein dielen fan Skandinaavje) en fierders ek yn de Magreb fan Noard-Afrika, oan de iggen fan de Nyl yn Egypte, yn Lyts-Aazje, de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten, Transkaukaazje en dielen fan Sintraal-Aazje. Putters binne lykwols ek op oare plakken yn de wrâld troch de minske yntrodusearre, te witten: dielen fan de Feriene Steaten, Kanada, Meksiko, Perû, Sily, Argentynje, Oerûguay, Brazylje, de Falklâneilannen, Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân. Oars as by in protte oare soarten moskeftigen is der by putters net folle seksuële dimorfy. Yn de Renêssânse waard de putter gauris, by wize fan foarútwizing, op skilderijen ôfbylde mei Madonna en Bern, om't er fanwegen de reade kleur fan syn kopke assosjearre waard mei it lijen fan Kristus.
Wike 10
Don Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva (Piedrahíta, 29 oktober 1507 – Lissabon, 11 desimber 1582) wie in foaroansteand Spaansk ealman, politikus, diplomaat en fjildhear fan Kastyljaansk komôf. Syn folsleine namme en titulatuer wie: don Fernando Álvarez de Toledo y Pimentel, 3e hartoch fan Alva (eins: Alba de Tormes), 4e markys fan Coria, 3e greve fan Salvatierra de Tormes, 2e greve fan Piedrahíta, 8e hear fan Valdecorneja, ridder fan 'e Oarder fan it Gouden Flues, grande fan Spanje. Syn foarnamme wurdt ek wol ferfryske en fernederlânske ta Ferdinand.
Hoewol't er in lang amtlik en militêr wurkpaad hie dat him yn Spanje de bynamme de Grutte Hartoch fan Alva opsmiet, stiet er yn Nederlân en Belgje benammen bekend as de Izerne Hartoch, dy't tusken 1567 en 1573 as lânfâd fan 'e Nederlannen mei syn ûnmeilydsum belied eltse fermoedsoening tusken de Steatsksinnigen en de Spaansksinnigen ûnmooglik makke. Dat late ta de útbraak fan 'e Opstân yn 'e Nederlannen, dy't letter it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch blike soe te wêzen. Yndirekt wied er dêrmei ferantwurdlik foar it ûntstean fan 'e ûnôfhinklike Republyk fan 'e Feriene Nederlannen, de foarrinner fan it moderne Nederlân.
Wike 11
Allahabad ( beharkje), dat sûnt oktober 2018 offisjeel Prayagraj hjit en ek wol bekendstiet as Illahabad en Prayag, is in stêd yn it súdlike part fan 'e Yndiaaske steat Uttar Pradesh. It leit binnen dy steat yn 'e difyzje Allahabad en is it haadplak fan it distrikt Allahabad. Yn Allahabad is it heechgerjochtshôf fan Uttar Pradesh fêstige. De stêd, dy't datearret út 'e Aldheid, leit oan 'e gearfloeiïng fan 'e rivieren de Ganges en de Yamuna, en is ien fan 'e hillichste plakken fan it hindoeïsme, dêr't eltse tolve jier tsientallen miljoenen pylgers gearkomme foar it Kumbh Mela-festival. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Allahabad doe in befolking fan goed 1,1 miljoen minsken, wêrmei't it de op seis nei grutste stêd fan Uttar Pradesh is en de op 37 nei grutste stêd fan Yndia. As stêdekloft, dus alle foarstêden ynbegrepen, hie Allahabad yn 2011 sa'n 1,2 miljoen ynwenners.
Wike 12
William Heinesen (folút: Andreas William Heinesen; Tórshavn, 15 jannewaris 1900 – dêre, 12 maart 1991), wie in Fêreusk skriuwer fan romans, koarte ferhalen en berneboeken, dichter, oersetter, keunstskilder, keunstkritikus en komponist. Hoewol't er inkeld yn it Deensk skreau, is er de wichtichste auteur dy't de Fêreu-eilannen ea fuortbrocht hawwe. Dat er de Fêreuske taal net genôch yn 'e macht hie om dêr yn te skriuwen, mei't it net syn memmetaal wie, ûnderfûn Heinesen sels as in gebrek. Syn ynfloed op 'e moderne Fêreusktalige literatuer is lykwols net te oerskatten, en dêrnjonken hat er in grutte rol spile yn 'e ûntwikkeling fan 'e moderne keunst op 'e eilannen.
Wike 13
De Noardwestlike Universiteit (Ingelsk: Northwestern University, of koartwei Northwestern) is in Amerikaanske bysûndere universiteit op fan oarsprong metodistysk-kristlike grûnslach, dy't yn 1851 oprjochte waard. De ynstelling is fêstige yn Evanston, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, dat in foarstêd fan Chicago is. De Noardwestlike Universiteit hat lykwols ek kampussen yn Chicago sels en yn 'e Katareeske haadstêd Doha, mei lytsere fêstigings yn Miami, Washington, D.C. en San Francisco. De universiteit stiet bekend om syn opliedings yn sakemanagement, rjochten, medisinen, musikology, sjoernalistyk en technyk. Yn 2014 wurken der 3.401 perfesters, dosinten en oare stêfleden, en yn 2016 wiene der 21.208 studinten, wêrfan't 12.855 in postdoktorale stúdzje folgen.
Wike 14 The Good, the Bad and the Ugly is in Italjaansk-Westdútsk-Spaansk-Amerikaanske westernfilm út 1966 ûnder rezjy fan Sergio Leone. De titel betsjut: "De Goede, de Minne en de Lilke" (mar ugly hat mear as ien betsjutting, dat de titel kin ek lêzen wurde as "De Goede, de Minne en de Gemiene"). It is in spagettywestern, dy't ek ta it subsjenre fan 'e refyzjonistyske western heart. De haadrollen waarden fertolke troch Clint Eastwood, Lee Van Cleef en Eli Wallach as trije skatsikers dy't middenmank de gaos fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch op 'e sneup binne nei in Konfederearre goudskat dy't neffens de geroften earne bedobbe wêze moat. De filmmuzyk waard fersoarge troch Ennio Morricone. The Good, the Bad and the Ugly markearre de trêde kear dat Leone, Eastwood en Morricone gearwurken, nei A Fistful of Dollars, út 1964, en For a Few Dollars More, út 1965. Dy beide films waarden letter mei weromwurkjende krêft yn 'e mande mei The Good, the Bad and the Ugly ûnder de Dollars Trilogy beflapt. Hoewol't The Good, the Bad and the Ugly yn 'e Feriene Steaten oarspronklik mingde reäksjes krige, wurdt de film tsjintwurdich, krekt as de oare beide dielen fan 'e trilogy, rûnom beskôge as ien fan 'e bêste westerns út 'e filmskiednis.
