Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2021
Siden fan de wike yn 2021
bewurkje seksjeWike 1
De Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, soms ek wol de Teksaanske Revolúsje neamd, wie in oarloch yn 1835 en 1836, wêrby't de provinsje Teksas himsels losskuorde fan it gruttere steatsferbân fan Meksiko. Dit konflikt waard foarôfgien troch in almar fierder tanimmende ymmigraasje fan Ingelsktalige kolonisten nei Teksas, dy't ôfkomstich wiene út 'e oanbuorjende Feriene Steaten. De nijynkommelingen hiene frijwol neat gemien mei de Meksikanen, en nei in perioade fan oprinnende spannings briek yn oktober 1835 in opstân út.
De Meksikaanske presidint Antonio López de Santa Anna joech sels lieding oan in militêre fjildtocht om 'e rebûlje del te slaan, en brocht de Teksanen dêrby yn 'e neite fan San Antonio in gefoelige nederlaach ta yn 'e Slach om 'e Alamo. Underwilens fersloech generaal José de Urrea de Teksanen oan 'e Golfkust yn 'e Goliad-kampanje. Nei in weromtocht dy't bekend kaam te stean as de Runaway Scrape, wist Sam Houston de Teksanen te wergroepearjen, wêrnei't se it Meksikaanske leger yn 'e Slach oan de San Jacinto oer it mad kamen en fersloegen. Dêrby waard Santa Anna kriichsfinzen nommen, wat neitiid late ta de Ferdraggen fan Velasco, dy't de fêstiging fan 'e ûnôfhinklike Republyk Teksas mooglik makken.
Wike 2
Judith Kerr (Ingelske útspr. efternamme: [kɑ:] of [kɑ:ɹ], likernôch: "kaa" of "kaar"; Dútske útspr.: [kɛr], likernôch: "ker"; folút: Anna Judith Gertrud Helene Kerr Kneale; Berlyn, 14 juny 1923 – Londen, 22 maaie 2019) wie in Ingelsk berneboekeskriuwster en yllustratrise. Hja waard berne yn 'e Weimarrepublyk as de dochter fan etnysk Joadske âlden. Doe't yn 1933 Adolf Hitler oan 'e macht kaam, ûntflechte de húshâlding Dútslân, wêrnei't se yn 1936 yn it Feriene Keninkryk bedarren. Kerr makke fan 'e 1960-er jierren ôf namme as auteur fan útsûnderlik populêre berneboeken as The Tiger Who Came to Tea en de Mog-searje. Ek publisearre se it semy-autobiografyske When Hitler Stole Pink Rabbit, dat de opkomst fan it nazisme yn Dútslân beskriuwt troch de eagen fan in Joadsk bern.
Wike 3
De Pribilofeilannen (Ingelsk: Pribilof Islands), foarhinne bekend as de Noardlike Pelsrobbe-eilannen (Ingelsk: Northern Fur Seal Islands) binne in arsjipel fan fjouwer fulkanyske eilannen yn 'e midden fan 'e Beringsee. Se hearre bestjoerlik ta de Amerikaanske steat Alaska. De beide grutste eilannen binne St. Paul en St. George. De Pribilofeilannen wiene fan oarsprong ûnbewenne, mar oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw twongen de Russyske autoriteiten, fan wat doe de koloanje Russysk-Amearika wie, etnyske Aleoeten fan 'e Aleoetenarsjipel om har op 'e Pribilofeilannen nei wenjen te setten.
Wike 4
In tinktuer is yn 'e heraldyk ien fan in beheind tal kleuren en patroanen. Der wurde yn it heraldysk jargon trije soarten tinktueren ûnderskaat: de kleur, it metaal en it pelswurk. Yn 'e heraldyk wurde fierders foar kleuroantsjuttings oare nammen brûkt as yn it deistich libben (bgl. 'kiel' foar read en 'sinopel' foar grien). De needsaak om 'e ferskate tinktueren korrekt te definiëarjen en wer te jaan, is ien fan 'e wichtichste aspekten fan heraldyske keunst en ûntwerp. Der besteane sadwaande ôfspraken oer hokker tint oft de kleuren krekt hawwe, hoe't de patroanen derút sjogge en hoe't men kleuren mei arsearring werjaan moat yn in tekening fan in wapen dat net ynkleure is.
Wike 5
Vengaboys (útspr.: "bengaboys") is in Nederlânske dancegroep dy't oan 'e ein fan 'e jierren njoggentich grutte hits skoarde mei û.m. Boom, Boom, Boom, Boom!! en We're Going to Ibiza. Yn 2004 waard de groep opdoekt, mar fanôf 2006 treden se wer op, en yn 2010 makken se sels in lytse comeback. It 'gesicht' fan Vengaboys is sjongster Kim Sasabone. De muzyk fan 'e band kin ûnderbrocht wurde by de sjenres dance, eurodance en/of eurohouse. Vengaboys stiet bekend om dûbelsinnige (of ûndûbelsinnige) ferwizings nei geslachtsferkear yn harren lietteksten en titels, lykas Up and Down, Boom, Boom, Boom, Boom!! en Rocket to Uranus.
Wike 6
It Arabysk (Arabysk: اَلْعَرَبِيَّةُ, sekuere transliteraasje: al-‘Arabīyyaẗ, útspr.: [al ʕara'bi:ja], likernôch: "al-ha-ra-bii-ja", beharkje; of koartwei: عَرَبِيّ, sekure transliteraasje: ‘Arabīj, útspr.: ['ʕarabi:], likernôch: "ha-ra-bii", beharkje) is in Semityske taal dy't koart nei it begjin fan 'e Westerske jiertelling foar it earst ta ûntwikkeling kaam op it Arabysk Skiereilân, yn 'e foarm fan it Aldarabysk. Dêrút ûntjoech him meitiid it Klassyk Arabysk, de taal fan 'e Koraan, dy't him fan 'e sânde iuw ôf mei de islaam fersprate oer it Midden-Easten en Noard-Afrika. Datselde barde mei it Arabysk-Perzysk skrift, dêr't it Arabysk mei skreaun wurdt. Tsjintwurdich is it Arabysk de of in offisjele taal fan 25 lannen en 1 autonome regio en ien fan 'e seis offisjele talen fan 'e Feriene Naasjes, en genietet it erkenning as regionale taal of as minderheidstaal yn nochris 10 lannen en 1 autonome regio.
De hjoeddeistige Arabyske standerttaal, it Modern Standertarabysk, dat yn hege mjitte op it Klassyk Arabysk basearre is, hat eins gjin memmetaalsprekkers, mar fungearret ynstee as in oanlearde twadde taal en lingua franca foar de hiele Arabyske wrâld. De sprektalen of dialekten dy't mei-inoar it Arabyske dialektkontinuum foarmje, dat alhiel fan 'e Atlantyske Oseaan yn Marokko oant de Arabyske See yn Omaan rint, binne foar in grut part net ûnderling fersteanber, en wurde troch taalkundigen dêrom klassifisearre as de Arabyske talen. Dy hawwe mei-inoar 310 miljoen memmetaalsprekkers en nochris 110 miljoen twadde-taalsprekkers. It Arabysk is dêrmei de op fjouwer nei meast sprutsen taal fan 'e wrâld. As de liturgyske taal fan 1,8 miljard moslims hat it Arabysk ek grutte ynfloed (hân) yn 'e dielen fan 'e islamityske wrâld dy't net troch etnyske Arabieren bewenne wurde. Ek moslims dy't gjin Arabysk sprekke, kinne de Koraan faak wol yn it Arabysk lêze of út 'e holle opsizze.
Wike 7
Bob Hawke (folút: Robert James Lee Hawke; Bordertown, 9 desimber 1929 – Northbridge, 16 maaie 2019) wie in Australysk politikus, dy't fan 1983 oant 1991 premier fan Austraalje wie. Hy studearre û.m. oan 'e Universiteit fan Oxford en begûn syn karriêre yn 1957 as ûndersiker foar de Australyske Ried fan Fakbûnen (ACTU), dêr't er yn 1969 foarsitter fan waard. Yn 1980 waard er yn it Australyske Hûs fan Offurdigen keazen foar de Australyske Arbeiderspartij (ALP), en yn 1983 klom er op ta it premierskip. Hawke wûn yn 1984, 1987 en 1990 de Australyske ferkiezings. As premier herfoarme er de syktekostefersekering en it pinsjoenstelsel, deregulearre er de finansjele sektor en fierde er de Australia Act troch, dy't Austraalje einlings en te'n lêsten bestjoerlik hielendal losmakke fan it Feriene Keninkryk. Ek yntrodusearre er Advance Australia Fair as offisjeel folksliet en wied er ien fan 'e grûnlizzers fan 'e APEC. Yn 1991 ferlear er it liederskip fan 'e Arbeiderspartij oan Paul Keating, wêrnei't er him yn 1992 út 'e aktive polityk weromloek.
Wike 8
Baywatch wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't alve seizoenen rûn, fan 1989 oant 1990 en fan 1991 oant 2001. De titel betsjut: "Baaiwacht". It wie in drama- en aksjesearje oer it wol en wee fan strânwachten oan 'e Kalifornyske kust by Malibu, mei as gimmick it omrinnen fan moaie minsken, benammen froulju, yn strakke baaiklean. Baywatch wie tige populêr. Hoewol't de searje it imago hie fral op manlju rjochte te wêzen, bestie eins 65% fan it sjoggerspublyk út froulju. De searje, dy't yn withoefolle lannen en territoaria útstjoerd waard, kin beskôge wurde as in kultureel ikoan fan 'e 1990-er jierren.
De manlike stjer fan 'e searje wie de akteur David Hasselhoff, dy't ek ien fan 'e produsinten wie. Ferskate aktrises makken harren karriêre mei rollen yn Baywatch. Yn it foarste plak gie it dêrby om Pamela Anderson, dy't suver synonym waard mei de searje, hoewol't se mar yn fiif fan 'e alve seizoenen te sjen wie. Ek Erika Eleniak, Yasmine Bleeth, Nicole Eggert, Traci Bingham en Donna D'Errico waarden bekend troch Baywatch, wylst Carmen Electra har karriêre mei in rol yn 'e searje in nije ympuls joech. Yn 1999 waard foar it tsiende seizoen fan setting en it meastepart fan 'e cast wiksele, doe't Baywatch ferpleatst waard fan Kalifornje nei Hawaï. De lêste beide seizoenen hiet de searje dêrom ek Baywatch: Hawaii.
Wike 9 Meso-Amearika is in histoaryske regio en kultuergebiet yn Noard-Amearika, dat bestiet út Midden-Amearika útsein de woastinen yn it noarden en de tropyske reinwâlden fan it uterste suden. It gebiet rint dêrmei fan sintraal Meksiko fia Belize, Gûatemala en El Salvador oant yn Hondoeras, wylst it oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan fia Nikaragûa oant yn it noardwesten fan Kosta Rika rikt. Yn Meso-Amearika bloeiden mear as trijetûzen jier lang ferskate Yndiaanske beskavings foarôfgeande oan 'e Spaanske kolonisaasje fan 'e Amearika's. De beneaming 'Meso-Amearika' wurdt inkeld brûkt foar it prekolumbiaanske tiidrek, en net foar de hjoeddeistige Yndiaanske kultueren yn it gebiet.
Wike 10
Sir Michael Caine (berne as: Maurice Joseph Micklewhite; Londen, 14 maart 1933) is in Britsk akteur en produsint fan Ingelsk en Iersk etnysk komôf dy't bekend stiet om syn Cockney-aksint. Hy wurke fan 'e 1950-er jierren ôf as film- en tillefyzje-akteur en briek yn 'e 1960-er jierren troch mei films as Zulu, Alfie, The Italian Job en Battle of Britain. Bûten it Feriene Keninkryk waard er benammen bekend mei syn rollen yn The Man Who Would Be King, The Eagle Has Landed, A Bridge Too Far, The Cider House Rules en Miss Congeniality. Hy wûn twaris de Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol, twaris de Golden Globe foar bêste manlike haadrol en ien kear de BAFTA Award foar bêste manlike haadrol.
Wike 11
De mustang is it yn it wyld libjende hynder fan it westen fan Noard-Amearika, dat dêr net lânseigen is, mar ôfstammet fan losbrutsen hynders fan iere Spaanske kolonisten. Se wurde gauris wylde hynders neamd, mar it iennichste wiere wylde hynder is hjoed oan 'e dei it przewalskyhynder fan Mongoalje. Mustangs (en de brumby's fan Austraalje en de Namybwoastynhynders fan Namybje, ensfh.) binne eins net wylde, mar ferwyldere hynders. Lange tiid waard de mustang yn 'e Feriene Steaten beskôge as in skealike eksoat, dy't konkurrearre mei it fee fan 'e boeren en sa ek noch yn finansjeel opsjoch in lêstpost wie. Mar yn 1971 waard er troch it Amerikaanske Kongres erkend as in "libben symboal fan 'e histoaryske en pionierjende geast fan it Westen, dy't noch altiten bydraacht oan it ferskaat fan libbensfoarmen yn ús lân en dêrmei it libben fan it Amerikaanske folk ferriket."
Wike 12
It distrikt North Vancouver is in distriktgemeente yn it súdwestlike diel fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. It makket diel út fan 'e stêdekloft fan Vancouver en omjout de stêd North Vancouver oan trije kanten. It distrikt kin karakterisearre wurde as in rike en stille foarstêd sûnder folle heechbou. Yn 2016 wie it distrikt North Vancouver de op ien nei rykste gemeente fan Kanada, nei it oanbuorjende West Vancouver. It distrikt hie yn 2016 goed 85.000 ynwenners. It hat syn eigen brânwacht, mar op it mêd fan 'e plysje heart it ta de foechgebiet fan 'e federale Royal Canadian Mounted Police.
Wike 13
De opstanning fan Jezus of de ferrizenis fan Jezus is yn it kristlike leauwe it barren dat Jezus op de tredde dei neidat er krusige waard, as earste fan de deaden ferriisde, en dat er fan dat stuit ôf ferhearlike waard as de Heare Jezus. Yn de kristlike teology wurde de dea en de opstanning fan Jezus fan krúsjaal belang achte, en dy foarfallen foarmje dan ek it fûnemint fan it kristlike leauwen, dat fierd wurdt mei Peaske. Foar kristenen betsjut syn opstanning dat hja nei harren dea wer ferrize sille by it weromkommen fan Jezus op de ierde. Neffens kristlike tradysje soarge de ferrizenis fan it lichem foar it wer ta libben bringen fan in transformearre lichem fan 'e geast, sa't beskreaun stiet yn de kanonike evangeeljes en de brieven fan Paulus. It leauwen yn dy transformaasje foarmet de boarne fan it kristendom.