Wike 15
De Dronryp-represaille wie in repressaillemaatregel fan 'e nazys ûnder de besetting fan Nederlân troch Dútslân yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Dêrby waarden op 11 april 1945, koart foar Fryske Befrijingsdei, yn it Fryske doarp Dronryp 13 finzenen stânrjochtlik eksekutearre as straf foar in sabotaazje-aksje fan it Fryske ferset. Ien persoan oerlibbe de represaille-aksje troch him dea te hâlden. Njonken de brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Dronryp stiet noch altyd in tinkteken dat de oantins oan dit barren libben hâldt, en dêr't elts jier mei de Deadebetinking in krânslizzingsseremoanje holden wurdt.
Wike 16
Sineeske karakters (tradisjoneel Sineesk: 漢字; ferienfâldige Sineesk: 汉字; pinyin-transliteraasje: hànzì; útspr.: [xanʦɻ̩], likernôch: "chantsuh"; betsjutting: "Han-karakters") binne in skrift besteande út logogrammen, dat ûntwikkele is foar it fêstlizzen fan skreaun Sineesk. Dêrnjonken is it oanpast oan it skriuwen fan ferskate oare Aziatyske talen. Sa foarmje Sineeske karakters ûnder de namme kanji noch altyd in krúsjaal ûnderdiel fan it skriuwsysteem fan it Japansk en de Rjûkjûaanske talen, wylst se ûnder de namme hanja út en troch ek noch brûkt wurde foar it skriuwen fan it Koreaansk. Ek wurde se (ûnder de namme sawndip) brûkt foar it skriuwen fan it Sjûang, in grutte minderheidstaal út súdlik Sina, en foarhinne wiene se ûnder de namme chữ nôm ek yn gebrûk foar it skriuwen fan it Fjetnameesk.
Fan oarsprong wiene Sineeske karakters in byldskrift, ferlykber mei de Egyptyske hieroglifen, hoewol't dat foar de moderne Sineeske karakters net mear hielendal opgiet. Sineeske karakters foarmje it âldste, oan ien wei troch yn gebrûk bleaune skrift fan 'e wrâld. Der besteane tsjintwurdich twa foarmen fan: tradisjoneel Sineesk (yn gebrûk yn Taiwan, Hongkong en Makau) en ferienfâldige Sineesk (yn gebrûk yn Sina, Singapoer en Maleizje). Troch histoaryske fersprieding oer de hiele Sinosfear (it gebiet fan ynfloed fan Sina), dy't laat hat ta it wiidfersprate hjoeddeistige gebrûk fan it skrift, binne Sineeske karakters op 't heden ien fan 'e meast brûkte skriften fan 'e wrâld.
Wike 17
Montserrat Caballé (Katalaanske útspr.: [munsəˈrat kəβəˈʎe], likernôch: "mûn-suh-rat kuh-vuh-jee"; folút: María de Montserrat Viviana Concepción Caballé i Folch; Barseloana, 12 april 1933 – dêre, 6 oktober 2018) wie in Spaansk operasjongster en sopraan fan etnysk Katalaansk komôf. Yn har lange karriêre song se in grut ferskaat oan rollen; lykwols waard se it bekendst as in fertolkster fan 'e opera's fan Verdi, Rossini, Bellini en Donizetti. Caballé briek ynternasjonaal troch doe't se yn 1965 ynfoel by in opfiering fan Donizetti syn Lucrezia Borgia yn it New Yorkske Carnegie Hall. Neitiid song se oanhâldend yn 'e meast foaroansteande operateäters. Mei opnamen fan har optredens wûn se trije kear in Grammy Award. Se waard net sasear bewûndere om har feardichheden op it mêd fan aktearjen, as wol om 'e suverens fan har stim en har aldertreflikste sjongtechnyk. Yn 1987 wûn Caballé ek populariteit by in net-klassyk publyk doe't se op fersyk fan it IOC mei de Ingelske popsjonger Freddie Mercury it duët Barcelona opnaam, dat it offisjele liet fan 'e Olympyske Spullen fan Barseloana waard.
Wike 18
Baarderadiel (Nederlânsk en offisjeel: Baarderadeel) is in eardere gemeente yn it noardwestlike part fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1980 in befolking fan 5.054 minsken, en besloech in oerflak fan 72,85 km². It gemeentehûs fan Baarderadiel stie yn Mantgum, mar it grutste plak wie Winsum. It wie in plattelânsgemeente dy't oarspronklik oan 'e Middelsee lei en sterke kulturele tradysjes hie dy't oant op 'e dei fan hjoed beholden binne. Yn 'e tweintichste iuw rekke in grut part fan 'e gemeente troch gebrek oan wurkgelegenheid sterk ûntfolke. Yn 1984 waard Baarderadiel opheft en mei de buorgemeente Hinnaarderadiel gearfoege ta de nije gemeente Littenseradiel. Tsjintwurdich is it grûngebiet fan it eardere Baarderadiel ferdield ûnder de fúzjegemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke.
Wike 19
John Edward Gray (Walsall, 12 febrewaris 1800 – Londen, 7 maart 1875) wie in Ingelsk biolooch, dy't benammen wurksum wie op 'e mêden fan 'e ornitology (fûgels), de mammalogy (sûchdieren), de herpetology (reptilen) en de malakology (weakdieren). As konservator fan it Britsk Museum publisearre er ferskate katalogussen oangeande de soölogyske kolleksje fan dy ynstelling, dy't troch syn krewearjen ien fan 'e bêsten fan 'e wrâld waard. Gray wie fierders ek ien fan 'e grûnlizzers fan 'e filately. Syn frou Maria Emma Smith wie ek wittenskipster.
Wike 20
In fallen ingel is in mytysk wêzen út 'e abrahamityske religyen dat sterke oerienkomsten fertoant mei in demon, net allinnich fanwegen de assosjaasje mei de hel, mar ek om't sa'n wêzen gauris, krekt as in demon, de minske besiket te ferlieden ta it begean fan sûnde. Spesifiker is in fallen ingel in ingel dy't omreden fan in fergryp út 'e himel ferballe is. De letterlike term 'fallen ingel' komt net foar yn 'e Bibel, en likemin yn oare abrahamityske hillige teksten, mar stipet benammen op apokrife geskriften, lykas it boek Henoch. Ien passaazje yn it boek Genesis, yn it Alde Testamint, kin lêzen wurde as in ferwizing nei fallene ingels, hoewol't dat ûnder teologen in slimmen striidkwestje is.