Guon moderne teologen sjogge it ferskinen fan Jezus nei de opstanning as fisjonêre ferskinings dy't in ympuls joegen oan it leauwen yn de ferhearliking fan Jezus en it ferfetsjen fan it sindingswurk fan Jezus syn folgelingen.
Wike 14
De 1930-er jierren, ek oantsjut as de tritiger jierren en de jierren ’30, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1931 en duorre it oant en mei 31 desimber 1940, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1930 oant en mei 31 desimber 1939. Dit desennium stie benammen yn it teken fan in djippe ekonomyske krisis dy't de Grutte Depresje neamd wurdt, en dy't foar in soad wurkleazens en earmoede soarge. Dêrnjonken wiene de tritiger jierren in tiid fan oanboazjende spannings yn Jeropa, feroarsake troch de opkomst fan it faksisme yn ferskate lannen en it dêroan besibbe nasjonaal-sosjalisme yn Dútslân, dêr't yn 1933 Adolf Hitler oan 'e macht kaam. It desennium markearre de ein fan it Ynterbellum en einige mei de Dútske ynfal yn Poalen, yn septimber 1939, dy't it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch betsjutte. Kultureel wiene de 1930-er jierren in perioade fan oanboazjende kekenens en sensuer, wat him û.m. utere yn 'e ein fan it Pre-Code-tiidrek yn Hollywood yn 1934.
Wike 15
Wind River is in Amerikaansk-Britsk-Frânske neo-western en detektivefilm út 2017, dy't ek foar in skriller trochgean kin. De rezjy waard dien troch Taylor Sheridan, dy't ek sels it senario skreau. De haadrollen waarden spile troch Jeremy Renner (foto) en Elizabeth Olsen, as in spoarsiker en jager fan 'e U.S. Fish and Wildlife Service en in aginte fan 'e FBI, dy't tegearre in moard- en ferkrêftingssaak yn it Wind River Yndianereservaat yn Wyoming besykje op te lossen. Sheridan skreau nei eigen sizzen it senario mei as doel om 'e kwestje fan it grutte tal fermiste en fermoarde lânseigen froulju yn Noard-Amearika ûnder de oandacht fan in breder publyk te bringen. Wind River waard yn jannewaris 2017 fertoand op it Sundance Filmfestival en gie yn augustus fan dat jier yn premiêre yn 'e bioskopen. De film krige oer it algemien positive kritiken en wie in kommersjeel súkses.
Wike 16
Luciano Pavarotti (Modena, 12 oktober 1935 – dêre, 6 septimber 2007) wie in Italjaansk klassyk sjonger, en ien fan de meast ferneamde operasjongers yn de wrâld. Ek oer de grinzen fan opera en klassike muzyk hinne wurdt er beskôge as ien fan de meast wichtige tenoaren fan alle tiden. As lid fan de Trije Tenoaren en duëtpartner fan in protte popartysten waard Pavarotti in superstjer. Hy brûkte syn ferneamdens ek foar benefytkonserten. Yn syn karriêre ferkocht er mear as 26,1 miljoen platen. Luciano Pavarotti's meast súksesfolle release is it album The Three Tenors in Concert, dêr't likernôch 7,2 miljoen stiks fan ferkocht waarden.
Wike 17
De Geaten of Gauten (Aldnoarsk: gautar, útspr.: ['ɡɑu̯tɑr], likernôch: "gau-tar"; Sweedsk: götar, útspr.: ['jø:tar], likernôch: "jeu-tar") wiene in Noardgermaansk folk dat yn 'e Midsiuwen it middensuden fan Sweden bewenne. De lânstreek Götaland ("Geatelân") en de Sweedske provinsjes Västergötland ("Westergeatelân") en Östergötland ("Eastergeatelân") binne nei harren ferneamd. Se binne yn it ferline gauris lykslein mei de Goaten en de Gotlanners, en hoewol't se sûnder mis besibbe wiene oan dy beide folken, binne saakkundigen it der noch altyd net oer iens hoe nei oft dy besibskip wie. De Geaten binne letter mei de stamme fan 'e Sweden (Svear) opgien yn it moderne folk fan 'e Sweden. Behalven yn toponimen libbet de neitins oan harren benammen fuort yn it Aldingelske epos Beowulf oer de Geatyske held mei deselde namme.
Wike 18
It Noardlik Territoarium (Ingelsk: Northern Territory) is ien fan 'e beide selsbestjoerende binnenlânske territoaria fan Austraalje. It omfiemet it middennoarden fan it lân, en rint fan it woastinige hert fan it Australyske kontinint alhiel oant de noardkust, dy't yn 'e tropen leit. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Darwin. Mei 17,5% fan it nasjonaal grûngebiet is it Noardlik Territoarium nei West-Austraalje en Queenslân it grutste Australyske gewest. Lykwols is it oergrutte part fan it gebiet mar hiel tin befolke. Neffens gegevens út 2012 hie it Noardlik Territoarium doe goed 233.000 ynwenners, wat delkomt op 1,0% fan 'e totale Australyske befolking.
Wike 19
L.M. Montgomery (folút: Lucy Maud Montgomery; Clifton (Prins Edwardeilân), 30 novimber 1874 – Toronto, 24 april 1942) wie in Kanadeesk skriuwster dy't wurke oan 'e ein fan 'e Belle Époque, ûnder de Earste Wrâldoarloch en yn it Ynterbellum. Hja waard wrâldferneamd troch in rige berneboeken dy't hja yn 1908 úteinsette mei de roman Anne of Green Gables, oer it weesfamke Anne Shirley, dy't opgroeit op Prins Edwardeilân. Montgomery skreau yn totaal 21 romans, sa'n 150 koarte ferhalen, likernôch 500 gedichten, 30 essays, in autobiografy en ferskate postúm publisearre deiboeken. De measten fan har romans en ferhalen spylje op Prins Edwardeilân, dêr't se sels har jonkheid trochbrocht hie, en ferskate plakken dêre ûntjoegen har troch har wurk ta populêre toeristyske trekpleisters, lykas de pleats Green Gables.
Wike 20
In religy (fan it Latynske religio) is in kultureel systeem fan minsklik tinken en hâlden en dragen dat yn ferbân stiet mei it boppenatuerlike of it transendinte (bûtennatuerlike). Ta sa'n systeem hearre libbensbeskôging, hillige plakken, etyk en faak ek teksten en organisaasjes. Dêrby nimt it leauwen yn ien of mear hillige boppeminsklike wêzens (goaden) en/of yn in libben nei de dea almeast in sintraal plak yn. Oare ûnderdielen kinne seremoanjes en rituëlen wêze, ferearing, inisjaasjes, offers, hjeldagen, betinkings, trouwerijen, útfearten, meditaasje, gebed, muzyk, sjongen, dûns en keunst. Religy kin fêstlein wêze yn hillige teksten of trochjûn wurde fia mûnlinge oerlevering. Yn sokke boarnen kin in inkele god (of God) beskreaun wurde, mar ek ek in wiidfiemjende mytology fan in grut panteön of ynstee inkeld de etyk fan 'e religy.
Synonimen foar religy binne (de) godstsjinst ("it tsjinjen fan in god of goaden") en (it) leauwe. De oanstriid ta religy wurdt religiositeit neamd. Sûnt de Ferljochting fan 'e achttjinde iuw bestiet der in streaming, it ateïsme, dy't eltse foarm fan religy ôfwiisd. Hoewol't oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw benammen yn West-Jeropa religiositeit oan terrein ferliest, hinget noch altyd in grutte mearderheid fan de wrâldbefolking, sa'n 87,2%, de iene of oare religy oan. Der besteane wrâldwiid nei skatting sa'n 10.000 ûnderskate religyen, dy't troch godstsjinstûndersikers opdield wurde yn trije haadgroepen: wrâldreligyen, lânseigen religyen en nije religieuze bewegings. Fan 'e wrâldbefolking hong anno 2010 78% ien fan 'e fjouwer grutste wrâldreligyen oan: it kristendom, de islaam, it hindoeïsme en it boedisme. Der binne sterke oanwizings om derfan út te gean dat religiositeit en spiritualiteit de minske oanberne is. It net hawwen fan in religy hjit yrreligy. De wichtichste foarmen dêrfan binne ateïsme en agnostisisme. It proses fan it loslitten fan religy hjit sekularisaasje. De tûken fan 'e wittenskip dy't ûndersyk dogge nei it ferskynsel 'religy' binne de teology en de ferlykjende godstsjinstwittenskip.
Wike 21
In Japanske namme is de namme fan persoanen yn Japan en fan lju fan etnysk Japansk komôf om utens. Oant fier yn 'e njoggentjinde iuw hiene de measte Japanners allinne mar in foarnamme. Pas nei de Meiji-restauraasje fan 1868 waarden troch it sljochtwei folk ek famyljenammen oannommen. Tsjintwurdich bestiet de Japanske namme yn 'e regel út ien famyljenamme en ien foarnamme, wêrby't de famyljenamme nei Eastaziatysk gebrûk foàr de foarnamme pleatst wurdt. Oars as bygelyks Sinezen, dy't frijwol altyd oan dy nammefolchoarder fêsthâlde, passe Japanners yn it bûtenlân (of yn kommunikaasje mei it bûtenlân) harren namme oan 'e Westerske nammefolchoarder oan, sadat dan de foarnamme foàr de famyljenamme komt te stean. Dat wurdt dien om misferstannen foar te kommen. In bekende Japanse as Yoko Ono (sa't se yn it Westen bekend stiet), hjit dus yn korrekt Japansk eins Ono Yoko.
Wike 22
Célia Xakriabá (útspr.: [ˈsɛ.li.ɐ ʃɐˌkɾi.ɐˈba], likernôch: "sê-lië sjuh-krië-ba"), eigentlike namme: Célia Nunes Correa (útspr.: [ˈsɛ.li.ɐ ˈnu.nɛs kɔˈɾe.a], likernôch: "sê-lië nûû-nes kor-ree-a"; São João das Missões, 1990) is in Brazyljaansk ûnderwizeresse en aktiviste fan Yndiaanske etnysk komôf. Se is yn har heitelân bekend wurden troch it dielnimmen oan debatten en it hâlden fan lêzings op ferskate universiteiten. Xakriabá kantet har oan tsjin 'e marginalisearring fan 'e oarspronklike befolking yn 'e Brazyljaanske maatskippij en set har yn foar û.m. de rjochten fan Yndiaanske froulju, de rjochten fan Yndianen op harren lân en foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis dat oan 'e Yndiaanske befolkingsgroepen bean wurdt.
Wike 23
De Grotten fan Lascaux (Frânsk: Grotte de Lascaux; útspr.: [las'ko], likernôch: "las-koo") foarmje in kompleks fan ûnderling ferbûne grotten yn 'e delling fan 'e rivier de Vézère, by it doarp Montignac, yn it departemint Dordonje yn it súdwesten fan Frankryk. De grotten binne ferneamd om't der yn 1940 mear as 600 prehistoaryske grotskilderings op 'e wanden en plafons ûntdutsen waarden, wêrfan't de âldsten datearje fan 17.000 jier lyn en de jongsten fan 12.000 jier lyn. De ôfbyldings stelle foar it meastepart grutte bisten foar dy't yn 'e lêste iistiid rûnom yn Jeropa foarkamen. De Grotten fan Lascaux binne de rykst beskildere grotten dy't oant no ta lykfolwêr op 'e wrâld ûntdutsen binne, en geane troch foar de 'Sikstynske Kapel fan 'e Paleolityske Keunst'. Yn 1979 waard it grottekompleks opnommen yn 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO as ûnderdiel fan 'e 'prehistoaryske lokaasjes en beskildere grotten yn de Vézèredelling'.
Wike 24
Romeo en Julia, yn it oarspronklike Ingelsk: Romeo and Juliet, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare (de folute titel is: The Most Excellent and Lamentable Tragedy of Romeo and Juliet, "De Aldertreflikste en Alderbeklaachlikste Trageedzje fan Romeo en Julia"). It is in trageedzje wêryn't de ûnmooglike leafde fan Romeo Montague en Julia Capulet beskreaun wurdt, telgen út rivalisearjende famyljes dy't al sûnt minskewitten in fete útfjochtsje. Mei Hamlet is Romeo en Julia nei alle gedachten ien fan 'e bekendste en populêrste stikken fan Shakespeare. De nammen fan 'e haadpersoanen binne troch de iuwen hinne sprekwurdlik wurden foar jonge minners. Men is fan tinken dat it stik skreaun wêze moat tusken 1591 en 1595. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma waard publisearre yn 1966.
Wike 25
Jacques MacDonald (folút: Étienne Jacques Joseph Alexandre MacDonald; Sedan, 17 novimber 1765 – Beaulieu-sur-Loire, 7 novimber 1840), troch Napoleon bejeftige mei de titel 'hartoch fan Taranto', wie in Frânsk militêr fan etnysk Skotsk komôf, dy't karriêre makke ûnder de Oarloggen fan de Frânske Revolúsje, dy't folgen op 'e Frânske Revolúsje, en ûnder de Napoleontyske Oarloggen. Hoewol't er net de meast talintearre fjildhear wie, blonk er út troch syn trou en stânheftigens. MacDonald spile in krúsjale rol yn 'e Slach by Wagram, tsjin 'e Eastenrikers, mar moast by Katzbach belies jaan tsjin 'e Prusen. Under de Frânske ynfaazje fan Ruslân spile er in ûnderstypjende rol. Nei de fal fan Napoleon bleau er it nije rezjym trou, ek ûnder de Hûndert Dagen, doe't in protte oare generaals wer oerrûnen nei harren âlde keizer.