Wike 21
Clint Eastwood (folút: Clinton Eastwood jr.; San Francisco, 31 maaie 1930) is in Amerikaansk akteur, filmregisseur, filmprodusint, komponist fan filmmuzyk en earder politikus. Hy sette yn 1955 útein mei in aktearkarriêre, en briek yn 1959 troch mei de rol fan Rowdy Yates yn 'e westernsearje Rawhide. Neitiid spile er yn 'e 1960-er jierren yn ferneamde spagettywesterns as A Fistful of Dollars, For a Few Dollars More en The Good, the Bad and the Ugly, en yn 'e 1970-er en 1980-er jierren yn al like ferneamde plysjefilms as Dirty Harry, Magnum Force en The Dead Pool. Sokke rollen hawwe fan Eastwood in kultureel ikoan fan manlikheid makke.
Hy spile ek yn 'e westernfilms The Outlaw Josey Wales, High Plains Drifter, Pale Rider en Unforgiven, de oarlochsfilm Where Eagles Dare, de psychologyske skriller Play Misty for Me, de aksjefilm In the Line of Fire, de skrillers Absolute Power en Blood Work, it romantysk drama The Bridges of Madison County, it sportdrama Million Dollar Baby en de dramafilm Gran Torino. Foar Unforgiven en Million Dollar Baby wûn Eastwood beide kearen sawol de Oscar foar bêste regisseur as dy foar bêste film. As eigner fan syn eigen filmstudio, Malpaso Productions, regissearre en produsearre er ek films dêr't er sels net yn spile, lykas it detektivedrama Mystic River, de oarlochsfilm Letters from Iwo Jima en de sportfilm Invictus. Fierders skreau er gauris sels de filmmuzyk foar syn produksjes. Njonken syn karriêre yn 'e filmyndustry wie Eastwood fan 1986 oant 1988 ek boargemaster fan syn wenplak Carmel-by-the-Sea.
Wike 22
De melkfeehâlderij is in tûke fan 'e lânbou wêrby't domestisearre fee holden wurdt troch boeren mei as doel om troch geregeld melken molke te krijen. Dat kin dan sels ferwurke wurde, of it kin foar bewurking ferkocht wurde oan in molkfabryk. De út 'e ferwurking resultearjende suvelprodukten binne bedoeld foar minsklike konsumpsje. Hoewol't ek skiep, geiten, hynders, ezels, kamielen, wetterbuffels en jaks foar de molke holden wurde, doelt men, alteast yn Fryslân, mei de term 'melkfeehâlderij' ornaris op it hâlden fan kij. De melkfeehâlderij hat in lange skiednis trochmakke fan hânmelken oant de melkrobot. Benammen yn 'e lêste iuw hawwe de ûntwikkelings inoar yn heech tempo opfolge.
Wike 23
In Spaanske namme is de namme fan persoanen yn Spanje en Latynsk-Amearika (útsein Brazylje) en fan lju fan etnysk Spaansk of Latino-komôf om utens. Sokke nammen fertoane ek sterke oerienkomsten mei de nammen fan persoanen út oare eardere Spaanske koloanjes, lykas de Filipinen en Ekwatoriaal Guinee, mar dêrfoar jilde ôfwikende nasjonale wizânsjes. Spaanske nammen besteane yn 'e regel út ien of mear foarnammen (de nombre), folge troch twa efternammen (de apellidos). De earste dêrfan is ornaris de efternamme fan 'e heit fan 'e persoan yn kwestje, wylst de twadde de efternamme fan syn of har mem is. Tsjintwurdich is it lykwols ek mooglik om 'e efternamme fan 'e mem foarôf gean te litten oan 'e efternamme fan 'e heit, as dat by it oanjaan fan it bern by de boargerlike stân sa troch de âlden beslist is. Yn 'e measte gefallen wurdt de foarnamme plus de earste efternamme brûkt om in persoan te identifisearjen, en bliuwt it gebrûk fan 'e folsleine namme beheind ta rjochtsjildige dokuminten en oare formele omstannichheden.
Wike 24
Grien is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken blau en giel yn befynt. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 495-570 nm en in frekwinsje fan rûchwei 575-525 THz. By additive kleurminging is grien in primêre kleur, mar by subtraktive kleurminging is it in sekundêre kleur. Grien is de komplemintêre kleur fan maginta. Kwa tinten rint grien útinoar fan grienblau, dat hast blau is, oant limoen, dat suver giel is. It wurd 'grien' hat deselde Oergermaanske woartels as de wurden 'gers' en 'groeie'. Grien wurdt assosjearre mei de natoer (fanwegen de griene kleur fan planten), en fierders mei duorsumens, de miljeubeweging, Ierlân, de islaam, feilichheid en tastimming. Yn 'e heraldyk is grien in heraldyske kleur en hat it de namme sinopel. Yn sprekwurden seit men: sa grien as gers, sa grien as in greide of sa grien as in kikkert.
Wike 25
Dracula is in klassike horrorroman fan 'e hân fan 'e Ierske skriuwer Bram Stoker (1847-1912). It boek ferhellet oer de fampier greve Dracula en dy syn besykjen om út syn heitelân Transsylvaanje wei nei Ingelân te emigrearjen, mei as bedoeling om nij bloed te finen en syn ûndeade flok te fersprieden. Dat wurdt lykwols tsjinkeard troch in lytse kloft manlju en froulju dy't har tsjin 'e fampier oankantsje, ûnder lieding fan perfester Abraham van Helsing. Dracula behannelet tema's lykas de rol fan froulju en seksuële syd en plige yn it Fiktoriaanske Tiidrek, ymmigraasje en kolonialisme. Hoewol't Stoker net de betinker wie fan 'e fampier, geat er dat mytysk wêzen mei syn tige ynfloedrike roman wol yn 'e moderne foarm. Dracula waard yn 1897 publisearre troch de Skotske útjouwerij Constable & Co., en waard neitiid withoefolle kearen ta oare media adaptearre, lykas toanielstikken, films en tillefyzjesearjes.