Wike 26
De Krieën (Ingelsk: Crow), ek wol Absaroka neamd, binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Rocky Mountains en de Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske steat Montana wennet. Harren taal, it Kriesk, heart ta de Sûaanske taalfamylje. Histoarysk besetten se in grutte lape fan 'e noardwestlike flakten, dy't dielen fan Montana, mar ek fan Wyoming en Noard-Dakota besloech. Fanwegen har tradisjonele steat fan oarloch mei de Lakota en de Sjajinnen stiene de Krieën oer it algemien op goede foet mei de blanken, om't hja deselde fijannen hiene. Hjoed oan 'e dei binne der sa'n 12.000 Krieën, wêrfan't it meastepart ta de federaal erkende Krieë Stamme (Crow Tribe) heart en yn it eigen Krieë Yndianereservaat fan súdlik Montana wennet.
Wike 27
Denis Mukwege (folút: Denis Mukengere Mukwege; Bukavu, 1 maart 1955) is in Kongoleeske gynekolooch en Nobelpriiswinner. Hy is de oprjochter fan it Panzi-sikehûs yn Bukavu, dêr't er him spesjalisearre hat yn 'e medyske behanneling fan froulju dy't yn en nei de Twadde Kongoleeske Oarloch it slachtoffer wurden binne fan groepsferkrêftings, benammen troch striders fan 'e ferskate rebellegroepen. Mukwege wurdt anno 2018 beskôge as de liedende ekspêr yn 'e wrâld op it mêd fan ferwûnings oan 'e geslachtdielen dy't feroarsake binne troch ferkrêfting. Syn opkommen foar ferkrêftingsslachtoffers waard him yn 'e Kongo troch in soad manlju net yn tank ôfnommen, en nei in moardoanslach yn 2012 moast er in skoft yn ballingskip gean. Yn 2014 waard oan Mukwege troch de Jeropeeske Uny de Sacharovpriis takend, en yn 2018 wûn er tegearre mei de Jezidyske frouljusrjochte-aktiviste Nadia Moerad de Nobelpriis foar de Frede.
Wike 28
De janitsaren (Osmaansk-Turksk: يڭيچرى, yeñiçeri; útspr.: [jeni'ʃeɾi], likernôch: "jee-ny-sjeery"; betsjutting: "nije soldaten") wiene in legerkorps yn it Osmaanske Ryk dat bestie út ynfantery-ienheden dy't as kargroepen beskôge waarden. It korps waard yn 1363 oprjochte en bestie lange tiid út ûntfierde en by wize fan belesting ta slaaf makke jonges út kristlike húshâldings. Dy waarden grutbrocht as moslims en krigen fan bern ôf oan in tige yngeande militêre oplieding. It wie harren ferbean om te trouwen of hannel te driuwen, en se wiene op it fanatike ôf trou oan 'e sultan. Se waarden ynset as syn liifwachten en as hofgarde, mar foarmen ek it earste steande leger út 'e moderne skiednis fan Jeropa.
Tsjin 'e santjinde iuw waarden de strange rekrutearringseasken loslitten, en fan dy tiid ôf joegen har in soad Osmaanske boargers by it korps fanwegen de hege sosjaal-ekonomyske status dy't de janitsaren hiene. Fan dat stuit ôf ûndergie it korps in proses dat wol omskreaun is as 'ferboargering', en ferlear it stadichoan syn militêre karakter. De janitsaren ûntjoegen har ynstee ta in soarte fan Pretoriaanske Garde, dy't nei eigen ynsjen sultans oanstelde en ôfsette, oant Mahmud II yn 1826 ûnder it saneamde Geunstich Ynsidint mei it korps ôfweefde, wêrby't sa'n 6.000 janitsaren sneuvelen of eksekutearre waarden.
Wike 29
De Yndo-Jeropeeske talen, foarhinne ek wol bekend as de Yndogermaanske talen, foarmje in tige grutte, saneamde supertaalfamylje, wêrfan't de talen sûnt 'e Aldheid sprutsen wurde yn hast hiele Jeropa en grutte parten fan Súd-Aazje en it Heine Easten. It Hettitysk, dat oerlevere is út 'e sechstjinde iuw f.Kr., is de ierst dokumintearre Yndo-Jeropeeske taal. Histoarysk wiene fierders it Aldgryksk en it Latyn fan tige grutte betsjutting foar de ûntjouwing fan 'e Westerske kultuer, wylst oangeande it Sanskryt itselde sein wurde kin foar de kultuer fan it Yndysk subkontinint en oangeande it Avestaansk en it Perzysk foar de kultuer fan Iraan, Afganistan en Tadzjikistan. Troch migraasje en kolonisaasje hawwe guon Yndo-Jeropeeske talen, benammen it Ingelsk, Spaansk, Portegeesk, Frânsk en Russysk, har yn 'e lêste fiifhûndert jier ferspraat nei Sibearje, Noard- en Súd-Amearika, Súdlik Afrika, Austraalje en Nij-Seelân.
Wike 30
Albuquerque (útspr.: [ˈælbəˌkɜɹki], likernôch: "el-buh-kur-ky"), soms ôfkoarte ta ABQ, is de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko en teffens it haadplak fan it omlizzende Bernalillo County. De stêd leit yn it sintrale part fan Nij-Meksiko, oan wjerskanten fan 'e bopperin fan 'e Rio Grande, oan 'e noardlike râne fan 'e Chihuahuawoastyn. Eastlik fan 'e stêd rint fan noard nei súd it Sandiaberchtme. Neffens in offisjele skatting út 2012 troch it Amerikaanske Folkstellingsburo hie Albuquerque doe goed 555.000 ynwenners. As alle foarstêden meirekkene wurde, komt de hiele stêdekloft út op in befolking fan mear as 900.000 minsken. Mei in hichte fan krapoan 1.127 m boppe seenivo is Albuquerque ien fan 'e heechst leine grutte stêden yn 'e Feriene Steaten.
Wike 31
Erwin Rommel (folút: Erwin Johannes Eugen Rommel; Heidenheim an der Brenz, 15 novimber 1891 – Herrlingen, 14 oktober 1944) wie ien fan 'e meast ferneamde Dútske generaals út 'e Twadde Wrâldoarloch. Oan it begjin fan 'e oarloch wied er kommandant fan Hitler syn liifwacht, en dêrnei fierde er it befel oer ien fan 'e pânserdifyzjes dy't mei har flugge opmars yn 1940 Frankryk ûnder fuotten hellen. Hy makke lykwols fral namme as kommandant fan it Afrikakorps, en wûn mei syn tûke militêre kampanjes yn Noard-Afrika de bynamme fan "de Woastynfoks". Hoewol't er in better strateech wie as de Britske generaals tsjin wa't er it opnaam, waard brekme oan branje, foarrieden en materieel him úteinlik needlottich, sadat it Afrikakorps yn 'e Twadde Slach by El Alamein, yn 'e Egyptyske woastyn, foargoed ferslein wurde koe troch it Britske 8e Leger ûnder generaal Bernard Law Montgomery.
Nei de weromtocht fan syn troepen nei Tuneezje kearde Rommel werom nei Jeropa, dêr't er op D-Day it befel oer de Dútske troepen yn Normanje fierde, mar de Alliëarde ynvaazje net wist te kearen. Troch de ûnferskillige hâlding fan Hitler foar syn troepen yn Noard-Afrika oer wie Rommel ferbittere rekke, en yn it foarjier fan 1944 waard er troch guon freonen fan sines sydlings behelle yn it Komplot fan 20 July, om Hitler te fermoardzjen. Doe't de oanslach mislearre, foel Rommel yn ûngenede en waard er twongen om himsels fan kant te meitsjen troch gif yn it nimmen. Rommel syn militêre súksessen en syn persoanlike eargefoel wûnen him net inkeld it respekt fan syn eigen soldaten, mar ek fan syn fijannen. Hy is de iennichste pommerant út it Tredde Ryk dy't tsjintwurdich in eigen museum hat.