Wike 26
Abdûlazyz ibn Saûd (folút: Abdûlazyz ibn Abdûl Rachman ibn Faisal ibn Toerki ibn Abdûlla ibn Mohammed al-Saûd; Arabysk: عبد العزيز بن عبد الرحمن بن فيصل بن تركي بن عبد الله بن محمد السعود; sekuerdere transliteraasje: ‘Abd al-‘Azīz ibn ‘Abd ar-Raḥman ibn Fayṣal ibn Turkī ibn ‘Abd Allāh ibn Muḥammad al-Sa‘ūd; Ar-Riaad, 15 jannewaris 1876 – Tayf, 9 novimber 1953) wie rom fyftich jier lang it haad fan it Hûs fan Saûd, en boppedat de grûnlizzer en earste kening fan Saûdy-Araabje. Yn 'e Arabyske wrâld stiet er ornaris bekend as Abdûlazyz of as de Liuw fan de Nêzjd, en dêrbûten as Ibn Saûd.
Yn 1902 sette Ibn Saûd mei syn werovering fan 'e stêd Ar-Riaad, it foarâlderlike thús fan syn famylje, de earste stap op in paad dat ta trije desennia fan oanhâldende ekspânsje op it Arabysk Skiereilân liede soe. Yn 1922 konsolidearre er syn hearskippij oer de Nêzjd, it woastinige binnenlân, en yn 1925 ferovere er it keninkryk fan 'e Hidjas, oan 'e westkust. Yn 1932 foege er dy beide keninkriken gear ta de nije steat Saûdy-Araabje. Yn 'e tweintich jier dêrnei hied er sizzenskip oer de ierste oalje-eksploitaasje yn syn lân. Ibn Saûd hie 45 soannen, wêrûnder de seis Saûdyske keningen dy't nei him regearren.
Wike 27
Boekhannel Van der Velde (Nederlânsk en offisjeel: Boekhandel Van der Velde) is in keatling fan boekhannels yn Noard-Nederlân, mei anno 2018 njoggen fêstigings. It haadkertier stiet yn Ljouwert, dêr't it bedriuw yn 1892 oprjochte waard troch Rinse van der Velde. Lange tiid hie Boekhannel Van der Velde mar ien fêstiging, oan 'e Ljouwerter Nijstêd. Pas yn 'e ienentweintichste iuw begûn it bedriuw út te wreidzjen, ornaris troch besteande boekhannels yn oare plakken oer te nimmen. Anno 2018 is Van der Velde de grutste selsstannige boekhannelkeatling yn Nederlân wurden.
Wike 28
In kastiel of kasteel is in beskaat type fêstingwurk dat yn 'e Midsiuwen benammen yn Jeropa en it Heine Easten in protte boud waard troch de adel. De beneaming komt fan it Latynske castellum, in ferlytsingsfoarm fan castrum, dat "fersterke plak" betsjut. Oer de krekte definysje fan it begryp 'kastiel' binne de saakkundigen it net alhiel iens, mar ornaris bedoelt men der in fortifisearre priveewente fan in ealman mei. Dêrfan útgeande moat in kastiel ûnderskaat wurde fan in paleis, dat net fortifisearre is, fan in fort, dat net (altyd) in wente is, en fan in fortifisearre delsetting, dy't boud waard foar in mienskip en net foar in priveepersoan. Nettsjinsteande dat kin ûnder de term 'kastiel' dochs noch in wiid ferskaat oan bouwurken beflapt wurde, fan houten heuvelforten oant ta ferdigening ynrjochte lânhuzen. Kastielen waarden oer in perioade fan likernôch 900 jier boud en namen yn dy tiid tige útinoar rinnende foarmen oan. Dêr kaam noch by dat der yn letter tiid noch imitaasjekastielen set waarden. Synonimen foar 'kastiel' binne boarch en slot. In Frânsk kastiel neamt men ek bûten Frankryk faak château. In typysk Fryske foarm fan it kastiel is de stins.
Wike 29
Rocco Siffredi, echte namme: Rocco Antonio Tano (Ortona, 4 maaie 1964), is in Italjaansk model, neakenmodel, pornografysk akteur, pornoregisseur, pornografyprodusint en mainstream-akteur, waans namme ek wol (mis)stavere wurdt as Rocco Siffedi, Rocco Sifferdi, Rocco Sifredi, Rocky Siffreddy en Roco Siffredi, en dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e skûlnammen Robbo Siffredi of Beverley, Rocco Lorenz, Ginger Rocco en Dario. Hy ûntliende syn artystenamme oan it personaazje Roch Siffredi, dat spile waard troch de akteur Alain Delon, yn 'e Frânske misdiefilm Borsalino (1970). Syn bynamme is The Italian Stallion (de "Italjaanske Dekhynst").
Wike 30
De murd (wittenskiplike namme: Mustela putorius) is in lyts linich sûchdier dat ta de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela) heart. It is lânseigen yn it grutste part fan Jeropa (wêrûnder Fryslân) en dêropta ek yn in stikje fan westlik Sibearje. De murd ûntjoech him yn it Midden-Pleistoseen yn West-Jeropa, en is it naust besibbe mei de steppemurd, de swartpoatmurd en de Jeropeeske nerts. Mei de earste beide fan dy trije soarten kinne murden fruchtbere neikommelingen produsearje. De murd is de wylde foarfaar fan 'e fret, dy't mear as 2.000 jier lyn domestisearre waard foar ûngediertebestriding.
Wike 31
Mariah Carey (Huntington (New York), 27 maart 1969 of 1970), is in Amerikaansk sjongster, lietsjeskriuwster, muzikante, aktrise, muzykprodusinte en filantrope fan mingd etnysk komôf, dy't bekend stiet om 'e hege noaten dy't se helje kin. Hja debutearre yn 1990 mei har nei harsels neamde earste album, dat yn 'e Feriene Steaten njoggen kear platina waard. Neitiid hat Carey noch mear as in tolvetal oare studio-albums útbrocht, wêrfan't de measten in tige súksesfol wiene. Guon fan har bekendste hits binne I'll Be There, Dreamlover, Hero, Without You en it noch altyd tige populêre krystnûmer All I Want for Christmas Is You. Hoewol't se úteinsette yn 'e R&B- en popsjenres, skode se ein jierren njoggentich stadichoan op nei hiphop. Oan it begjin fan 'e jierren 2000 waard se in hoart opnommen nei't se fysyk en emosjoneel ynstoart wie, wêr't troch de rabbersparse út en tenei oer berjochte waard. Neitiid rekke it mei har karriêre yn it neigean, oant se yn 2005 wer by de wâl opklaude en fannijs boppe-oan op 'e hitlisten stie. Underwilens hat Carey wrâldwiid mear as 200 miljoen platen ferkocht, wêrmei't se ien fan 'e bêst ferkeapjende muzykartysten aller tiden is. Har karriêre is bekroand mei fiif Grammy Awards en withoefolle oare prizen. Mariah krige yn 2015 in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.