Wike 32
Weda of Woadan, ek bekend as Wōden, Wōdan, Wuotan, Wōtan, Óðinn of Odin, is yn it Germaanske heidendom de wichtichste god fan it panteön, ferlykber mei Seus yn 'e Grykske mytology en Jupiter yn 'e Romeinske mytology. Oer him is it measte oerlevere út 'e Noardske mytology fan Skandinaavje, om't it heidendom dêr it langst bewarre bleau (oant djip yn 'e Midsiuwen). Weda wurdt assosjearre mei wiisheid, kennis, genêskunde, de dea, adel, de galge, oarloch, tsjoenderij (seiðr), poëzij en de runen. Neffens de Noardske myten wied er de oarehelte fan 'e goadinne Frigga en de heit fan in grut tal soannen, ûnder wa Tonger (Thor) en Balder. Hy waard beselskippe fan ravens en wolven en residearre yn it Walhalla, dêr't er út 'e deaden in legermacht gearstalde foar Ragnarök, de einstriid. De dei woansdei is nei him ferneamd.
Wike 33
De Abdij fan Westminster (Ingelsk: Westminster Abbey), en offisjeel de Kollegiale Tsjerke fan Sint-Petrus (Ingelsk: Collegiate Church of St Peter) is it nasjonale tsjerkegebou fan Ingelân. Sûnt de kroaning fan Willem de Oermasterder yn 1066 binne alle Ingelske en Britske foarsten yn de Abdij fan Westminster kroane. Ek wurde dêr tradisjoneel de begraffenissen fan leden fan it Britske keningshûs holden en wurde der houliken sletten fan de keninklike famylje. Njonken de funksje fan nasjonale tsjerke stiet de Abdij fan Westminster fol mei tal fan grêven en monuminten foar minsken dy't in wichtige rol spile hawwe yn de Britske skiednis. Meiïnoar fûnen likernôch 3.300 minsken dêr harren lêste rêstplak. Dêrtroch hat de tsjerke, ferwizend nei de Noardske mytology de bynamme krigen fan it "Britske Walhalla".
De goatyske tsjerke waard yn 1987 mei it Paleis fan Westminster (Westminster Palace) en de Saint Margaret's Church ynskreaun op de wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.
Wike 34
Tera Patrick, echte namme: Linda Ann Hopkins (Great Falls (Montana), 25 july 1976), is in rêstend Amerikaansk fotomodel, neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornografyprodusinte, mainstream-aktrise en presintatrise fan mingd Ingelsk-Nederlânsk-Taisk etnysk komôf. Har namme wurdt ek wol (mis)stavere as Tara Patrick, en yn it begjin fan har karriêre hat hja ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Sadie Jordan, Brooke Thomas en Tera Hopkins. Patrick waard ûntdutsen troch de bekende neakenfotografe Suze Randall, en wie in Playboy Playmate en in Penthouse Pet ear't se as pornoaktrise begûn te wurkjen. Se sette yn 1999 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, hold yn 2002 op, mar makke yn 2003 in comeback. Patrick hie grut súkses en wie ien fan 'e populêrste pornoaktrises fan 'e 2000-er jierren. Yn 2008 loek se har foargoed út 'e pornoyndustry werom.
Wike 35
De Dútske mark (Dútsk: Deutsche Mark; útspr.: ['dɔʏʧə 'maɐ̭k], likernôch: "daai-tsjuh maak" mei de Klaaifryske 'aai'; beharkje), formeel ôfkoarte ta DM mar ek faak D-Mark neamd, wie de offisjele muntienheid fan it weriene Dútslân fan 1990 oant 2002, en dêrfoar fan West-Dútslân fan 1948 oant 1990. Dizze munt waard ynfierd ûnder de Alliëarde besetting fan Dútslân nei de Twadde Wrâldoarloch, en kaam doe yn it plak fan 'e ryksmark. De Dútske mark ûntjoech him fan likernôch 1960 ôf ta ien fan 'e sterkste en stabylste muntienheden fan 'e wrâld, en it wie by banksaken nei de Amerikaanske dollar de meast brûkte ynternasjonale reservemunt. Yn 2002 waard de Dútske mark ferfongen troch de euro. De Dútske mark waard útjûn troch de Deutsche Bundesbank en wie ferdield yn hûndert pfennige oftewol peinjes.
Wike 36
It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali (Ingelsk: Denali National Park and Preserve) is in grut nasjonaal park en oanslutend nasjonaal wyldreservaat yn 'e Amerikaanske steat Alaska, dat ûnder behear stiet fan 'e National Park Service. It is in beskerme natoergebiet dat dominearre wurdt troch de Denali (foarhinne bekend as de Mount McKinley), de heechste berch fan Noard-Amearika. It leit oan 'e noardkant fan it Alaskaberchtme, binnen de grinzen fan 'e regio it Binnenlân fan Alaska. It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali beslacht in oerflak fan krapoan 24.500 km², wêrmei't it grutter is as de steat Nij-Hampshire. It lânskip bestiet út taiga yn 'e leechstleine gebieten, toendra op 'e middelhichten en keale rotsen en gletsjers yn 'e heechste dielen fan it natoergebiet. It Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali is ien fan 'e grutste toeristyske trekpleisters fan Alaska, en waard yn 2018 nettsjinsteande syn ôfhandige lizzing besocht troch 594.660 rekreänten.
Wike 37
Ilhan Omar (Mogadisjû, 4 oktober 1981) is in Amerikaansk politika en sosjaal aktiviste fan etnysk Somalysk komôf. Hja moast as bern har heitelân ûntflechtsje, en emigrearre yn 1995 nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Minneapolis. Omar is in lid fan 'e Minnesota Democratic-Farmer-Labor Party, in politike partij út 'e Amerikaanske steat Minnesota dy't ferbûn is mei de lanlike Demokratyske Partij. Yn novimber 2018 waard se tegearre mei Rashida Tlaib út Michigan as ien fan 'e earste beide moslim-froulju keazen yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Yn it Amerikaanske Kongres ûntjoech Omar har ta in geregelde kritika fan Israel en fan it ymmigraasjebelied fan it regear fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump. Yn 'e mande mei Alexandria Ocasio-Cortez, Rashida Tlaib en Ayanna Pressley foarmet se in ynformele groep fan linkse froulike ôffurdigen út etnyske minderheden, dy't troch de Amerikaanske media The Squad neamd wurdt.
Wike 38
Sue is de gebrûksnamme of bynamme fan in fossyl mei it katalogusnûmer FMNH PR 2081, dat heart ta de kolleksje fan it Field Museum yn Chicago. It is it grutste eksimplaar fan in Tyrannosaurus rex dat ea ûntdutsen is, en teffens it folsleinste, mei't der mear as 90% fan it skelet bewarre bleaun is. Sue waard yn 1990 yn it Cheyenne River Yndianereservaat fan Súd-Dakota ûntdutsen troch Sue Hendrickson, in meiwurkster fan it Black Hills Institute. It fossyl waard letter nei har ferneamd, hoewol't it eigentlike geslacht fan it oarspronklike bist ûnbekend is. Nei't strideraasjes oer it eignerskip troch de rjochter besljochte wiene, waard it fossyl yn oktober 1997 op in feiling troch it Field Museum foar $8,3 miljoen oankocht, de heechste priis dy't ea foar in dinosaurusfossyl betelle is.
Wike 39
giel of geel is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken grien en oranje yn befynt. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 575-585 nm en in frekwinsje fan rûchwei 521-512 THz. By additive kleurminging is giel in sekundêre kleur, mar by subtraktive kleurminging is it in primêre kleur. Giel is de komplemintêre kleur fan blau. Kwa tinten rint giel útinoar fan parregrien, dat ek as in foarm fan grien beskôge wurde kin, oant amber, dat tsjin oranje oan sit. Giel wurdt assosjearre mei de sinne, rypjend nôt, goud, blêden by 't hjerstmis, sitroenen, kanaarjes en in protte soarten blommen, lykas de hynsteblom en de bûterblom. Yn 'e heraldyk is giel in heraldysk metaal en hat it de namme goud of or. Yn sprekwurden seit men: sa giel as goud, sa giel as saffraan of sa giel as waaks.
Wike 40
Sargon (Akkadysk: 𒊬𒊒𒄀, sekuere transliteraasje: Šar-ru-gi; ±2355 f.Kr. – 2279 f.Kr. of 2284 f.Kr.), ek bekend as Sargon de Grutte (net te betiizjen mei de lettere keningen Sargon I en Sargon II fan Assyrje), wie yn 'e fjouwerentweintichste en trijeëntweintichste iuw f.Kr. kening fan Akkad en Sûmearje. Hy wie de stifter fan it Akkadyske Ryk, en wurdt soms identifisearre as de earste persoan yn 'e (fêstleine) skiednis dy't oer in ryk regearre. De dynasty dy't Sargon stifte, it Hûs fan Sargon, hearske nei syn dea noch krapoan oardel iuw oer it Akkadyske Ryk, oant dat ûnder fuotten helle waard troch de Gûtyske ferovering fan Sûmearje. Yn 'e literatuer fan it Nijassyryske Ryk, út 'e achtste en sânde iuw f.Kr., komt Sargon foar as in legindarysk figuer.
Wike 41
Hala Gorani (folút: Hala Basha-Gorani; Arabysk: هالة باشا غوراني, sekuere transliteraasje: Halaẗ Baša-Ġuranī; Seattle, 1 maart 1970), is in Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster, nijslêzeresse en presintatrise fan mingd Frânsk-Syrysk etnysk komôf. Hja is ien fan 'e bekendste gesichten fan 'e Amerikaanske Ingelsktalige wrâldnijsstjoerder CNN. As korrespondinte yn it Midden-Easten die se ferslach fan withoefolle dramatyske en nijsgjirrige nijsferhalen. Letter wurke se lange tiid benammentlik as nijslêzeresse/presintatrise, fanút it CNN Center yn Atlanta. Gorani hat mei har wurk ferskate prizen wûn, sawol foar harsels, as foar har wurkjouwer CNN.
Wike 42
Seerôverij of piraterij (fan it Frânske piraterie, dat komt fan it Latynske pirata, dat weromgiet op it Grykske πειρατής, peiratēs, mei de oarspronklike betsjutting "strûkrôver") is in die fan dieverij, geweld of oar krimineel hâlden en dragen op see, wêrby't in skip (ornaris in keapfardijskip) troch misdiedigers op ien of mear oare skippen of boatsjes oanfallen wurdt. Yn 'e regel is it de bedoeling om 'e lading en/of oare foarwerpen fan wearde te stellen. De dieders fan sokke misdriuwen wurde seerôvers of piraten neamd (hoewol't it wurd 'piraat', krekt as 'piraterij', ek oare betsjuttings hat). Seerôverij is fan alle tiden. De ierst dokumintearre gefallen datearje út 'e fjirtjinde iuw f.Kr., doe't de saneamde Seefolken de skipfeart yn it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See oanfoelen. Tsjintwurdich steane de kusten fan Somaalje en West-Afrika en de Strjitte fan Malakka bekend om seerôverij. Histoarysk foarmen de santjinde en de achttjinde iuw de heechtijdagen fan 'e 'klassike' seerôverij yn 'e Karibyske See. Seerôverij moat net betize wurde mei kaperij of kaapfeart, wêrby't de kapers dy't in skip oerfalle dêrta in fergunning hawwe fan it regear fan in lân. Kaperij wie foarhinne sadwaande in legitime foarm fan oarlochfiering, wylst seerôverij altyd in foarm fan organisearre misdie west hat.
Wike 43
Halloween (in Ingelske gearlûking fan [All] Hallows' Even[ing], de "foarjûn fan Alderheljen") is in feestdei dy't tradisjoneel fierd wurdt yn Ierlân, it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten en Kanada. Sûnt de 1980-er jierren hat it feest him lykwols út 'e Feriene Steaten wei ek ferspraat nei oare dielen fan 'e wrâld, benammen nei Jeropa, Australaazje en East-Aazje. Halloween falt op 31 oktober, de deis foarôfgeande oan 'e kristlike hjeldei Alderheljen. Mei Halloween is it wenst dat bern ferklaaid by de doarren lâns geane om te freegjen om snobbersguod. It feest is datoangeande besibbe mei Sint-Marten, dat yn Fryslân altyd noch in stik populêrder is. In oare tige algemiene Halloweentradysje is it útsnijen fan grouwélige gesichten yn útholle pompoenen (saneamde jack-o'-lanterns), dy't dan nachts by it tsjuster mei in kjers ferljochte wurde kinne om in grizelich effekt te krijen.
Wike 44
Robert Redford (folút: Charles Robert Redford jr.; Santa Monica, 18 augustus 1936) is in rêstend Amerikaansk akteur, regisseur, filmprodusint en sakeman. Hy sette yn 1959 útein mei in karriêre as tillefyzje-akteur, en stie yn dy snuorje ek in protte op 'e planken. Redford briek yn 1969 troch as filmakteur mei syn haadrol yn 'e western Butch Cassidy and the Sundance Kid. Neitiid hied er yn 'e 1970-er jierren in protte súkses mei rollen yn kaskreakers as Jeremiah Johnson, The Sting en All the President's Men. Hy wie behelle yn 'e oprjochting fan it Sundance Filmfestival yn Utah en ferbûn dêr desennia lang syn namme oan.
Syn rezjydebút, de film Ordinary People, út 1980, wie in ûnbidich súkses en smiet him de Oscar foar bêste regisseur op. Oare ferneamde films dêr't Redford yn spile, wiene The Way We Were, Three Days of the Condor, Out of Africa, Indecent Proposal, The Horse Whisperer en An Unfinished Life. As regisseur wied er ek belutsen by The Milagro Beanfield War, A River Runs Throught It en The Horse Whisperer. Yn syn hast sechstichjierrige karriêre wûn Redford twa Oscars (ynkl. de Eare-Oscar), trije Golden Globes (ynkl. de Cecil B. DeMille Award foar syn oeuvre), in BAFTA en in Screen Actors Guild Award. Ek waard er yn 2010 opnommen yn it Frânske Légion d'Honneur en ûntfong er yn 2016 de Presidinsjele Frijheidsmedalje. Yn 2018 makke Redford bekend dat er ophold mei wurkjen.