Wike 32
De Kust-Salisjanen (Ingelsk: Coast Salish) foarmje in folkekloft besteande út in grut tal nau besibbe etnyske groepen yn it súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia (it súdeasten fan Vancouvereilân ynbegrepen) en dielen fan 'e Amerikaanske steaten Washington (ynkl. it Olympysk Skiereilân) en Oregon. Hja sprekke fan oarsprong de Kust-Salisjaanske talen. De Bella Kûla (Bella Coola) wurde ornaris ek ta de Kust-Salisjanen rekkene, hoewol't harren taal net ta de Kust-Salisjaanske talen heart, mar in tuskenposysje ynnimt tusken dy taalkloft en de Ynlânske Salisjaanske talen. Yn 'e moderne wrâld steane de Kust-Salisjanen foar drege swierrichheden mei't harren oarspronklike wenkrite no gearfalt mei ferskate sterk ferstedske gebieten, lykas Vancouver, Seattle en Victoria.
Wike 33
Merlyn is in legindarysk persoan dy't ferneamd waard as de hoftsjoender fan kening Arthur yn 'e arthurleginden en de Welske poëzij út 'e Midsiuwen. Yn 'e foarm dêr't er yn bekend waard, ferskynde er foar it earst yn 'e Historia Regum Britanniæ, in wurk dat omtrint 1136 skreaun waard troch Geoffrey fan Monmouth. Sa't er dêr yn foarsteld waard, wied er in amalgaam fan eardere histoaryske en mytyske figueren. Geoffrey kombinearre nammentlik besteande ferhalen oer Myrddin Wyllt, in profeet en bard út Hen Ogledd dy't alhiel gjin bân mei kening Arthur hie, mei ferhalen oer de Romeinsk-Brittannyske oarlochslieder Ambrosius Aurelianus, dêr't Arthur wierskynlik op tebekgiet, om in personaazje te foarmjen dat er Merlyn Ambrosius neamde (Welsk: Myrddin Emrys).
De Merlyn fan Geoffrey waard daliks tige populêr, benammen yn Wales. Lettere auteurs wreiden de beskriuwing fan him út om ta in folsleiner persoansbyld te kommen. Neffens syn tradisjonele biografy soe Merlyn de soan fan in minsklike frou en in demoanyske ynkubus wêze. Hy ûntjout him ta in wize, en brûkt manipulaasje, politike yntriizjes en de magyske krêften dy't er fan syn boppenatuerlike heit urven hat om 'e berte fan Arthur te bewurkmasterjen. Yn 'e wurken fan lettere auteurs tsjinnet er Arthur as hoftsjoender en is er in soarte fan mentor foar de ridders fan 'e Rûne Tafel, oant er behekst en foar ivich finzenset (of yn guon ferzjes fermoarde) wurdt troch de Frouwe fan de Mar. Hy soe begroeven lizze yn it magyske wâld Brocéliande.
Wike 34
De Noardwestlike Territoaria (Ingelsk: Northwest Territories; Frânsk: Territoires du Nord-Ouest), ek wol ôfkoarte ta NWT (of yn it Frânsk ta TNO), foarmje ien fan 'e trije territoaria fan Kanada. It gebiet leit yn it noardwesten fan it lân, en heart ta de regio fan Noardlik Kanada. Foarhinne wie it folle grutter, mar tsjintwurdich is it mei 13,5% fan it nasjonaal grûngebiet wat oerflak oanbelanget it trêde gewest fan Kanada, nei it territoarium Nûnavût en de provinsje Kebek. De haadstêd fan 'e Noardwestlike Territoaria is Yellowknife, dat oan 'e Grutte Slavemar leit. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it territoarium doe krapoan 42.000 ynwenners, wat delkomt op 0,1% fan 'e totale befolking fan Kanada.
Wike 35
In duël, fan it Latynske duellum, dat letterlik "twakriich" betsjut (fan duo, "twa" en bellum, "oarloch"), is in mei regels omjûn en almeast yn 't foar ôfsprutsen treffen tusken twa persoanen dy't de striid oangeane mei gelikense wapens. In likernôch synonym dat lykwols net deselde semantyske lading hat, is twagefjocht. It útfjochtsjen fan in duël hjit duëllearjen, en in dielnimmer oan in duël is in duëllist. Duëls kamen histoarysk it measte foar yn it Jeropa fan 'e fyftjinde oant en mei de achttjinde iuw en it Noard-Amearika fan 'e njoggentjinde iuw, mei presedinten yn 'e Midsiuwske koade fan ridderlikheid en útrinners nei de tweintichste iuw. Oant fier yn 'e achttjinde iuw waarden duëls oer it algemien útfochten mei in swurd: earst de degen en letter de sabel. Begjinnend yn it let achttjinde-iuwske Ingelân gie men letter oer op it gebrûk fan pistoalen. Duëllisten hearden ta de hegerein of wiene militêre ofsieren, en it wiene hast altyd manlju, hoewol't der inkele duëls tusken froulju bekend binne dy't mei it pistoal útfochten waarden. De reden foar it oangean fan in duël wie dat ien fan 'e dielnimmers him troch de oare oantaast fielde yn syn eare. Histoarysk ferskilde de wetjouwing oangeande duëls, mar tsjintwurdich is duëllearjen yn 'e hiele wrâld ferbean en wurdt it beskôge as in misdriuw, spesifyk as moard of besykjen ta moard.
Wike 36
Flora MacDonald (eins, Skotsk-Gaelysk: Fionnghal NicDhòmhnaill; Milton, 1722 – Kingsburgh, 4 maart 1790) wie in Skotske frou dy't ferneamd waard doe't se nei de mislearre Jakobityske Opstân fan 1745 de fersleine prins Karel Edwert Stuart, better bekend as Bonnie Prince Charlie, holp om oan syn Britske efterfolgers te ûntkommen. Letter waard hja oppakt en in jier finzen holden. Dêrnei krige Flora MacDonald amnesty, troude, en emigrearre nei de Britske koloanje Noard-Karolina, dêr't sy en har man ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch oan 'e Britske kant stiene en sysels in hoart ûnderdûke moast. Uteinlik kearde se werom nei Skotlân, dêr't se de rest fan har libben op 'e Hebriden trochbrocht.
Wike 37
Los Angeles, ek bekend as L.A. of LA, en offisjeel the City of Los Angeles, is in stêd en gemeente yn 'e Feriene Steaten, dy't oan 'e Pasifyske kust fan 'e steat Kalifornje leit. It is de grutste stêd fan Kalifornje en fan 'e Amerikaanske westkust, en de op ien nei grutste stêd fan 'e hiele Feriene Steaten, nei New York. It is it kulturele en ekonomyske hert fan Súdlik Kalifornje, en it haadplak fan it omlizzende Los Angeles County. Mei 'Los Angeles' wurdt lykwols faak net inkeld de stêd mei dy namme bedoeld, mar de hiele stêdekloft. Neffens in offisjele skatting út 2017 hie de stêd Los Angeles doe likernôch 3,4 miljoen ynwenners, wylst de stêdekloft in befolking fan goed 18,7 miljoen minsken omfieme. Los Angeles waard yn 1781 stifte as delsetting yn it fiere noarden fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje. It kaam yn 1848, oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, by de Feriene Steaten te hearren. Hjoed oan 'e dei stiet de stêd bekend om syn mylde klimaat mei in soad sinneskyn, ek winterdeis, en fierders benammen om 'e filmyndustry yn Hollywood, dat in wyk fan Los Angeles is.
Wike 38
Ub Iwerks (útspr.: [ʌb 'aiwœrks], likernôch "ab ai-û-urks"; folút: Ubbe Eert Iwerks; Kansas City (Missoury), 24 maart 1901 – Burbank (Kalifornje), 7 july 1971) wie in Amerikaansk animator, cartoonist, special effects-technikus en regisseur en produsint fan tekenfilms. Hy wie fan Eastfrysk etnysk komôf. Iwerks wie, njonken Walt Disney sels, de wichtichste animator fan 'e Disney-studio's. Mei Disney betocht er it wrâldferneamde tekenfilmpersonaazje Mickey Mouse, wylst er folslein op eigen manneboet ferskate bekende Disney-eftergrûnfigueren ûntwurp.
Wike 39 In fermissing (in resint lienwurd op basis fan it Nederlânske wurd vermissing) is it ûntrêstgjende ûnfynber wêzen fan almeast in persoan. Hoewol't in fermissing fan in húsdier of in foarwerp fansels ek mooglik is, wurdt dat yn 'e regel net mei dizze term oantsjut. Yn Nederlân wurde elts jier tusken de 16.000 en 20.000 minsken by de plysje as fermist opjûn. Dêrfan is likernôch 85% binnen 48 oeren wer teplak. Likernôch 20 peroanen yn 't jier bliuwe yn Nederlân langer wei as in jier, en dêrfan ferdwine ûngefear 15 permanint. It is dus sa dat wat langer oft in persoan fermist is, wat lytser de kâns dat hy of sy noch weromfûn wurde sil. De plysje hat fêste metoaden ûntwikkele foar de behanneling fan fermissingssaken.
Wike 40
De Slach by Rorke's Drift wie in slach yn it ramt fan 'e Sûlû-Oarloch (jannewaris oant july 1879), wêryn't it Britske Ryk it Keninkryk fan 'e Sûlû's ferovere en anneksearre. It treffen waard útfochten op 22 en 23 jannewaris 1879, fuort nei't de Britten in swiere nederlaach lit hiene yn 'e Slach by Isandlwana. It striidtoaniel wie de missypost Rorke's Drift, oan 'e Buffelrivier, dy't doedestiden de grins foarme fan 'e Britske koloanje Natal mei Sûlûlân. Tsjintwurdich leit dat plak yn 'e Súdafrikaanske provinsje kwaZulu-Natal.
Yn 'e missypost hiene har ûnder befel fan 'e luitenants John Chard en Gonville Bromhead 154 Britten ferskânze, dy't twa dagen lang belegere waarden troch in leger fan 3.000 oant 4.000 Sûlû-krigers ûnder lieding fan prins Dabulamanzi kaMpande. Mei massive stoarmoanfallen rûnen de Sûlû's it lytse garnizoen op in hier nei ûnder de foet, mar de slach einige ear't dat barre koe. Oan 'e ferdigeners waarden neitiid alve Fiktoariakrusen útrikt, de heechste Britske militêre ûnderskieding.
Wike 41
Wyatt Earp (útspr.: ['wa:iət œɹp], likernôch: "ûaai-jut urp"; folút: Wyatt Berry Stapp Earp; Monmouth (Illinois), 19 maart 1848 – Los Angeles, 13 jannewaris 1929) wie in Amerikaansk plysjeman en revolverman dy't yn 'e tiid fan it Wylde Westen sheriff of marshal wie yn rouwe plakken oan 'e Amerikaanske frontier, lykas Wichita, Dodge City en Tombstone. Hy late in ûngeduerich libben en wie fierders ek fuorman, jager op bizons, útsmiter, eigner fan ferskate saloons, gokker, bordeelhâlder, goudsiker en skiedsrjochter by bokswedstriden.
Earp waard ferneamd doe't er yn 1881 yn Tombstone mei syn bruorren Virgil en Morgan en syn freon Doc Holliday yn 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal trije banditen deaskeat dy't leden wiene fan 'e binde The Cowboys. Doe't de binde neitiid wraak naam, fierde Earp mei famyljeleden en freonen in skoft lang in fendetta tsjin harren, dy't bekend waard as de Earp Vendetta Ride. Letter makke Earp syn fortún ûnder de Goudkoarts fan Klondike en sette er him nei wenjen yn Kalifornje, dêr't er úteinlik yn 'e âlderdom fan 80 jier stoar sûnder ea yn in sjitpartij ferwûne rekke te wêzen. Tsjin dy tiid wied er in ikoan fan it Wylde Westen wurden as de taaiste en deadlikste revolverman fan syn tiid, in byld dat noch oanfitere waard troch de fierhinne fiktive biografy dy't yn 1931 fan him ferskynde. Neitiid hat Earp syn libben ûnderwerp west fan withoefolle films, tillefyzjeprogramma's, biografyen en romans.