Wike 45
De warch of berchmarter (wittenskiplike namme: Gulo gulo), miskien better bekend as de veelvraat of warg (Nederlânsk) of de wolverine (Ingelsk), is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e wargen of berchmarters (Gulo). It is in gnobsk boud en tige spiersterk lânrôfdier, dat eins mear wei hat fan in lytse bear as fan oare martereftigen. De warch komt foar yn it noarden fan Jeraazje en Noard-Amearika. It is de grutste martereftige soarte dy't op it drûge libbet, en hat in reputaasje fan ferskuorrendheid en woestens dy't alhiel bûten proporsje is foar syn lichemsgrutte.
Wike 46
Chichén Itzá (Spaanske útspr.: [ʧiˈʧɛn itˈθa], likernôch: "tsjy-tsjen yt-za; Jûkateeksk: [ʧiˈʧ’en iˈʦaʔ], likernôch: "tsjy-tsjen y-tsa") wie in grutte prekolumbiaanske stêd op it Jûkatanskiereilân, dy't diel útmakke fan 'e Maya-beskaving fan Meso-Amearika. De stêd waard bewenne yn it Let Klassike Tiidrek (600-800), it Terminaal Klassike Tiidrek (800-900) en it Ier Postklassike Tiidrek (900-1200). De ruïnes fan Chichén Itzá waarden yn 1532 ûntdutsen troch de Spaanske conquistadores. Se lizze tsjintwurdich yn 'e Meksikaanske steat Jûkatan en foarmje ien fan 'e grutste toeristyske trekpleisters fan it lân, mei yn 2017 mear as 2,6 miljoen besikers.
Wike 47
South Pacific is in Amerikaanske romantyske oarlochsfilmmusical út 1958 ûnder rezjy fan Joshua Logan, mei yn 'e haadrollen John Kerr, Mitzi Gaynor en Rossano Brazzi. De titel betsjut "Stille Súdsee". De film waard basearre op 'e tige súksesfolle toanielmusical South Pacific, fan Rodgers en Hammerstein, út 1949, dy't sels wer loskes basearre wie op 'e ferhalebondel Tales of the South Pacific, út 1947, fan 'e Amerikaanske auteur James A. Michener. It ferhaal giet oer in eilân yn 'e Stille Súdsee, dêr't Amerikaanske militêren dy't dêr ûnder de Twadde Wrâldoarloch legere binne, leafdesrelaasjes krije mei de lânseigen befolking. It ûnderlizzende tema is rasisme. De film waard tige goed ûntfongen en wûn in Oscar foar bêste lûd. Dêrnjonken waard er nominearre foar twa oare Oscars en twa Golden Globes.
Wike 48
Gardner Dozois (útspr.: [ˈgaːɹdnəɹ doʊˈzwɑː], likernôch: "gaar-dnur doo-zwaa"; folút: Gardner Raymond Dozois; Salem (Massachusetts), 23 july 1947 – Philadelphia, 27 maaie 2018) wie in Amerikaansk skriuwer en redakteur fan benammen science fiction-literatuer. Hy wurke fan 1984 oant 2004 as haadredakteur fan it tydskrift Asimov's Science Fiction en stie benammen bekend om syn gearstalling fan in grut tal blomlêzings mei koarte ferhalen (fan oare auteurs), net inkeld op it mêd fan science fiction, mar ek fan fantasy en horror. Dozois wûn 16 kear de prestizjeuze Hugo Award, de wichtichste priis foar science fiction- en fantasyliteratuer, en dêropta ek 2 kear in Nebula Award, 1 kear in World Fantasy Award en mar leafst 43 kear in Locus Award. Hy waard yn 2011 opnommen yn 'e Science Fiction Hall of Fame.
Wike 49
De Slach oan de Rosebud wie in fjildslach út 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 op 17 juny 1876, oan 'e rivier de Rosebud, yn it hjoeddeiske Bighorn County yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Hjirby focht in troepemacht fan it Amerikaanske Leger ûnder lieding fan brigadegeneraal George Crook, mei stipe fan 'e Krieën en de Sjosjoanen, tsjin in Yndiaanske koälysje besteande út 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, oanfierd troch it Oglala-opperhaad Mâl Hynder. De Sjajinnen neamden dit treffen letter "it Gefjocht dêr't it Fanke Har Broer Rêde". Hoewol't Crook nei ôfrin bearde dat er de Yndianen ferslein hie, wie syn opmars ta stean brocht, en moast er wachtsje op fersterkings oant er fierder koe.
Wike 50
Faith Hill (berne as: Audrey Faith Perry; Ridgeland (Mississippy), 21 septimber 1967), is in Amerikaansk countrysjongster, lietsjesskriuwster, muzikante, muzykprodusinte en aktrise. Se is ien fan 'e grutte stjerren fan 'e countrymuzyk, dy't troch de jierren hinne 5 Grammy Awards wûn hat, wylst se foar dyselde priis ek nochris 10 nominaasjes yn 'e wacht sleept hat. Hill hat wrâldwiid mear as 40 miljoen platen ferkocht. Har bekendste hits binne This Kiss, Breathe en Cry. Hill is troud mei countrystjer Tim McGraw, mei wa't se ferskate duëtten opnommen hat.
Wike 51
De krystman, yn 'e Angelsaksyske wrâld better bekend as Santa Claus, en ek wol Saint Nicholas, Father Christmas of (yn 'e Feriene Steaten) Kris Kringle neamd, is in legindarysk figuer yn 'e Westerske kultuer dy't op krystjûn (24 desimber) oer de hiele wrâld pakjes besoargje soe foar bern dy't har it ôfrûne jier goed holden en droegen hawwe. Dit figuer fynt syn oarsprong yn 'e persoan fan 'e kristlike hillige Nikolaas fan Myra, hoewol't der ek eleminten fan 'e Germaanske god Weda yn opnommen binne. De moderne krystman kaam direkt fuort út 'e ferminging, yn 'e Feriene Steaten, fan 'e Nederlânske tradysjes omtrint Sinteklaas mei it Britske idee fan Father Christmas. Yn 'e achttjinde iuw ûntstie sa yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten de krystman, dy't stadichoan útwoeks ta in nasjonaal en dêrnei ta in ynternasjonaal figuer. Syn fersprieding waard yn 'e 1930-er jierren sterk oanfitere trochdat er troch Coca Cola foar in reklamekampanje brûkt waard.
Wike 52
De boskmûs of heidemûs (wittenskiplike namme: Apodemus sylvaticus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat yn hast hiel Jeropa foarkomt. Ek yn Nederlân is er frij algemien, en itselde jildt foar Fryslân, de Waadeilannen ynbegrepen. Dit bistke is nau besibbe oan 'e grutte boskmûs of gielhalsboskmûs, mar ferskilt dêrfan troch it ûntbrekken fan 'e bân fan gielich hier om 'e hals, syn justjes lytsere earen en syn justjes behindiger postuer. De boskmûs libbet gear mei de minske en wurdt sadwaande ek wol as ûngedierte beskôge.