Wike 42
De kleverige knolamanyt (wittenskiplike namme: Amanita virosa) is in skimmelsoarte út 'e stamme fan 'e stâltsjeswammen (Basidiomycota), it skift fan 'e plaatsjesswammen (Agaricales), de famylje fan 'e amanyteftigen (Amanitaceae) en it skaai fan 'e amaniten (Amanita), dy't foarkomt yn Jeropa. It is in tige giftige poddestoel dy't amatoksine en fallotoksine befettet, en dy't yn potinsje deadlik is foar de minske. Hy stiet sadwaande yn it Ingelsk bekend as de destroying angel ("ferdylgjende ingel") en yn it Frânsk as de ange de la mort ("ingel fan 'e dea"), temear om't ûnfolwoeksen eksimplaren op beskate ytbere poddestuollen lykje. De kleverige knolamanyt waard foar it earst yn 1866 beskreaun troch de Sweedske mykolooch Elias Magnus Fries. De wittenskiplike soartenamme virosa komt fan it Latynske wurd virosus ("giftich"), dêr't ek ús wurd "firus" fan ôflaat is.
Wike 43
Sir Terry Wogan (folút: Michael Terence Wogan; Limerick (Ierlân), 3 augustus 1938 – Taplow (Ingelân), 31 jannewaris 2016) wie in Iersk radio- en tillefyzjepresintator, dy't it grutste part fan syn karriêre yn Ingelân foar de BBC wurke. Hy waard ek bûten de Britske Eilannen bekend mei syn praatprogramma Wogan en mei syn ferslaggen fan it Eurofyzjesongfestival, dat er yn 1998 ek sels presintearre doe't it yn Birmingham holden waard. Yn 2009 wiene der 8 miljoen minsken dy't geregeldwei ôfstimden op syn radioprogramma Wake Up to Wogan; dêrmei wied er de bêst belústere radiopresintator fan Jeropa. Yn 2005 liet er him ta Brit naturalisearje sûnder syn Ierske nasjonaliteit op te jaan. Hy stoar begjin 2016 oan kanker.
Wike 44
De United States Forest Service (letterlik: "Amerikaanske Wâldetsjinst"), ornaris ôfkoarte ta USFS of de Forest Service, is in ynstânsje fan 'e oerheid fan 'e Feriene Steaten dy't ressortearreet ûnder it Ministearje fan Lânbou. Dit buro, wêrfan't it haadkantoar fêstige is yn Washington, D.C., beheart beskate natoergebieten yn 'e Feriene Steaten, te witten de nasjonale wâlden en de nasjonale gerslannen. Anno 2018 wie dêr in oerflak fan 780.000 km² mei muoid, oftewol 25% fan al it grûngebiet dat de Amerikaanske federale oerheid yn eigendom hat. De USFS is de iennichste lânbehearienheid fan 'e Amerikaanske federale oerheid dy't net ûnder it Ministearje fan Binnenlânske Saken falt.
Wike 45
Elmore Leonard (folút: Elmore John Leonard jr.; New Orleans, 11 oktober 1925 – Bloomfield Hills (Michigan), 20 augustus 2013) wie in Amerikaansk skriuwer fan romans, koarte ferhalen en senario's. Hy begûn syn karriêre mei it skriuwen fan benammen westerns, mar skreau fan 'e 1960-er jierren ôf fral noch misdieromans en skrillers. Fan syn boeken binne 26 ferfilme, guon mear as ien kear. Leonard syn bekendste romans binne Get Shorty, Out of Sight, Swag, Hombre, Mr. Majestyk en Rum Punch (ferfilme as Jackie Brown). Syn koarte ferhaal Three-Ten to Yuma waard ek twaris ferfilme. Leonard wûn yn 1984 in Edgar Award yn 'e kategory bêste detektiveroman, en syn wurk waard neitiid ferskate kearen bekroane mei oeuvreprizen.
Wike 46
De Dom fan Limburch oan de Lahn is in katedraal yn 'e stêd Limburch oan de Lahn, dy't oan 'e rivier de Lahn yn 'e Dútske dielsteat Hessen leit. De oan Sint-Joaris wijde tsjerke is de haadtsjerke fan it yn 1829 stifte bisdom Limburch oan de Lahn. De tsjerke waard tusken 1190 en 1235 op in rots boud en is troch de hege lizzing yn 'e wide omkriten te sjen. De domtsjerke wurdt oer it ginneraal beskôge as ien fan 'e meast folmakke foarbylden fan romaanske boukeunst, ek al binne der iere goatyske styleleminten yn waar te nimmen.
Wike 47
Zootopia (yn beskate lannen, wêrûnder Nederlân, útbrocht as Zootropolis, sjoch hjirre) is in Amerikaanske kompjûteranimearre tekenfilm út 2016. It wie de 55e jûnfoljende film fan 'e Walt Disney Animation Studios. De rezjy wie yn 'e hannen fan Byron Howard en Rich Moore, wylst de haadrollen ynsprutsen waarden troch stimakteurs Ginnifer Goodwin en Jason Bateman. Zootopia is in famyljefilm en plysjefilm, dy't spilet yn in metropoal, befolke troch antropomorfe bisten fan alderlei soarten. De plot folget Judy Hopps, de earste wylde knyn dy't de plysjeskoalle ôfrûne hat, wylst se besiket tsjin alle foaroardielen yn in plakje te feroverjen yn it plysjekorps fan Zootopia. De film briek nei de premiêre yn maart 2016 rekôrs yn 'e bioskopen, en wie de fjirde tekenfilm út 'e skiednis fan 'e filmyndustry dy't mear as $1 miljard opbrocht. Zootopia wûn de Oscar yn 'e kategory bêste tekenfilm en ferskate oare prestizjeuze prizen.
Wike 48
August von Mackensen (folút: Anton Ludwig Friedrich August von Mackensen; Dahlenberg, 6 desimber 1849 – Habighorst, 8 novimber 1945) wie in Dútsk militêr út 'e militaristyske tradysje fan Prusen. Hy focht as jong ofsier mei yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch en klom neitiid op ta de rang fan fjildmaarskalk. Yn 'e Earste Wrâldoarloch fierde er mei grut súkses it befel. Hy wie belutsen by de striid oan it Eastfront tsjin 'e Russen, foltôge oan it Balkanfront de ferovering fan Servje, en spile dêrnei in krúsjale rol by it útskeakeljen fan Roemeenje as militêre macht fan betsjutting ûnder de Roemeenske Fjildtocht. Oan 'e ein fan 'e oarloch brocht Mackensen in jier yn kriichsfinzenskip troch, wêrnei't er yn 1920 ôfswaaide út aktive tsjinst. Under it nazy-rezjym bleau Mackensen in oertsjûge monargist en ferskynde er út en troch by offisjele gelegenheden klaaid yn syn militêr unifoarm fan it Dútske Keizerlike Leger. Hy waard fertocht fan ûntrou oan it Trêde Ryk, mar der wie gjin bewiis tsjin him en de nazylieding liet him gewurde.
Wike 49
De 1960-er jierren, ek oantsjut as de sechstiger jierren en de jierren ’60, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn dat desennium op 1 jannewaris 1961 en duorre it oant en mei 31 desimber 1970, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1960 oant en mei 31 desimber 1969. De 1960-er jierren wurde ek wol de Swinging Sixties neamd fanwegen it trochbrekken fan maatskiplike taboes yn dit desennium, benammen dy op it mêd fan rasisme, seksisme en seksualiteit, mar ek oangeande klean, muzyk en drugs. Kwestjes dy't dit desennium dominearren wiene de Kâlde Oarloch, mei as hichtepunten de Fjetnamoarloch, de Kubakrisis en de ûnderdrukking fan 'e Praachske Maityd, en fierders de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging yn 'e Feriene Steaten, de Kulturele Revolúsje yn Sina, de dekolonisaasje yn Afrika, studinteprotesten oer de hiele wrâld, de moarden op John F. Kennedy, Martin Luther King en Robert Kennedy, en de moannelâning fan Apollo 11.
Wike 50
Steande Bear (Ponka: Maⁿchú-Naⁿzhíⁿ, útspr.: [mãʧuꜜnãʒĩꜜ], likernôch: "mangtsjû-nangzjyng"; Ingelske oersetting: Standing Bear; oan 'e igge fan 'e rivier de Niobrara (Nebraska), 1839 – Niobrara (Nebraska), 1908) wie in opperhaad fan 'e Ponka, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard ferneamd doe't er yn 1879 yn Nebraska mei súkses in rjochtsaak oanspande om Yndianen ûnder de Amerikaanske wet erkend te krijen as persoanen, foar wa't dêrtroch in befelskrift nedich wie om se finzen te nimmen.
Wike 51
Ingelân (Ingelsk: England, útspr.: ['ɪŋɡlǝnd], likernôch: "ing-glund") is in dielútmeitsjend lân (constituent country) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân, dat it súdeastlike diel fan it eilân Grut-Brittanje beslacht. Dat gebiet waard oarspronklik bewenne troch Keltyske stammen, mar kaam nei it Grutte Folkeferfarren yn 'e hannen fan Germaanske stammen, ôfkomstich fan it Jeropeeske fêstelân, dy't meitiid ferraanden ta ien folk, de Angelsaksen. Nei in proses fan ienwurding tusken de ûnderskate Angelsaksyske keninkrykjes kaam yn 927 it feriene Keninkryk Ingelân ta stân, dat oant 1707 fuortbestie, doe't it mei it Keninkryk Skotlân opgie yn it nije Keninkryk Grut-Brittanje.
Yn it koloniale tiidrek waarden de Ingelske kultuer, de Ingelske taal en Ingelske ynstituten lykas de Tsjerke fan Ingelân oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat. De hjoeddeistige kultuer fan lannen as de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân en yn mindere mjitte Súd-Afrika giet foar in grut part werom op Ingelân. Noch folle ynfloedriker wie it Ingelske bestjoerssysteem fan parlemintêre demokrasy, dat him yn 'e Midsiuwen ûntjoech, en dat troch it kolonialisme ek ferspraat is nei it Karibysk Gebiet, Afrika, Yndia en Oseaanje. Ek op it mêd fan 'e wittenskip hat Ingelân op ûnmisbere wize oan 'e skiednis bydroegen, mei't de Yndustriële Revolúsje yn 'e achttjinde iuw yn Ingelân begûn. Hjoed de dei hat Ingelân gjin eigen regear mear en is it inkeld noch in 'lân' yn 'e kulturele sin. Allinnich by beskate sporten, lykas fuotbal en rugby, komt Ingelân noch los fan 'e rest fan it Feriene Keninkryk út.
Wike 52
Tritich sulverstikken wie de beleanning dêr't Judas Iskariot syn learmaster Jezus fan Nazaret foar ferrette neffens de bibelpassaazje yn it nijtestamintyske Evangeelje fan Mattéus 26:15. Foarôfgeande oan it Lêste Jûnsmiel soe Judas, ien fan 'e oarspronklike tolve dissipels, nei de joadske hegepreesters gien wêze om te hantsjebakken oer de priis dêr't er Jezus foar ferriede soe. Hja berikten oerienstimming dat er der tritich sulverne munten foar krije soe, hoewol't er dy letter, nei de feroardieling fan Jezus, ferfolle fan berou weromjaan woe. Yn 'e kristlike kultuer en de Westerske literatuer is "trichtich sulverstikken" (Nederlânsk: dertig zilverlingen, Ingelsk: thirty pieces of silver, ensfh.) sprekwurdlik wurden foar it beskamjen fan fertrouwen en it ferrieden fan in freon om dêr sels better fan te wurden.
Wike 53
It Bowiemês (útspr.: ['bu:i], likernôch: "bûû-y") is type fêstblêdich fjochtmês (d.w.s. sûnder ynklapber limmet), dat yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e Feriene Steaten ûntwikkele waard. It earste mês fan dit soarte waard nei't it skynt yn 1830 ûntwurpen troch Rezin Bowie foar syn broer Jim Bowie. It mês krige bekendheid nei't Jim der in ûngelikense fjochtpartij op in sânbank yn 'e Mississippy (it Sânbankgefjocht) mei wûn. It waard doe ek nei him ferneamd. De hjoeddeistige foarm fan it Bowiemês waard neitiid ûntwikkele troch hoefsmid James Black. Hoewol't der no hûnderten fariaasjes op dit type mês besteane, omfiemje Bowiemessen ferskate werkenbere en karakteristike ûntwerpeleminten. Yn 'e folksmûle wurdt lykwols tsjintwurdich faak elts grut fêstblêdich mês mei in skie, parearstangen en in clip point oantsjut as in Bowiemês.